vrijdag 20 januari 2012

Slachterin

De Slachterin komt der wer oan.
Yn juny 2012.
Yn 2000 die ik ek mei.
Ik doch dizze kear mar net mei.
It wêrom lis ik letter út.

"Belangstelling Slachtemaraton yn Wommels útsûnderlik grut", kopte dizze wike ús gemeentekrante Op é Skille.
Mar leafst 80 ynwenners hawwe kaarten besteld.
Allinne yn Ljouwert, Frjentsjer, Snits, Drachten, Harns, de Jouwer en it Hearrenfean wiene mear ynskriuwers.
Hoefolle minsken der no krekt meidogge út Wommels is no noch net te sizzen, want de ynskriuwers mochten 4 kaarten bestelle. 80 persoanen dy't kaarten bestelle foar gemiddeld 3 minsken út Wommels?





Dan komt it aardich yn de buert fan it jier 2000.
Want doe kopte dy selde op é Skille dit.



donderdag 19 januari 2012

Itensiede


Mei tank oan de achte frou Knor, frou Honig en yn Wommels frou Jumbo, kin elkenien hjoeddedei itensiede. Mei in goeie lêsbril moat it slagje om de oanwizigingen op de foar- of efterside fan in pak te lêzen en te begripen.
Nim 2 ytleppels fan dit en 150 milliliter fan dat, doch it sus en doch it sa. It stiet der meast allegear yn de goeie folchoarder op en at je it gefoel ha dat it ek oars kin dan moat je dat foaral dwaan. It is wol wichtich dat je yn de winkel wol  goed sjogge wat der net yn it pak sit en wat der wol bij heart om der in smaakfol miel fan te meitsjen.
It wurdt al oars at je in miel  klear meitsje wolle wat net in wrâldgerjocht of in pasta is.  At je bijgelyks gewoane hollânske kost ite wolle lykas stoofparren, andyvje of stoofde sipels. En at je dy lekkere smaak ha wolle dy't je bijbleaun is út de goeie âlde tiid.
Bij sokke kost doch ik altiten in berop op it "kookboek" fan frou E. Nakken - Rovekamp. In lesboekskreaun troch in direktrise fan in húshâldskoalle yn de jierren 60.
De 12-de  printinge haw ik thús lizzen. De 12-de dy't in ferskil makket mei de 11 dêrfoar.
"Op verzoek zijn de kopjesmaten vervangen door grammen"
Ik fyn sels dat ik goed itensiede kin, mar sûnder help fan frou Nakken hie ik moglik yn dizze tiid hiel wat ôfsneupt op ynternet om it goeie te finnen.
Soms is in boekje fan 63 wol sa handich.


dinsdag 17 januari 2012

Deade swan

It iis yn de fearten, de ryp op it lân, de rúten fan auto's beferzen en winterske loften.
It liket hjoed wol winter.
At ik op de weromreis krekt foarbij Turns fyts, rjochting Reahús, dan fyts ik lâns in iisbaan.
Net samar in iisbaan. In eigen initsjatyf baan. Fan Joost Schaap.
Allinne om dy Turners soene je hoopje dat der sterk iis komt.
It wol mij net misse, mar der sit talint yn Turns.
Allegear fan dy lytse sportmantsjes dy't bij SDS fuotbalje mar neffens mij ek goed ride kin.
Bij it sjen fan de baan dwaal ik efkes yn tinzen fuort.  Yn de fierte sjoch ik in wyt bultsje lizzen.
"Is der mij hjoed wat ûntkaam, is der miskien snie fallen en is dit bijelkoar fage"? sa flits der troch myn kop hinne.
Tichterbij sjoch ik dat it wat oars.
In swan dy't wierskynlik al hiel hoaste en wêr't syn swannematen wierskynlik tsjin kweekten: "Ien nachtfroast en do bist der west."

Dy foarspelling is better útkaam as it foarsizzen fan de horrorwinter. En sa te sjen binne der wer oare fûgels dy't dit hielendal net slim fine en mei nocht en wille de swan in kopke lytser meitsje.

maandag 16 januari 2012

Moai ritsje

"Wat soe it no moai wêze at wij ride kinne", sizze de reedriders. "Sok moai waar: wyn stil en in sintsje derbij." hearde ik se snein sizzen.
"Wat is it moai dat je gewoan wol lekker fytse kinne", sei ik. Lâns de trekfeart bijgelyks. Tusken de reiden. Oan de droege side fan de reiden wol de ferstean.
In hearlik rûntsje dus op dizze sneintemiddei.

En mei de Runtastic (bike) as kontrolemiddel haw ik besocht om wat in fêst "tempo" te fytsen.
En dat is goed slagge sa te sjen

zondag 15 januari 2012

Jild

At je yn Newcastle binne foar it fuotbal en je ha wat tiid oer, dan is it hiel nijsgjirrich om efkes  yn The Back Page te sjen.  "Sports book and football memorabilia "stiet der op de gevel.
Binnen ademt alles fuotbal. Mear as 2000 fuotbalboeken, mear as 2000 fuotbal-dvd's en 3000 films.
Dêrneist ek noch wit ik hoefolle oar spul lykas magneten, cd's, flachjes, bekers, oanstekkers en fan sels sjurtsjes.
Dy fan Souness, de held yn Newcastle wie foar 250 pûn te keap. Mei in hantekening der op fansels.
As Feyenoord supporter foel myn each op it bledsje StadionNieuws. Dat kin mar fan ien klup wêze.
It bewuste boekje is fan 1968 want yn it seizoen 1968/1969 spilen de klups twa kear tsjin elkoar. Feyenoord wûn thús mei 2-0 mar ferlear út mei 4-0.
Mar dat boekje is bewarre bleaun. It waard te keap oanbean dêr. Like djoer as it sjurtsje fan Souness mei hantekening.
At ik it jild hie dan wist ik it wol.

vrijdag 13 januari 2012

Fan wa binne jo ien?

"Fan wa binne jo ien en wêr komme jo wei" dy fraach bliuwt minsken sa't it skyn altyd dwaande hâlden. Der soe noch in fraach bijsteld wurde kinne.: wêr komt myn namme wei?
Tongersdeitejûn wie it swart en griis fan de minsken yn it Tsiispakhús yn Wommels. Swart fanwege it grutte oantal en griis fanwege de grize hierren. Theo Kuipers, meiwurkers fan Tresoar wie op út noeging fan it betsjoer om wat te fertellen oer it ûntstean fan de efternammen yn syn algemienheid en oer de spesifike nammen yn dizze regio .
It wie in moai ferhaal en tige nijsgjirrich foar de tahearders.
Yn 1811 wiene de folgjende nammen yn Wommels oanjûn: de Boer, Galama, Stapersma, Tiemersma, Tiesma, Tuinstra, Yntema (2x(, Sippens en Biesma. Wat opfalt is dat dizze nammen net echt folle foarkomme yn Wommels op dit stuit.
Yn tsjinstelling ta Easterein: dêr kamen doe de nammen van der Eems, Joustra, Sandstra, Sjaarda, Hingst en Rispens foar. En dy nammen komme dêr noch wol aardich foar op dit stuit.

Prachtich wiene ek de ferhalen nei it skoft doe't it gie oer it gerjocht yn eardere tiden yn Hennaerderadiel en Baarderadiel. Bijgelyks it útskreaune prosesferbaal fan in frou yn Spannum dy't har man oanklage omdat se misledige waard, ferwiten krige, mishannele waard en ...dat har mûtse fan de holle skuord waard.

Moaie ferhalen en moai om te sjen dat sokke lêzingen in sukses binne. Nijsgjirrich is noch te melden dat op dizze side allegear ynformaasje te finen is oer it "nedergerjocht" yn ús eardere gemeente, allegear oersetten yn in lêsber skrift troch Paul Borghaerts. En dat is echt muontsewurk mar foar de leafhawwer fan moaie âlde taal in echte sneupside.


woensdag 11 januari 2012

Fytsen

Ik stel jim graach foar om myn trije fytsen wêr't ik yn 2011 likernôch 12 409 kilometer op troch brocht ha.
In lytse 5000 kilometer wenwurkferkear (Wommels-Snits).
Sa'n 2000 fakânsjekilometers: Ronde fan Nederlân (1300 km)  en in diel fan de Moezel fan Koblenz nei Trier (400 km) en koarte fakansje yn Egmond (300 km).
Fan de oerbleaune 5409 kilometer sil der gau sa'n 3400 kilometer fuorttrape wêze oan myn "Allefryskedoarpenfytstocht" (AFDFT) wylst de oare 2000 kilometer de gewoane tuskentroch ritsjes west hawwe lykas Kûbaard om, Iens om, Spannum om, Skrok om, nei it fuotbaljen yn Easterein en de kilometers yn Wommels.
De Nazca Pioneer:
Kocht yn 2006, 6268 kilometers yn 2011 en totaal no 42395 kilometer.
Wylst ik dat lêste typ realisear ik mij dat dit aardich yn de buert komt fan in kear de wrâld om.
Wurdt it meast brûkt foar wenwurk ferkear en de lange tochten


De Sinner Demon:Kocht yn 2000, 1602 kilometers yn 2011 en totaal no 17937 kilometer op lein.
Hearlike fyts mei ideale lishâlding troch ûnderstjoer. Is wol wat ûnhâldiger (gjin sicht efterút) mar tige geskikt foar de koarte ritsjes en om de rêch efkes yn balâns te bringen.


De Raleigh Hornet Kocht yn 2010, 4441 kilometers yn 2011 en totaal no 7719 kilometers op fytst.
Foar in bukfyts net in ferkearde fyts. Yn de wintermoannen de earste fyts, klimt in stik better as de lytsfytsen en dus geskikt foar Limburch en bûtenlân. Underwilens mei ljocht, spatskermen en pakjedrager in folweardige alle dagen fyts foar de grutte boadskippen minus it bier.

maandag 9 januari 2012

Beste Nederlanner

"Beste Nederlanner" sa twittere de soan juster hast in wike nei syn marathon yn Zurich (Switserlân).
Yn de nacht fan 31 desimber en 1 jannewaris draafde hij yn de neare nacht mei in hollelampe de goed 42 kilometer.
In ynternasjonaal selsskip wie hij dêr, want yn alle lannen binnen atleten dy't fan frjemde útdagingen hâlde. Dy't betiden in bytsje gek binne.
Yn dizze link is te sjen, út hokker lannen de dielnimmers kamen en wa't de snelste per lân wie mei de tiid derbij. Tsjeard wie sneller as de de snelste Fin, de snelste Israelier en de snelste Súd Afrikaan.

Hjir noch wat foto's fan startnûmer 102.

zondag 8 januari 2012

In minitrip nei Newcastle

Der binne minsken dy't in dei winkelje yn Newcastle. Dat binne minitrippers.
Sij stappe dêrfoar normaal om 17.30 oere op in boat yn Ymuiden en binne moarns om 9.30 sa'n bytsje oan wâl yn Newcastle, neidat se de hiele jûn yn in bar en it kasino en in benaude sliephut omhongen ha.
Mei de bus wurde se nei it sintrum fan de stêd brocht. Se kuiere wat om yn winkelstrjitten sa't dy yn alle stêden binne, se keapje hjir wat, se besjogge dêr wat, se ite foar in pear sinten yn Chinatown en tsjin fiven geane se wer mei de bus nei de haven omdat de boat om 18.00 wer koers set nei Nederlân. Nei in jûntsje oan de bar, yn it kasino en in nacht yn  in benaude sliephut is de boat moarns om goed 9.30 werom yn Ymuiden.
Trije dagen fuort mar wol leuk winkele yn Newcastle!!
Dat sa'n reis ek hiel oars ferrinne kin die ferline wike bliken.
Op tiisdei gie de boat net 17.30 oere fuort mar wachtte de kapitein de stoarm ôf. Pas om 19.30 waarden de touwen los makke.
Okee, dat betsjut normaal twa oeren letter yn Ingelân en dus iets minder tiid om te winkeljen.
Mar it stoarmke wie op de Noardsee noch net útraasd en moarns om 8.30 hearden wij in freonlik frommeske troch de lûdsprekkers:
"Door het weer dat de natuur ons gegeven heeft, verwachten wij een aankomst in New Castle om 14.30 uur."
"Aan de mintrippers melden wij dat er straks een bus klaar staat om u naar het centrum te brengen , waar u omstreeks 15.00 uur aankomt. Om 17.30 vertrekt de laatste bus weer naar de boot. Wij wensen u een prettige dag en wijzen u nog even op de informatiefolders van de stad, want er is veel te zien".
En wa't no tinkt dat se mar 2 1/2 oere tiid hiene om te winkeljen hat it mis.
15.00 oere wie boattiid en 17.30 Ingelske tiid. En dêrom hiene se 1 oerke mear. In tafaller.

Nei 3 1/2 oere fluch winkelje, ite (sis mar frette), lâns katedralen drave, koene de minitrippers wer op de boat. En de werom reis duorre net sa as gewoan oant moarns 9.30 oere, mar oant 14.00 oere, al wer fanwege "het weer dat de natuur ons gegeven heeft". It stoarme noch altiten.
Fluch winkelje en dan wierskynlik gjin each hawwe foar in winkel mei sa'n moaie namme
Scrumpy Willow & the Singing Kettle

Ik hie begrutsjen mei dizze minsken, Ik gunde harren in langere winkeltiid. Ik gunde harren in geweldige fuotbalwedstriid dy't wij as fuotbaltrippers wol meimakken. Ik gunde harren in nachtje rêst yn in hotel yn it sintrum fan Newcastle. Ik gunde harren in oare mem natoer.

Jelske

In moaie mar foaral ek spannende fakansjewike. Sa wol ik de earste wike fan jannewaris omskriuwe.
Spannend bij de presentaasje fan it liftboek op 1 jannewaris, spannend doe't dochter Hildau 2 jannewaris nei it sikenhûs moast omdat it der wat op like dat de lytse poppe 5 wiken earder út de búk woe, spannend wie op 3 jannewaris de boatreis yn wynkrêft 9 of 10 nei Ingelân, spannend wie op 4 jannewaris de wedstriid Newcastle United tsjin Manchester United en spannend wie it op 5 en 6 jannewaris doe't wij wer yn stoarmeftige omstannichheden werom faarden nei Nederlân.

Tidens dy reis nachts om 02.30 oere waard yn Snits de earste pakesizzer berne. Jelske is de namme fan de dochter fan Hildau en Meindert. Mear as 4 wiken te betiid mar it sjocht der goed út.
Nei in spannende wike in grutske Aant. Of sa't jim wolle in grutske pake Aant.

donderdag 5 januari 2012

43 boeken


Sûnt 1998 bin ik in reedlik fanatike lêzer wurden. Mei tank oan in hernia. Mei tank om dochter Hildau dy't doe mei de goeie boeken út de byb kaam. It herstel fan de hernia koe mij net lang genôch duorje, want lêzen wie hielendal myn ding wurden.
Om foar te kommen dat ik mei de selde boeken thúskom en omdat ik no ien kear fan " de listjes" bin, hâld ik bij wat it lês. Oan't in jier lyn hie ik de list bij mij at ik nei de byb gie. No steane alle gegevens yn myn tillefoan mei dropbox en kin ik sa efkes neisjen wat ik wol net lêzen ha.
547 boeken sit ik no op, wêrfan yn 2011 43 boeken. Ek sûnder hernia nim ik no hast alle dagen wol efkes tiid om in stikje te lêzen.
Fan de 43 binne der mar 4 Fryske boeken bij. Dat is net mear as in konstatearing. Myn lêsgedrach is gjin taalstriid. Der binne no ien kear tefolle moaie yn Nederlânsk oersetten misdaadtrhillers. 2011 wie it jier fan Hakan Nesser sa te sjen en fan Ulrich Hefner, want syn boek wie foar mij de topper.

1 Bril, Martin Jongens jaren
2 Campert, Remco Het leven is vurrukkelluk

3 Coben, Harlan Levenslijn

4 Coben, Harlan Vals spel

5 Eekhaut, Guido Loutering

6 Ferdinandusse, Rinus Kidnap

7 Gerritsen, Tess Stille getuige

8 Haan. Wieke de Ophysje en delbêdzje

9 Haan, Bas De Deventer moordzaak

10 Hammer, Lotte &Soren Misbruik

11 Hawks, Tony Door ierland met een koelkast

12 Hawks, Tony Spelen tegen de Moldaviers

13 Hefner, Ulrich De dood sluipt rond in zwart en paars

14 Jackson, Lisa Venijn

15 Jansen, Suzanna De hemel is goud

16 Jong, Ferdinand de Guozzeflecht

17 Jongbloed, Jaap Vermist en vermoord: Tinka van Rooy

18 Kaaberbol en Friis De jongen in de koffer

19 Kellerman J en F Misdadigers

20 Koch, Herman De ideale schoonzoon

21 Kuhn, Krystina Het ongeluk

22 Mankell, Henning De Chinees

23 Margolin, Phillip Recht van spreken

24 Margolin, Phillip Voortvluchtig

25 Meulen, Tony van der Het patent

26 Nesser, Hakan De commisaris en het zwijgen

27 Nesser, Hakan De dode op het strand

28 Nesser, Hakan De zwaluw,de kat,de roos en de dood

29 Noorlander, Eva In dubio

30 Patterson, James Cross Fire

31 Patterson, James Ik, Alex Cross

32 Riessen, joop van In naam der wet

33 Ronka Matti Broederland

34 Roslund&Hellstrom Het meisje onder de straat

35 Schokker, Jan De SUC saak

36 Schwarz, Asa Nefilim

37 Scottoline, Lisa In het nauw

38 Steenmeijer, FenT Moard yné Medoc

39 Stefansson, Jon Hallur Misstap

40 Trosell, Aino Niet het kind wel de vrouw

41 Veen, Luuk van der Bij leven en welzijn

42 Verhulst, Dimitri De helaasheid der dingen

43 Verhulst, Dimitri Mevrouw Verona daalt de heuvel af

woensdag 4 januari 2012

Newcastle- Manchester United

Hjoed wurdt de wedstriid New Castle - Manchester United spile. Mei hopenlik 50000 entûsjaste taskôgers, wêrûnder myn twa seagers Norman en Albert en ik.
Wij dogge in earder reiske nei Newcastle nochris oer. Doe (2004) wie it sc Hearrenfean wat it opnimme moast yn it James Park. Dy't it lang net op rêde koe.
Newcastlle: it sil der wol reine, it sil der wol griis wêze mar wij sille ús fêst fermeitsje.  Yn 2004 moasten wij gelyk de bus yn foar de weromreis. No bliuwe wij in nacht om de sfear ek nei de tiid noch efkes te belibjen.  Sa kin ik ik de sjaal fan 2004 ek noch in kear brûke.


zondag 1 januari 2012

Nije útdaging

Tsien jier lang stie "ús libben" op 1 jannewaris  yn it teken fan de liftwedstriid út Wommels wei. 10 jier lang die ús soan Tsjeard mei en die ik ferslach op de webside fan SDS.
Hjoed slúte wij it liftsjen ôf. Fannemiddei om 16.00 oere presinteare wij Lift! In prachtich boek mei lústerskiif oer 10 jier liftavontoeren. Ferhalen en foto's.
Us soan Tsjeard is der net bij. Hij seach al wer in nije útdaging op dizze dei.


Fannacht om 0.00 oere gie de Neujahrsmarathon fan Zürich  yn Switserlân fan start. In unyk evenemint want op in ûnferljocht parkoers fan 42195 meter drave, wêr't je oanwezen om je eigen holle lampe, is in heftich begjin fan it jier. Boppedat binne 95 % ûnferhurde paden.

De finish wie yn in sporthal en fannacht  om 4.38 oere twittere hij:

zaterdag 31 december 2011

vrijdag 30 december 2011

Oaljekoek


Wij wolle net samar in oaljekoeke, nee, wij steane graach yn de rige foar de "lekkerste"oaljekoeke fan it lân (neffens it AD preauteam)


Yn Afrikaanske lânnen soene se genoegen nimme mei in hapke fan ien fan dy troch it AD ôfkarde oaljekoeken

Dit is net earlik!

De dea


Ulrich Hefner hat in boek skreaun wat mij aardich bij de kiel pakt hat: De dood sluipt rond in zwart en paars. In plysjetriller fan heech nivo. Net allinne omdat it goed skreaun is, mar omdat it tema mij rekket. Ik sil net yngean op de ynhâld fan it boek mar ik haw der in kranteknipsel bijsocht fan 2 maaie 1961. Doe wie ik 6 en myn efternamme is ek Hofstra en der wie mar ien famylje Hofstra yn Wommels.
Dy ferrekte trekfeart dy't it doarp syn eigen sjarme jout, dy't it doarp yn twa splitst en dy't slachtoffers makke hat. Dat ferrekte wetter.
2 maaie 1961



july 1976

maaie 1988

woensdag 28 december 2011

God only knows

It is de tiid fan de top safolle listjes. Wij as gewoane harkers en/of muzykleafhawwers stimme ús in breuk at it oan de radio praters leit.
Dus geane wij mei goeie moed de hiele list wer troch en meastal stimme wij ek noch gelyk. It is krekt polityk. Ienkear FNP, bliuwt FNP.
Ienkear Queen of Hotel California en wij hâlde dat sa. Frjemd? Ja.
De echte kenners (minsken dy't yn de muzyk sitte of der wat mei dogge) hawwe ek stimd wat sij de beste groep, de beste sjonger, de beste sjongeres en it beste nûmer fine.
De útkomst oer dat lêste is ferrassend, wat mij oangiet.
The Beach Boys, mei "God only knows".
Doe't ik de titel lêsde koe ik it nûmer sa net foar de geast ha. Mar doe't ik op YouTube seach en de earste toanen hearde, wist ik genôch. Bij sokke nûmers giet de knop bij mij iets werom. Dit fyn ik pine 'e holle muzyk.

dinsdag 27 december 2011

Der sit mij iets dwers

De Fryske top 100! Hoe langer dat ding der is wat mear argewaasje. It is in griis om te sjen wat foar iensidige list der no wer klear leit foar âldjiersdei.
Earne yn oktober begjint it feessie fan Geert.
Fanôf dat momint hearre je Dy Twa, de Hûnekop, Anneke Douma  en Vangrail op sneontemiddei. Altyd yn kombinaasje mei oare fersykjes. Mar dy wurde net draaid. It komt  altyd wer op dizze út.
Noch slimmer is it dat artysten  bij de tillefoan sitte om de stimmen te notearen.

"Mei Anneke Douma, "jo heare it goed mei Anneke sels. Je witte wol dy fan it Fryske Hynder, fan it Swalkersliet en fan de Woanark. Jo witte it noch net sa goed. No miskien is Dy Twa wat, witte je wol dy twa jonges út Berltsum , dy sitte hjir fierderop sil efkes nei harren wuive of stimme op Emiel dy sit hjir ek, ja dy is fan de Hûnekop. Ja leuk  no dy ferskes. Goeie teksten en sa. En hiele gewoane jonges ek. Gewoan wâldpykjes. Jo komme ek út de wâlden no dan binne wij der samar út. En oars kinne je altiten noch op mij stimme...ha...ha...ha...
Nee, je meie net 2 kear de Hûnekop dwaan. Je witte oars neat?
"Klap" nee dat nûmer kin ik net. Eijer"? hat dy wat wûn. No dat wie seker yn it bûtenlân.

Ik haw it noteard: Dy twa op 1, Hunekop op 2, Ik sij de gek op 3, Gurbe op 4 en 5 Skyt yn it ryt.
Dankje wol en wol harkje hear op 31-12 , de tillefysje oan en miskien sjogge je mij ek noch wol. Ja ik bin ek wer útnoege op Geert syn feessie. Geert dy sjogge je dan seker. 10 oeren lang. Ja at er net oan it wurd is dan rint wol foar de kamera lâns of giet er sa stean dat in oare kamera him wol opfangt."


Ik haw de al list efkes besjoen. 10 kear de Hûnekop, fertel mij wat.
Alle plaatsjes dy makke binne troch of mei of oer omrop Fryslân kollega's hawwe wer in plakje fûn.
Mei as absolute djiptepunt "Us Derek" fan Dy Twa. Ik haw it nûmer noch nea heard, mar it sil fêst gean oer dat skitterjende hynder dat sokke spannende tillefysje oplevert yn in sportprogramma.
Yn Dronryp hawwe se harren bêst ek goed dien. Alle leden binne fêst opropt om te stimmen en sa kin it barre dat ït Klupliet fan VvV Sjirk de Wal op nû 85 binnenkomt.
In soad harkerswille mar ik bin bliid dat de Top 2000 nei syn hichtepunt rint.


maandag 26 december 2011

Kaarten


It reint wer kaarten dizze dagen foar Kryst. Goed bedoeld en foaral mei trochgean soe ik sizze. Is goed foar de postsegel- en de kaartenyndustry. It giet yn safolle sektoaren al sa min, lit ús dizze Krystkaartengekte yn stân hâlde.
Dy postboades sille der oars oertinke. Sij sjouwe en rinne harren in breuk om karren en tassen fol kaarten rûn te bringen. En dat allegear krekt foar de Krystdagen.
Utteld lizze se de twa dagen op de bank en kinne gjin kaart mear sjen. Bij de krystbeam dogge se enerzgje op foar de lêste dagen fan it jier, want ek dan binne der wer in protte kaarten dy't it net oer de krystdagen hawwe mar oer it nije jier. Lokkich nijjier en de beste winsken.
Tusken al dy krystkaarten dy't wij krigen dit jier, wúrfoar tige tank, siet ien bijsûndere Krystkaart.
Fan Berber út Vietnam. Mei soarch útsocht. Fytsers. Mei in toeristyske lading foarop.
En nettsjinsteande it feit dat de kaart út it no fredige Vietnam komme moast, hij wie wol op tiid. Foar de Krystdagen.

Bij Vietnam tink ik as earste oan de Vietnam oarloch. Net frjemd want dat behearske yn myn jeugd de bûtenlânske polityk en troch de muzyk, want de anti oarloach muzyk út dy tiid stie mij net tsjin.


zaterdag 24 december 2011

Ik krij wat

"Zo gaan die dingen", seit van Persie yn in interfjoe yn it AD fan hjoed.
Hij doelt dêrbij op in ôfspraak tusken him en syn soan Shaqueel (kinne jo dat ek efkes spelle, De Es, Ha, A, Ku, U E, E, El) fan 5.
Foar de wedstriid tsjin Chelsea seit dy snotneus fan 5: "Ik denk dat je 3 keer gaat skoren pa, en dan krijg ik iets van jou."
Van Persie stribbele noch efkes tsjin en besocht it noch efkes mei "maar Cheslea is een hele goede ploeg" en mei "krijg jij dan iets of krijg ik iets"
Dy mei dy drege namme mei in hege letterwearde:"Ik krijg dan een cadeau".
Van Persie skoarde trije kear en moast mei de soan fan 5 nei de boartersguodwinkel om wat "kleins uit te zoeken", sa't er sels seit. Krekt al soe dat jonkje tefreden wêze mei in doaske lego.
Ik wit it net. Ik haw hjir net in goed gefoel bij. 5 jier en opgroeiend yn in omgekearde wrâld.
Ik frees dat it net meifalt dat sa'n jonkje letter yn de echte wrâld libje moat, wêr't net alles kin en wêr't hij net de rigels bepaalt. Ik wit it, hij is noch mar 5, mar it toantsje befalt mij net.
Dan hear ik dochs leaver dat âlders de bern beleanne foar in doelpunt dat sij bij de F-kes en E-tsjes meitsje. In gûne fan pake of it leavelingsiten jûns op tafel. Pizza!!!! hear is sneons wol ris at der in jonkje skoart.

woensdag 21 december 2011

Winterstop

Hjoed en moarn wurde de lêste fuotbal wedstriden spile foar de winterstop. Winterstop? Is dat altyd sa west? Ik frege it mij ôf en dûkte yn myn earste plakboek.
Wij skriuwe ein 1971 en begjin 1972 en sa te sjen wiene dat drokke wiken foar ús. Mei Pier Alta fleagen wij (Ate, Riemer en ik) it hiele lân ôf om nijsgjirrige wedstriden te sjen.
12 desimber, 19 desimber 1971 , 2 jannewaris , 9 jannewaris en 16 jannewaris 1972: dat hat dus wol in hiele koarte winterstop west.
En sa te sjen wie it hichtepunt noch in wike letter: DWS - Feyenoord.
Mei ôfgrizen tink ik no werom oan dat freeslike Olympyske stadion, wêr't je fierstentefier fan it fuotbal ôfsieten. Mar ik tink dat it optreden fan Feyenoord doe, der foar soarge hawwe dat ik dêr doe gjin each foar en argewaasje oan hie.


zondag 18 december 2011

Pitbullblues

Fan hûnen moat ik nea ha, fan in pitbull wol. At der dan mar blues efter stiet. De pitbullblues fan Roadhouse wie juster yn Easterein. De fêste lêste snein fan de moanne. Mei as útsûndering dizze moanne. De ien nei lêste snein dus. Troch de krystdagen.
Roadhouse, in populaire band yn Snits en omjouwing. Roadhouse in tige populaire band yn Easterein. Alle jierren komme se in kear op BluesCruise yn Easter(sn)ein. It wie wer swart fan de minsken en it like wol of wiene it allegear útlitten Feyenoord fans dy't wat te fieren hiene nei de oerwinning op Twente en dat dwaan woene mei de stoere muzyk fan Roadhouse. De sfear wie as @superGuidetti. Roadhouse wist mar net fan ophâlden. It like der op dat se salang trochgean woene dat elkenien op de dûnsflier meidie mei de ûnferfalste rockblues. En dat slagge. Ja, sels ik.

Sneon 17 desimber

Dizze dei dy't om 8.00 begjint yn fûgelflecht.

It AD: begjint mij hieltyd minder te befallen. Tefolle sensaasjeferhalen en te folle siden sjonijs. Foar de sport, de kollums en de stripfiguren wol wat djoer. Binnenkoart mar wer ris opsizze, want wij krije úteinlik ek in resesje.

Pearl Jam: Tsjin tsienen ynlogge op Ticketservice mei de tillefoan yn de oanslach om kaarten foar it konsert fan Pearl Jam te besetten yn de Ziggo Dome yn Amsterdam yn juny 2012. Foar tsienen al yn in wachtrige en de tekst om 10.00 oere "wij hebben het maximum van de wachtrij bereikt, probeer het over een paar minuten nogmaals " jout net folle hoop. Mar dan ynienen om 8 minuten oer tsienen skrik ik op fan de fraach hokker kaarten ik ha wol: 4 steanplakken dus en ik wit noch net foar wa, útsein mij sels.
Yn it kertier binne de 15.000 kaarten fuort. Om 10.30 meldt de earste him al bij mij: at it stean plakken binnen dan.... Moai toch; bij Willem en Richt en Lolke komme se goed te plak.

SDS: Om it gemis fan bûtenfuotbal wat te kompensearjen nei de sporthal yn Easterein. De D's hawwe harren toernooi. Meardere jonges dy't ik earder traind ha yn de E's dogge mei. Moai om te sjen. En dat der neist al dy Fean, Ajax en Barcelona sjurtsjes ek al wer immen yn in Feyenoord sjurtsje omdraaft, makket myn sneontemoarn noch better at dy al wie.

Passend Underwiis: Nochris de stikken troch fan it ministearje oer it passend ûnderwiis en de gefolgen foar ús skoalle op termyn. It is dan wol wurk, mar it lêst thús no ien kear better. En seker mei de top 1000 alle tiden op de efter- en soms op de foargrûn.

In naam der wet: In tige nijsgjirrich boek fan Joop van Riessen oer syn 40 jierrige karriere bij de plysje yn Amsterdam. Wat in fasinearjend byld jout dat boek: Oer de heroine , de gaos op de Wallen, korrupsje bij de plysje (in bytsje ynteger bestiet net), de Italiaanske maffia, de Sjinezen, de Joegoslaven, het IRT drama, de provo's, de kraak beweging, de Bylmerramp , de taksioarloch, de Marokkaanse rellen en it bestriden fan it wyldpisjen.
En foar dat lêste krij ik suver wat sympaty nei it lêzen fan it ferhaal der efter.
Lange tiid waard der hast net hanthavene yn de stêd. Alles waard mar dien. Men is doe fanút in fysje begong mei wat lytsere "dingen" oan te pakken om sjen te litten dat der wol hanthavene wurdt. Iets wat in soad minsken yn it begjin rekket en sjogge. Fytse troch read ljocht en sûnder ljocht en it wyldpisjen wat yn de hiele binnenstêd normaal wie.

En tuskentroch haw ik de LC noch lêzen (gau út), de folder fan Poiesz trochsjoen(foar de krystdagen Hertog Jan yn de reklame), in attinsje fan SDS mei krystkaart wêr't ik sels ek noch opstean (hoe siet it ek al wer mei portretrjocht!), Computers Easy lêzen (nea te âld om te learen), post bij de soan brocht (al hast 5 jier de doar út), snert fan it korps iten, de fryske top 100 op tv sjoen mei ien each, sadat van Tuinen bûten byld bleau en as gefolch dêrfan ek noch stimd.
1. Janna Eijer, mei " 1 Klap" dat hie ik har ferline jier al tasein, doe't se dat prachtige liet noch net iens skreaun hie.
2. Tet Rozendal, hat in hearlike stim, moaie lieten en at it moat kin se dy ek noch fan de pine é holle ôfhelje.
3. Sielesiik fan Reboelje, dat bliuwt myn favoryt mar ik lit de froulju dizze kear foargean en boppedat is dat liet gjin bedriging foar de top
4. Doede Bleeker, Myn eiland, om dat sa'n hearlik nûmer mei gefoel is en it sjen lit dat Doede folle mear yn syn mars hat as switsokkelieten
5. Sytse van der Werf: Jan Schotanus, in moaie tekst en ien fan de earste fryske lieten dy't ik yn de buert fan 1975 hearde en leuk fûn.

En ta beslút in stikje skriuwe foardat ik Studio Sport sjen gean.



vrijdag 16 december 2011

Sigarebantsjes





Wij skriuwe 1958. Ik bin 4 en myn broer 5. Myn heit rookt sigaren. Myn pake ek. En noch wat omkes.
Wij sparje sigarebântsjes. Myn broer en ik. Wij ruilje. Myn broer mei mij en ik mei myn broer. Of mei in neef, of mei ien út de klasse.
Oansprekkende sigarebantsjes. Searjes. Bantsjes mei in ferhaal.
It skrift is der noch. Mei hûnderten bantsjes.
Soe it mear wurdich wêze as de wearde fan myn jeugdherinnering.
Tink it net. Se meie alles fan mij ha, útsein myn pinkoade en myn skrift mei sigarebantsjes.

donderdag 15 december 2011

Ik fyts net mear

Op de twitteraccount Moderne gezegden (in oanrieder foar minsken dy't wat mei taal hawwe) waard dizze wike frege om ûnnoazele buorden.
Der kamen tal fan reakasjes binnen, de leukste wie dizze en dy wol ik foaral de net twitteraars net ûnthâlde.
Ik kin jim sizze at jim nocht hawwe oan nocht oan ûnnocht dat kinne jim mei dit printsje it soad wille hawwe at je it taskriuwe oan in tankber slachtoffer.

dinsdag 13 december 2011

Stoom

Net drok meitsje om dingen wêr't je sels neat oan dwaan kinne. It hat gjin sin.
Ik kin der bijgelyks neat oan dwaan dat it mei dy stoomtrein yn de Súdwesthoeke net troch giet. Wij meie aansens bliid wêze dat de trein dy't der no riidt, der oer in pear jier noch is.
Der moat hieltyd mear besunige wurde en ik hear it de provinsje en de fierstentegrutte gemeente al sizzen: wij hawwe al genôch jild stutsen yn in trein.
At ik mij der wol drok om meitsje sil en ik gean myn lilkens ta fertrouwen oan dit papier dan jildt dy foaral foar de politisi.
Dy hawwe harren bij de poat nimme litten troch neat sizzende papieren en noch minder sizzende getallen. Politisi dy't harren meislepe litten hawwe troch praatsjes fan "treintsjegekken". Of moat ik sizze dat amtners te maklik in posityf adfys jûn hawwe oan de politisi?
It soe en it moast der komme ûnder it mom fan "in ympuls foar it toerisme fan de Súdwesthoeke".
En dat lêste hat de toversin west wêr't de politisi troch op it ferkearde spoar setten binne. Op in dearinnend spoar.
Dat hoop ik alteast. Dat it hjir en hjoed mar echt einigje mei. Fuort is it jild mar dat is better as der noch in protte jild efteroansmite en aansens konstateare dat der alle jierren in tekoart is en dat der gjin frijwilligers mear te finen binne.
En at ik sa de berjochten yn de krante lês, dan is de bearput noch net leech. Der binne ek no wer hiel wat slachtoffers makke, dy't al lange tiid op jild wachtsje moasten omdat in bestjoer syn saken net op oarder hat. Dy't harren wierskynlik al lang oan in (spoar)lyntsje holden ha. Wylst se al wisten dat it net goed siet. Dat it luchtfytserij wie.
It is in tryst ferhaal, wêr't ik mei myn boereferstân nea yn leaud ha.
Ik haw gelyk krigen en dat is freeslik foar al dy ûndernimmers.
Ik haw mij der suver wer drok om makke. Net ferstannich.
Ik lit it bij trije wurdsjes fan de Hollies.

zondag 11 december 2011

Op nei 12289


Yn 2000 fytste ik yn it hiele jier 12002 kilometer. Dat oantal bin ik hjoed foarbij gien. Earne oan de Boalserterfeart flakbij de Nije Kromme.
Yn 2003 kaam ik ta 12289. De lêste dagen fan dit jier noch sa'n 280 kilometer fytse dan kin ik dy 12289 ek foarbij. Mei 8 wurkdagen kear 30 kilometer bin ik al in moai ein.
In kear as wat nei Easterein en fansels Kûbaard of Iens om. Want dat ferfeeld nea.
In ferbettering mei totaal 11 kilometer is dan ek genôch. Dan bliuwt der foar in folgjend jier ek wer in útdaging stean.

donderdag 8 december 2011

Fier fuort en sa ticht bij

Woansdeitejûn twittere ik in filmke fan Bob Dylan nei myn folgers. Troch de fytstocht yn de stoarm mocht ik úthymje bij "Shelter from the storm" fan it album "Hard Rain".
Soms binne der reaksjes fan folgers omdat dy wat herkenne yn de muzyk of omdat se it der net mei iens binne.
In oere nei pleatsing fan dizze tweet krige ik in reaksje.
Fan Jimmy Linders. Dy stie op de grins tusken Pakistan en India. Underweis nei Australie sûnder gebrûk te meitsjen fan in fleantúch. 6 augustus fuortgien fanút Blerick oan de Maas bij Venlo.
In echte wrâldreizger dy't wij hjir yn Wommels kennen leard hawwe as de fleurige Limburger dy't trije kear mei dien hat oan it liften. Dy't nea seurde oer it Frysk mar dy't alles ferstean woe.
Machtich fansels dat hij op dy grins fan Pakistan en India reageart omdat dit nûmer fan Bob Dylan neffens him net op Hard Rain stiet.



En toch twivele hij, sa die bliken, want sûnder dat ik reageare koe, twittere hij binnen it oere al wer:



Sa fier fuort en sa ticht bij.
No't hij dêr dochs mar wat stiet te lummeljen hawwe wij him gelyk frege om in stik fan it liftboek yn te sprekken. Yn it Limburchs.
1 jannewaris 2012 komt it út: It boek oer de liftaventoeren, skreaun yn it Frysk, mei in Limburchs haadstik, mei in lústerskiif ynsprutsen yn it Frysk mar mei in Limburger dy't ek ynsprekt op de grins nei India. (Dat docht mij tinken oan it liet fan Doede Veeman: Hendrik Hasjies út de Houtigehage woe liftsjend nei India en nei in in dei as trije stie der al bij de Harkema.)

It is tige nijsgjirrich om Jimmy te folgen fia syn weblog. Sjoch hjir

En spesjaal foar Jimmy fansels "Tangled up in blue" omdat hij dizze wol moai fynt.

In dei letter: Jimmy twittert neidat er dit stikje lêzen hat.




dinsdag 6 december 2011

8-1

It binne swiere tiden foar SDS supporters. It wol net allinne dit jier net, de twa jierren hjirfoar wie ek hingjen en wjirgjen om der ien te bliuwen.
"Der yn bliuwe" dat is al in oantal jierren it biedwurd. It iene jier rêdt de klup it op in punt, it oare jier slagget it troch it doelpunt. "Yn de twadde klasse bliuwe" hoe wichtich is dat.
Twa wiken lyn miende ik it djiptepunt mei makke te hawwen troch de thúsnederlaach fan 1-5 tsjin leechfleaner Berltsum.
Nei útwedstriden gean ik net, mar om op sneontemiddei thús efter de kompjoeter yn oardel oere 9 tweets foarbij sjen te kommen mei it skoareferrin yn Balk is ek net alles.
8-1 ferlern fan in klup dy't ferline jier noch tredde klasser wie.
Gelokkich bin ik as Feyenoord fan wol wat wend.
Wij binne mei ús Feyenoord hert yn augustus altiten wer optimistysk mar ek realistysk.
Miskien moatte se dat bij SDS ek wurde. Gewoan lekker fuotbalje en net fuotbalje tsjin degradaasje. En dan sjogge wij it yn maaie wol.

Ik wol se net nei degradaasje prate mar in útwedstriid tsjin Mulier, Nijlân, Bolswardia en WPB sprekt mij wol oan.

maandag 5 december 2011

Fleurich

Mei miskien wol wat hege ferwachtingen setten wij (Jellie, Lolke, Ate en ik)sneontejûn nei it Bolwerk yn Snits. In optreden fan de CCC Incorperated, de âldste hippie band fan Nederlân. De groep luts yn de jierren foaral yn de Súdwesthoeke folle sealen. Haw meardere optredens meimakke yn Sint Nyk, Bakhuzen en Koudum. Fleurich wie dat, sfearfol.
Foardat it fleurige optreden yn it Bolwerk begong, moasten wij it tryste optreden fan Jan Seuninga (earder Pigmeat) ûndergean. Hij strielt út dat hij it mei him sels tige troffen hat en syn humor wie ús humor net. Nei trije ferskes songen wij al stikem: U wordt bedankt u kunt wel gaan.
Gelokkich makken de âldsjes fan CCC Inc. it mear as goed. It optreden lit him it best omskriuwe as: folk, fleurich, blues, knoffelich, oandwaanlik,fariaasje, stimmich, muzikaal en foar mij in weromtinken oan dy eardere optredens.
En Huub Schreurs waard de held fan de jûn. Syn klungele útstrieling (Ate neamde him Hannema), syn enersjieke dûnskes en syn prachtige Midnight Blues op de mûlharp mei Ernst Jansz op it waskboerd, soargen der foar dat it publyk hieltyd entûsjaster waard. En de meast wat jongere froulju lieten ek fan harren hearre mei gillen doe't Ernst Jansz wat Doe Maar lieten song. Oefenen al fêst foar de oankommende Doe Maar Optredens.

zaterdag 3 december 2011

Roekrock

Op 4 febrewaris wurdt Roekrock wer holden. Yn Weidum. De earste band is bekend makke troch de organisaasje. Fia Twitter kaam bij mij binnen dat Exile Parade komt. Neffens de berjochtjouwing slute se harren toernee yn Nederlân ôf.



en dat klopt sa te sjen. Amsterdam, Rotterdam, Haarlem en .......Weidum

Wa't tinkt dat dit in twadde rangsbandsje is hat it hielendal mis. Hear mar ris nei harren Longest Day. Dêr wol ik moarns wol mei wekker wurde.

vrijdag 2 december 2011

Kussiebannen



Wa hat as bern net leard om te sparjen? Dûbeltsjes, kwartsjes en somtiden in groue gûne kamen yn de baarch telâne.
Doe wiene der fêste tiden yn it jier dat dy baarch nei de bank brocht waard, wêr't it ienige kaaike lei wat der oppaste, tochten wij. Mei in lege baarch en in kleurboekje mei 5 kleurkes kamen je wer thús. En fol fertrouen dat je de dûbeltsjes, kwartsjes en gûnen ea werom sjen soene. De bank, dat wie net samar wat.
Sparje, dat moasten je jierren letter as jonge âlders dwaan at je de bern yn de takomst studeare litte woene. Alteast dat holden dy banken ús doe foar. Foar it gemak waard mar efkes oanjûn dat neffens wittenskippers (ûndersyk Stapel) in bern de earste 20 jier sa'n 100.000 euro kostje koene.
Sparje dat doch ik allang net mear. Ik hâld no gewoan jild oer. En dat bewarje ik net yn de sok, mar op de bank. Omdat dy der goed oppasse kin. Net om de rinte. Dat levert neat op.
Mar no sil ik wer sparje moatte foar myn âlde dei.
Want it wurdt in djoere grap dêr aansens yn de âldereinhûs.
Foar alles sil ik dan betelje moatte.
Sjoch ik it bijgelyks net mear sa sitten, omdat myn brilleglêzen wat smoarch binne, dan sil ik dokke moatte foar de brilleglêsskjinmakster wêr't ik op ôfspraak komme kin.
Haw ik muoite mei it oersetten fan de tv fan Ned 1 op Ned 2 dan is men dêr tige reewillich om te helpen at ik mar betelje.
Wol ik ballen yn de sop ynstee fan smaakfersterkers dan is dat per baltsje al gau in euro of sa.
Gebrûk meitsje fan de gong sil resultearre yn de yn 2022 yn te fieren gongbelesting.
At ik de gong op wol mei myn rollator, dan sil ik in taslach betelje moatte: de rollatorgongtaslach.
Der is ien ding wêr't ik net foar betelje sil. En dat is lucht. Lucht foar de bannen fan myn rollator. Wat no al tapast wurdt yn tehûzen. Anno 2011.
Dêrom gean ik no sparjen.
Foar in rollator mei kussiebannen. En in bril sûnder glêzen.

woensdag 30 november 2011

ABN

We hebben onlangs uw account, en vermoedt dat uw ABN AMRO Bank account zouden zijn benaderd door een onbevoegde derde partij. De beveiliging van uw account is onze primaire zorg. Daarom, als een preventieve maatregel, hebben we tijdelijk beperkte toegang tot gevoelige account functies. Te herstellen toegang tot uw account, we hebben u nodig om uw identiteit te bevestigen.

Om dit te doen moeten we u naar de onderstaande link te volgen en overgaan tot de bevestiging van uw gegevens:

de link

Dank u voor uw geduld terwijl wij werken samen aan het beschermen van uw account. Dank u.

U kunt ons helpen u te voorzien van de meest relevante informatie door het nemen van een moment dat u ons uw e-mail voorkeuren. En natuurlijk kunt u op elk moment uitschrijven. Vergeet niet, is ABN AMRO Bank zich in voor uw veiligheid en bescherming. Voor meer informatie, neem een kijkje op onze Informatie sectie Beveiliging het kader van privacy en veiligheid op de website

Hoogachtend,
Klantenservice,
2011 ABN.AMRO Bank N.V. Nederland.


Is it net geweldich dat se sa goed op myn bankrekken passe wolle. Dy Roemeen, dy Slowaak of Sloween, dy Let of dy oare krimineel dy't yn gebrekkich Nederlâns mij hast alle dagen in mail stjoert.
Super, foaral omdat ik gjin bankrekken bij de ABN bank ha.

maandag 28 november 2011

De wike fan it waskboerd



Sneintejûn in hiele leuke Bluesband yn Easterein sjoen en heard. De Bluesbaster hiene in lekker fol lûd mei meast 6 muzikanten. Op it poadium ien fan myn "favorite" ynstrumenten (foto hjir boppe). Om te sjen dan. In machtich gesicht dat slaan op sa'n âlderwetsk waskboerd. It ritme oan jaan. Foarhinne wie sa waskboerd in nuttich apparaat om de wask skjin te bjinnen wylst it no foaral noch brûkt wurdt as muzykinstrument.
Snein wie dat te hearen yn Easterein, mar dat makket it noch net ta in wike fan it waskboerd.



Nee dat komt trochdat ek sneon it waskboerd bij mij sintraal stean sil at Ernst Jansz mei syn CCC Inc. yn it Bolwerk yn Snits komt.
Yn 1967 begong mei muzyk meitsjen en no nei hjir en dêr wat wikselingen, noch altyd aktyf. Geweldich dat se nei it optreden yn Peace yn Riis yn de simmer fan 2010 werom komme yn Fryslân.


En om it fotoplaatsje kompleet te meitsjen haw ik ús eigen waskboerd ek noch mar efkes opsocht. Ik haw der ek noch efkes op om slein. It klinkt goed, mar gjin ritme.

zaterdag 26 november 2011

Drave



Tradisjoneel wie ek dizze lêste sneon fan novimber de Slachterin yn Wommels. Dat betsjut fanôf 9.30 oere in ynfaasje fan auto's yn it doarp, mei mânlju en ek wat froulju, dy't gelyk nei de kroech gean. Om yn te skriuwen. Se ferstrûpe harren bij de auto of yn de mafû en sa tsjin 11 oere is it in kleurryk oansjen yn it doarp want al dy dravers geane op harren eigen wize nei de start. Dy start is op de Freuleleane en dan hawwe se fanôf de mafû de earste kilometer der al opsitten. Bij de start steane meast wat famyljeleden mei fototastellen, mûtsen, grouwe jassen en ferklomme gesichten.
Mei ferbazing sjogge se de dravers yn koarte broeken en sjurts mei koarte mouwen wachtsje op it skot. En dan giet it los. 5, 10 of 21 kilometer. De 10 km fia Kûbaard nei de Slachtedyk en fia de Súdhoeke werom nei Wommels.



Op de Nije Kromme hawwe se in stevige klim en ik sjoch dat it sommigen akelich út it ritme hellet.
Mar se bite troch, want och it is mar 10 kilometer. De "echten" folchje de Slachtedyk noch wat fierder en komme fia Reahûs en Easterein werom yn Wommels. Sij hawwe der 21 kilometer opsitten.
En allegear drave se in geweldige tiid. Dat fyn ik.

vrijdag 25 november 2011

Verbeek en ter Napel

Juster in moaie jûn hân op de SDS sponserjûn. In topper wie der, want de trainer fan de koprinner op in tongersdeitejûn yn Easterein is fansels prachtich.
In ûntspannen Gert Jan Verbeek, nettsjinsteande it feit dat hij befrege waard troch Evert ter Napel ek net de earste de beste sportferslachjouwer.
Verbeek hat syn eigen fyzje, syn eigen humor, mar foaral in miening. En dy miening stekt hij net ûnder stuollen en banken.
Hij hat gjin lêst fan opkroppe frustraasje oer it misgean bij Feyenoord. Wat him wol oan it hert giet is sc Hearrenfean. De klup wêr't hij ea in kear werom komme sil. En de pleachfragen fan ter Napel oer syn frijgesellebestean irritearden him net.
Hij hie in dúdlike miening oer Assaidi: dy komt net bij AZ, dy kinne wij net brûke.
En op de fraach hokker trije spilers hij fan sc Hearrenfean nei AZ helje wol, kaam hij net fierder as ien: Gouweleeuw.
Wat syn muzyksmaak is wit ik net mar Black Sabbath liket mij wol wat foar him. Dy komme takem jier nei Rotterdam.

dinsdag 22 november 2011

Fan herte lokwinske

It die mij goed dat der immen op it wurk hjoed oanjoech dat hij it liet "Klap" fan Janna Eijer moai fûn. Sa wie sa is it al bysûnder dat myn kollega's in Frysk liet of in Fryske artyst kinne. Utsûnderingen út Nijlân der bûten litten.
"In moaie tekst en moai songen" wiene twa komplimenten dy't hij samar oer de tafel smiet.
Ik bin it hielendal mei him iens. Doe't ik okkerlêsten alle Fryske Liet teksten yn de Ljouwerter Krante trochseach, noch foardat it liet songen waard troch Janna, foel it mij fuort op. Spanning yn de tekst en in moai ferhaal om ien wurdsje hinne: klap.
En mei it sjongen en pianospyljen fan Janna komme de teksten ta libben. Echt in moai liet wêr't je de grins mei oerkinne. En dat is no bard mei grut sukses.
De earste lokwinsken geane út nei Janna, mar myn oprjochte lokwinsken jilde ek foar de rest fan de famylje Eijer. Fia de twitter fan âld klasgenoat Ate Eijer wit ik wat sij der allegear foar dogge.
"Us bern geane foar de de muzyk, de beweging en de kultuer "sa sei hij in oantal jierren lyn op in reuny en it resultaat mei der wêze.
Sjoch en harkje nei dit prachtige winnende liet. Jitris: fan herte lokwisnke dêr yn Jobbegea.

zondag 20 november 2011

Foarútrekkenje

Taal wie op de legere skoalle al myn ding. Foar it "ontleden" koene se mij gewoan wekker meitsje. Lekker grieme mei de no- en de doe tiid, mei de bijsinnen en de bijwurden en mei de folsleine en de ûnfolsleine tiden.
Myn mislearre ien jierrich optreden op it Lyceum yn Snits kaam net troch de taal, nettsjinsteande de taallessen fan 'Dulk Lammeltsma dy't it altiten hie oer it "welkwooldelijke deel van het welkwooldelijk gezegde" ek at de "r" wol yn de moanne siet.
Mei rekkenjen koe ik ek aardich meikomme en it is aardich te konstatearen dat taal myn hobby wurden is en rekkenjen no foar in diel myn fak is.
Mar ik wol it net oer rekkenje ha mar oer foarútrekkenje. Dogge wij dat net allegear? Tweintich jier lyn seach ik der yn it ûnderwiis groepen minsken mei 55 jier útgean en wie it net raar om der sels fanút te gean dat it wurksume libben mei 59 jier dien wêze soe. En dan begjint ûngemurken dochs dat foarútrekkenjen. Yn 2013 sil ik 59 wurde en dan.....
It is allegear rekkenjen om é nocht west. De tiid hat safolle feroarings mei brocht dat it logysk is dat dingen 20 jier letter wolris hiel oars wêze kinne.
Makket neat út, moarn, oaremoarn en de kommende jierren sil ik mei alle nocht en wille noch wurkje. Hoopje ik, want sommige dingen hawwe je net sels yn de hân.
Foarútrekkenje hoe kaam ik dêr hjoed op.
Troch it fuotbal.
Nim no de SDS supporters. Sij seagen harren pleoch Veenwouden oan de kant setten en rekkenen efkes foarút want wiene de twa leechfleaners Minnertsgea en Berltsum net de tsjinstanners. Dat is dus 2 kear 3 punten der bij. Nee dus. Foarútrekkenje hat gjin sin want mei 0 punten derbij is der in grutte teloarstelling.
Nim no Frank de Boer: hij woe foar dit wykein 5 * 3 punten skoare út de kommende fiif wedstriden. Allegear tsjin leechfleaners. Nei ien sneontejûn tsjin Nac komt dat ek al net mear út.
En at sc Hearrenfean no ris wûn hie fan al dy leechfleaners dat hiene se no twadde stien. Mar dat is efterútrekkenje mei weromkearjende krêft.

vrijdag 18 november 2011

Boekje fan 1937



Opromje. Dat giet altiten troch. Sa kom je fan alles tsjin. Dingen wêr't je net mear fan witte dat je se hawwe. Sa fyn ik no noch in tekstboekje fen it iepenloftspil IT ANDERT fen S. van Romsicht op to fieren op é lândei fen é bisûndere frijwillige lânstoarm to hâlden tongersdei 19 aug '37 op 'Jouwer.
Wol aardich om te sjen dat yn it stik de reedriders, de skippers, de ûngetiders, de bouboeren , de melkers , de keatsers, de lândeibesikers en de communist oan it wurd komme.
En spesjaal foar Theo Kuipers fan Mantgum de tekst dy't de keatsers hiene yn dit stik; oan de lêste rigels te sjen is it in liet.

Sjoch jinsen dy flaggen en hear de muzyk
't Is der al swart fen minsken, fen earm en ryk
Der geane wij hinne, der is keatsparty,
Hwa det mei forsitte, gjin minsken as wy.
Wij slaene de ballen mei krêftige hân
Hja sûzje der oer, en wij drave oer 't lân.
It keatsen yn Fryslân docht elts graech oan mei
for jongen en âlden is 't in feestlike dei.
Krêft grutte krigers binne de keatsers
Krigel mei Keatsersaerd, krekt bij de bal,

Linich as lekken, reddich as wetter
Al hinne en wer, hjir, dêr, oeral; (2x)
Krêftige kampers binne de keatsers
Krigel nei keatsersaerd, krekt by de bal
krekt bij de bal, de bal, krekt bij de bal

donderdag 17 november 2011

Statistiken




It is goed sa no en dan je twittergedrach efkes te besjen. Twa simpele konklúzjes: Te twitterjen nimt noch net ôf en de wykeinen twitterje ik it meast.
Gjin ferrassing mar wol in befestiging.

woensdag 16 november 2011

Het patent

"Het patent is een prachtig boek, een schitterend geschreven liefdesverklaring van een zoon aan zijn vader" dat stiet der efter op it boek van Tony van der Meulen.
It is it twadde boek wat ik fan van der Meulen lêzen ha en ek dizze hat krekt as de earste goed foldien.
Van der Meulen hat in noflike wize fan fertellen. Rêstich en mei each foar de lytse dingen wit hij in moai ferhaal del te setten oer syn eigen jeugd en foaral oer it gesin van der Meulen dat oan de Midstrjitte op é Jouwer wenne.


maandag 14 november 2011

Jan Dijkstra

Doe't ik ferline wike de rou adfertinsjes trochseach kaam ik de namme "Jan Dijkstra" tsjin. "Jan Dijkstra" sjit der troch bij hinne : dat soe dy Jan wêze kinne dy't ik kin. Ut de adfertinsje kin ik opmeitsje dat hij it yndie is.
Net grappich dat hij dea is, mar wol grappich dat ik in oantal kearen in stikje yn myn knipselboek plakt ha, mei syn namme der op en dat ik him sa no en dan troch de jierren tafallich wer tsjinkaam.
It begie yn 1978 doe't ik wruke bij Nijenhove yn Boalsert. De Lhno. Skoalle stie flakbij de Mafû en dêr wurke Jan as leraar. Ien kear yn de wike batmintonden wij mei in ploechje fan de Mafû en fan de LHNO. Jan en ik troffen elkoar dêr faak as tsjinstanner of ploechgenoat yn it dûbelspul.
Neffens myn plakboek fan 1978 mei de titel "Myn bêste freon is in Fries" wiene der doe gemeenteriedferkiezingen en ek dan kom ik Jan syn namme wer tsjin op de kanidatenlist fan de FNP yn Wûnseradiel. Strategysk sjoen siet dat doe goed yn elkoar want út hast alle doarpen fan de gemeente stie immen op de list of waard immen neamd yn in begeliedend skriuwen. Evert de Jong fan Penjum as listlûker, Maaike fan Dijk fan Koarnwert op 2 en op nûmer 12 Jan Dijkstra fan Tsjerkwert. Myn namme stie net op de list mar waard neamd as fertsjintwurdiger fan Hichtum.
Op it jierlikse keatstoernooi fan skoallen yn Boalsert treffe wij as Nijenhove de trije Dijkstra's (Cees, Haaye en Jan) fan de Mafû ek faak.
Yn de jierren dêrnei kom ik Jan sa no en dan tsjin bij it keatsen of it fuotbaljen.
Hij komt wer tichter bij as hij tydlik lokaasjelieder wurdt fan de Mafû yn Wommels, wêr't dan de jongste dochter op sit.
De lêste kear dat ik Jan trof stiet mij it measte bij.
Yn de studio fan Omrop Fryslân bij de Fryske kenniskwis. Dêr diene wij beide oan mei.
Der wiene meardere opnames op in jûn en je wisten net altyd krekt wannear je oan bar wiene. Dat hie te meitsjen mei wol/net trochgean fan de kanidaten.
It hie dus kâns dat je op ien jûn oan trije ferskillende opnames meidiene foar úteinlike trije ferskillende útstjoeringen.
Dêrom stie der ek yn it skriuwen dat "it riedsum wie om trije boesgroentsjes mei te nimmen".
Der wiene net folle dy't dat diene, mar Jan wol. Ut syn tas helle hij de trije boesgroentsjes en se koene bij de Omrop mar útsykje hokker him it bêste stie. Yn de earste ôflevering wol te ferstean.
Want ik leau dat it bij ien bleaun boesgroentsje bleaun is. (Lykas bij mij)
In aardige man dy Jan en tige belutsen bij Fryslân en de Fryske taal. En dat binne meast myn freonen.

zondag 13 november 2011

Morrison

It wie krekt al hie de noch altyd 27 jierrige Jim Morrison betocht om 40 jier nei syn dea in optreden te jaan. Gjin festifal, gjin mega seal mar gewoan op in boppesealtsje earne yn 'e wrâld.
Noch ien kear soe hij alles út de geast helje wolle om syn spesifike klanken as sjonger del te sjongen. Noch ien soe hij tusken dat rockoargel, de drums en de gitaar stean wolle om mei te gean yn it goeie ritme. Noch ien kear soe hij weidreame wolle yn syn teksten, soe hij op gean wolle yn syn lieten, soe hij foar op it poadium fuortkrûke wolle en soe hij dichtsje wolle.
En noch ien kear wat LSD ha wolle om it ien jûn fol te hâlden. Sij soe noch graach in kear "the End" útrekke wolle ta 13 of 14 minuten miskien wol 19 minuten.
Noch ien kear......
En dêr stie der dan juster op de boppeseal fan Kiehool yn Burgum. Twa kear in oere alles út de kast. Alles wat the Doors sa spesifyk hawwe oan lûd kaam der út. De boppeseal fan Kiehool hie alles wat dit konsert sa bysûnder makke. Geweldige muzyk, entûsjaste jonge en âlde Doors fans, in feest fan herkenning, in peukje hjir en in peukje dêr (op it poadium) en in goed bierke foar mar 1,25.
Jim Morrison is werom nei syn grêf yn Paris en sil net wer komme mar d'n Doars dy hoopje wij wer te sjen en te hearen.
Machtich.
En de jonges en it famke fan Skraal brochten ús fan te foaren en yn it skoft yn in lekker bluesstimming. Ek neat mis mei.

vrijdag 11 november 2011

Blommenfytsen of fytsen mei blommen




Fan minsken op de fyts wurd ik bliid. Hartstikke bliid. Dêrom kom ik moarns tsjin achten bliid op it wurk oan nei 15 kilometer fytsen. En middeis kom ik wer bliid thús nei wer 15 deselde of oare kilometers.
Want ik haw romme kar om fan Wommels nei Snits op de fyts.
Op myn paad moarns fyts ik meast oer de binnenpaden en helje ik nei 2 kilometer fleurich in doarpsgenoate yn (moarn....moarn), kom nei 4 kilometer in man tsjin dy’t it ek altyd hiel lang úthâldt yn de koarte broek (moarn....moarn) , tref ik meast in donkere jongfeint mei in sjekkie yn de mûle en in radio oan (moarn...morgen), sjocht in man mei in hûn my op tiid oankommen en klinkt ús “moarn” alle dagen tige fertroud at de hûn neist him stiet. De hûn seit noch krekt gjin Woef.
Yn Reahûs set men de klok fan de toer meast gelyk op myn foarbijgean, want dêr sizze se net dat ik wat letter of earder bin mar dat de klok foar of efter rint.
Hjir en dêr sjoch ik noch wat ûnregelmjittige “morgen” sizzende tsjinlizzers en bij it stasjon fan Snits is it in kommen en gean fan fytsers.
Ik kom dêr, sis goeie moarn, krij in Spits oerlange, sis dankjewol en jou mij noch in goeie kilometer op myn lisfyts del om op it Kaatsland út te kommen.
It fytshok is noch leech en dat is in oere letter wol oars. Dizze wike waard ik bliid ferrast troch in kollega dy’t fanwege parkearproblemen op woansdei in oprop docht dat elkenien woansdeis op de fyts komme moat. In moai begjin fan de 2 út 5 tocht ik gelyk.
Moai ek dat in oar dat seit, want út myn mûle klinkt it altiten sa fertocht. “Ja, do, do kinst net autoride, do moatst wol, do hast gjin kar”.
Se hawwe gelyk, ik haw bewust keazen om net foar it riidbewiis te gean en mij op dy wize wat te fersetten tsjin it gemak wêrmei in auto pakt wurdt foar lytse eintsjes. Yn in auto haw ik meast in min sin, mar op de fyts bin ik blier.
En at ik al dy prachtige blommenfytsen tsjintwurdich sjoch dat bin ik der wis fan dat ek dat fleurige minsken binne. De flower power liket hast werom en dat docht mij goed want dat wiene moaie tiden, wêr’t de basis lein is foar myn autoleaze karriere.
(ek pleatst op http://blijdatikfiets.blogspot.com/

woensdag 9 november 2011

Winterskoft

Juster efkes yn de âlde Treffers, it klupblêd fan fuotbalferiening SDS, omsnuipt. Desimber 1979 komt ik in gedichtje tsjin skreaun troch in sekere Aant.

Winterskoft
Winterskoft mei in grauwe loft
foarferlet en redens út it fet
de kondysje nei de barrebysje
fuotbalnocht oan riden ferkocht

nei winterskoft elts wer bliid
boppeoan?
dat liket skoan
middenmoat?
it skeelt net in soad
posysje yn noed?
begjinne mei nije moed

Efkes waarm wurde mei Beth Hart en John Bonamassa.

zondag 6 november 2011

Top 40

"Week 44, jaargang 47" stie der op it Top 40 briefke wat ik freed bij Mediamarkt lizzen seach. Ik wist net dat de Top 40 noch op papier bestie. Wie wol bliid ferrast. It seach der noch krekt sa út as doe. Ferskil wie allinne dat it foarhinne de Veronica Top 40 wie en no de Mediamarkt Top 40. Foarhinne in foto fan Lex Harding en no fan Jeroen Nieuwenhuize.
Mar it grutte ferskil wie dat ik mar in pear artysten kin:
Coldplay op 5, Bruno Mars op 17, Nickelback op 21, Adele op 24, Rene Froger op 31, Waylon op 32, Racoon op 36, Blof op 38 en Jan Smit op 40. Wat se krekt sjonge wit ik net.
Der binne wol oare tiden west. 40 fan de 40 en ik koe se allegear mei "sjonge".
Nûmer 1 dy kin ik ek. Dat is in moai nûmer mei in nijsgjirrige klip.

vrijdag 4 november 2011

Fruchtenhagel



Wie it net Wim Sonneveld dy't yn in konferênse de legendaryske wurden spruts "dat se allemaal moesten meeëeten". Hij hie it dêr oer syn eks oansteande skoansoannen.
Ik tink alle kearen oan dy wurden at ik thús it keukekastke iependoch.
Dêr stiet "iets oer datum te wurden" at ik nei it pak fruchtenhagel sjoch.
Mei leafde in perfekt pak fruchtehagel helle foar de leafde fan de dochter. In grut pak ek noch wol,sadat hij efkes foarút koe.
De leafde is út, mar de hageltsjes binne noch net op. Healfol stiet it pak op termyn ferkeard te wurden.
Of soe der foar de datum t.h.t 03-2012 in nije leafde komme.
Ik haw de dochter yn alle gefallen frege dat se der in bytsje rekken mei hâlde wol bij it kiezen fan in nije leafde. Se hat tasein dat yn in hiel betiid stadium it ûnderwerp fruchtenhagel oan de oarder komme sil.
Is it foar maart 2012 dan ferwachtsje wij wer in fruchtenhagelleafhawwer. Is it letter dan sille wij ús ferlies nimme moatte en belânnet it yn de kontêner, want fruchtehagel gewoan is al net lekker dan sil it oer datum wol hielendal net te iten wêze.

donderdag 3 november 2011

Flower power



En dêr wie it Flower power pakket al fan Omrop Fryslân. Snein fertsjinne mei muzyk in herinnering oan de jierren 66 en 67 yn it programma Datwiedoe.
Wat Woodstock attributen lykas earbellen, de hierbân en it fredesketting. En alles mei de geur fan wyreek. Want ek dy stokjes sieten der yn.
Koartlyn noch mei it burd yn sturtsjes en no yn de flower power útrêsting. It moat net mâlder wurde.
Oh ja en noch in CD mei de titel Best of Music 70's. No ja it beste is it net, mar dat makket neat want dat haw ik wol. Mar mei Dr Hook. Ike en Tina Turner, Roxy Music en Lou Reed haw ik in goeie oanfulling.

dinsdag 1 november 2011

Tefreden

It wie hjoed in heuglike dei foar mij. Ferline jier yn 12 moannen 11.196 kilometers fyts. En no op 1 novimber sit ik dêr krekt boppe. Ik lis moai op skema dus. Want hoe ûnbelangryk it ek is foar in oar myn doel wie dit jier 12.006 kilometrers te fytsen. It rekord leit op 12005. Ik bin fan betinken dat je it net mei te grutte sprongen ferbetterje moatte want it moat ek foar in folgjend jier helber wêze.
Dy lêste 820 kilometer yn twa moanne moat slagje. Want in soad fakânsjewiken falle der net yn.

En omdat it sa lekker klinkt (ek op de fyts) en omdat se op 12 novimber yn Burgum komme D'n Doars:

Pleats



Sa te sjen binne se dizze pleats oan it ferbouwen. En sa te sjen binne se foaroan begong. Foto makke tusken Burchwert en Hartwert.