De klokkestoel fan Rottefalle
De klokkestoel fan de Pein
De rit
Sa seach ús rit der út. 70 kilometer yn de Wâlden en 7 klokkestuollen
De klokkestoel fan Rottefalle
De klokkestoel fan de Pein
De rit
Sa seach ús rit der út. 70 kilometer yn de Wâlden en 7 klokkestuollen
Fan de Harkema fytse wij fia Surhústerfean,
Boelensleane, Houtigehage nei Drachtster Kompenije.
Dêr foar gean wij troch Blauhûs
en lavearje wij troch twa stekjes dy't de grins oanjouwe
tusken Achtkarspelen en Smellingerlân
Boppedat fytse wij oer ferskate sinnepanieltsje hinne.
Benijd wat dy dogge yn it tsjuster.
Sa komme wij yn Drachtster Kompenije
en fine dêr ús 45 ste klokkestoel
![]() |
| gjin tou |
![]() |
| wol stroom |
Yn de Harkema, bekend fan the Boys,
op syk nei in klokkehûs.
Mar goed dat ik it earst opsocht haw,
want ik soe it oars net gelyk herkend hawwe.
In klokkehûs is echt wat oars as i klokkestoel.
Mar hawar,
tusken de Weenings, de Landen, de Spinders
stiet it klokkehûs
mei dêr efter is kreas urnenfjild
![]() |
| Yn de dea skûlet it libben |
Op it album "Underweis"fan Sytse van der Werff
stiet it nûmer Wolmoed fan Bouwekleaster.
It is in mankelyk nûmer.
Bouwekleaster leit tusken Droegeham en de Harkema
en yn dy buert wie earder in kleaster,
dêr't in klokkestoel bij stie.
Op syk nei Wolmoed en de klokkestoel dus.
De earste fine wij net, de twadde mei muoite
De oprydleane leit fuortdrukt
troch twa frijsteande hûzen mei mânske tunen
sa't dy yn dy oanjouwing gewoan binne
De hortensias om de klokkestoel hinne
helle alle trystens fuort dêr.
Mei de rûteplanner fan Komoot gean wij op paad.
Ik jou thús oan hokker doarpen wij oandwaan wolle
en dan siket "dat ding"de moaiste rûte.
Sa liedt hij ús fan Twizel nei Droegeham lâns in binnenpaad nei Koatstertille.
Ik sjoch meast goed om mij hinne
en ta myn grutte ferrassing (en skrik) sjoch ik ynienen in klokkestoel stean,
dy't ik noch net ferwachte hie.
Hoe sa, yn Koatstertille? Stiet net yn myn list, dêr bin ik wis fan.
Wij sjogge efkes rûn.
De klokkestoel, it grêf fan Rienk Waaksma (grut Cambuurfan) en in yndrukwekkend stikje hôf mei bernegrêven.
Thús sjoch ik yn dit bestân en hij stiet er net bij.
jout mij ûnrêst
Wachtsje foar oerstekkende kij
jou rêst
Sneintemoarn, krekt oer achten,
rin ik Skrok Hinaard Iens om.
Twa jongfeinten litte de kij wer bûten.
"Hoe let fannemoarn", freegje ik
"5 oere, mar it wie hjoed wat letter"
Ik begryp it, it wie juster sneontejûn.
"Oant 12 oere nei bûten,
dêrnei wurdt it te waarm,
fertelt de iene
"Binnen ha se harren eigen plak,
Beter Leven keurmerk"
lit er mij ek noch witte
De boer is op fakânsje,
hij hat twa goeie ferfangers