It liket hjoed wol winter.
At ik op de weromreis krekt foarbij Turns fyts, rjochting Reahús, dan fyts ik lâns in iisbaan.
Net samar in iisbaan. In eigen initsjatyf baan. Fan Joost Schaap.
Allinne om dy Turners soene je hoopje dat der sterk iis komt.
It wol mij net misse, mar der sit talint yn Turns.
Allegear fan dy lytse sportmantsjes dy't bij SDS fuotbalje mar neffens mij ek goed ride kin.
Bij it sjen fan de baan dwaal ik efkes yn tinzen fuort. Yn de fierte sjoch ik in wyt bultsje lizzen.
"Is der mij hjoed wat ûntkaam, is der miskien snie fallen en is dit bijelkoar fage"? sa flits der troch myn kop hinne.
Tichterbij sjoch ik dat it wat oars.
In swan dy't wierskynlik al hiel hoaste en wêr't syn swannematen wierskynlik tsjin kweekten: "Ien nachtfroast en do bist der west."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten