woensdag 23 maart 2016

Swart


Pakes meie graach wat pleagje
en grapkes meitsje.
Dat skynt yn syn algemienheid sa te wêzen.

Yn rou adfertinsjes sjoch ik it ek faak stean,
at in pake stoarn is
"nea wer in grapke"
en at dy fan de buorkerij komt
"nea wer op de trekker"

Ik bin ek sa'n pake.
mei graach wat pleagje
en in grapke meitsje

mei Jelske fan 4 dy't er hiel serieus mei omgiet.

sa wit se no hiel goed
dat myn favorite kleur swart is.

It wie bedoeld as in grapke
mar troch myn meast swarte sjurts
is it foar har de wierheid

At se freget wat fynst de moaiste kleaur fan de reinbôge
dan sis ik : swart
"nee pake, swart kin net"
en dan kies ik  "under protest" read...

Sij kiest altyd rôze
dat sil jim gjin nij dwaan.
alles wat oan Jelske linkt wurde kin
is rôze.    

bij it kleurjen,
wat se graach dwaan mei,
is de rôze stift al leech,
foardat de oaren oanrekke binne.

"Wol pake mei mij kleurje"
frege se hjoed, doe't wij efkes oppasten
"ik haw in kleurplaat fan K3", sei se der bij

K3, dan wit ik genôch....
dat wurdt it foaral rôse
en oare lichte kleuren,
tocht ik gelyk

"dat is goed" sei ik

"en do meist wol mei swart", sei se ek noch,
 wylst se mij de swarte stift oanjoech

Moai wurk,
it rokje fan de K1, K2, K3 yn swart kleurje
en sij de strikjes der bij yn pears
want rôze foel yn it neat bij dat hurde swart

Teamwurk



Geen opmerkingen: