vrijdag 20 november 2009

Boargemaster

Tongersdei wie de politike kwis yn ús gemeente. Yn de oanrin hjir nei ta mochten de ploegen harren foarstelle. De measten hiene gjin lêste fan falske beskiedenheid. De moaiste útspraak wie fan Tjerk van der Pol. Hij sjocht him sels as boargemaster fan Littenseradiel yn 2020. Dêr kinne je om spytgnyskje, der kinne je om gnize, der kinne je om laitsje en miskien komme sommigen wol net mear bij fan de wille.
Mar ik net, ik nim dit serieus. Want ik haw al ris earder immen moete dy't sei dat hij boargemaster wurde woe en it no ek noch wurden is.
It sil earne yn 1996 west ha, doe't ik mei in kollega fan doe fan in gearkomst werom kaam en wij it hiene oer it libben en de ambysje. "Ik wol boargemaster wurde", sei hij sûnder in kaam te krijen. "Al is it mar fan Skiermuontseach".
Op syn fraach wat myn ambysje wie, moast ik it antwurd skuldich bliuwe: ik sjoch wol.
No sa'n 20 jier fierder bin ik twa banen en bazen fierder en ik haw it ek no wer goed nei de sin.
Mar Fred dy sette syn paad út. Earst riedslid, doe wethâlder en no boargemaster fan Frjentserteradiel. Per 1 desimber.
En nei Fred hat no ek Tjerk syn ambysje. Efkes tinke; Liemburg fan 1952, soe mei 65 ophâlde kinne, mar is as sosjaliste solidair mei de jongeren dy't ek sa lang trochwurkje moatte en sij giet troch oan 67 jier: 2019. En op dat momint is der wer in diskusje oer weryndieling en ek no wol sij ús wer behoedzje foar it grutte gemeente syndroom. En sa nimt sij yn 2020 ôfskie fan de lytste gemeente fan Nederlân en nimt Tjerk van der Pol it stokje oer.
En ik: ik haw no ek in doel steld. Ik wol in koart ferhaal skriuwe. Dat ferhaal wol ik ynstjoere foar de Rely Jorritsmapriis. En graach ûntfang ik dan de priis út hannen fan boargemaster T. van der Pol, mar ik mei him Tjerk neame. Ik haw noch wol efkes tiid, mar Tjerk sil takemjier fêst op in list fan in politike partij stean. Syn twdde stapke nei de politike kwis.

Geen opmerkingen: