zondag 5 april 2015

Efkes Balje

Freedtejûns
19.30 oere
Efkes Balje
yn Easterein
of Wommels

mei oare leafhawwers
frijbliuwend foarôf
mar net frijbliuwend yn it fjild
in hearlik oerke

en dan sneontemoarn
wat stiif 
en dan in ferslachje skriuwe
in hearlik kertierke


Efkes Balje 4 aprilAllegear tefreden mar foaral wurge skuon justerjûn om goed healwei njoggenen op it lytse trainingsfjild yn Easterein. Want tink no net dat skuon net tinke en fiele kinne. Se kinne sels rûke, want se hawwe ek in noas. Skuon binne oh sa gefoelich hoe't je der om mei om gean. Se hâlde der wol fan om ris in aaike te krijen (je kinne dat ek poetsen neame) en se hâlde der net fan om nei in wedstriid en in training earne wiet deldondere te wurden mei de opdracht, soargje der sels mar foar datst de folgjende kear wer droech (en leafst ek skjin ) bist.
Der wiene juster ek nije skuon op it Efkes Baljen. Sokke skuon hawwe it dreech. Se binne al lange tiid lyn makke yn WanPang of sa, se hawwe oppropt yn in seekontainer sitten (of wiene it flechtlingen) en se binne úteinlik telâne kommen yn in winkel yn Snits wêr't se it gelok mei hiene. Want mei de spesjale oandacht fan Gearard van Asselt wie goed akklimatiseare in fanselssprekkendheid.
"In goed plakje sykje" sa tocht Gerard en dat slagge al gau doe't Johan Heerma lâns kaam foar nije Efkes Balje skuon.
"Rêstich begjinne en net op se skelle at it noch net gelyk slagget" joech Gerard as goeie rie mei.
In prachtich debút fan de nije skuon fan Johan, kocht bij Gerard, makke yn Wanpang. Se moasten wenne oan it tempo, oan it sân, oan de bal, oan de rinlinen, oan it te grutte fjild en oan it entoesjasme fan Johan. Dat noch net elke aksje suksesfol wie, gjin probleem. Se skoarden wol meardere kearen. Nije wike en dy wiken dêrnei en aansens op it griene gers yn Wommels sille dizze skuon skitterje. En net allinne yn de sinne.
10 pear tefreden pear skuon juster. Allegear in kear wûn en allegear in kear ferlern. De oare skuondragers wiene Wouter, Tjerk, Chiel, Theo, Aant, Pieter V, Harrie, Hendrikus, en Folkert Rients dy't mei syn skuon de twa winnende makke.
Aant

Geen opmerkingen: