donderdag 14 maart 2013

Misdie en de parse

Misdie en de parse wie it ûnderwerp fan in debatjûn yn Ljouwert. Organisearre troch de Ljouwerter Krante omdat se in moarnskrante wurde, omdat se it kontakt mei de lêzer hawwe wolle en omdat dit ûnderwerp libbet. mei namme troch de saak Marianne.
Yn de oankundiging wie oanjûn dat der ynhâldlik net folle sein wurde koe oer de saak omdat ien fan de sprekkers Henk Mous, parseoffisier, ek de offisier fan justysje is yn de saak Vaatstra.
Mous hie dúdlik muoite om de goeie toan te finen yn syn ynlieding en hij kaam pas op dreef doe't it oan de fragenrûnte ta wie en der wat krityske fragen kamen oer justysje.
Nee dan Jantien de Boer. Goed taret wat se sizze woe, sette se de toan fol selsbetrouen.
It gie foaral oer wat de krante wit, wat de krante better wol/net skriuwe kin, it oerlis mei justysje, de dealtsjes dy't makke wurde en de ûndersiken dy't sij dien hat nei frouenhannel en bernporno.
It wie dúdlik gjin diskusjejûn want in fragensteller krige kreas antwurd op syn fraach mar krige net de mooglikheid om dêr wer wat fan te sizzen. Sa moasten wij it dwaan mei it iene antwurd en dat wie wol spitich want in antwurd ropt faak noch in bettere fraach op.

Dúdlik wie dat ik net de iene yn de seal wie dy't grutte twifels hat oer de saak Marianne. Twifels oer de wierheid as soe JS de dieder wêze kinne.
Mei grut genoegen hearde ik dan ek de earste fraach oan fan Akky van der Veer: dat sij it deiboek fan Maaike Terpstra (de mem fan Marianne) lêzen hat , dat sij wist dat Mous en seker Jantien de Boer ek fan de ynhâld op de hichte wiene en at sij net lêst hiene fan harren gewisse.
Mous hold syn wurd en sei neat mar Jantien hie har wurdsje wol klear: dat de ynternet sjoernalisten en komplottinkers it hielendal mis hiene. Dat sij al skreaun hie oer ien fan de tsjûgen en dat it dêr net goed mei wie.
Mar earne yn de beantwurding seagen se elkoar efkes oan: Henk en Jantien. Oer deals sprutsen.
De twadde fraach gie oer Demmink en dy stiet miskien ek wol net hielendal los fan alles.
Ek hjir kaam it antwurd net goed út de ferve.
Dat Jantien de Boer it geweldich fûn hoe't abbekaat Vlug opereart, liket mij wol in hiele subjektive miening. In abbekaat hat normaal in hiele oare rol.
Diskusjelieder Atze Jan de Vries fleach de hiele seal troch foar publyksfragen en wist mei syn eigen sjoernalistike ynslach goeie fragen te stellen op de atwurden want hij mocht dat wol.
De drones boppe Harns kamen oan de oarder, de frouehannel mar earne kaam it hieletyd werom op de saak Marianne.  En it gie oer read hier, en dat levere in aardich misbegryp op: Mous hie it oer in boer út Aldwâlde mar de fragesteller bedoelde hiel wat oars: in mooglike dieder yn de saak Smedema.
In treflike jûn. Op tiid begong en op tiid dien en ek noch efkes romte om nei te praten.



Geen opmerkingen: