zaterdag 30 november 2013

9982

It soe samar kinne dat it hjoed in bysûndere dei wurdt yn 2013 foar mij . Omdat ik no ien kear sa yn  elkoar sit. Myn siferkes en myn listjes.  Nim no myn fytsen.
Op al myn twatsjillers (3) sit in kilometerteller. It wichtichste ûnderdiel fan de fyts op it stjoer, de trapers, de bannen, it sadel, it ljocht en it pakjedrager nei.
Ik krij in min sin bij in lekke bân en ik haw it smoar yn at it teller it net docht. Dat binne nutteloaze kilometers, redenear ik dan.
Myn stribjen om alle jierren 10.000 kilometer te fytsen is mear as in siferobsesje. Ik haw it nedich om te bewegen, om aktyf te wêzen. Dat it dêrneist myn earste ferfiermiddel is wurket fansels ek mei.
Yn 2012 soe ik it der wat op oan komme litte, mei as rissultaat dat it net slagge. In tekoart fan 118 kilometer. It stiet mij no noch tsjin.
Yn 2013 haw ik mij wer holden oan in strakkere planning en it rissultaat mei der wêze. Foardat de lêste moanne yngiet krij ik myn 10.000 te pakken.
Want mei 9.982 kilometer op de tellers en in foarútsjoch dat ik fannemiddei nei Nijlân-SDS sil, bin ik ien moanne foar de ein fan it jier al klear.
Hjir krij ik echt in goed sin fan.

donderdag 28 november 2013

81,52 jier

"Oer de brêge" is it tsjerkeblêd fan de "Protestantse Gemeente Wommels- Hidaard". It is sûnt ferline jier in kreas boekje op A5 formaat. Wij krije it ek yn de bus.
Ik lês net alles mar mei de nammen fan minsken dy't der yn stean is myn ynteresse der meast wol.
Net dat je altyd bliid wêze moatte at je neamd wurde. Fansels de minsken dy't de bernoppas dogge, de minsken dy't de blommen fuort bringe , de foargongers en de autoriders foar de minder mobile minsken steane der yn en dêr is seker neat mis mei De berte fan in soan of dochter en in stel dat trouen giet jout goed nijs.
Mar út it pastoraat is meast ek in soad lijen te melden. De siken en foaral de slimsiken. De rubryk kin hast "kankerje" as kop ha.
Yn it lêste boekje fan dit jier wurdt ek in oersicht jûn fan de minsken dy't betocht wurde omdat sij it tsjerklik jier 2013 ferstoarn binne.
Yn dizze gemeente wiene dat 23 minsken dy't ik meast (fan namme) wol koe. De leeftyd stiet der bij.
En dat makket mij nijsgjirrich.
Yn dizze tiid wurde der troch oerheid en foaral pensioenfûnsen allegear berekeningen dien wêrút bliken docht dat de libbensferwachting yn de ôfrûne 20 jier hieltyd mear opskoot.
Wij wurde âlder en dat is net foardielich foar de pensioenfûnsen en foar de AOW ferstrekker want sij moatte dus langer betelje.
Ik sil sjen at de list fan de 23 ferstoarne minsken in lannelik byld befestigje.

Totaal 23 minsken dy't in gemiddelde leeftyd helje fan 81,52 jier.
Der binne 12 frouen dy't gemiddeld 84,66 jier wurden binne.
Der binne 11 mannen dy't gemiddeld 78,09 jier wurden binne.
De jongste ferstoarne wie in frou fan 46 en de âldste wie in frou fan 96.
Der wiene 8 minsken dy't ûnder de gemiddelde leeftyd fan 81,52 ferstoarn binne.

Lannelik sifers wiene yn 2012:
Frouen helje gemiddeld 83.1 en dat hawwe de frouen fan Wommels ek helle.
Mannen moatte it mei 79.5 dwaan en sels dat hellen se yn tsjerklik Wommels net.




Skios

Der binne fan dy boeken, wêrfan ik it idee ha dat se skreaun binne om ferfilme te wurden.
Dat binne meastal misdie boeken wêryn ek in soad geweld foar komt. Ik ha neat mei geweld en neat mei films.
Soms kom je in boek tsjin wat je op de gok meinimme en wêrtroch je ferrast wurde.
Ien fan de leukste boeken dy't ik yn 2013 lêzen ha is dit boek: Skios.
 "Briljant grappig"stiet der op. En dat is neat te folle sein.
Sa'n fermaaklik ferhaal en sa moai en humoristysk beskrean; selden in boek lêzen wêrbij ik it allegear sa byldzjend foar mij sjoch.
Yn de byb fan Wommels te lien. In "gouden"tip fan mij

woensdag 27 november 2013

De koprol



It is al wer in oantal jierren lyn dat ik, yn de tiid dat de izerpriis heech wie, in grut tal fan myn medailjes en bekers fuort dien ha. De medailjekast krige in oare bestimming.
It izer samar fuortsmite soe betsjutte dat de herinnering ek fuort is mar dat haw ik as "fêstlizzer" sels foar kommen. Ik ha fansels wol efkes noteard hoe't myn sportlibben der tusken 1964 (10 jier) en 1969 útseach.
At jim de list sa trochsjogge dan is dúdlik dat rinnen myn ding wie. Under lieding fan master Geertsma rûnen wij sneons oeral yn de maat. In beker foar it gehiel en in medailje foar ús ynspanning.
In inkel keatspriiske makket ek diel út fan myn gloarje. Mar wat mij no foaral opfalt is it jier 1965. Dêr wie ik ûnderweis nei in Epke Zonderland karriêre. Want in earste priis helje mei in koprol yn Easterein liket mij op 11 jierrige leeftyd in wiere topprestaasje.Wêr't  en wannear it misgien is wit ik net.
Ik tink dat ik sneuvele bin bij de "handstand"
 
 

dinsdag 26 november 2013

Kattefretten




Wij hawwe twa kattebakjes.
Dy stean bûten.
Under de tafel.
Wij hawwe ek twa katten.

Moarn , middeis en jûns seure se om fretten
En tuskentroch ek.

Dy bakjes stean faak leech..
Want it binne net allinne de katten
It binne ek de fûgels
Ek dy binne sljocht op ús kattebrokjes.
en de stikelbaarch.
dy komt jûns at it krekt tsjuster is.
Kattefretten  foar al ús gasten

zaterdag 23 november 2013

Slachterin

Eind novimber is der altiten in hurdraafwedstriid dy't fan start giet yn  Wommels.  De Slachterin, omdat it parkour foar in part oer de Slachtedyk giet. It is in moai festijn foar it doarp. De hiele moarn allegear beweging yn it doarp fan minsken dy't yndrave foar de 5, 10 of 21 kilometer.
It siet de organisaaasje en dêrtroch ek de rinners goed mei op dizze 23 ste novimber.
it wie prachtich waar..foto is makke krekt foar de start

se binne fan start en it begjint altiten gelyk mei in draf troch de tunnel.

Soan, pakesizzer en frou kamen ek efkes te sjen op de Littenserbuorren , wê't ik de dravers wat lau wetter oanrikke mocht

woensdag 20 november 2013

Romein

Sneontejûn sjoch ik ris goed om mij hinne. Ik sjoch gelokkich de op- en ôfstapkes as ik fan de hal de grutte seal yngean. Ik sjoch en fiel sûnder te sitten de stive en hurde banken. Ik tink werom oan de tiid dat dat op sneintemoarn in fêst plak wie, yn de tsjerke. ; mei in heale rol pipermunt en twa muntstikken foar twa kollektes. Ik sjoch de hege ruten en de kontouren fan tsjerkemuorren. Ik sjoch gjin houten broek en in tafel derfoar mei blinkende kearsehâlders en blinkende bekers dy't in oantal kearen yn it jier brûkt waarden.
Ik sjoch wol in grut poadium. Mei dêrop twa blinkende drumstellen.
Ik sjoch in in soad lampen dy't amper ljocht meitsje mar foar sfear soargje. Ik sjoch in balkon, mei glês derfoar en smookjende minsken der efter. Ik sjoch in bar en hear de muzyk.
In jûntsje Romein yn Ljouwert. De moaiste popseal yn Fryslân.
Sfearfol, in goed lûd en in breed poadium foar in optimale belibbenis.
De earste band hawwe wij oan ús foarbij gean litten. 
De twadde band begjin krekt: Blackboxred.
At it gepiip foarbij is sette se wer in lekker stikje muzyk del. De fiifde kear dat ik dy band dit jier sjoch en it de ferfeling slacht noch altiten net ta.
Mar wij komme fannejûn foar Claw Boys Claw.
Rock &Roll; Rock sa't it bedoeld is.
Wat in kanjer fan in band en wat in sfear. Jong en âld springt en docht mei. Peter ten Bos wit fan gjin ophâlden en it poadium is him seker net grut genôch want mei in triemikrofoan rockt hij de hiele seal troch. op syk nei foaral froulike fans. In tútsje hjir en in krúpte dêr.
En syn kolbêr, hâldt hij gewoan oan ek al rint it swit him bij alles del.




En it docht mar wer bliken. Sels mei in ribblessure, is it mooglik om fanôf de sydkant alles wol lekker mei te krijen. Noflik publyk, se triuwe en springe en dûnsje mar bliuwe út myn buert. Lang libje de Rock...lang libje de Claw Boys Claw

maandag 18 november 2013

Sjinees


Sa't yn in earder berjocht  al oanjoech is, wit Google alles. Sij witte dat ik net yn Sjina wie op 16 novimber want sij hawwe myn bukfyts op dy dei lokaliseard  op de op te kreazgjen van Eysingaleane yn Easterein en bij it fuotbalfjild fan SDS.
Sij hawwe sels sjoen dat ik net bij de Sjinees west ha.
Mar Google sjocht ek dat der yn Sjina  yn de buert fan Nanyang besocht is yn te loggen op myn google akkount.
Google fynt dat wat fertocht en freget mij at ik dat bin.
Nee, dus.
Ik haw dus lêst fan in ynlochsjinees.




zondag 17 november 2013

Ik rekkenje op Google

"God wit en God sjocht alles" waard ús foarhinne ferteld of wiismakke, it is mar wat je leauwe. God sjocht dan miskien wol alles, je hawwe der no sa'n bytsje oan.
Nee dan Google, dy sjocht en wit ek alles en dat fernimme wij alle dagen.
Om in antwurd om in driuwende fraach te krijen rjochtsje ik mij dus no mar ta Google.

Beste Google,
Myn komplimenten foar alles wat jo dogge en kinne. It is in merakel. Dat hiene jo miskien wol net ferwachte doe't je mei dizze hannel op ynternet begong binne. It moat jo in goed gefoel jaan dat je nei al dy jierren sa fier binne dat je alles fan ús en dus ek fan mij witte. Ik haw mij fertelle litten dat jo net allinne myn surfgedrach efter de kompjôter analyseare mar ek it gebrûk fan  myn tablet, myn gps op de fyts en myn tillefoan. Jo hawwe it net dúdlik kommuniseard mar ik bin der wol wis fan dat jo drones hawwe dy't mij hielendal folchje. Dy't sjogge dat ik troch de wike fjouwer dagen nei Snits fyts, dat ik freeds meast in rûntsje om fyts, dat de byb, Jumbo en Murk syn slachterij fêste besykadressen binne op freed.
Jo sille op de bylden ek sjen kinne dat ik freedtejûns Efkes Balje. Dat soks simmers yn Wommels is en yn de hjerst yn Easterein hoech ik jou net te fertellen.
Soene jo spesjaal op myn fersyk op de bylden fan ôfrûne freed sjen wolle. It sil sa om en bij 20.10 west hawwe doe't ik te fallen kaam. Ik hie in oranje hesje oan ek dat hoech ik jo fêst net te fertellen.
Ik gie langút en kaam op myn earm telâne. Gelokkich haw ik in sterke earm mar hiene de ribben iets te folle te lijen.
Ik rekke alle lucht efkes kwyt, dat is ûnderwilens wer goed, mar ik sit wol mei in pear kniesde ribben. En jo litte mij fia de Google sykmasjine witte dat soks hiel ferfelend, pynlik en langduorjend wêze kin.
Ik soe graach oan de hân fan jo bylden in antwurd hawwe wolle op de stelling dy't mij oanrikt wurdt:

"Meeste mensen"vallen" niet door zwakte, maar overschatting van hun "kracht"

It soe mij helpe om yn de takomst de goeie dingen te dwaan en mooglik te foarkommen dat mij soks wer oerkomt. Of sa't immen seit: miskien moat ik op jo sykmasjine wat mear kennis sykje oer de ferhâlding lea en leeftyd.
 
Mei freonlike groetnis
Aant

 
 
 
 

woensdag 13 november 2013

Dirty Old town

Ik haw it net sjoen, mar in wike as wat lyn fertelde Fernando Ricksen (fuotballer) oer syn sykte ALS yn De Wereld Draait Door. It wie in petear mei in soad emoasje. Ricksen dy't net sunich libbe hat it swier en dreech.
Sjoerd Mossou, stikjeskriuwer bij it AD en grutte kenner fan it fuotbal yn Ingelân en Skotlân fertelde yn syn kollum dat ek Jimmy Johnstone (de Vlo) ferstoarn is oan de sykte ALS.
Dat wie op 13 maart 2006.
Sjoerd fertelde yn syn stikje ek dat Jimmy graach mei Jim Kerr fan de Simple Minds sjonge woe.
En as earbetoan oan de Vlo dit filmke dat nei wat praterij op 2.40 begjint mei Dirty Old town.





In knyn


Pakesizzer Jelske hoecht mij mar te sjen of se seit "boekje lêze". Dat is net oan dôvemansearen rjochte want foarlêze mei ik hiel graach dwaan.
Dat der yn myn eigen boeken in blêdwizer sit hat se no ek útfûn.
En om pake wat te pleachjen mei se him der graach efkes úthelje.
Wol grappich is it feit dat it lêste boek fan Ferdinand de Jong in knyn op de foarside hat. En at it sa troch giet dan wurdt dat har favorite boek ek al stiet der fierders gjin foto yn.

maandag 11 november 2013

In pronkstikje


Der hoecht allinne noch mar in buordsje bij.
"Makke troch in oktober stoarm yn 2013"
Fierders neat oan dwaan, soe ik sa sizze.
Oan de dyk fan Skettens nei Boalsert

zondag 10 november 2013

Evergreen top 1000


Radio 5 stiet bekend om syn lichte muzyk. Dan is it ek gewoan dúdlik foar elkenien. Sels de grutste hardrocker kin neffens mij soms ek ferlet ha fan wat in "gewoan melodieus" ferske. Ik wol yn alle gefallen.
Ien kear yn it jier stjoert radio 5 de Evergreen top 1000 út. In ien wike lang komme se allegear lâns.
Dy wike is in feest fan herkenning, moat ik earlik bekenne.
Wat is no  feitlik in evergreen?
De Ingelsken brûke it wurd allinne mar om oan te jaan dat der beammen binne dy't it hiele jier grien bliuwe.
Wij Nederlânders hawwe der in oare betsjutting oan jûn.
Wikipedia leart mij dat in evergreen "in ferske is wat syn populariteit troch de jierren hinne behâldt."
Seker de lêste dei gie it der om wei mei al dy lieten dy't syn wearde holden hawwe. Herkenning fan 150 oant 1 ta.
Seker twintich kear hearde ik de Cats, de Beatles mei harren echte meisjongers, de Stones mei harren sêfte kant, Elvis mei syn hertbrekkers en fansels Peter Maffay en Corrie en de Rekels mei harren "Du" en "Huilen is voor jou te laat".
En och wat makket it út wa't no op nûmer 1 of 78 stiet. Elkenien hat syn eigen smaak.
Op nûmmer 2 the Beatles mei Yesterday en at der ien nûmer is wat de tiid goed trochstien hat, dan is dat dit nûmmer wol.



dinsdag 5 november 2013

Frysk boek




Jehannes van der Meulen hat in boek skreaun. In Frysk boek. Ut oertsjûging. Dat is moai. Dan witte je dat it net folle lêzen wurdt mar wol wurdearre. Ek troch mij. It boek befestigt in oantal saken. It boek giet oer in boat/styltocht fan Harns nei Malta. Silen mei in groep. In oantal wiken boppe op elkoars lippen sitte. Dat levert spanning op. Spanning tusken minsken. Jehannes mijt it ûnderwerp net en jout oan dat hij net bliid wie mei elkenien oan board. En in oantal oaren net bliid mei him binne.  Boat farre is net myn ding. Wetter frees. It twadde part fan de reis fan Jehannes giet oer fytsen. Hij gie op de fyts werom nei Goutum. Fytsen is wol myn ding. Sokke reizen net. Waarmte, hege bergen, minne sliepplakken. ôfsjen en wat al net mear. De fytstocht komt mij net as in plesiertocht oer. Wol aardich om te lêzen it ferskil om yn in ploech te silen en yn je uppie te fytsen.
It moaiste fryske wurd?
Wrâldomfiemjend Wêr bin systeem  (GPS)



zondag 3 november 2013

Alter Bridge



Snein 3 novimber stie al hiel lang yn myn agenda.
Op útnoeging fan soan Tsjeard moast ik mar efkes mei nei Amsterdam.
Alter Bridge, syn favorite band.
Ek myn sjenre: powerrock/hardrock

Plak: Heineken Music Hall, krekt in moai ein knusser as Ziggo Dome.
Machtich.



vrijdag 1 november 2013

Strip


Sûnt in pear wiken binne wij wer ris oerstapt nei in oare moarnskrante. Trouw hat goed foldien mar wat feroaring en wat gebrûk meitsje fan oanbiedingen is net ferkeard.
Ik mis de strips yn Trouw mar haw der ek in moaie strip foar werom krigen yn it AD.

Tresoar

Tresoar is it Frysk histoarysk en letterkundich museum. Sij hawwe in tige nijsgjirrige webside wêr't je je nea op ferfele. Artikelen út de âlde tiid relativeare foar mij de nije tiid.  Tresoar twittert betiden nijsgjirrige saken en fia de mail krij ik sa no en dan in nijsbrief  mei prachtige artikelen fan bijgelyks 100 jier âld.
Sa as dizze ta dy't yn de lêste stiene . Opjaan foar de fergese nijsbrief kin mei dizze link ( in nijsbrief )