woensdag 16 mei 2012

Nachtkears

Dizze foto illustreart it ôfrinnend fuotbalbalseizoen bij SDS. It giet út as in nachtkears.
In goed jier lyn wiene der foar mij twa redenen om te stopjen mei fuotbal bij SDS.  Yn it earste plak de bij mij hieltyd grutter wurdende argewaasje fan it net trochgean fan wedstriden. It wiene de tsjinstanners út stêd en doarp dy't de wizânzje hiene om "moai" tiid ôf te sizzen omdat se wer te min spilers hiene. Der wiene klups bij dy't it prestearden om twa of trije kear ôf te beljen. De KNVBNoord liet alles mar gewurde. Sa koe it barre dat wij fanôf april twa kear yn de wuike balje moasten om de efterstân yn wedstriden yn te heljen. En twa kear yn de wike fuotbalje dat is foar dizze 57 jierrige krekt wat te folle.
De twadde reden om te stopjen wie in knibbelblessure dy't net oergean wol.
No in jier letter is de knibbeltastân noch gelyk mar ik fuotbalje al wer. Gewoan Efkes Balje op freedtejûn mei leafhawwers. Dan hawwe je gjin lêst fan ôfsizzende tsjinstanners. Hearlik.

Miskien wat mear fan ôfstân, mar noch wol belutsen sjoch ik dit seizoen foar sommigen ploegen ek útgean as in nachtkears. SDS 5, wêr't ik ferline jier noch bijballe, waard binnen 3 wiken konfrontearre mei 4 kear in ôfsizzende ploech. Hoesa in wintersport. At se dit seizoen noch útfuotbalje wolle, dan wurdt it wol july. Soks past al hielendal net yn doarpen as Wommels en Easterein wêr't it keatsen hieltyd earder foar master opslacht.
SDS 5  hat besletten om de KNVB in hantsje te helpen: sij hoege de wedstriden net wer yn te plannen want sij stappe frijwillich út de kompetysje troch wangedrach fan spilers fan oare klups. It moaie twadde plakje jouwe se fuort en it kampioenskip fan scFraneker 4 is in feit.

De nachtkears liket ek symboal te stean foar de A-ploech fan SDS. Sij hawwe it selde lijen as SDS 5.

De nachtkears stiet ek symboal foar myn trêning mei E1 op woansdei. Sûnt febrewaris al twa jonges op keatstrêning en no't it maaie is, binne der wer keatswedstriden op tiden dat wij trêne. Ik kom net oan de kar dy't bern (of âlders) meitsje, mar de aardichheid giet der wol ôf op dizze wize.
Want trêne mei 5, 4 en sels al in kear 3 bern hat gjin sin, nettsjinsteande dat de jonges dy't der wol binne der net oer seure.
Spitich dat ik yn dit stik fan saken wer konstateare moat dat keatsen en fuotbal elkoar byt en dat stiet mij min oan.
Ik leau dat der noch ien kear trênen is. Ik tink dat ik mar ôfsis: woansdeitemiddei is der keatsen foar 55 plusser miskien moat ik mij dêr mar foar opjaan. En dan op it lêste momint ôfsizze, want keatse is dochs net myn ding.



Geen opmerkingen: