woensdag 11 april 2012

Aaipop 2012

Foar dizze edysje fan Aaipop wie der al wer in lytse diskusje oer wat Aaipop no krekt is. It wurdt karnafal en doarpsfeest wurdt dan oan de iene kant neamd  wylst it poadium foar de Fryske muzyk mij oan de oare kant wat better yn de earen klinkt.
Dat de bekinde muzyk resinsint fan de LC net sa folle op hat mei Aaipop sa't dat no fierd wurdt is wol dúdlik. Hij lit al jierren gjin kâns slûpe om de klam op de feestútspattingen te lizzen en dan net as posityf elemint. Dat fynt hij. Dat mei, like goed dat ik wat oars fine mei.
Spitich dat dy skriuwer fan it stikje yn LC yn foto's en kolommen de "heale" lêzers op in ferkeard spoar set. Anneke Douma en notabene Country Wytske krije de oandacht dy't se net fertsjinje.
Ik haw yn alle gefallen grutte muoite hân om dat lêste optreden ek noch mei te meitsjen nei safolle goeds.  Dat lêste healoerke wie karnafal/doarpsfeest mar de oare 7,5 oere wie dat net it gefal. Oke, Hûnekop wie ek in oere doarpsfeest foar de leafhawwer en dat haw ik ek foarbij gean litten.
Wat haw ik as leafhawwer fan stevige muzyk genoaten fan Rekker, fan Vodkovs Grodzemods, fan Helder, fan Sebeare (ja,ja), fan Stiet as Quo, fan Bombarje en foaral fan Frisellica. Spitich dat ik net mear tiid hie en dêrtroch NNB misse moast.
En tusken al dat geweld socht ik efkes rêst bij in moai optreden fan Janna Eijer, dy't foaral útblonk yn har "striidlieten". Moai wie dêr bij ek, dat âld en jong safolle goeie oandacht hie foar dat optreden.
Doede Bleeker paste him oan oan it publyk haw ik heard. Dêr wie ik al bang foar. Ik bin in fen fan syn CD "Omarmd op Texel" en de gefoelige snaar hie hij thúslitten. Ik koe de switsokken, Loes har poes en de Dútsers  bûten rûke.

De organisaasje fertsjinnet in grut kompliment foar it iepen fjild en hoe't se dêr yn alle hasten noch op ynspilen: in fergrutte partytinte en wat reinponsjo's. Se wiene net oan mij bestege. Dweiltrochwiet wiene wij nei dy bûtenkonserten mar it wie it mear as wurdich. Frisellica wat in band!
It echte festival gefoel wie der hielendal. Om it fan it begjin oan de ein mei te meitsjen (it iten hast net,  it drinken krekt wol oan tiid) moast ik wachtsje op it Fryske folkliet. Dêrom moast ik de ellinde fan Anneke en Wytske ek trochstean.

Alles goed en oké moandei? Hast!
Der kinne om mij wol wat minder optredens wêze. Ik moat no tefolle misse en dat stiet mij net oan.
Fierders haw ik al fan meardere heard dat der te min gelegenheid is om efkes te sitten. Alinne de Aaiseal jout dy gelegenheid, mar at dat jierren begjinne te tellen is 6 of 7 oeren stean wol hiel lang.

Mar wat mij foaral ek opfoel wie dat it lûd yn de Hark-en Huverseal net sa goed wie as op de oare plakken.  En dat fûn ik sneu foar Bauke van der Woude en kombo, foar Jaap Louwes en band en myn broer fûn dat sneu foar Ernst Langhout en band.
Ik sjoch al wer út nei in iets lytser Aaipop mei stevige rock yn de bûtenlucht yn 2013.





Geen opmerkingen: