maandag 11 juli 2016

Min

Dêr ha je wer sa'n berjocht,
it giet min mei de Fryske taal,
dy stjêrt út.

It sil allegear wol, mar
yn alle gefallen net foardat ik de piip oan Marten jou....

Keatsen dat stjêrt wol út..
allegear nuvere fratsen wurde der úthelle mei de keatsbal
It is it bewiis dat it keatsen syn langste tiid hân hat.

der wurdt omraak feroare
de opslach,
wanten mei slachark
de spulrigels
de ballen
ensf.
en der komt net in mins mear te sjen

noch slimmer is de ûntwikkeling
fan al dy spultsjes mei in bal
om it keatsen hinne

muorrekeatse
teatse
largue of soks sa wat

it jout oan dat keatsen ferfeelt
en dat der socht wurdt nei oare balspultsje farianten
 mar dat is gjin keatsen rop ik dan...


2 opmerkingen:

josse de haan zei

Hjir yn Frânsk- en Spaansk Baskelân wurdt noch omraak keatst -
pelota sizze se hjirre. Yn it fronton bûtendoar, en yn de Trinquette
fan in seal. Gjin babbelegûchjes mei regels, ballen of farianten -
de lju komme te sjen. Op skoallen wurdt der treend. Op grutte partijen
kinst jild ynlizze op partoeren of op in keatser. Wedzje is hjir ek in sport.
En...mei de bleate hân is noch altiten mei de bleate han!
KH18 Ljouwert soe faaks it ynternasjonale keatsen op it program sette kinne -
en nûgje bgl. Basken, Italianen, Frânsken en Belgen ut.

Unknown zei

Ha die Aant. Ik wil weleens "een balletje opgooien" over hoe het kaatsen nieuw leven ingeblazen kan worden! Ik doe (nog) niet aan sociale media maar app me gerust op mijn 06-20497271.

Oud-collega Jan Hibma.