woensdag 24 juni 2015

45 kilometer folderje


Wat in prachtige fytsroute hawwe se makke foar de triatlon
fan sneon 4 july yn de Súdwesthoeke
It Frysman fytsrûntsje is 45 kilometer lang en hat alles:
iepen fjilden,
winerige seediken,
tsjustere bosken,
romme bochten
moaie diken
en ....
alle heuvels dy't er yn Gaasterlân binne
binne opnommen yn de route.

Fjouwer kear moatte se dit rûntsje ôflizze
neidat se earst 3800 meter swommen hawwe yn it Iselmar
bij it Rea Klif
en foardat se de 42,2 kilometer noch draven gean,
in rûntsje fan 6 kilometer mei
7 kear de beklimming fan de "Leaver dea as slaaf" bult

Wij fytsten hjoed de 45 kilometer
en it draafrûntsje fan 6 kilometer
en dat wie ús genôch
mear as genôch
want wij mochten yn alle brievenbussen
dy't oan de route stiene
in struibriefke dwaan
mei dêrop de meidieling dat it fijn is om oan de route te wenjen
en dat men op 4 july rekken hâlde moat mei dit spektakel.

Folderje oer in lingte fan 45 kilometer
wat in gedoch (wol graach dien!):
sykje nei huzen
sykje nei brievebussen
en sykje nei iepeningen yn dy bussen

wat in ferskaat oan bussen
en wat in ferskaat oan plakken
wêr't se de bussen delsette of oanhingje.
it wie betiden in syktocht.

Wat in gelok dat de PTT earder betocht hat
dat in brievenbus net te fier fan de dyk ôf  wêze mei
en dat in grut part dus hast fytsend te berikken binne

neist al dat op- en ôfstappen
moasten wij dy ferrekte heuvels ek noch op..

in muorrebus

Noch in bysûndere útstalling fan diggelguod bij Nijemardum

Underdiel fan de stien route yn Gaasterlân 

in brievenbus

in nij útsichtpunt efter Nijemardum oan de seedyk

mei sicht op wynolens tusen de Lemmer en Urk

Jellie hâldt wol wat fan rinnen

Underweis it goeie doel noch stipe foar in nútekeek

somtiden moast Jellie wol hiel fier fuort om in brievebus te finen

Pleats bij Warns mei in hiele goeie tekst

Sjoch op dizze wepside en kom lâns
bij it episintrum fan it barren
dat is bij it Rea klif

en dêr leit dizze stien


zondag 21 juni 2015

In feesie yn Hollân


Wij hiene in feessie
dat komt wol faker foar
meastal is dat yn de buert
dizze kear yn Akersloot
dat leit tusken Alkmaar en Haarlem

De wyn is de lêste tiid noard
dus, dus
tochten wij:
wij gean op de fyts.

Sneontemoarn om 8 oere fuort
mei de wyn yn de rêch
en middeis om healwei trijen wiene wij  yn Heemskerk
in sliepadres bij Vrienden op de Fiets
alderaardichste weduwefrou
Wij hiene doe 114 fytst













it feessie wie yn Akersloot
fanút Heemskerk 7 hinne
lekker iten en dronken
en 7 werom

Sneintemoarn nei in goed moarnsbrochje
rjochting Enkhuizen
de natoer hie syn wurk goed dien
de wyn wie súd


Enkhuizen
fisk dus
mei it boatsje oer
nei Starum

De wyn wie ynienen súdwest
dat wie seker net ferkeard
en  it leste stikje fan de Bieren ôf
nei Wommels ta
wie de wyn west.

nei 98 kilometer thús
mei sneintemoarn twa oerkes wat wetter
mar fierder in hiel soad mei de wyn yn de rêch

woensdag 17 juni 2015

Steatsoplichterij

Mislik
dat radio (miskien ek wol TV) spotsje
fan de Steatslotterij

De grutte baas kondigt oan
dat se it better dwaan gean,
earliker foaral
dat se ek better kommuniseare sille,
omdat wij dêr rjocht op ha

Ja, ja.....
Mear as twa jier lyn skreau ik dit op myn blog
ik haw mij doe oansletten bij de stichting Loterijverlies

sij hawwe mei meardere rjochtsaken
boppe tafel krigen dat dy baas fan de Lotterij
no it grutte publyk paaie moat.
mei belachlike teksten

Hij hie sizze moatte:

Beste minsken,
Ik stean hjir  mei in djipreade kleur,
wij hawwe jim jierren besoademitere,
en dat wisten wij wol,
mar wij woene it net tajaan,
de stichting Loterijverlies hat ús der opwezen,
hat rjochtsaken wûn en no moat ik tajaan
dat jim te koart kommen binnen
wij hawwe jim prizen ûntholden
de kâns op in priis wie folle lytser as wij seinen

ik skamje mij kapot
en biedt jim oan om de periode dat it mis west hat
no frij mei te spyljen
gjin ynlis
mar wol kâns op alle prizen

De stichting Loterijverlies fynt dit er fan:

Reclamecampagne Staatsloterij volstrekt onacceptabel

Wellicht heeft u de afgelopen dagen reclame gezien of gehoord van de Staatsloterij. Hierin geeft de Staatsloterij aan dat zij het vervelend vindt onduidelijk te zijn geweest in haar communicatie. Maar, zoals bekend, de Staatsloterij heeft u jarenlang in feite gewoon bedrogen. Dat de misleiding op kleine schaal heeft plaatsgevonden is bovendien onjuist, aangezien er meer dan een paar honderd miljoen euro aan beloofde prijzen aantoonbaar nooit werd uitgekeerd. Bovendien is deze campagne een schending van de afspraken tussen de Staatsloterij en Loterijverlies. Wij zullen er alles aan doen deze campagne te laten stoppen.





zondag 14 juni 2015

Jan B

De Blokhúspoarte wie in finzenis
yn Ljouwert
de finzenen binne der net mear
it gebou noch wol
de sellen ek

de Blokhúspoarte is no it kulteriele hert
fan Ljouwert
mei mooglikheden
foar kreative geasten
om wat te betinken en út te finen

dat kin dan yn ien fan de sellen

Ik soe graach ien sel reserveare wolle
foar in kreative geast
in hiele kreatieve geast wol te ferstean
om syn talint noch mear ûntwikkelje te kinnen
syn talint
om minsken del te sabeljen
bestjoerders te kak setten en te misledigjen
te leksoaien oer alles en noch wat,
om slachtoffers te meitsjen,
folle mear slachtoffers
yn dat lytse keatswrâldsje

it moat him dochs slagje
mij syn oanwêzige talint
om se allegear fuort te skriuwen
ja, fuort te pesten

sadat hij der aanst hielendal allinne sit,
op de parsetribune
mei syn pinne en syn boekje
om de bûtenslaggen te notearen
te seuren oer de kofje
en it plak wêr't er sitte moat

it moat him slagje om de titel
"grutste feech út de panne sjoernalist"
te pakken
it moat him slagje
om Johan Derksen foar te bliuwen

at hij mar lang genôch yn de sel sit
en him fierder ûntwikkelt
mei de doar op slot......

dizze Jan B.

dy't  him sels sjoernalist neamt
en objektyf en ûnôfhinklik
en noch slimmer keatsleafhawwer

de man dy't gjin inkele positive bijdrage levert oan it keatsen
en dy't  je persoanlik ferantwurdlik hâlde kinne
foar de teloargong yn it keatswrâldsje











Festivals

NRC Next publisearre ferline wike
in kaart mei festivals yn Nederlân.

Alles stiet der op neffens harren
en dat betsjutte dat it Noarden in wite flek wie
der wie neat.

Tal fan reaksjes kamen der
en in moaie nije kaart
mei dêrop alle festivals
yn it Noarden

en om grutsk om te wêzen yn Wommels
Greidhoek'festival stiet er fansels ek bij..


zaterdag 13 juni 2015

Tinte

De earste ideeën oer de fakânsje begjinne te kommen,
op de fyts
dêr binne wij it al wer oer iens

B&B of in tinte mei
in lytse tinte of de iets gruttere
foar de wissichheid
de "swiere" mar efkes opsetten.
slagget dat noch
is alles noch kompleet...?

Yn 12 minuten
en alles kompleet

Poes sjocht de bui al wer hingjen,
dy tinkt:
dy gean ynkoarten wer fuort
en bin ik wer oanwezen op de buorlju



vrijdag 12 juni 2015

13 kear in famyljewykein


De ôfrûne 14 jier hawwe wij 13 kear in famyljekamping wykein holden.
de Holtroppen
It earste wykein nei Pinkster
besykje wij in kamping foar ús sels te krijen

Twa kear binne wij op it selde plak west
ien kear hawwe wij it fanwege it waar net trochgean litten

Hooghalen wie de earste
Bourtange wie it fierste
Boazum wie it tichtste bij
en Kolderwâlde wie de lêste

It moaiste ferhaal giet oer Nijbeets
Dêr soene wij net hinne.
der wie in kamping boekt yn Noard Hollân
dúdlik oanjûn dat oare minsken net wolkom wiene
fanwege it geseur oer nachtelike muzyklûden

doe't de earsten der oan kamen
nei 80 kilometer riden of fytsen (wij dus)
die bliken dat dizze ôfspraken
yn Noard Hollân neat wurdich binne

gau beret,
 hjir geane wij net hinne
ien fan de famyljeleden sei doe:
"dan kinne wij better bij ús op it hiem"
en sa barde
wij strutsen del yn Nijbeets
"Kamping it Alternatyf".


woensdag 10 juni 2015

Wat langer as in wike

in boek per wike
dat is it tema fan de byb
wêr't ik besykje ynfulling oan te jaan
\
in boek per wike
dat slagget aardich al is it mei muoite

Boek nûmmer 22
"Een van ons"
fan Asne Seierstad

Ik doar hast net te skriuwen
dat it in prachtich boek is...

dêrom sis ik dan ek mar
"it is in freeslik boek,, "
omdat it in freeslik ferhaal is...
oer Anders Breivik
de man dy't in bom yn Oslo dellei
mei 8 deaden
en op it eilân Utoya
mei 69 deaden
hast allegear bern
dy't hij gewoan deaskeat
mei ien of meardere skotten

Skriuwster Asne Seierstadt
in oarlochssjoernaliste
hat der in lêsber ferhaal fan makke

In boek per wike
dat slagge mei dit boek net
it freeslike ferhaal wat him ôfspile op it eilân
lêsde ik net samar efkes troch....

Mear as twa wiken haw ik der oer dien....
mar it wie de muoite wurdich




maandag 8 juni 2015

Brother Dede





Kom tocht ik sneon
nei 3 minuten harkje

lit mij ek ris in stikje opnimme
fan dat hearlike jankende gitaarke....

in minútsje mar
as herinnering
oan Brother Dege út Louisiana

dy't echt foar fiif hânfol minsken stie op te treden
op de Luchtplaats
fan de Blokhúspoarte

it koe
want ik wie net ien ta lêst
want der wie nimmen
dy't efter mij stie.

zondag 7 juni 2015

Prison Blues

In moaie lokaasje,
perfekt waar
goeie muzyk
en toch....
mankearde der wat oan:
 it wie wat sfearloas

Dat is myn konkluiuzje
nei in jûntsje Prison Blues

De Blokhúspoarte wie de lokaasje
neat mis mei,
in binnen en in bûtenpoadium
neat mis mei,
sfearfol terras mei in sitje hjir en dêr
neat mis mei
in ferskaat oan iterskreamkes
oan dy fan de Hotdogs wie neat mis mei

en toch kaam it net los
fierstentemin minsken
dy't at se op de Luchtplaats oankommen
harren ôffregen "wêr is elkenien"

hawar
neat fan oanlûke
ik kom foar de muzyk

oan de bands mankearde neat.
mar wat hat it no fan sin om twa bands tagelyk te plannen
en tuskentroch minstens in heale oere omhingskoft?

Sa slagge it mij dus net om de echte bluesband The Tightropes út te sjen
want ik woe efkes nei Dario Mars & the Guillotines (allinne om de namme al)
en at dat sa leuk is, kom je dus net werom bij The Tichttropes....

En nei trije kertier wachtsje
want hoe is it mooglik, beide healwei achten band begongen in kertier letter,
moast ik wer kieze,
de twa jonges fan Scrappy Tapes yn it sellenblok
Brother Dege

moasten opbokse tsjin Brother Dege (út Louisiana) op it bûtenpoadium
sneu foar de twa, nei trije nûmmers dochs nei bûten
en ik bleau hingjen bij in moaie lûd fan the Brother

bij de oansteklike Bluesgrassklanken fan  Blues Grass Boogieman
yn it sellenkompleks
kaam de stimming der suver wat yn.

wat in gelok dat de organisaasje yn de gaten hie
dat de tribute oan Herman Brood
sûnder de oankundige Piter Wilkens,
pas begjinne mocht doe't de Boogieman út bluegraast wie

Wol, in moai en stevich ein dy Brood muzyk
en ta beslút
in moaie bijkomstichheid wie
dat it op tiid dien wie,
sa betiid sels dat ik in bus earder nei hûs koe.

Konkluuzje: goie muzyk, te min minsken en in minne programmearing

Doe't ik bij it station lâns rûn, galmde de pianoklanken yn de hal....moaie muzikale ôfsluting fan de jûn.

Hjir ûnder in
Klipke fan Dario Mars & the Guillotines, wat ik persoanlik it moaiste optreden fûn






zaterdag 6 juni 2015

Gier

Ik fytste krekt oer de Littenserbuorren
de dei nei.....
want juster wie dit tydlik efkes
it middelpunt fan de ierde
foar fûgelspotters

in groep feale gieren (goed Frysk?)
wie it paad kwyt rekke
sa't men seit
want it bart mar in inkele kear
dat dy bisten hjir te sjen binne.

it paad kwyt en op de Littenserbuorren bedarje
dat is tusken Wommels en Waaksens
en letter wiene se bij Burchwert en Hichtum
dat hiene de feale gieren nea tinken kinne
doe't sij Spanje of Portugal ferlieten

ik haw de feale gieren net sjoen
nettsjinsteande de meldingen op twitter,
is dat in miste kâns
at je witte dat se der binne
en net de muoite nimme
om dy trije kilometer efkes te fytsen?

Nee hear,
it is dêr sûnder dy gieren ek prachtich
mei al dat oare fûgelguod
sa as kening fan de greide

en ik haw der gjin behoefte oan
om alles mei eigen eagen te sjen,

it moaie is foaral dat ik troch dizze meldinge
en mei help fan Wikepedia en Joetjoep
no alles wit fan feale gieren


zondag 31 mei 2015

Op de kamping



It klink miskien wol frjemd
mar wij hiene in prachtich famyljewykein
op in beorekamping bij Kolderwâlde

de Holtroppen dus
Freed mei droech waar alles opsetten
en freedtejûn mei de buien
yn ús legertinte
bijprate
en in bierke en hapke

sneon in matich begjin
mar oan de ein in strieljende middei en jûn
mei in barbekjoe fan Murk
doe noch slachter,
de oare deis
doe't de boel wer ophelle waard
wie der ridder

snein mei de buienradar
yn de oanslach
de hiele buts droech yn de pûden.

de foto seit alles
in boerekamping
wikseljend  waar
en muzykmeitsje

Moaie foto fan Jelske
makke troch Tineke Holtrop


woensdag 27 mei 2015

Noch ien kear Romein


Moandei noch in moai ferhaal oer Romein yn de LC.
It moaiste Poppoadium fan Fryslân
wie it moaiste.....
Romein is ticht.
Spitich, mar it is net oars.
No net hingje bliuwe yn it âlde
mar op nei it nije......
Ik sjoch no mei grutte belangstelling út 
nei de agenda fan 
de Neushoorn
it nije poppaodium fan Ljouwert.

Ien fan de earste konserten fan mij
yn Romein
wie Reboelje
prachtich wit ik noch,
 sittend yn de tsjerkebanken

it lêste konsert wie koartlyn,
fan The Real Mc Kenzies
machtich 
sitte wie doe gjin opsje

fan Romein nei de Neushoorn
yn alle gefallen ien foardiel,
it is krekt wat tichter bij it stasjon
kin dus krekt efkes langer bliuwe om de lêste bus te heljen

want wat ik foaral hoop is
dat er de selde tiden as yn Romein binne
en dat betsjut
moai op tiid begjinne 
en om 23.15 klear........

Sjoch dat is dan wol wer leuk
Abdomen
de lêste winner fan de Kleine Prijs van Friesland
sij komme op 12 septimber 
op Greidhoekfestival

maandag 25 mei 2015

Tradysje

Tradisjonieler as Pinkstermoandei is der hast net.
Jellie​ fytst de 11 en ik fyts de 2.
Dy iene is Frjentsjer,
dêr gean ik hinne út tradysje,
en om wat sosjale kontakten te ûnderhâlden
bij it keatsen.
sa as mei túnman Evert
boargemaster Fred
broer Lolke
Geert Feyenoord
en
wat Ajakkus supporters dy't minne herinneringen ophelje wolle
en fersocht wurde gau troch te rinnen.

Fierders besykje ik de spanning fan it keatsen te finen
dy't oaren wol fûn hawwe.
Ik keutelje fan fjild A nei D
en fan B nei C
en nim it waar
mear net

ik hâld it dizze kear wer fol
oant in oere as twa
tradisjoniel is it dan oer mei myn belangstelling

werom bij Kramershoeke
kom ik tradisjoniel yn de lange rige fytsers telâne
it jout 300 meter,
in bocht,
en noch 300 meter
it gefoel dat ik ek in bytsje meidien ha
mar wylst de fytsers rjocht troch gean nei Kûbaard
fyts ik op hûs oan
pak ik thús in boek
en ferdjipje mij yn it boek wêrom
Anders Behring Breivik ta syn die kommen is
om 77 minsken te fermordzjen op it eilân Utoya

lêze
en  wachtsje op it tillefoantsje
fan Jellie
"ik bin yn Hylpen"
want dat is it momint om nûmer 2 te befytsen
Boalsert
de yntocht fan Jellie
hiel tradisjoniel allegear

zondag 24 mei 2015

Rock yn de tinte




"Hûnekop en ACDC tribute"stiene op it affysje
ik gean foar de twadde en krige de oare der kado bij.
De twadde spile as earste
21.45 oere los
dat is wol betiid foar de tintefeestgongers
dy komme leaver wat letter
en geane ek wat letter nei hús.
Doe't se der allegear hast wiene om 23.30
koene se noch krekt it lêste nûmer heare
fan High Voltage
in ACDC tributeband üt Belgie





Wat hiene se graach in feessie boue wollen,
dy Belgen
mei harren muzyk,
mei harren sjow op it podium
mei harren akt yn de seal
mar dat slagge net echt
oan de muzyk lei it net,
mar de measten fan dit  publyk kamen foar wat oars
foar de Hûnekop
en sij hiene High Voltage der wat bij

Ik mocht High Voltage wol lije,
om it yn snútboek termen út te drukken
goed gitaarwurk en dat is it heale wurk bij ACDC

en Hûnekop?
fan te foaren skatte ik yn fan trije,
dat ik  it maksimaal trije nûmers úthâlde koe
op basis fan eardere erfaringen,
en dat kloppe

wylst de lêsten noch kamen
socht ik de fyts wer op
en gie nei hûs
mei gelokkich de ACDC klanken noch yn de holle

sa wie it in moaie jûn

donderdag 21 mei 2015

Fûgeltsje

Sneintemiddei
lis ik yn de tún,
it is net waarm mar it kin krekt
Langs de Lijn op de radio
en in boek yn 'e hân,
lêze is it doel

mar ik wurdt oflieden
troch fûgeltsjes,
se fleane mar hin en wer
fan beam,
nei dak,
nei pot nútsjesmoar
senuweftich sjogge se om harren hinne
en dêr gean se wer

twa minuten letter binne se der al wer.
twa fan dy gielen en in stik as wat moskjes
juster wiene it noch trije giele

mar oan de foarmen en de kleuren te sjen
hat poes it net langer oansjen kind
en lei der fannemoarn wat oerbliuwsels fan
 wat wol op in giel fûgeltsje liket.

ik fyn it begrutlik
mar it is de natoer
sille guon wol wer sizze


dinsdag 19 mei 2015

Pensjoen

Ik haw twa lofterhannen
dat is gjin drama
dêr is best mei te libjen
dat is gewoan in feit

myn ynsicht yn boue, ferboue, klusse ensf.
is nul komma nul
ik sjoch mei grutte ferwûndering nei minsken
dy't dat wol hawwe

sa as no bij ús thús
de elektrisien
de behanger
de stukadoor
de keukenbouwer
en aanst wierskynlik ek de flierlizzer

en toch haw ik yn de bou wurke,
sûnder sukses fyn ik sels
it wie myn minste baantsje ea,
dat kaam net fan de baas
dat kaam troch mij sels
ferlegen om jild, ferlegen om in baantsje,
gewoan, ik kaam er de tiid mei troch
fertsjinne wat
en koe úteinlik bewize dat dit neat foar mij wie

oan dy perioade
waard ik dizze wike wer herinnere
ik krige in brief fan BPF Bouw
"afkoop pensioen"stie der op

in brutopensjoen opboud fan 29,53
per jier
dat moat west hawwe oer de periode fan
1 oktober 1976 oan 1 desimber 1976

Ofkeap dus,
dat hawwe se leaver as alle jierren
in lullige 18 euro netto per jier útbetelje
of te wol 1,50 per moanne

Dat liket mij in goed idee BPF
want at ik oer in pear jier sis
"dat ik ek pensjoen ha út de bou"
leaut dochs net in minsk dat





zondag 17 mei 2015

Gegrutlike "Ik vertrek"

Sit ik samar nei "Ik vertrek" te sjen,
net myn favorite programma's
in werhelling begryp ik no
út 2013

twa Friezen, dizze kear
it makket it allegear noch dramatysker
en begrutliker

in optymistyske jongeman, kinne je wol sizze
en syn frou dy't it allegear foar him
en foar har heit dien hat
liket it wol

want dy heit dêr begjint it mei
dy woe de rommel kwyt dêr yn Portugal
en wol werom nei Nederlân
en dy rommel ferkeapje dat slagget net
útsein oan famylje
oan je dochter dy't it allegear foar har heit docht
sadat dy werom kin nei Nederlân.

Mei ferbjustering haw ik sjoen,
dat je dit dogge,
dat je dit filmje litte,
dat je posityf bliuwe.

It is no 2015
ik bin no foaral benijd
benijd at se der noch sitte

en at dat sa is
soe ik alle Friezen oproppe wolle
at jim nei Portugal wolle foar it moaie waar
mei jim kamper of karafan
gean nei dizze kamping
dizze minsken fertsjinje it
nei al harren ûnnoazelheid.
nei har heiteleafde
nei al dy fernederingen op twitter
mar faoral nei al harren ynset en trochsetten

De útstjoering is hjir te sjen


donderdag 14 mei 2015

16 doarpentocht


Sa seach it rûntsje der út hjoed
it fytsruntsje
fan de 16 doarpentocht fanút de Jouwer
770 minsken skeaunen harren yn
dat levere foar KIKA 4400 euro op

in moaie ôfwikseljende tocht
lâns it marren gebiet
tusken de Jouwer en Earnewâld
troch de bosken bij Ketlik en Oranjewâld

It wie sûnt 1998 dat ik foar it earst wer in organisearre tocht die
foar twa goeie doelen
Kika en foaral foar Jellie
want dy woe noch graach in dikke hûnderter yn de fuotten ha
foardat sij de 11 stêdentocht wer fytsen giet.

Mei 118 kilometer op de teller,
en ferbrûk fan 4456 kalorien
is dat reedlik slagge

en de 16 doarpen?

de Jouwer
Broek
Goingarijp
Terherne
Akkrum
Grou
Warten
Aldegea Sm
de Pein
Drachten
de Wylgen
de Veenhoop
Nijbeets
Terwispel
Gerdyk
Bontebok
Ketlik
Oranjewâld
Hearrenfean
Rottum
Rohel
Ouwsterhaule
Haskerhoarne

dat wiene der dus 23

stimpelpost 1 op de Feanhoop

stimpelpost 2 yn Oranjewâld


dinsdag 12 mei 2015

Krommesyl







De Krommesyl
sa tusken Wommels en Burchwert
oan de Boalserterfeart
 in soarte mei fytsers en rinners krúspunt
.....rinners boerd
.....paddestoel
.....knooppunten boerd
.....literair gedichten boerd

de âlde kromme
de nije kromme


zondag 10 mei 2015

Earrebarren

Wij wiene yn de Betuwe
op in kamping bij Zennewijnen
it logo fan dy kamping
wie in earrebarre
want dy wiene prominent oanwêzich
twa stiks 
heech boppe de tinten en karafans út
sieten of stiene se
sa no en dan klepperen se efkes
mei de snavels
en fleach der ien fuort

in prachtich taferiel
sa flakbij
de hiel dei





Fansels wie dit gjin tafal
mei Jellie 
dy't de Kraamvogel krekt ferlitten hat


zaterdag 9 mei 2015

Pontsjes 2015

Wisten jim dat er yn Fryslân 37 pontsjes binne?
Dat dêrfan 27 fyts-foet pontsjes binne?

Wisten jim al dat ik dit jier besykje sil gebrûk te meitsjen fan alle 27?

Jim kinne alles oere pontsjes neisjen op dizze side.
Per provinsje steane se oanjûn.

Dizze wike yn it lân fan Maas, Waal en Nederrijn hawwe wij gebrûk makke fan 4.


Amerongen - Eck en Wiel

Lith - Alphen

Tiel - Wamel



Bern en Herpt








vrijdag 8 mei 2015

In boek dat je meisleept

























In boek per wike
dat haw ik mij foarnommen foar 2015
ik bin al wat efter
ien boek sa ûngefear

en dan komme je út de byb mei in pil
in dikke pil fan 632 siden
dom fansels
reitsje ik noch mear efter.

mar

wat in ferhaal
oer de leafde
oer haat
oer moard
oer bedroch
oer it gewisse

oer in skriuwer
en noch in skriuwer
oer in útjouwer

wat in boek......

neffens it omslach
"een literaire sensatie uit Frankrijk,
een briljante pageturner
een internationale bestseller"

ik bin it der mei iens,
hielendal

ik haw it út
yn ien wike tiid
ik wie net te stopjen.....

maandag 4 mei 2015

Jelske

Dit wykein ek efkes op stap west
mei fleurige faam Jelske

Op'e fyts
oer Skrok nei Easterein
wat is der dan ûnderweis wat te sjen
wat is der dan ek wat te fertellen

de skiep,
de hynders,
de hobbelige feeroasters
de fûgels
de swan op it nêst
de trekker
de grutte kontainerauto
de skommel
de buorkerij
de grutte auto

en doe noch efkes yn it grutte doel bij SDS
of mei bal ûnderweis nei it doel

talintsje?


en dan krosse bij pake en beppe yn de keamer dy't lekker rom is...
(twa foto's ien plaatsje)

zaterdag 2 mei 2015

Real McKenzies

Der binne minsken
dy't hawwe wol allegear âlde gebouen besjoen
yn Rome
en noch nea in konsert bijwenne yn Romein
yn Ljouwert

Bij mij leit it oars
ik reizgje leaver regelmjittich 24 kilometer
om in konsert yn Romein bij te wenjen

En dat kin no noch
noch 22 dagen dan is it dien
Romein ticht,
Neushoorn iepen

Ik hie al moaie herinneringen oan Romein
sûnt juster in nije moaie herinnering
oan wierskynlik it lêste konsert
fan mij dêr

Circle J
út Utert
the Real McKenzies
út Skotlân

Wat in hearlike jûn
mei de prachtige folkrock fan Circle J
mei in soad fariaasje yn besetting
en lekker melodieuze folkrock

mei de strielstrakke punkrock
fan de Skotten
dy't er ynkletsten mei
in lillepypkebonge
trije gitaren
slachreau
en in sjonger
dy't alles en elkenien yn syn besnijing krige
wat in keardel
hij die of stiene der 5000 man
te dûnsje, te springen, te punken

it wiene der noch gjin 100
mar dat seach hij net...

Circle J 

Mannen yn rokken it bliuwt in aardichheid om nei te sjen

as onatinken oan de lêste jûn Romein

in sjurt fan the Real McKenzies



vrijdag 1 mei 2015

Boeken















Postkoade 8731
In priis
alwer
yn de  Postkoadelotterij

Nei de bak iis,
de blombollen
de strânstuollen
in filmbon
no boeken

Ut in hiele list mochten wij se útsykje
foar elkenien wol wat

no bin ik sa benijd
nei dy oare winners
hjir yn de buert
wat lêze myn buertgenoaten
wat hawwe se útsocht?

Ik bin bliid mei myn trije
Skandinavyske tkrillers