It is novimber 2024.
Wij krije de fraach fan Tsjeard en Berber
at wij in wykein meiwolle nei Skylge.
Sneins oppasse en bij de Bearenloop yn novimber 2025 sjen
Dat liket ús gesellich
en ik sjoch in útdaging.
"Dan doch ik de sneons mei foar de 10 kilometer"
Dat is in tasizzing mei gefolgen
want fanôf dat momint moat ik myn loopkes
fan 4 of 5 kilometer langer meitsje
Neffens eigen plan slagget dat en
mei wat sûne spanning reizgje Jellie en ik
5 dagen earder nei it eilân
foar ûnder oaren wat parkoers orientaasje.
Dêr wurd ik net gelyk bliid fan
Wat in klimkes, wat in wyn dêr.
Ik sjoch wêr't de kilometer punten binne
sadat ik de sneons op dy punten
efkes op de smartwatch sjen kin
at ik wat op koers lis
Ik haw 90 minuten de tiid foar de 10 kilometer
mar start op in skema fan 80 minuten
Ik fiel in sûne spanning op dy sneontemoarn
foar de start om 10.30 oere.
Samme en Berber gean mei nei de start
It waarberjocht is min en it komt út dizze kear.
It reint hûnen en katten
en dat docht it salang ik ûnderweis bin.
Mar, reine en drave is in prima kombinaasje
It ienige is dat der sa'n 1000 dravers foar mij binne
en dy meitsje der hjir en dêr in drekboel fan.
"Rinne, rinne' ropt de orginaasje mij ta
at ik hast bij de finisj bin
omdat der al meardere ûnderút giene binne.
Dat kin se wol ferjitte.
Wat in start, wat in sfear
mei al dy hûnderten lâns de kant en de rûte
Mei Jellie, Tsjeard, Berber, Samme en Nyck ûnderweis
foar wat oanmoedigings.
En al dy oaren dy't mei taroppe mei namme
omdat ik der wierskynlik wat âld útsjoch
At de measten mij foarbij binne of se binne earder starten
helje ik al gau ek wer minsken yn dy't al gau drave en rinne ôfwikselje
Ik bin grutsk op it feit
dat ik it hiele ein it draven folhâlde kin.
Mei 1 oere en 21 minuten en 22 sekonden bin ik rom op tiid
en sjoch ik noch moai wat lju nei mij finisjen.
Ik bin ek net stikken
Nei in lekkere waarme dûs
middeis nei de rees fan Samme en Nyck sjen
Hûnderten bern yn fjouwer groepen
meitsje der ek in draaffeest fan.
Snein komme de toppers
21 of 42 kilometer
Tsjeard en Berber gean foar de 42 kilometer
en it slagget harren poerbêst.
In moai wykein en de folgjende Berenlopen
binne op 30 en 31 oktober 2026
Wij hawwe it húske al wer reservearre
en sjoch der no al wer nei út
![]() |
| Yn de rein foar de start mei Berber en Samme |
![]() |
| de lêste bocht ......rinne, rinne ropt se |
![]() |
| ik bin net te stopjen en draf troch |
![]() |
| Tsjeard en Berber foar de start op snein |























.jpg)























