zondag 8 oktober 2017

Hofkamp

yn ien fan dizze húske bin ik berne (nû 47)


Sneontemiddei 8 oktober wie der in reuny op de Hofkamp en it Stroek. Der wie mij frege om as âld Hofkamper wat te sizzen bij de iepening.
Op fersyk fan de tahearders is de tekst hjir ûnder te finen.


Beste lju fan it Stroek
Myn ferhaal giet oer de Hofkamp en dat is wat sneu foar jim. Want ik hearde juster op in lêzing dat it Stroek der al folle earder wie as de Hofkamp. Dus ynstee dat jim it sydstrjitsje binne, is de Hofkamp de sydstrjitte . Wêrfan akte

Beste Hofkampers fan no en Hofkampers fan earder.

Foardat ik de wide wrâld yngong (oare kant fan de brêge, Hichtum en Wommels Noard) wenne ik op de Hofkamp.  Dat wie fan 20 july 1954 oant 28 april 1961.
Ik kin mij noch in soad herinnerje fan dy earste libbensjierren.  Dat sil ik wol kloppe want it skynt sa te wêzen dat oft in bern begjint te praten de erfaringen foar in part yn it geheugen opslein wurde. Ik koe al hiel betiid prate sei ús mem altiten.….
Hofkamp nû 47, as twadde soan fan Jan en Hiltsje. Yn dat lytse húske wêr’t sij op 6 juny1952 (harren troudei, sa gie dat earder) ynkamen en wêr’t wij yn 1961 mei syn seizen (4 bern ûnderwilens) yn wennen.  Dy Hofkamp dy tiid dus, dêr sil it it oer ha….neffens myn geheugen….

Myn legere skoalle, op nûmer 9, wêr’t ik 5 jier nei ta gie, mei syn plein fan grind, de trije fertutearze beammen yn de hoeke, twa putsjes, in reinwettersbak dat wie allegear krekt genôch om in spultsje ferlos te dwaan.
It gymsealtsje op nû 11 , wêr’t letter neffens mij wastobben makke waarden. Dy gymseal wêr’t al gau dúdlik waard dat myn gymfermogens net fierder gong as in koprol. In skeve koprol.
De drokte op de Hofkamp. Nee net de autos, mar de middenstân. Want wij koene ús sels rêde yn dy tiid…Dat byld haw ik gewoan. Yn Den Haag soene se wolle sizze “jullie zijn zelfvoorzienend”
Wij hiene in bakker (op 5), in slachter (2 ), de koekje en snobberijke winkel  (op 1) de petroaljemân (ek op 1), wij hiene teminsten trije timmermannen (gerifformeard, herfoarme en iepenbier, sadat elk te plak koe bij de goeie soarte. Katoliken hiene wij hjir net, dus sa’n timmerman wie ek net nedich.
Wij hiene de ferver (op 55) wij hiene in elektricien (op 12), en wij hiene twa molkboeren op 53 en op 25, beide fan it selde geloaf …..
Foar it fruit koene wij telâne op nr 6 want dy hie in hôf earne oars en griente en jirpels hellen wij allegearre út eigen tún.

Offal hiene wij yn dy tiid net want de beantsjes dy’t wij fan de tún heljen treaune wij net yn plastik mar yn wekflessen. De hiele winter ieten wij sneins beantsjes mar wol ut eigen tún. De skilen fan de jirpels dy’t wij minstens 6 kear per wike iten kamen bij us eigen skileman

Wie der hiele grutte need helle wij it gehak út de slachting fan op nr 50, de needslachting en wiene de molkboeren ûnderweis yn de rest fan Wommels dan koene  wij foar molke telâne bij 68  of 70
En oft wij mei syn allen op de Hofkamp de ko net opkoene dan gie de bel troch it doarp: Fannemiddei om 2 oere is der fleis yn de needslachting, papier meinimme…
en dan seagen wij de rest fan it doarp mei gong nei de needslachting fytsen mei it papier yn de hân… Want safolle wie der meast net oer, want it wiene grutte húshâldings op de Hofkamp.

Woansdei gehakdei en freed soms fisk.
Dêr hiene wij op de buert wol streupers foar dy wat foekjes hjir en dêr delsetten yn de opfeart of Boalserterfeart. Nee, nammen en nûmers neam ik mar net
Wij hiene gewoan alles sels. Wij koene ús hjir sels rêde. Zelfvoorziend, wer dat wurd..
Beste bewenners fan no, jimme witte it miskien net mar wij hiene hjir de earste bioskoap fan it lân.
Waonsdei en sneontemiddei sieten wij ús te fernuverjen foar in swart wyt tv foar Swiebertje en Ivanhoe. En dat foar in reedlike priis fan in stoer en letter in dûbbeltsje. Op nû 12 wie dat

En hiene wij dochs wat út it doarp nedich, dan klauterden wij bij de lichte op, De Keatsebaan. En werom nei de Hofkamp wie in makkie, sûnder te traapjen kamen wij oan nû 41 ta… at de wyn wat geunstich wie fansels
Beste Hofkampers fan no, jimme kinne der neat oan dwaan dat yn 1960 der betocht waard dat er in dyk troch de Súdhoeke komme moast. Allegear fan dy grutte frachtauto’s mei sân (op nr 48 siet sa’n bedriuw, dus ek dat diene wij sels) en al dy buldozers en walsen en tarre autos riden oer de Hofkamp. It wie it begjin fan de ein. Wij mochten in skofke net op de dyk boartsje en neffens mij is it nea wer better wurden.
Boartsje op de dyk is ûnmooglik wurden .
Want potbaarnen dêrfoar hiene wij de hiele strjitte en alle tunen nedich hiene om fuort te kommen.
Potbaarne mei de Brandsma’s , ja betink ik mar ris. Mei  de Heinzen, de Kamstras, de Franekenas, de Bootsma, de Schreibers, de van der Meulens, de Okkema's, de Wiersma's en de Hofstra’s
En wat tochten jim fan it beltsje drukke bij Fokje Burd, tochten jim dat wij dan útseagen at wij yn sân hasten fuortdraafden efter in hege  hage of yn in  feilige steech
Myn Hofkamp dêr’t ik it fytsen learde en altyd miend ha dat je dat je hiele libben dwaan moatte.
De Hofkamp yn 1960 sûnder autos dat is myn byld. En stie der wol in auto dan treaune wij se eigenhandich nei de ein fan de Hofkamp.   Ja krekt dêr wie de autosloperij op nû 66.
Auto’s fersteure no myn byld.  Dat er fan de middenstân neat mear oer is begryp ik.
No ja…neat….
Der is  in auto opknapbedriuw en in autoskea bedriuw, mar dat is logysk mei al dy auto's. Foar de froulju is der in salon en in blommensaak. Dat is sa’n bytsje alles wat er oerbleaun is.

Ik slút ôf mei de taal.  Myn stokhynder. It Frysk, dêr meitsje ik mij yn tsjinstelling ta in hiel soad minsken gjin  soargen oer hjir op de Hofkamp. Wêr’t it op oare plakken en yn oare strjitten it Frysk tebekset wurdt , hâldt it hjir stân.   In Fryske dichter op de Hofkamp, in Frysk teaterman,  in Fryske sjonger en auto's mei Fryske teksten. It sit wol goed .
En boppedat at in Limburger op de Hofkamp al Frysk begjint te praten dan haw ik gjin noed.

As alderlêste noch dit.
Op 28 april 1961 ferhuzen wij fan de Hofkamp nei de Molewâl. Op 29 april 1961, ien dei letter, ferdronk myn 5 jierrich bruorke yn de Boalsertertrekfeart.
Myn âlden sille doe fêst tsjininoar sein ha…hiene wij mar moai op de Hofkamp bleaun..

Allegearre in noflik weromsjen tawinske.

Geen opmerkingen: