maandag 27 mei 2013

De skries



Net dat it lekker fytswaar wie snein, likernôch ik moast wol efkes myn (kilo)meterkes meitsje. De earste kilometers binne de slimste. 9.8 graden, in hurde wyn en driigjende loften. Wêrom doch ik dit?
Ik tink dat it mij wille jout om bûten te wêzen, de natoer te rûken en de kij en hynders  yn it lân te sjen.
Relekst fyts ik earst tsjin de wyn yn en sykje it goeie ritme.
Nei in kilometer as trije komt de earste oanfal. Fan in skries. Aljend en roppend flucht hij flak oer myn kop hinne en ik mei bliid wêze dat ik sa plat bij de grûn fyts. Hij bliuwt mij sa'n hûnderd meter folgen.
Om no te sizzen dat it eangstswit mij nei de holle stiigt is wat tefolle sein, mar ik begjin suver wat hurder te fytsen.
Bij Wjelsryp sjoch ik him al oankommen en meitsje mij wer op foar in oanfal. It fenyn is der net echt sadat ik mei in gerêst hert myn reis ferfolge kin.
Bij Hitsum wurdt it al oars. As in gek skeart al wer in skries mij oer de kop. En hij wit net fan ophâlden. Ik stopje om te sjen wat er dan docht en wierlik hij bliuwt in meter as fiif boppe myn kop lûd kwetterjen. Snavel wiid iepen en loerjend nei dy man op de lisfyts.
Ik haw alle tiid om foto's te meitsjen want hij fielt it ncoh net as feilich.  Pas at ik wer fierder gean hear ik it lûd hieltyd mear fuortstjerren.
Noch in strânljip bij Swarte Beien dy't it gedrach imiteart en gjin echte yndruk makket en sa kom ik wer feilich thús.
Moaie fûgels dy skriezen, sa opkomme foar it eigen nêst of de eigen jongen en se hawwe mij sels net iens op de kop skiten.

Geen opmerkingen: