donderdag 8 september 2022

Stuollen yn Brongergea en de Knipe

Brongergea is sa'n "doarp" dat de measte minsken net echt kenne. 

In tsjerkhôf mei in klokkestoel en wat huzen en pleatsen oan de râne fan de bosken bij Oranjewâld, dat is alles. 

It tsjerkhôf hjir wie it begjin fan it boek "Dag mijn lieve moeder "fan Peter Karstkarel. 

In boek dat ik regelmjittich efkes troch sjoch, seker nei dizze simmerske klokkestuollenjacht.

Yn Brongergea in opfallende manske grêfkelder mei dêr krekt efter de klokkestoel.










De klokkestoel fan de Knipe is wat weidrukt yn in hoekje fan it tsjerkhôf. 

Hij is fan beton. 

Dat fyn ik net echt moai.

Se hawwe dêr wol in wetterkraan wêr't je út drinke kinne

Lekker kâld wetter en dat is wol nedich bij 30 graden










Kilometers

 Altyd de tillefoan yn de bûse.

Dus wit Google krekt wat ik doch.

Dus krij ik oan de ein fan de moanne dit oersjoch

Dy 174 kilometer  haw ik meiriden, dus diel dy mar troch twa.

48 kilometer rinne dat klopt,

ik mis de 40 kilometer dy't ik draafd haw.

Mar miskien gie dat wol te fluch foar Google


It hiel jier jout ek in aardich byld.

De fytsreis nei Súd Frankryk levert aardich wat kilometers op









woensdag 7 september 2022

Klokkestuollen yn Aldeouwer en Aldenijgea

 Samar wer twa klokkestuollen der bij yn de gemeente Fryske Marren. Mei gefaar foar eigen libben kinne wij hast sizze.

Bij de ferskûle stoel yn Aldernijgea is gjin grêf mear te sjen. 

Wol twa grouwe stikken tou, dy't oan wat beammen fêstsitte en mooglik de stoel oerein hâlde moatte bij stoarm. "Betreden op eigen risico i.v.m. veiligheid" stiet er op de stoel

In bank is it ienige wat er fierders stiet.










Bij dy fan Aldeouwer, dy't oan de trochgeande dyk stiet,  hinget in warskôgingsboerd "Gevaarlijk, vallende delen".

It is dúdlik dat hjir wat barre moat











vrijdag 2 september 2022

Klokkestoel yn Rotstergaast



Himelsbreed is it mar in eintsje

mar troch al dat wetter is it noch in aardich ein 

fan Nijeholtwâlde nei Rotstergaast.

Us lêste klokkestoel dizze rit

De tsjerke stiet oan de dyk,

it tsjerkhôf leit der efter mei in klokkestoel.

De noardkant fan it tsjerkhôf is leech,

hoewol de grêven wol hieltyd tichter bij komme










donderdag 1 september 2022

Klokkestoel yn Nijeholtwâlde

 


"Oude door Duitsch geweld ontnomen april 1943, deze door kerkvoogdij en inzetenen weergekomen - sept. 1947 - Nijeholtwolde

Dat stiet op de klok fan de klokkestoel yn Nijeholtwâlde, ek sa'n plakje wêr't je nea komme of je soene der al wêze moatte foar bijgelyks in klokkestoel