zondag 23 februari 2014

Scumbash



Sneon 15 febrewaris wie der in alderaardichst t.v. programma oer Schorem, Haarsnijder en Barbier. De kappers fan Rotterdam mochten harren favorite muzykklipkes útsykje bij Saturday Night en dat slagge tige goed. Dêr waarden sommige minsken entoesjast fan en ien dêrfan wie Jan Rinse Blanksma. Hij "seach syn eagen" út, hearde nije dingen, gie op syk en dielde syn entùsjasme mei oaren. Sa kaam it dat Jan Rinse it beslút naam sneon 22 febrewaris nei it earste Scumbash festival te gean yn Rotterdam.
It like mij ek wol wat sadat wij tegearre nei Rotterdam reizgen.
Fan middeis ien oant nachts ien peddelden wij fan poadium ien nei poadium 2. Harkje nei hurde punk, nei willepunk, nei rock, nei hurde rock en nei rockenbilly.


Mar boppedat wij seagen ús de eagen út, dat safolle muzykstilen safolle bijsûndere minsken bijelkoar bringt.
It foel op dat elkenien opfoel mei klean, mar foaral mei hier, burd en snor en dêrtroch foel der neat mear op.
Schorem, Haarsnijder en de Barbier stiene manmachtich klear yn harren "kappersaak" om krullen yn de snor te draaien, bakkeburden strak bij te skearen en it  hier moai yn de stiifsel te setten.
De punkers hiene harren thús al yn de ferve en de stiifsel setten en sij soargen  foar in kleurich gehiel.
Fleurich  wiene ek de rockebilly froulju. Mei hege hakken, jurkjes op goeie lingte en taskes ûnder de earm soargen sij foar styl.
De rockenbilly mannen hienen allegear in moaie boppel yn it hier.
De rockers hiene fansels harren "moaiste herinnerings teasjurt" oandien, sadat elkenien sjen koe wêr't sij foaral earder ek west hawwe.
Der wiene fansels allegear bysdere ieterskreamkes en it wie in hearlike sfear dêr yn de âlde van Nelle fabriken. It skynt dat dy no foaral brûkt wurde foar kulturele dingen.
De muzyk wêr't wij alles fan sjoen en heard hawwe kaam fan:
 the Stealers,
UK Subs,
Karma to Burn,
the Deaf,
Batmobile,
Bliksem,
Demented Scumcats,
Peter Pan Speedrock
the Toy Dolls


It wie in aardichheid om dit mei te meitsjen en eindelik in dei dat ik net opfoel tusken sa'n 4000 minsken ek al is myn burd wat langer as gemiddeld.



































Geen opmerkingen: