zaterdag 4 november 2017

Herman Brood

Snein 5 novimber
in tributeband fan Herman Brood
yn it Dielshús yn Wommels

Herman Brood and his Wild Romance,
se wiene 5  kear yn it Dielshús
(1984,1985, 1986, 1992 en 1994)
yn de tiid dat ik belutsen wie
bij de organisaasje fan popjûnen.

Herman Brood
de man dy't in hiel soad anekdoates efter litten hat;
bizarre ferhalen
mar ja
sa seit men dan
dat is rock en roll...

Ien anekdoate út dy tiid:
Op ien fan dy 5 jûnen
gie it menear Brood net nei de sin
yn de earste set dy't hij spile;
it publyk wie net echt entûsjast
en dêr koe menear mar min oer.

mei tsjinsin de twadde set begjinne
en nei in in goed kertier
it lêste nûmer oankundigje...

top oerlis yn de keuken,
mei de wurkwegerer syn manager:
Menear Brood hie it net yn de kop
om syn set ôf te meitsjen
en wij hiene yn de seal 400 ûntefreden lju
at it hjir bij bliuwe soe....

de "oplossing"waard fûn....
wij moasten ekstra dokke foar it ferfolch,
in pear hûndert gûne,
swart

dat is ek rock en roll
sil men sizze,
mar as ponghâlder fan doe
waard ik dêr net bliid fan..

miskien bin ik dêrom allinne al
net in grut fan
fan Herman Bôle





Geen opmerkingen: