zaterdag 30 juli 2011

Joe Cocker

It wykein fan 9 en 10 july wie Bospop bij Weert. Wat opfoel wiene de âldtsjes dy't dêr optreden. Ringo Star, Greg Almond en Joe Cocker. Allegear fier yn de 60 of al 70 jier.
En dy Joe Cocker stie yn 1969 ek op Woodstock.
Twa filmkes om it ferskil oan te jaan.
Woodstock en Bospop. Mei 42 jier der tusken.



donderdag 28 juli 2011

6 blinen en in oaljefant

Lêze is bijsgjirrich en learsum en google is maklik.
Sa kom ik yn it boek fan James Patterson "Ik, Alex Cross" in ferwizing tsjin nei it ferhaal fan de 6 blinen en de oaljefant. No sil it oan mij lizze mar ik koe de ferhaaltsje net.
Dan is der dus google. En dan ik dit tsjin.
It soe te maklik wêze om de Elefant song fan Kamal hjir ûnder te setten as filmke. Mar better is the Who op Woodstock

zondag 24 juli 2011

Fakânsje

At alles goed giet, begjint ús fakânsjetripke moandei. Wij sille besykje yn eigen lân te bliuwen. En dat sil noch net tafalle. Want ús doel is de Ronde fan Nederlân fytse fia LF routes. 1300 kilometer skriuwt it boekje.
De route sa't dy oanjûn stiet yn dat boekje is foar ús net hillich. Wij kieze soms ek ús eigen paad. Sa wurdt de route oanjûn fia de stêd Grins, wylst wij bijgelyks de leechrin efter Grins besjen wolle. Ek de Achterhoek wurdt foar in part oerslein en dat stiet ús net oan.
It is dêrom de fraach at wij de oarkonde wol helje sille, want dan moatte wij in foto meitsje bij it routepealtsje bij de folgjende lokaasjes en mei ús sels der op:

◦LF1 de vuurtoren van Noordwijk (kaart traject 23)
◦LF10 beeld De stenen man op zeedijk net ten zuiden van Harlingen (kaart traject 30)
◦LF14 hunebed tussen Drouwen en Bronneger (kaart traject 37)
◦LF4 de Bommelas in het Buurserzand (kaart traject 45)
◦LF3 bij het veer Vierlingsbeek - Bergen (kaart traject 4)
◦LF13 fietsbrug over het riviertje de Mark ten westen van Ulvenhout (kaart traject 13)

It soe wol ris sa wêze kinne dat wij sels de oarkonde meitsje moatte. Oan de hân fan ús eigen foto's en erfarings jout dat hopenlik bewiis genôch.
Underweis sille wij der fêst wolris in tweet oanweagje om wat aardichs te dielen.


vrijdag 22 juli 2011

Giel


De lêste jierren wurde op bepaalde plakken de maisfjilden opfleure mei sinneblommen oan de dykskant. Dat kin je it Frankryk gefoel jaan. Of it kompenseart it gemis oan de sinne. Tusken Wommels en Tsjom joech it mij it in giel gefoel en dat rekke ik net wer kwyt op myn koart ritsje hjoed.



Giel is ek de kleur fan de "FuelPower" yn Tsjom. It sil wer in hiel gebrul fan trekkers wurde dit wykein en de kâns is hiel grut dat de wiete drek je om de earen spat. Foar de leafhawwers fêst in feest. Ik haw mar ôfsein.


Yn Tsjom keatse se en fuotbalje se omraak. It opkreaze sportpark jout dêr foar folop gelegenheid foar. Mar at je yn Tsjom wenje en je wolle dochs leaver kuorkebalje dan kinne je dat yn Spannum dwaan. Mar thús oefenje kin altyd. Yn de tún. De giele koer stiet der útdagend bij de famylje Wille yn Tsjom.


Fan blommen haw ik gjin ferstân. Fan wetterblommen al hielendal net, mar se binne giel en passe hjoed wol yn it byld. Bij Tolsumersyl leit it der sa bij.


Bij Swarte Beien stiet de giele pylk fan de fyts11stêdentocht noch op de dyk. Ik lit mij troch pylken de wei net wize en gean rjochts ôf.


It is sa'n hoopfol byld yn al dy doarpkes fan Fryslân. Oeral komt in bus. Ek yn Kûbaard is in halte. Ik bin der noch nea in bus tsjinkommen.


Wer thús. Us fytsgaraazje is maklik te finen. De ienige op de buert mei in giele doar.


De fytsskuon kinne wer út. Moat der net oan tinke om op klompen in ein te rinnen mar bij hûs om, is it maklik. Se steane klear. En ek dy binne hjoed giel.

maandag 18 juli 2011

Gepruts



It is al wer in hoartsje lyn dat Ziggo syn trouwe klanten oanskreaun mei it geweldige oanbod om in "Interactieve HD recorder" oan te skaffen. Normaal kost sa'n ding boppe de 400 euro en no wie der noch gjin 200 euro. Hûndertennjoggenennjoggentich wol te ferstean.
Sa'n ding is neat oars as in hypermoderne fideorekorder. It is mei de digitale tv allinne wat makliker allegear werom te finen at je wat opnommen hawwe.
Wij hawwe al digitale tv dus in digitale ûntfanger siert ús keamer al op.
It like mij in goed plan om sa'n ding oan te skaffen want alles wat ik graach sjen wol (muzyk) is meast midden yn de nacht of krekt wat earder om bêdtiid hinne.
En omdat ik myn jierdei hast fiere sil, koe ik dit jier ek ris in kadowinsk ynleverje.
It ding moai op tiid besteld en ik seach der nei út.
Doe't de doaze mei it apparaat ferline wike binnen kaam wie myn goeie sin efkes goed oer. Hearemetiet wat in spul: 4 boekjes, skroeven, bakjes, snoeren, fersterkers, splitsers, kabels en gelokkich ek noch in apparaat.
As de dea sjoch ik der tsjin op om mij dêr mei dwaande te hâlden. Ik wie yn de ferûnderstelling dat ik it âlde apparaat los koppelje koe en dizze der foar yn it plak sette koe: stekker der út stekker der yn.
Nei trije dagen útstel moast ik der sneintemiddei mei oan de slach. In tafel fol rotsoai en ik fielde mij al hiel gau hannelingsferlegen. Dat wurd hear ik binne it ûnderwiis hieltyd mear en ik wit no hoe't dat fielt.
"Wêr bin ik oan begûn", sjit der troch myn kop hinne.
"Hoefolle tinke jim dat ik oerhâld", freegje ik myn húsgenoaten.
Ik begjin mei net folle goeie moed en it swit brekt mij al gau oan alle kanten út. Ik sit mij in breuk efter de bank en begjin nei in oere omprutsen al flink te seuren, te skellen en noch slimmer.
"At ik dit witten hie, hie ik sa'n rotding net besteld".
Mear as twa oeren letter, wylst de rêch mij dwers foar de bealch sit, krij ik wat byld en wat gelûd. Mear as de helt fan it spul hâld ik oer. Kreas dien, hear ik mar myn sin is bedoarn.

Op de fraach fan de bern wat ik op myn jierdei ha wol, hie ik better sizze kind: neat, at jim dit allegear op de goeie wize yn elkoar sette sadat ik dêrnei wer surfe kin, wer belje kin en tillevyzje sjen kin, dan haw ik it moaist kado fan de wrâld.

vrijdag 15 juli 2011

Stobbegat



Freed is foar in soad minsken de fiskdei. Foar mij de fyts- en de fiskdei. Doe't wij fannemoarn ôfsetten foar in Alle Fryske Doarpen Fyts Tocht (AFDFT) skatte ik yn dat wij yn Akkrum oan de fisk gean soene. It smakket dêr goed. Mar foardat wij dêr oan ta binne, moatte wij earst noch in romme slach om de Snitser mar meitsje. Fia Top en Twel nei de Woudfennen.



Dan rjochting de Skarsterien en in slach om de Put van Nederhorst. Bij ús ûnderwilens bekend fan de ferhalen fan ús soan Tsjeard dy't dêr syn swimtraining docht foar de triatlon. Toch ien yn de famylje dy't wat mei wetter hat....
Lâns it wetter fia Skarsterbrêge oer de Jetze Veldstrawei troch Ousterhaule, Ousternijegea en Alde Ouwer. Fia Reahel en Rotsterhaule nei it bakkersdoarp St Jansgea. Modderman bakt dêr koeken, Van Dijk brea en Ketellapper ek fan alles wat lekker rûkt.
St Jansgea ek it doarp fan DeWitePeal, wêr't ik novimber 2010 foar it lêste fuotballe ha.
Wêr neffens it ferhaal in baarch yn de beam hinget, mar no net, rûkte it noch lekkerder:



In fiskboer út Urk op it parkearterrein fan Poiesz.
Dan stopje de fuotten gelyk mei traapjen.
Mei goeie fisk yn de mage sette wij troch nei Stobbegat. Alteast dat tocht ik.



In moaie fryske namme, mar grut is myn ferbjustering at ik hiel wat oars op it boerd stean sjoch. De taal fertutearzing hat ek hjir taslein.
Wat hjir opfalt binne de protte dearinnende diken yn dit gebiet.



Hast 5 kilometer foarbij Stobbegat is in pont, dy't ús rjochting Akkrum bringt.
De pontbaas, dy't hjoed ek de kofjeskinkerij beheart is bliid at der minsken sjocht. Hij fertelt fan alles. Moai is dat.
Mei de wyn tsjin nei hûs. Offenwier noch efkes mei pikt want dat miste noch.
De tocht wurdt ek noch langer as tocht, want op de Ivige leane leit wat in hiele grutte, gefaarlik útsjende en grimmitich blaffende hûn. Op feilige ôfstân beslúte wy om te fytsen.
90 kilometer yn de fuotten en 9 doarpkes riker.
Al mei al haw ik no 289 doarpen befytst en haw noch sa'n 130 te gean.

woensdag 13 juli 2011

Ferkwânsele

In pear wiken lyn stie der yn de LC in artikel oer Sjoerd Galema, dy't it net ha kin dat der gjin swiere portefúlje hat yn it kolleezje fan deputearren yn Fryslân. Dêrom stapt er no op.
Yn it stik docht Galema, dy't ik ferantwurdlik hâld foar de teloargong fan it Frysk, in belachlike útspraak: "Mar ik wie wol de earste deputearre dy't sûnt 1983 de weryndieling der troch krigen hat".
It is om je dea te skamjen. Ek noch grutsk wêze op syn rol. Gjin rol dus. Hij hat alles gewurde litten. Stêd en doarp mei-elkoar ferbine litte wêrtroch de Fryske taal ek fan it plattelân ferdwynt. Yn de doarpen fan it eardere Wymbritseradiel en Wûnseradiel komme se dêr no wol efter.
Galema de man dy't fan de weryndieling ôfhelle is. Om dat hij him der in kear wol mei bemuoide en dat hielendal ferkeard die.
Galema dy is grutsk op sels. In skande is it.
Yn de LC fan dizze wike stie in ynstjoerd stikje fan J.de Jong út Ljouwert. Der binne gelokkich mear minsken dy't bot argewaasje opdien hawwe mei de teksten fan Galema.

maandag 11 juli 2011

Henny

Yn maaie noch 61 wurden. Syn lêste jierdei. 5 july ferstoarn. At wij bijpraten yn Veenendaal dan hiene wij it oer it ûngelikense yn de wrâld, oer syn DOVO en myn SDS en foaral oer de muzyk.
At ik fertelde oer de nije muzyk dan fertelde altyd oer syn Fairport Convention.
Foar Henny: Who knows where the time goes.
Hjoed bringe wij him nei syn lêste rêstplak yn Veenendaal. Yn fak H.
Rêst sêft.

zondag 10 juli 2011

Súdwesthoeke


Mei in flinke rit koe ik de Súdwesthoeke ôfronde op myn afdft2011. Dêrom sneon op paad mei driigjende buien yn de fierte mar úteinlik mei in waarm sintsje yn de rêch werom.
De tocht troch Jutryp en de Hommerts befoel mij no noch better as earder. In prachtich fytspaad is ien mar de 50 kilometer dyk dêrneist oer in lingte fan inkele kilometers is twa.
It is omdat ik net yn sân hasten bij de doarpen lâns wol, mar oars hie ik al it autoferkear ynhelle. Ek moai is dat ferkear om Wâldsein hinne, steane je likernôch skoften allinne foar de brêge. Bij Ypekolsgea wie ik efkes de ramp toerist: in krekt platbrânde pleats.
Yn Balk (en ek yn Wâldsein) wiene it de omdangeljende toeristen dy't it strjittebyld bepaalden. En ik fansels, want in lisfyts sjogge se ek net alle dagen yn Koln of Aken.
Bij Himmelum wie it in drokte fan belang: "In Bikefest" repten de oankundigingsboerden. Gjin idee wat it is, mar it like mij gjin fytsfeest sjoen it type minsken wat dêr hinne rûn.
Mei de kop yn de wyn nei Starum wêr't de skûtsjes yn de binnenhaven in soad sjoggers hiene. It silen sels wie net trochgean dan is sjen in opsje.
Starum en fisk dat heart byelkoar en mei in folle mage en de wyn yn de rêch fia Hylpen en Warkum werom.

vrijdag 8 juli 2011

Dizze trein koe hij net rinne litte

Andries Ekhart fan Snits wurdt wethâlder fan Sosjale Saken yn Ljouwert. In boppeslach foar de haadstêd. At it in boppeslach of in groue keats is foar Andries sels is mar de fraach.
Njoggen jier haw ik bij de gemeente Snits wurke, wêrfan hij 8 jier de wethâlder fan ûnderwiis wie. In prachtige keardel om mei te wurkjen. En mei opset sis ik "mei". Want wethâlders hawwe wolris oanstriid om te sizzen dat amtners ûnder harren wurkje. Mar Andries is it foarbyld fan de gewoane man. Gewoan yn syn praat, gewoan yn syn klean, gewoan yn syn taal (it liket Sneekers mar it sil wol Jouwerters west ha) en gewoan yn syn dwaan. In gearkomst wie bij him nea lang ,want hij hâldt fan avensearje. En fan dúdlik wêze. En driget in gearkomst wat te lang te duorjen dan wit Andries wol rie: efkes piipskoft. In dit gefal "sjekjeskoft". Want hij mocht graach efkes bijkomme mei in sjekje en bijprate mei oare "rookferslaafden".
Andries giet no nei Ljouwert, wylst hij oer Ljouwert altiten sei: "it moaiste fan de stêd Ljouwert is de trein nei Snits". Bin benijd at hij dat no folhâlde kin.
En om mei Ronald Koeman te sprekken doe't dy fan PSV nei Valencia gie:"dizze trein koe ik net ride litte". Gelokkich hoecht hij net te wachtsjen op de stoomtrein want foardat dy echt riidt kin er mooglik hast mei pensjoen.
Andries fan herte lokwinske mei dyn dreambaan!
En spesjaal foar Andries CCC Incorperated mei de Midnight Special. Sij komme op 3 desimber 2011 yn it Bolwurk. Yn Snits fansels.

dinsdag 5 juli 2011

Miedema




Tusken al dy misdiedtrillers troch, lês ik sa no en dan ek in biografy. Dizze wike rûn ik yn ús byb tsjin it boek "Bij leven en welzijn" oan. It libbensferhaal fan Lykle Miedema, de man dy't Winsum op de kaart sette mei syn fabryk. Mar ek de man dy't fierder seach as syn eigen bedriuw, de man dy't wat foar de mienskip dwaan woe, at it doel him oanstie en de man dy't wol gauris striid leverje moast mei lytse en grutte, hiele en heale oerheden.
In tige nijsgjirrich ferhaal skreaun troch ien fan syn skoansoannen, dy't hij lykwols net kend hat.
Earne yn it boek stiet in prachtich stikje oer wat Miedema fan ynstruksjes joech binnen it bedriuw oan syn liedingjouwenden. Sa as de earste rigel:

Leiding geven verschilt van werken. Een werker wil wat doen, een leidinggever zorgt dat het gedaan wordt.

Mar foaral de lêste sin is unyk:
Zet jaknikkers aan de machine en bevorder opmerkers.

maandag 4 juli 2011

40 jier dea

Jim Morrison fan de The Doors is 40 jier dea. 3 july 1971 yn Paris fûnene se him dea. Under fertochte omstannichheden. Dêr wol ik wol efkes bij stil stean. Mei "the End". Dat is wol sa'n ferskriklik moai nûmer mei dat hearlike oargeltsje. 9 minuten sjen en stil wêze.



Yn 1999 makken de hearen fan Jiskefet 5 filmkes oer the Doors. Dit is nû 4, at se yn Paris it grêf besykje wolle.

zondag 3 juli 2011

Orkaan oer it Bildt

Hjoed wer fierder mei de afdft2011. 9 oere fuort en it doel wie Ouwesyl en omkriten. Fia Ljouwert en Stiens earst nei Feinsum en Hijum. Twa plakjes yn Ljouwerteradiel dy't ik oan dwaan moast. Mei-elkoar ferbûn troch in fytspaad. Doe strak yn de wyn nei it Bildt.


(Ouwesyl, je kinne it net misse.)


Ouwesyl, Nije-syl, Nij Altoenae en de Westhoek stiene op de list.
No skynt Nije-syl net in erkend doarp te wêzen mar it wie wol goed om dêr troch te fytsen.








It wie krekt doarpsfeest yn Ouwe en Nije Syl west en dat wie te sjen. Alteast yn Nije-Syl. De oankundiging oan it begjin fan it doarp dat der in orkaan west hie, soarge der foar dat ik mij nearne oer ferbaasde. Auto's en banken oer de kop, tinten yn de beammen en fierders alles wat mar los siet, lei op of bij de dyk. In nijsgjirrich idee om sjen te litten dat de wyn dêr altiten frij spul hat.

Doe't ik werom kaam op de Aldebiltdyk kaam ik yn de lijte fan alles wat dêr oan de kant fan de dyk stiet. Der wie gjin orkaan west mar it hie like goed kind. It is ien grutte oanienskeakeling fan kleuren en dingen. Pearze huzen, autotsjerkhôven neist de doar, byldetunen, in kleurich kafé , in fleurich kafetaria, in wrâldsk ythûs , fertutearze krotten en opfallende nijbou.
Arsjitektoanysk is der fan alles oer te sizzen en te skriuwen tink ik, mar it libbet dêr wol mei hokjes hjir en oanbousels dêr. It hie om mij wol oan Harns troch rinne kind.
Fia Minnertsgea, Tsjummearum, Frjentsjer, Tsjom werom.

zaterdag 2 juli 2011

Keatse yn Itens




Op de keatskalinder stiet yn july meast de Agraryske partij yn Itens op it programma. De partij foar 1ste klassers wurdt sponsore troch de boeren yn de neiste omjouwing en in suvelfabryk yn Grinslâns wêr't wat molke hinne giet.
It keatsfjild yn Itens leit oan de trochgeande dyk en mei al dy auto's dy't parkeard wurde moatte , rint it ferkear regelmjittich fêst. Tradisjoneel hawwe de selde minsken altiten de selde funksjes, sa komme der linerjochters út Boalsert, út Wommels, út Winsum, út Easterein en sa binne der twa man hiel drok dwaande om ballen dy't oer de boppe slein wurde ( en kwea ) út it strewelleguod, tusken de auto's of tusken de grêfstiennen te sykjen.
As taskôger hawwe je it ek goed yn Itens. Der is kofje, der is sop, der binne gehakballen en de hiele dei Fryske muzyk. Wat wol in keatsfreon noch mear.
Mar spesjaal binne de hapkes. Meardere kearen komme se fan de klup lâns om alle taskôgers te traktearjen op woarst en tsiis. In flaubyt dus. Hieltyd krekt op it momint dat je sizze ik wurd wat flau.
It binne sa mar fan dy lytse dingen dy't it yn Itens sa spesjaal meitsje om bij it earste klas keatsen te sjen. En at je wat yn de buert fan de tinte bleaunen dan wie der ek noch in bierke te krijen. "En oars ûnder de jas hâlde" krigen wij as goeie rie, want ek hjir skine wer rigels foar makke te wêzen troch de KNVB. Der is fansels neat moaier as stikem bier drinke dat witte wij allegear fan froeger noch wol.
Redmar Strikwerda, foar hjoed ús favoryt út Wommels, wûn mei Tsjisse Steenstra en René Anema mar ek ik kaam ek net mei lege hannen thús. Itenser rocker Tiede joech noch efkes in pûde mei 10 CD's mei sadat ik de kommende dagen wol foarút kin. Mei de Masters of Reality, Motorpsycho en Band of Horses en noch wat oaren fermeitsje ik mij wol. Hoecht Omrop Fryslân ek net oan.

vrijdag 1 juli 2011

Betingsten

Ek ik haw in map fol fersekeringspolissen. Ik haw net alles bij de selde maatskippij fersekere. It is tafal dat Delta Loyd ryk wurden is fan myn brânfersekering, dat de FBTO Cambuur sponsere koe fan myn deageanfersekering en dat Reaal sa'n grut kantoar bouwe litte koe fan myn WA fersekering.
Wês bllid soe ik tsjin mij sels sizze moatte, want gebrûk meitsje fan in fersekering is in gefolch fan lijen.
Sa no en dan skoot de post wer in brief troch de bus fan in mij ûnbekende organisaasje. En bij it iepenmeitsjen fan de slúf kin ik wer konsteare dat der wer in namme feroaring plak fûn hat.
Hjoed in brief fan Zicht.
"Census hyt tenei Zicht" It docht bliken dat dit fersekeringsadfiseurs binne dy't ek noch in gramke meipikke fan de fersekering dy't ik rinnen ha bij Delta Loyd.
Hawar, it is moai dat ik sa minsken oan it wurk hâld.
"Om de nije namme te fieren, kinne je in ballonfeart en 10.000 oare attinsjes winne".
De wrâld fanút de loft sjen is net ferkeard is myn eardere erfaring dus gean ik nei de webside.
"Gaat akkoord met de voorwaarden" is in sin dy't ik net samar mear oanklik. Earst goed lêze foardat ik aansens yn in tv spotsje te sjen bin.

11.Wanneer u deelneemt aan een promotioneel kansspel, geeft u Zicht toestemming uw persoonsgegevens te gebruiken voor marketing- en promotionele doeleinden. Zicht mag de verstrekte persoonsgegevens daarnaast in het kader van bekendmaking van de winnaar vermelden via alle media, waaronder begrepen radio, televisie, krant en internet.

It is dúdlik, foar mij gjin kâns op in ballontocht en in attinsje (pen, taske, skriuwblokje, of oare rommel). Prizen fuortjaan ûnder betingsten se moasten it ferbiede.
Net te hoopjen dat sij mij ynkoarten belje, want dat krije se de wyn fan foaren.
Gelokkich is Canned Heat der noch.......lekkere "mei beide fuottten op de grûn stean bliuwers muzyk"