zaterdag 28 december 2013

Liftsje nei.....

Tsien jier lang wie de liftploech fan Wommels aktyf. Op 1 jannewaris 2004 gie de reis nei Land's End. Der diene 9 twatallen mei wêrûnder Namkje Koudenburg en Gert-Jan Brandsma en Wybren Jorritsma en Klaas Malda.
No 10 jier letter is der yn Sennen op Lands End in feessie.
Wybren en Namkje dy't 10 jier lyn op dat plak "in stel" wurden binne, binne okkerdeis troud.



It feest lykwols wurdt fierd mei freonen en famylje op it plak wêr't it begong: Sennen bij Lands End.
Dat feest wurdt holden op âld en nij.
Der giet in fleantúch fol gasten hinne ien fan de kommende dagen......
Mar hjoed krige ik in sms-ke fan Beitske Kooistra. Sij hat ek 6 kear meidien oan de liftwedstriid, mar wie der net noch bij doe't de reis nei Lands End gie.
Dat hellet se no yn want sneontemoarn  kaam it earste sms'ke binnen.

sneontemoarn 10.35
Hoi Aant
Myn freon en ik binne ûnderweis nei Sennen foar de bruloloftfan Nam en Wyp. Kin it net litte dy in lift update te stjoeren: Nei in trage start yn Grins no  in flinke klapper nei it suden te pakken. De beste man moat nei Eindhoven mar riidt foar ús fia Breda.
Groetnis fan Ron en Beitske.


sneontemiddei 13.18
Wij bliuwe sa no en dan in update stjoeren. No yn Kia mei Tukkers ûnderweis nei Gand!

sneontemiddei 15.30
Aansens troch de tunnel ......mei de auto yn de trein ......nei Londen

sneontemiddei 16.58
Brrlluupp in sms fan ûnder wetter. Mei de trein yn in healoerke nei UK (sppitich dat it gjin wedstriid is). De bestjoerder fan ús lukse9 persoans buske riidt mei bands troch Europa, in hiel arsenaal oan muzyk knalt út de boksen en út syn mûle.


sneontejûn 21.09
Mei twa windsurfers'; we're surfing the motorway on tp Bristol.
PS : wij sille dy fannacht net wekkerhâlde mei sms-kes

sneintemoarn betiid 3.31
Finish. Lêste rit fan Taunten nei Sennen. Minsken út Cornwall dy't ús nei whitesands lodge brocht ha.

8 liften fan Grins nei Sennen.
Wyp en Nam hawwe ús yn pyama ûntfongen




4 opmerkingen:

Anoniem zei

Machtich datsto foar dizze gelegenheid wer even yn 'e rol fan ferslachjouwer krupst!

Wol wekker bliuwe fannacht hi :)

Hoi!
Nam & Wyp

Unknown zei

Aant, hoe liket it?

Komt de nije tussenstand hast?

Teade

Unknown zei

Beitske en Ron: goed dien, sis!
Aant, ek prachtich dat wy it wer folgje koenen: bedankt.
Groet, Gerrit en Margje.

Unknown zei

Aant dank foar dyn ferslach online! In liftreis is net kompleet sûnder..

Groeten fanút Whitesands!
Ron en Beitske