zondag 21 juli 2013

Jierke âlder

365 dagen wie ik 58 jier en dan ynienen is it oer. Dan binne je 59. Fan de iene op de oare dei. 20 july. In gewoane dei lyks as oaren. In sneon dit jier.
It giet net om dat jier dat je der bij krigen hawwe. It giet gewoan om alle dagen. Alle dagen bin ik in bytsje jierdei. Alle dagen feest. Wer in dei der bij. Moai toch. Wat hat it fan sin om nei de folgjende jierdei út te sjen. Ik sjoch mear nei de folgjende dei. 
Lokwinsken krigen fia de mail fan Bol.com, fan Computer Idee, fan Pearle en in oantal oare kommersjele ynstellingen.
Lokwinsken fan de eigen famylje: frou, bern en pakesizzer. Bargjeknoeie mei de eigen famylje, kadootsjes krije. Gewoan lekker yn de eigen tún.
It is wer foarbij. It wie in moaie dei, lykas earjuster en moarn.

Geen opmerkingen: