donderdag 10 augustus 2017

It is feest




It is alle dagen feest
sis ik wolris no't ik net mear wurkje

Der is ek alle dagen feest
sa erfaar ik dizze simmer,
no't wij net op fakânsje binne yn dizze simmerwiken

De PC mei syn eigen neipraters en neidrinkers
ien grut feest foar de leafhawwers

De Snitswike dy't sa nedich langer as in wike duorje moat
wol graach in feest wêze mar ja ........desibelsperikelen

De Feanhoop, it skûtsjesilen as oarsaak
dat it dêr ien grutte wylde bende is mei 
bier...bier...toudûnsje mei útlutsen teasjurts....
en noch mear bier
en safolle desibels
dat se it yn Snits heare kinne,
at de wyn goed is
en it dêr sels oer de noarm fan 85 desibel hinne giet

De Freule mei syn eigen neipraters en neidrinkers
mei muzyk fan Butterfly en de Suskes
as stimmingbringers en bier as oanjaaier


En dan hjoed yn Langwar it skûtsjesilen.
It nauwe winkel/horeaka strjitsje is omdoapt ta in 
oanienskeakeling fan bars en tappen

foar it silen in inkele foarpriwer
mar nei it silen yn gjin tiid
ien drinkende en itende massa
mei "lekkere"lûde muzyk

mar dan bij de haven
de hel
of noch slimmer,
grutte jachten en sels yn elkoar setten flotten
dy't mei elkoar gemien hawwe
dat der jongfolk op sit, stiet, hinget of leit
yt, drinkt, sûpt, fret 
raast en balt 
om mar boppe de eigen boatklanken út te kommen 
en dy fan dy oaren
en dy oaren
en dy oaren dy't noch fierderop lizze

Jeetje, wat in ferskriklike herrie
al dy muzyk trochelkoar
sels yn de wyn hiene se der yn Snits lêst fan 
en spatten alle desibelmeters op tilt.

Sis tsjin mij nea wer
dat Into the Grave
(sneon yn Ljouwert....sin oan)
in bak herrie is,

ik sil dan sizze
jim binne seker noch nea
bij de Langwarder haven west
nei it skûtsjesilen
dat is in bak herrie yn it kwadraat





donderdag 3 augustus 2017

Fermaak

De PC sit er wer op
en ik sjoch werom op in dei
wêr't hast neat mis mei wie..

Enervearjende en spannende partijen,
folgen elkoar yn rap tempo op
en de meast favorite keatser
(út eigen doarp dus)
bleau der wol hiel lang oan,

en dan binne wij der ek noch oan

dat lange oanbliuwen hat wol gefolgen
foar it sosjale aspekt
yn it middeiprogramma

wij wolle net in slach misse
want stel je je ris foar dat Jacob Klaas
yn de heale finale komt

de twa heale finales
wurde tagelyk spile
en beide binne sa spannend
en ferrassend
en Jacob Klaas giet troch

wij tinke al oan in platte karre
oan it korps fan Wommels
oan de flagge op de toer
oan in feest

krekt net dus
1 of  2 sentimeter leger yn de want
en der hiene trije oare winners west
en se hiene no noch om de bal socht

De PC fan 2017 wie boeiend,
der wie hast neat mis mei...

hast......
want ik miste wat
iets wêr't ik altyd wol nei útsjoch
mei in hongerige mage
sa yn de rin fan de middei

wêr wie dy geur?
wêr wie dy karre?

ik miste de de "Kip van Krijn"

of wie dy slachtoffer fan de aaikrisis?





woensdag 2 augustus 2017

Op de fyts nei Keimpetille (en werom)

Tiisdeitemiddei
út te fytsen
mei Jellie, Jelske, Roan en Hildau



Jelske, 5 jier,
sels op de fyts fan Wommels mei Keimpetille...
en wat fûn se it moai oer smelle paadsjes bij Tsjeppenbûr

Machtich fûnen is: de fyts op dat moaie pontsje.....

Roan mei beppe

Jelske 

nei in ysko op it terras oan de oare kant fan it van Harinxmakanaal werom
in prachtich plakje dêr  mei kofje en al

en se hiene it hinnereis al sjoen.....
de boarterstún yn Wjelsryp.....
machtich mei beppe efkes draaie


en Jelske op de kabelbaan

De bern hawwe genoaten
fan allegear dingen dy't wij gewoan fine:

fytse dwers oer de retonde,
fytse troch it lân en wachtsje foar de trein
smelle paadsjes en leuke brechjes
feeroasters
it pontsje

in moaie middei

maandag 31 juli 2017

Skriuwe


Sa'n kop yn de LC fan hjoed
docht mij tinken oan de Herfoarme Legere Skoalle
yn Wommels,
oan de Hofkamp....
begjin jierren 60

It sil yn klas 4 west ha
dat ik bijles krige,
fan master Marten de Boer
of wie it strafles...

wylst oaren sjonge of tekenje mochten
moast ik skriuwe..
"de pen goed fêsthâlde"
waard sein en foardien
en sa moast ik stikken oerskriuwe

myn hânskrift wie beroerd
en dat seach master de Boer foaral
oan myn opstellen.
Ynhâld en taalkundich goed
mar in betiden net te lêzen hânskrift

hat it holpen, dy bijles?
nee!
myn hânskrift is sa beroerd
dat ik pas in lokkich man waard
doe't typemasjines en kompjoeters
ûnderdiel útmakken fan it deistich libben...

kaarten en teksten earne opskriuwe
wurdt mij mei reden net tabetroud

skriuwe,
ik doch it hast net mear,
útsein de boadskippersbriefkes
foar de Jumbo.

oh ja....
dat ik ek net moai tekenje
en moai sjonge kin
dat dat dus in dúdlike oorsaak:
myn skriuwlessen


zondag 30 juli 2017

Rûntsje Iselmar



Moandei oant freed fytst,
5 dagen sa'n 450 km
in grut rûntsje Iselmar dus

hearlik fytswaar
mei meast de wyn yn de rêch
en op de lêste dei
buien en in hurde wyn tsjin

wij sliepten bij Vrienden op de Fiets
4 adreskes
yn 't Zand
yn Ouderkerk aan de Amstel
yn Ermelo
en yn Zwartsluis
2 kear yn it blokhut
2 kear yn in karafan

bysûndere adreskes

wij farden 5 kear mei in pont
Oer het IJ efter Sintraal Stasjon Amsterdam
Oer de Amstel bij Ouderkerk ad Amstel
Oer de Eem bij Eemdijk
Oer de IJssel bij Hattem
Oer de Vecht bij Swolle

Wij fytsten meast lâns de Lange Ofstâns routes (LF-routes)
Waddenseeroute
Noardseeroute
Oeverlandroute
NAP route
Zuiderzeeroute


donderdag 27 juli 2017

JC

Der binne minsken dy
fereare JC as wie it God sels.

Dat haw ik net gau bij minsken
en seker net bij JC.

ek net
doe't er kampioen waard mei Feyenoord

Nee Johannes Hendrikus
is foar mij de man
wêr't it altyd om jild draait

"Geld interessert mij niet"
seit hij meardere kearen
yn "Mijn Verhaal"
mar dat is gewoan net wier.

Hij wie de earste mei in saakwaarnimmer
dy't it ûnderste út de kannen ha woe;
hij wie it dy't bij Ajax in preemje stelsel woe:
Ajax de helte fan de resette en hij de oare helte
boppe in bepaald oantal taskôgers;
Ajax trape der net yn....

hij wie it dy't dat bij Feyenoord wol foarelkoar krige...

en sa "swetst" de pleatsferfanger fan God
der betiden op los yn Mijn Verhaal




dinsdag 25 juli 2017

Weststellingwerf en sa

18 july 2017
fanút Aldskoat
in rûntsje gemeente Weststellingwerf

en in stikje gemeente Hearrenfean


en sa kamen wij yn Brongergea

in tsjerkhôf mei in grêfkelder.....

en in herinnerings stien oan it boek fan Peter Karstkarel "mijn lieve moeder"

Mei in opfallend grêfstiennen


in klokkestoel

en noch in bijsûndere stien mei in puzzel oan tekst


zondag 23 juli 2017

Wolkom yn it doarp

"Lân fan taal"
is in grut projekt yn it ramt fan simmer 2018
ek wol neamd Kulturele Haadstêd

"frijsteat foar alle talen"
is de ûndertitel fan dit projekt
en ôfrûne freed waard 
op it festivalterrein fan WttV,
iets ûntbleate wat dêr mei te meitsjen hie

ja...ja....
it begong al bij de kassa
gewoan yn it Frysk muntsjes keapje
wie in hiele poepetoer;
ik seach tsjin in frjemde blik oan
en foaral ien sûnder begryp foar ús eigen taal

ja...ja....
in oantal bierkes bestelle wie al sa lêstich.
ûnwil.....seach ik foaral
bij in oantal.
dat je it echt net ferstean kinne,
dat aaklike Frysk,
is noch dêr oan ta
dat kinne je gewoan oanjaan....
mei in in wurdsje as "helaas"
mar de ûnwil
de reaksje
de striid
dat past net bij myn idee oer Lân fan taal"

It festival wie prima
moai sfearke
lekkere muzyk
aardige minsken
moai oanklaaid, rom terrein

oant healwei de jûn prachtich waar

prima muzyk hjir en dêr

deskundige muzykleafhawwers Pieter Jan en Jan foaroan

de flier gie op en del bij de swingende Kaapverdyske groep út Rotterdam Tabanka

Truckfighters.....wat in konsert...


vrijdag 21 juli 2017

AFDFT2017

It giet moai
mei de AFDFT 2017

it is in aardichheid
om oeral efkes te sjen

Fan de 419
binne der noch 129 te gean

foaral yn it noarden en it easten fan de provinsje
is noch wol wat te heljen

alle moannen hawwe in eigen kleurke
de fytskes moatte noch
mar lizze yn gebieten dy't fierders klear binne

dinsdag 18 juli 2017

Buorfrou

Jûns
6 dagen yn de wike,
sa tusken 6 en 7 oere,
en somtiden wat earder of wat letter
heare wij de garaazjedoar
"buorfrou, de krante is der ek"
sizze wij dan,
sjogge nei búten
wêr't buorfrou Jelly
mei lege hannen wer nei hûs giet

yn de garaazje leit de krante
op ien fan de fytsen

Dit wie sa.......

de dea hat wer taslein:
ús buorfrou Jelly,

yn amper 3 moanne tiid
fan in skynber sûne buorfrou
nei in deasike buorfrou

ús aardige buorfrou Jelly
ús belangstellende buorfrou Jelly
ús freonlike buorfrou Jelly

wij sille har oh sa misse:
it wie in fijne buorfrou

en ús poes?
dy sil har ek misse
want dy krige tuskentroch
noch wolris in hapke
bij buorfrou Jelly






zondag 16 juli 2017

AFDT2017- Rottevalle en sa


60 km fanôf Garyp en troch 15 doarpen fytst

bij de Tike Roan's krûdenhoekje

Gastfrijheid yn Rottevalle: in tichte kroech, mar wol kofje sette foar ús...

Nijsgjirrich punt: Rottevalle hearde earder bij trije gemeenten, Dit wie it trijegmeentenpunt

Yn Eastermar wolle je graach wachtsje


Eastermar

donderdag 13 juli 2017

Ferwiten


Wol faker komme wij helaas sokke koppen tsjin yn de krante.
In freeslik berjocht wêr't fansels in sin oanhinget
fan ien momint net opletten
ien momint it bern út it each ferlieze
ien momint....
mei freeslike gefolgen

Yn dizze tiid fan sosjale media,
wêr't elkenien in oardiel hat
giet it ek no wer los op facebook en op twitter

feroardiele
sloech foar master op,
net te filmjen
sa't minsken de finger wize nei
de mem ........

Gelyk tink ik werom oan 1961
doe't myn broerke ferdronk,
yn de Boalsertertrekfeart,
ek hij wie 5 jier âld

ik frege mij ôf
hoefolle ferwiten der doe miskien ek wol wiene
oan myn âlders?
stille ferwiten
ferwiten efter de rêch...

ik wit it net,
wat ik wol wit is dat ik bliid bin
dat er doe gjin sosjale media wiene






dinsdag 11 juli 2017

Fytspaden

Wij binne wend yn Nederlân
oan moaie fytspaden.
Sit er in gat is der in hobbel 
dan jouwe wij dat troch oan de gemeente
en it wurdt oplost

Yn Frankryk leit dat oas:
in ferneamde fytsroute, Canal du Midi,
is sels in griis om oer te fytsen
wat in
hobbels,
bobbels, 
gatten, 
beamwoartels 
stienen
oerstekkende beammen

myn kamera op it stjoer lei it allegear fêst