donderdag 21 november 2024

In monumint


Dit is it bushokje op de Bieren

It bushokje liket hufterproef

want sûnder glês is der net folle stikken te slaan,

de stiennen lizze der oars wol gefaarlik


Dat bushokje op de Bieren dat is bijsûnder

want bussen komme der net lâns


It hokje stiet der fanôf 1956, 

want ik nim oan dat dit it earste hokje is dêr,

dan is it dus 68 jier jong,

want de gemeenterie joech yn 1956 100 gûne as bijdrage.


It hokje is dus fan Lollum Waaksens 


Rêst en útsjoch

 


Dizze foto is makke yn Dokkum

Rêst en útsjuch.

it soe op hast alle oanleunwenningen stean kinne

bij de Bining en de Skeakel

Utsjoch op Easterein

Utsjoen op de Súdhoeke

Se sizze it dêr allegear at ik op besite bin

"Wij ha sa'n moai útsjoch

en it is hjir rêstich"

woensdag 20 november 2024

Ein en nij begjin

 Ik bin krekt as hiel wat oare lju klear mei X

X dat wie earst twaitter

Dêr kamen je nijsgjirrige berjochten 

fan nijsgjirrige minsken tsjin

Der wie gjin flugger nijsmedium.

Ik wie slocht op twitter

Mar doe kaam dêr Musk

In soarte fan pleatsferfangende God

Hij wol de baas oeral wêze.

Hij kocht twitter en dat wie de deastek

X (sa neamde hij it no) mei iensidige reklame

en oars moasten wij betelje.

It nivo fan de berjochten sakke ek.

In oare miening resultearre yn haatberjochten of bedrigingen

Moai net, seine hiel wat minsken

Sij stoppen mei X

Der bliuwe gjin leuke minsken mear oer.

Ik stop ek

Fanôf no set ik myn berjochten op Bluesky

Fergelykber yn struktuer 

mar gelokkich oars.


Op dizze bloch sjogge jim rjochts boppeoan  jim in link nei Bluesky

en in link nei Facebook, wêr't ik ek aktyf op bin

Ek de restanten fan X stean der noch op



Mobylette

 


De fetfyts út de jierren 50?

Dizze adfertinsje is fan 1956




Net wer in koach....

Op 'e Skille is ús regionaal krantsje

Ien kear yn de `14 dagen leit it yn de brievebus.

Bin altyd nijsgjirrich wat er no wer yn stiet.

De ynhâld is wikseljend

Te algemien en faak net relevant foar mij.


Tiisdei, bij it lêzen, bekrûpt mij wer dat gefoel

Neeeeee, asjeblyft net wer in koach

dy't it allegear útfûn hat en it allegear sa goed wit.


Gean oan it wurk soe ik roppe wolle.


At al dy koaches it allegear sa goed witte

dan soe ik graach harren kollektive ynset sjen

bij de ûntspoarde jongerein fan hjoeddedei,

dat se der foar soargje dat er noch wat moreel besef komt

dat dingen dy't net fan harren binne

dat dy net altyd stikken hoege

dat je wat mear respekt en fatsoen toane foar minsken

dy't harren oansprekke op harren gedrach

dat je net alle jûnen fjoerwurk foar de doar smite

bij lju dy't der wat fan sein hawwe.


Kom net bij mij oan

dat er neat te dwaan is foar de jeugd.


dinsdag 19 november 2024

De R fan Keunst

 De R is yn de moanne.

De R fan Rusticus en Rinsema.

De R fan dR8888

Wij sjogge hjoed yn it museum dêr.

Wij dogge earst en dêrnei in loopke 

troch it wat grut útfallen doarp

Dy twa eRRen yn it museum koene wol wat.

Moai ferskaat oan keunst.

De muoite wurdich om foaral efkes te sjen

yn dizze fergese museummoanne.



Peije



Trije fuotballers

in bijsûnder projekt yn in gaotyske romte





dit is gjin skilderij mar it park yn Drachten




maandag 18 november 2024

Fytse is gokke

Wat gokjes fannemoarn.  

Op Buienrader hoege je net te sjen 

want dy jout tsjinwurdich foaral droech oan. 

Om Arum, Kimswert en Achlum  op 75 % te bringen, 

wol ik der dochs mar efkes op út.

Bij Arum in reinbôge, 



bij Arum wat wyt spul út de loft 

en bij Arum in bushokje. 

In bushokje sûnder ruten. 

De gemeenteman wie it "glês" krekt oan it oprêden. 

"Minstens ien kear yn de 14 dagen hawwe wij yn de gemeente sa'n putsje, 

sa ferfelend en ûnsinnich", sa jout hij oan. 



Bij Harns ek in gokje. 

It giele boerd is dúdlik, 

it paad fia Atsjetille nei Achlum is blokkearre.  

Ik fyts troch. 

Net in minsk of apparaat te sjen dy't dêr oan it wurk is.  

Kimswert klear en Arum en Achlum kin ik ek ôfstrepe. 

It ûnferhurde diel fan de Slachte bij Achlum l

iket net te fytsen mei dizze wietens. 

In gokje: ik haw it al dien.

Freeslik.

It is net te fytsen.....




zondag 17 november 2024

Fuotbal yn de rein

 In sneontemiddei sûnder fuotbal is in bierke sûnder skom.

Ek al reinde it sneontemiddei 

dochs mar efkes (op de fyts) nei  El Clasico fan südwest Fryslân.

It wie wer in hearlike wedstriid dêr

Stikje ut LC mei foto fan Dijks


Museumwaar

 


Suterich waar betsjut Museumwaar

It Tsiispakhûs yn Wommels is moai tichtbij.

"Jonges, wolle jim ek mei?"

Jaaaaa

Dus seagen wij in oere dêr.

Sij drukten op alle knoppen dy't yn gebrûk wiene

en sij mochten de ko melke

Dat wie in aardichheid

Sinnepanielen

 



zaterdag 16 november 2024

Seesile

Wat it skûtsjesilen is foar ús,

is foar de Frânsen de Vendée Globe.

Ien kear yn de 4 jier is der in sylrace om de wrâld.

24.000 mile op syn minst....

Ferline wike snein binne se fan start gien yn Frankryk

40 dielnimmers en dy binne fantastysk te folgjen.

Sjoch hjir

Je kinne fan alles besjen.

De ranglist, hoe hurd se farre, hoe hurd it waait, 

de heehste snelheid en de ôfstân oer de lêste 24 oeren.




woensdag 13 november 2024

Ut de tiid rekke....



At je it ynternet ôfsneupe op de sykterm Wommels

dat komt er ek wol ris nijs nei foaren 

dat oer in oar doarp giet.

De dokter fan Wommels moast op in snein bijspringe yn Easterein.

It hie dêr raar komme kinne mei de grifformearden



 

maandag 11 november 2024

Sportyf Wommels yn 1955

Ik haw wer wat stikjes bijelkoar socht 

út  kranten fan 1955

It jout in byld fan dy tiid,

wat doe wichtich genôch wie

om yn de krante te setten

De sport

  1. In damwedstriid mei sels twa Wommelsers yn de prizen
  2. Der wie in skaakklup yn Wommels. Vormelius wint fan Franeker
  3. Thomas Twerda wie in prima reedrider. Hij ride neffens dit stikje de "elf en dertigtocht". 494 kilometer yn 6 dagen. Dat liket mij op syn 11 en tritichst en dat betsjut langsum
    Yn 1948 wie der gjin offisjele 11 stêden tocht It soe gean kinne om in tocht lâns11 steden en 30 gritenijen. Ik kin der noch neat oer fine.
  4. De Freulepartij fan 1955 wie prachtich mar in ûnbefredigjend slot kinne wij lêze yn de krante. Der waard keatst op ien fjild en it waard wat let dy dei.....
  5. Ringriderij op de dyk tusken Wommels en Easterein
  6. Wynbukssjitte kin ik mei wat ûnfatsoen ek in sport neame
  7. Jongepartij mei in fjirde priis foar Wommels "en het meisje Gerbens"
  8. J, Dijkstra wint mei "Zebertje"
  9. De hurdfytswedstriid "Ronde van Nederland" gie ek troch Wommels
































zaterdag 9 november 2024

Fuotten

 

 
Mei Syb it doarp yn

Hij is twa en hat in rinfyts

Hij kin somtidfen hurder as mij.

Yn it Noard stopt hij;

it affysje fan de museumtoer  lûkt syn oandacht.

"De auto hat fuotten, pake"


vrijdag 8 november 2024

Jild


 'Een tussenweg is er niet'

sa hjit it boek dat Bearn Bilker skreaun hat oer J.H. Zelle.

In bijsûndere dûmny, dus in bijsûnder boek.

Ik haw him nea preekjen heard

want hij wie stiif griffermeard

mei de klam op stiif

en ik wie yn dy tiid licht herfoarme,

mei de klam op licht

Wat at in man, wat in ferhaal, wat in boek.

Sa op de sinten en altyd profiteare fan in oar.

At er dea giet hat er 1,2 miljoen.......

"Jou it jild oan de tsjerke of oare goeie doelen", sa preke hij altiten.

Syn jild giet nei syn wettige erven

en dat binne syn 2 broers en ien suster.

wêr't hij gjin goeie konneksje mei hat


donderdag 7 november 2024

Hemingway

 

Okkerlêsten krige ik wer in skriuwen út Ingelân.

Ut Manchester kin ik better sizze.

Fan Tjallema, Ingelsker kinne je it net betinke

Op de kaart stiet in fers:

Literatuur
Toen ik verloofd was met René
die zoveel hield van Hemingway,
las ik het werk van Hemingway
omdat dat werk me zoveel dee.
Maar toe het uit was tussen ons
toen kreeg ook Hemingway de bons

Annie M.G. Schmidt

Ik fyn it in moaie tekst

mar Hemingway dy kin ik net .

Bij de byb earst mar ris twa boekjes opfrege.

Dit is de earste.

Net yn ien adem , mar yn twa, útlêzen.

Wat moai skreaun, wat in bijsûnder ferhaal.

100 siden literatuer

Op nei de twadde





8 jier


Facebook ûnthâldt alles.

Sa no en dan herinnert er mij oan iets mei in foto.

Sa as dizze foto

Myn fyts tsjin in gebou

Ferline wike tongersdei is it 8 jier lyn

dat dizze fotro makke is.

It wie myn lêste wurkdei op de Súdwester yn Snits

De tassen fol mei ôfskiepapperassen

wêrûnder trije pakken Brinta,

want ik bearder altyd oer it gemak en it genot fan Brinta

8 jier út it wurk, 

wat in gouden tiid begjint der dan....

dinsdag 5 november 2024

Sneintemoarn

Sneintemoarn 3 novimber 

doch ik in slach in om Wommels hinne.

Dêr heart it trekpaad ek bij.

it oantinken oan it binnenpaad nei Kûbaard

mar leafst 10 kempers noch op dizze hast winterske moarn