dinsdag 29 januari 2013

Fear

De Rie fan de Fryske beweging rikt sa no en dan in fear út.
Sij folge dêrmei de siswize : immen in fear yn de broek (?)stekke.
Dat docht dy Rie bij minsken en ynstansjes dy't de Fryske taal befoarderje.
Juster stie yn de krante dat in ortodontist yn Ljouwert de fear krigen hat.
Neffens de krante "omdat dy de klanten yn it Frysk oansprekt, de ynformaasje yn it Frysk jout, in frysktalige wepside hat en omdat de oanwiisbuordsjes ek yn it Frysk binne".

It sil allegear wol, mar ik konstatear dat at je sykje om de side dat je ynearsten op in nederlânsktalige side komme en kieze kinne foar de fryske ferzje.
Yn de praktyk betsjut it dat in hiele lytse groep te meitsjen krijt mei it Frysk en dy groep dy hoege je net oan te fiterjen.

Ik soe de kommisje graach in tip jaan wolle.
Earne yn Fryslân hat in fuotbalferiening in webstek dy't oer it gehiel nommen foar 90 % Frysktalich is. Dat wol sizze dat alles wat de wepmasters (der binne der twa) der sels opsette yn it Frysk is en dat is 70 % fan it gehiel..
 20 % wurdt oanlevere troch oaren en is ek yn it Frysk en 10 % wurdt oanlevere yn in oare taal, meast Nederlânsk. Dat lêste is net slim want net elkenien kin it (noch) skriuwe.
Al 10 jier lang wurde de leden, de freonen, de stipers en alle oare belngstellenden alle dagen fersjoen fan nijs. Nijs oer de klup mar foaral ek oer de minsken dy't bij de klup heare.
Elkenien dy't wat witte wol fan de klup sil him/har troch it Frysk hinne lêze moatte.
De besikersoantallen binne yn dy 10 jier oprûn fan 30 per dei oant meast 700 per dei.
En sa't it bij in fuotbalklup giet, komme der altiten wer nije leden bij en is it besikersbestân troch de jierren hinne wiksele.
Ut betroubere boarne haw ik fernommen dat troch de meast Fryske teksten op de side, der ek trochstrings yn it Frysk reagearre wurdt.
Ek út tige betroubere boarne haw ik fernommen dat der yn al dy jierren gjin inkele kear in diskusje west hat at al dat Frysk wol kin op in side wêr't ek in protte net Frysktalige minsken harren ynformaasje wei helje moatte om te witten hoe en wat.
At dat net taalbefoardiring is dan wit ik it it ek neat mear.

At ik dus dy fear bij guon yn de broek stekke mocht dan die ik dat lykwols net bij dy minsken fan dizze side.
Dat soe net earlik wêze.
Dat soe net ynteger wêze.
Ik jou allinne mar in tip.


Geen opmerkingen: