Mei Syb it doarp yn
Hij is twa en hat in rinfyts
Hij kin somtidfen hurder as mij.
Yn it Noard stopt hij;
it affysje fan de museumtoer lûkt syn oandacht.
"De auto hat fuotten, pake"
Hij is twa en hat in rinfyts
Hij kin somtidfen hurder as mij.
Yn it Noard stopt hij;
it affysje fan de museumtoer lûkt syn oandacht.
"De auto hat fuotten, pake"
sa hjit it boek dat Bearn Bilker skreaun hat oer J.H. Zelle.
In bijsûndere dûmny, dus in bijsûnder boek.
Ik haw him nea preekjen heard
want hij wie stiif griffermeard
mei de klam op stiif
en ik wie yn dy tiid licht herfoarme,
mei de klam op licht
Wat at in man, wat in ferhaal, wat in boek.
Sa op de sinten en altyd profiteare fan in oar.
At er dea giet hat er 1,2 miljoen.......
"Jou it jild oan de tsjerke of oare goeie doelen", sa preke hij altiten.
Syn jild giet nei syn wettige erven
en dat binne syn 2 broers en ien suster.
wêr't hij gjin goeie konneksje mei hat
Sa no en dan herinnert er mij oan iets mei in foto.
Sa as dizze foto
Myn fyts tsjin in gebou
Ferline wike tongersdei is it 8 jier lyn
dat dizze fotro makke is.
It wie myn lêste wurkdei op de Súdwester yn Snits
De tassen fol mei ôfskiepapperassen
wêrûnder trije pakken Brinta,
want ik bearder altyd oer it gemak en it genot fan Brinta
8 jier út it wurk,
wat in gouden tiid begjint der dan....
De jongste amateurfuotbalklup fan Fryslân
sil Blauw Rood wol wêze yn Boalsert.
Untefreden RES-CAB leden wiene 5 jier lyn net bliid
oer it feit dat der op snein gjin prestaasjeteam mear komme soe
binnen sc Bolsward.
Sij rjochten doe harren eigen klup op.
Yn de kleuren fan RES (blau) en CAB (read)
Sij meitsje gebrûk fan it fjild dêr't ek sc Bolsward op spilet
want de fjilden binne ommers fan de gemeente.
Lang om let krije se ek in eigen kantine en klaairomten.
Snein haw ik dêr efkes sjoen.
want de sportive prestaasje yn de 5de klasse falt op:
15 punten út 5 wedstriden.
Bijsûnder tagongspaad nei it fjild hawwe se.
Troch in gong mei tal fan histoaryske foto's fan CAB en RES,
troch de kantine, dy't der as in gesellige hok útsjocht,
lâns it strewelleguod en in gerspaad (it is gelokkich droech)
kom ik bij it fjild.
It keunstgersfjild wêr't sc Bolsward it sa goed docht yn de twadde klasse.
Langezwaag is de tsjinstanner en it docht bliken
dat dat in team is, dat foarelkoar striid
Bij Blauw Rood sjoch ik dat net.
Dêr sitte wat mantsjes yn dy't foar harren sels fuotbalje.
"Geef dy bal dan af, man"
hear ik meardere kearen fanôf de kant roppen
In moai potsje mei 7 doelpunten
Langezwaag wint mei 3-4
Ik haw de Ressers/Cabbers gjin gelok brocht.
Ik sjoch letter werris
Myn Wandrer rûntsjes, sa't ik se neam
gean ek yn de wintermoannen troch.
Der binne nochal wat doarpen/stêden
yn de seishoek Ljouwert- Harns- Warkum -Snits- Grou -Ljouwert
binne noch tal fan plakken dy't noch net op 75 % sitte.
Hjoed in produktive en moaie rit
Hjerbeam en Winaam binne mei 75 % kompleet
en Harns tikt de 50 % oan.
| Winaam, de measte kilometers bûten de beboude kom. Swarte line is de grins blaue diken binne klear Read soe noch kinne |
| Hjerbeam, in boeiende rûte. Nei de wynmolens, dy't dêr flakbij stean lâns de kroech Oant Moarn en lâns it grêf fan Pyt P oer in stikelich rinpaad |
| Blau is klear Pears is hast klear Giel is moai op wei |
Der binne sa'n 85 doarpen en 3 stêden klear.
It persintaazje fan Fryslân sit no op 35%
At de BBB de strontgeur en de stjonktrekkers útroppe wol
ta kulturiel erfguod,
dan wit ik noch wol wat.
De pisbak yn Sânfurden
Njonken de tsjerke
mei in paadsje mei gieltsjes
en oan de trochrinnende dyk
Snein fytste ik efkes nei it fierste punt dêr
en fansels makke ik op de weromreis gebrûk fan dizze pisbak
Dit is wer sa'n jûn dat muzyk enerzjy jout.
Wat in hearlik optreden fan Paceshifters yn Neushoorn.
De enerzjy spatte der fan alle kansten ôf bij de band
dy't ik no acht kear sjoen ha
mar noch altyd net in tel ferfeelt.
Dy drummer, dat is in fenomeen.
Dy jout de band safolle gong, safolle ritme
safolle passy.
Op de nije cd en no ek op it poadium
hat it trio fersterking fan twa oare muzikanten
It jout in foller lûd,
mar de echte rock is in bytsje fuort betiden.
It lêste healoerke as trio
soarge foar in dampende en swingende sfear.
Machtige jûn.
Dy machtige jûn is foar mij al wat earder begong.
Yn Neushoorn kafee is in metal jûntsje
en it past allegear goed
om dêr noch in optreden fan mei te pikken.
Ferstoarn, in ienmansband
Bijsûnder om te sjen en it klinkt ek prima
mar ik miste de dynamyk fan in drummer
en de bewegingen fan de gitaristen.
Mar Feike Wiegersma hat as Ferstoarn
in prima cd makke,
dy't hij hielendal allinne ynspile hat
Trije mikrofoanen op it poadium
dus skarrelje hij fan de iene nei de oare
om dy foar de ferskillende metalstimmen te brûken.
Wat in moaie lêzing fannemiddei yn de byb
troch Evelyn Verburg
Oer de mooglikheden en de bedriging fan AI
Yn in kwisfoarm komt alles foarbij
oan nije en drege termen.
Wat kin dat programma wat!
Mar Pyt Idzenga út Iens die yn 1955 it selde
mar dan foar in wat lytser publyk.
boarne Delpher
Dat er in mûne stiet tusken Koarnwert en Makkum
is mij noch net earder opfallen.
Fia in derinnende dyk kom ik der.
Goed foar myn Wandrer kilometers!
Ik fyts bij it keatsfjild lâns
en herinnerje mij dat ik dêr in kear keatst ha.
Myn earste partij in it jongepartoer fan Wommels
Yn it jier nei de Freulewinst
en wij moasten mar sjen hoe't wij wer thúskamen.
Ik kin jim sizze dat liftsje fanút Koarn wert nei Wommels
net sa maklik is.
Partoer 15 wint, dêr hiene wij ek op wachtsje kinnen
ik skrik er net mear fan
mar sjoch der nei út.
Wat in prachtich fers fan Annie M.G. Schmidt
'Twa loaitsers' sei Gerrit Tjallema
dy't mij dizze kaart stjoert.
In loaitser,
dat geve Fryske wurd kin ik net iens,
mar begryp wol wat it betsjut
ik fiel mij fannemoarn betiid Jaap
at ik mei de fyts oan de hân fan Spannum nei Wommels rin
of Aaltsje,
of Jaap en Aaltsje
want dy rinne faak op dizze wize.
sij dogge dat frijwillich
ik net
ik ha in lekke bân
ja, dat bestiet noch
sels mei supersonyske anti lekbannen
de fytstas net echt fol
tafallich de rinskuon oan
en tafallich ek al iten
fyts yn Spannum efterlitte bij Ozzy
giet er efkes troch mij hinne
nee, dy plakt him echt net
dan fuort mar nei hûs mei dat ding
it rinnen giet net hurd
sa no en dan drave giet hurder.
5,3 kilometer rinne/drave
mei de fyts oan de hân
yn 55 minuten
wer in rekôr
it hâldt net op
In moaie sneon
Earst de sinne op kommen sjen
at ik ûnderweis bin nei Boalsert.
In ritsje foar wat boadskipkes
dy't ek wol yn Wommels te krijen binne
mar de drang om efkes te fytsen moarns
jout de trochslach om it út Boalsert te heljen.
Dan in jierdei om kofje- en iterstiid hinne
Wij sitte noflik yn de kring en harkje nei elkoar
Dat is better as al ien op ientsjes
Middeis mei Gerrit Hulzinga op de fyts nei al wer Boalsert.
Nei in oantal wedstriden op 4de klasse nivo
hawwe wij ferlet fan 2de klasse nivo
Wat in hearlike wedstriid sjogge wij.
sc Bolsward is in prachtige ploech om nei te sjen.
Moaie kombinaasjes, technysk en taktysk geweldich
en ek noch in prima oerwinning op de koprinner
Jûns nei Itens
Jack in the Box mei lekkere populâre rock as opwaarmer
en Seewolf as de ôfmakker.
Yntins genoaten fan Seewolf.
Wat in hearlike stevige set spilen sij
en wat is it gesellich yn dat muzykkafee yn Itens.
De sneon en al in stikje fan de snein goed bestege
Bikkelje dat dogge se snein yn Ljouwert.
De safolste Bikkelrin,
dy't yn ferbân mei it jubileum yn de binnenstêd is.
Gewoanwei sille se bij de Griene Stjêr harren keunsten toane.
Tsjeard docht ek mei;
dy is altiten op syk nei in oar sport
en sa stean wij ûnder oarenyn it Naauw
wêr't boppe it smoarge wetter de touwen hingje
![]() |
| Dêr komt hij oan (nr 159) witte ek Samme, Berber en Nyck |
![]() |
| 36 hindernissen en allegear mei in Fryske namme |