zondag 20 december 2009

Protesteare

Der stie sneon in nijsgjirrich ynterfjoe yn de Ljouwerter mei 4 minsken dy't fan út in bepaald prinsipe stride foar bepaalde saken. Sij organiseare sels demonstraasjes of sij dogge dêr oan mei. It artikel wie fansels in reaksje op de flop yn Kopenhagen. Mei ôfgriis sjoch ik allegear fan dy freeslike politisi fakansje hâlden yn Kopenhagen, mei tuskentroch sa no en dan in fergaderinkje dy't like goed fia de tillefoan holden wurde koe. En in resultaat helje? Ho, mar.

Neist dy folfretten politisi sjoch ik dêr ek minsken dy't protesteare tsjin dit sirkus. Minsken mei prinsipes dy't op eigen kosten dêr hinne reizge binne, dy't op eigen kosten oernachtsje en dy't yn wurd en gebaar stride tsjin dit politike sirkus.
It soe neat foar mij wêze. Protesteare, de dyk op, ik moat der net oan tinke.
Ien kear haw ik sa gek west. It sil yn 1971 of 1972 of sa west ha, doe't ik op skoalle siet yn Ljouwert. Chris van Veen wie minister fan Underwiis. En dy hie ferkearde plannen. Ik wit net mear hoe slim dat allegear wie, mar it wie wol sa slim dat de learkrêften ús oertsjûgen dat it nedich wie om mei de bus nei Rotetrdam te gean. "Van Veen, ga heen, Van Veen ga heen", dat songen wij, nee dat raasden wij út folle boarst.
De hiele middei, jûn en de heal nacht fuort en ik haw begrepen dat it neat holpen hat. Ik wie yn alle gefallen genêzen fan demonstraasjesucht.

Geen opmerkingen: