zondag 19 maart 2017

Muzuder rock


De gemeente Ljouwert hat tal fan festivals en poppodia.
Grutte podia en noch gruttere festivals.
Yn in net hielendal fergetten úthoeke fan dy gemeente leit Reduzum.
In doarp mei kreativiteit wurdt er wolris sein.
Foaral ek op muzikaal gebiet. Reduzum hat ek in kroech sa't earder hast alle doarpen in kroech hiene. De kombinaasje Reduzum, kroech, kreativiteit, entûsjasme en muzyk komme yn maart wer bijelkoar: Muzuder rock.... in festival... mei stevige muzyk: rock en punk sa't je it graach heare wolle yn in doarpskroech op in moaie sneontejûn.

Op it programma bands dy't best wol ris mei je gefoel op de rin gean soene.
Wat te sizzen fan De Tigers fan Greonterp dy't swiere betiden drege opswypkjende muzyk meitsje, dy't sommigen miskien wol ticht bij in spontane depresje bringe kinne. Je kinne der ek fan opfleurje, sa seach ik om mij hinne en sa fielde ik it sels ek.

Wat te sizzen fan bands mei nammen as Bad Mood en der Untergang.
Kin Bad Mood der foar soarchje dat ik mei in goed sin nei hús gean en soarget dêr Untergang der foar dat ik mij fiel as yn de "zevende hemel".
Antwurd: ja en ja.
It rockte en it punkte en it klonk mij as hearlike muzyk yn de earen.
Ek Ravenne, de ienige band mei in frou op it podium, paste hielendal yn dit programma en myn muzyksmaak.
Neist al dat geweld op it "grutte" podium , mochten wij efkes ôfkuolje bij Roel en Marty, dy't songen bij de muzyk fan Johnny Cash en sa...
In moaie jûn op in prachtich festivaltsje en dat foar 9.99 euro; dy iene sint werom fûn ik fannemoarn yn kontbûse.....
Noch 998 sinten sparje en dan folgjend jier mar wer...
No al sin oan.


Ravenne

Roel en Marty

Der Untergang

Bad Mood

it begjin foar 2018

Geen opmerkingen: