dinsdag 27 december 2011

Der sit mij iets dwers

De Fryske top 100! Hoe langer dat ding der is wat mear argewaasje. It is in griis om te sjen wat foar iensidige list der no wer klear leit foar âldjiersdei.
Earne yn oktober begjint it feessie fan Geert.
Fanôf dat momint hearre je Dy Twa, de Hûnekop, Anneke Douma  en Vangrail op sneontemiddei. Altyd yn kombinaasje mei oare fersykjes. Mar dy wurde net draaid. It komt  altyd wer op dizze út.
Noch slimmer is it dat artysten  bij de tillefoan sitte om de stimmen te notearen.

"Mei Anneke Douma, "jo heare it goed mei Anneke sels. Je witte wol dy fan it Fryske Hynder, fan it Swalkersliet en fan de Woanark. Jo witte it noch net sa goed. No miskien is Dy Twa wat, witte je wol dy twa jonges út Berltsum , dy sitte hjir fierderop sil efkes nei harren wuive of stimme op Emiel dy sit hjir ek, ja dy is fan de Hûnekop. Ja leuk  no dy ferskes. Goeie teksten en sa. En hiele gewoane jonges ek. Gewoan wâldpykjes. Jo komme ek út de wâlden no dan binne wij der samar út. En oars kinne je altiten noch op mij stimme...ha...ha...ha...
Nee, je meie net 2 kear de Hûnekop dwaan. Je witte oars neat?
"Klap" nee dat nûmer kin ik net. Eijer"? hat dy wat wûn. No dat wie seker yn it bûtenlân.

Ik haw it noteard: Dy twa op 1, Hunekop op 2, Ik sij de gek op 3, Gurbe op 4 en 5 Skyt yn it ryt.
Dankje wol en wol harkje hear op 31-12 , de tillefysje oan en miskien sjogge je mij ek noch wol. Ja ik bin ek wer útnoege op Geert syn feessie. Geert dy sjogge je dan seker. 10 oeren lang. Ja at er net oan it wurd is dan rint wol foar de kamera lâns of giet er sa stean dat in oare kamera him wol opfangt."


Ik haw de al list efkes besjoen. 10 kear de Hûnekop, fertel mij wat.
Alle plaatsjes dy makke binne troch of mei of oer omrop Fryslân kollega's hawwe wer in plakje fûn.
Mei as absolute djiptepunt "Us Derek" fan Dy Twa. Ik haw it nûmer noch nea heard, mar it sil fêst gean oer dat skitterjende hynder dat sokke spannende tillefysje oplevert yn in sportprogramma.
Yn Dronryp hawwe se harren bêst ek goed dien. Alle leden binne fêst opropt om te stimmen en sa kin it barre dat ït Klupliet fan VvV Sjirk de Wal op nû 85 binnenkomt.
In soad harkerswille mar ik bin bliid dat de Top 2000 nei syn hichtepunt rint.


1 opmerking:

Anoniem zei

Aant, der sit in knop op de radio, die kinst ut en oan dwaen toch? Wat is der mis mei al die fryske liedsjes? Mooie teksten, nim no Ferbean mei lik op stik, de hûnekop hat ek prachtige teksten. Ek it bûthusbankje, hat wat fan froegere tiiden. Wer komsto no nog in bûthus tsjin mei in bankje wer in mûnsternimmer op sit? En sa kin ik nog wol efkes trochgean.


It kin net allegear Grand Funk, Deep Purple as Uriah Heep wêze wol? Lit Geert it mar op syn wize dwaen. Soe it bij Radio2 oars gean tinkst? Set dan mar in LP op fan de WHO, as Ten Years After.
Kennelyk hat Geert in hiele skare oan fans, oars sit hy net by de omrop. Myn en dyn omrop. Wêz bliid dat der streekradio en tv is. Wolst dochs net de hiele dei nei westers ge-eamel lusterje wol?


Anneke Douma neamsto, prachtig, it ferhaal fan de Bonke Feart, die hawwe se net yn Hollân.
Neffens my is it Fryske Hynder fan Griet Wiersma, en net fan Anneke. It woanskip, kom der net oan by Cambuur fans.
No begryp ik dasto Feyenoord “fan” bist. Hoe kin dat freegje ik my âf.? Feyenoord is dochs gjin fryske foutbal club? Kinst do Rotterdammers die “fan” binne fan Heerenveen as Cambuur?
Ik snap der hielendal neat fan dat der friezen binne die “fan” binne fan Ajax, PSV, as hokfoar club buten de Fryske grinzen dan ek.
Nee, jo binne foar Heerenveen, Cambuur, as it om betelle foutbal giet, en foar in lokale club as it om de amateurs giet.

Dooitze Nauta