En dêr stiene wij dan op kamping "it Alternatyf" yn Nijbeets.
Sjen at it sliepen yn de auto in goeie fakansje opsje is neidat wij der in slieplak yn makke ha.
Sjen at wij sûnder folle muoite de tinte der foar krije kinne.
Of better sein der neist.
It slagge allegear.
In noflike jûn bij de famylje en nachts sliepe yn it "romme"autobêd.
Wekker wurden fan de hoanne?
Of wiene it de foarbijrazende taksys út Drachten dy't lette (dan wol betide) útgeanders thús brocht, dy't ús al betiid bij de les brochten.
De test is slagge.
Wij kinne der op út.
Luks kampeare
Yn de auto dus
Of is it no ynienen in kamper(ke)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten