zondag 9 april 2017

Punk

Punkmuzyk
in streaming fanút de midden jierren 70
is foar in part oan mij foarbij gien
want doe't it opkaam
wiene myn wylde puberjierren al foarbij
de jierren wêr't de basis lein wurdt
foar in bepaalde muzyksmaak.

ik bin mear opgroeid yn de rock, de hardrock
fan de jierren 60 en de begjinjierren 70

en dochs hold ik fan punk,
dy lekkere koarte nûmers
mei simpele akkoarden
mei  teksten dy't it leafst earne tsjin oan skoppe;
fuck the system,
fuck the goverment
dogge it altyd goed.

Tank sij Trump
ferwachtsje ik in nije golf oan punklieten
fan Amearikaanske bands

The Casualities spilen sneon yn Iduna
en sij meiden dat baaske dêr yn Amearika net.

The Exploited wie de haadband
mar dy hawwe in sjonger,
Mattie,
dy't it net sa krekt nimt mei syn libbenswize;
al wer in hertoanfal
en hij wie op dizze toernee
dizze wike
efterbleaun yn in sikenhûs yn Belgie:
de dea yn eagen sjoen......

mar...
de sjo moat trochgean
dus moasten de oare trije leden fan de band
harren der mar mei rêde yn Drachten

in seal mei punkers
stiet hast altiten garant foar sfear en fermaak,
sa ek no.
mei help fan wat gastsjongers
koene de twa gitaristen harren aardich
troch it sjongen hinne punke

en wa't sin hie
die gewaon in slach oer it poadium,
rôp wat yn de mikrofoan
sprong wat hinne en wer
en liet him dan wer yn it publyk falle...



Dit wiene twa eigen foto's mar prachtige foto's makke troch Iduna of sa kinne jim hjir sjen

Geen opmerkingen: