vrijdag 29 april 2011

Dea doarp



Sa krekt foar de maaiefakânsje noch efkes in afdft2011 ritsje makke. Der binne fan dy hoekjes yn Fryslân dêr je foar om ride moatte. Nim no Gaast. Dat leit dêr moai at je fan wyn en wetter hâlde. It waait dêr oan de Iselmar altiten dat it rikket. Fierders is der net folle mis mei Gaast. Der is in aardige toeristyske útstrieling kommen de lêste jierren. En wêrom ek net. Der is hast like folle of noch mear te sjen as yn Volendam en dêr is it net aardich mear op in trochdewykse dei yn de fakânsje.
Wat minder fisk, wat minder klompen en wat minder molentsjes te krijen yn Gaast mar dêr stiet wol tsjinoer dat der yn Gaast in lunchkafé is. En it wie ek noch iepen tusken de middei.
Troch it lân op nei Ferwâlde en dat is in moai fytspaad. Fan Ferwâlde dochs mar efkes nei Warkum en fia de griene dyk wer werom. Fia Parregea. It doarp mei in te brede feart der hinne wêr't te folle grutte boaten farre wêr't te groue Dútsers te entoesjast "gûtentach" roppe nei de brêgewippers fan Parregea.
Mar op dizze dei, gjin boaten en gjin brêgewippers. In dea doarp dus.De route
En as treast foar al dy minsken yn dat deade Parregea in nûmer dat mij der trochhinne skuort, kin at de wierheid in skel lûd hat.

Kening Redbad



“Lit kening Redbad no mar komme” wie it earste liet wat ik op Aaipop 2011 hearde en ferstie. Ik meitsje mar efkes in ferbylding wat de âld-kening fan Fryslân yn de jierren 700 der fan fine soe. Fan Aaipop 2011. At hij dêr in dei op besite wie.
Fansels hij soe grutsk wêze dat it festival iepene waard troch in groep dy’t syn namme draacht. En at dy kening Redbad fan hurde (gitaar) muzyk hâldt, dan sil der wierskynlik net út de Lûdskuorre wei te slaan wêze. Want nei Redbad, wurde de trommelfluezen testen troch Kramtried en grutte kâns dat se bij it optreden fan Bagger al yn bagger lizze, alteast at wij der fanút gean meie dat de himelferskes dy’t hij oars heart minder hurd en lûd binne. Mar miskien hat Janneke Brakels , dy’t allegear wat oan elkoar praat him al wat dopkes yn de earen treaun.
At de mei earkes útrêste bestjoersleden fan Aaipop goed kommunisearje, dan hie de goede âlde Roel Faber bij de yngong fan de Hark en Huverseal dy dopkes der wer gau úthelle, want oars hat kening Redbad net folle mei krigen fan it optreden fan Carolien Hunneman. Ik tink dat de kening syn wynbrouwen oplûke sil en Roel befreegje : wat klinkt mij dat Frysk hjir raar yn de earen, dat liket betiden wel Stellingwerfsk!
De kening sil him fernuverje hoe’t it publyk wat sit te sitten en wat stiet te stean bij it optreden fan Gurbe en syn freonen. Hij sil dat ynbannige net oansjen kinne en hij sil crowdsurvjend oer de grize koppen op it poadium klimme en dan út folle boarst sjonge: Lit jim gean Friezen lit jim gean .
Komt hij dan wer bûten, dan sil der sjen dat syn heale leger dêr al flink op de trommels slacht. Syn Blauwe Manlju jouwe dêr it tempo al oan.
Kening Redbad sil mei wille tasjen op dy uteringen fan it Fryske en frije gefoel. Pompeblêden op broeken, pompeblêden op rokjes en net te ferjitten de Fryske klompen, petten en bûsdoeken. En sa’n bûsdoek sil er nedich ha om de triennen fan blydskip fuort te feien fanwege it feit dat op dit stikje dyk yn Fryslân hjoed it Nederlânsk in kear net oerhearsket.
De kening sil de praatmarFrysk praatpeal opsykje en sil “wat bisto leafslik rizende simmermoarn” sjonge yn it tempo fan Kramtried.
Ik bin der hast wol wis fan dat kening Redbad alle war dwaan sil om de mûlharp fan Healers te bespyljen en dat hij bij Mariusz oan de fleugel sitte wol om de muzikanten bij te stean yn “Wa bin ik fan ús trijen”.
En nei it sjongen mei Ernst Langhout en syn ploech fan “Slaan op de himeldoar “ sil hij wer ôfsette nei syn himelryk. Want it is al iterstiid west. Mar ek wittend dat de Doelleazen en de Hûnekoppen it sûnder syn belangstelling dwaan moatte hjoed.
Mar mocht hij takom jier bij it jubileum der wer bij wêze dan binne dy twa folletintelûkers der likernôch wol wer bij en oars frees ik dat se in jier lang akoestysk en yn Happy hard core spylje: der sit ús iets dwars.




(ek publisearre op www.stjoerder.nl)

woensdag 27 april 2011

Peaske

"Je blijft lachen" is de titel fan in elpee, út de jierren 70 begjin 80 tink ik. De elpee leit bij mij op souder. Snein hearde ik ien fan dy kabaretstikken op de radio. Ik tink fan Dimitri Frankel Frank. Mar efkes socht op You Tube en it is der ek noch te finen.
Fermaaklik stikje oer Peaske. En miskien wie it yn dy tiid oerdreaun om it sa te stellen. Ik slút net út dat no aktueler is.

maandag 25 april 2011

Wat kin mij dy nammen skele

Stel je no ris foar dat ik neat mei (Fryske) muzyk ha, lekker benaud opfieden bin ( net dit dwaan en tink om dat) en ik krij it programma fan Aaipop 2011 yn hânnen mei de útnoeging dêr hinne te gean, dan bin ik der wis fan dat ik dy útnoeging op taktfolle wize ôfwize soe.
Of miskien wol sûnder takt wat mear bij mij past. Ik soe gewoan sizze: nee de nammen fan de measte artysten steane mij net oan.
Ik krije de huver at ik in hûn sjoch en dat komt troch syn kop. En dan nei Aaipop om Hûnekop spyljen te sjen seker.
Koartsluting, ik bin der as de dea foar en no seker nei harren symfoanyske rockopera sjen. Bist net wiis!
En sjoch ik in Jarretank dan wit ik net hoe fier ik út de buert bliuwe moat.
En foar de Bagger hat myn mem mij altiten warskôge. "Tink er om want it sûcht dy mei".
En ik krij ferkearde einpikefel at ik tink oan it Kramtried wêr't ik regelmjittich yn hingjen bleaun en dus wer mei in stikkene broek thúskaam.
En dat der Doelleazen op it programma stean is de dea yn de pot. Alles moat in doel ha.
Nee der sil in protte spraakwetter nedich wêze om mij te oertsjûgjen nei Aaipop 2011 te gean.
Of moat ik de nammen fan dy bands gewoan ferjitte. Wat makket in namme ek út. Wat kin mij it skele hoe't se hjitte. At se der mar foar gean.
Foar dy rock, foar dy punk en foar de pop. Ik set dy knop om en wol graach sjen hoe't dy Hûnekoppen, dy Baggers, dy Koartsluters, de Jarretanken, dy Kramtriedden en dy Doelleazen der yn batse. Ik wol witte wat it ferskil is at je mei in ploech spylje (Ernst Langhout), at je mei freonen spylje (Gurbe Douwstra) of at je mei muzikanten spylje ( Mariusz). Ik wol de fryske blues heare fan de Healers en myn gemis oan suskes wol ik goed meitsje mei de Suskes.
En ik lit mij graach ferrasse troch de Sadelrûkers, troch de rock en roll fan Redbad, troch Grutsk, troch Marcel Smit, it Stellingwarfs fan Carolien Hunneman en it slachwurk fan de Blaue mannen.
Aaipop 2011 om twa oere bin ik der at Redbad der fol foar giet. Want ik wol gewoan neat misse.

(earder ferskenen op www.stjoerder.nl)

zondag 24 april 2011

Gouden dagen foar afdft

Nei twa waarme broadsjes, in hurd aai en 3 bakjes Mocca Senseo wol ik dit moaie waar wer benutte om der in rychje doarpen bij sette te kinne op de afdft. Yn de ferûnderstelling dat de wyn hast yn it noarden sit (freed al oankundige troch de ús bekende waarman dy't ik net mei namme neame sil) set ik in route út mei as "hichtepunt" Slappeterp. Bij Hilaard en Boksum bin ik oer myn sels ferbaasd. Gemiddeld sa'n 28 kilometer per oere. En dat yn de wyn (neffens ús waarman dy't ik net mei namme neame sil). Lâns Deinum, Ritsumasyl, Marsum, fia Ingelum, de opbrutsen dyk nei Bitgummole en Bitgum nei Menaam. De snelheid sakket no wat wylst ik neffens de niis net mei namme neamde waarman no wer foar de wyn ha.



Yn Slappeterp noch efkes om mei hinne sjoen at ik stive Sjerp ek seach, bekend fan it liet fan Durk en Jouke Geertsma. IK seach allinne in stive tsjerke.



Mar bij it ferlitten fan Slappeterp rjochting Peins fielde ik my yn de Keukenhof. Mar dan sûnder hege yntreeprizen en filmjende Japanners. Bollefjilden dus.

Skingen wie it lêste doarp dat ik noch befytse moast yn Menameradiel. Nei 53 kilometer wie ik wer krekt op tiid thús om noch efkes te hearren nei de moaiste radio rubryk "Underweis mei Sjouke".
Yn it petear dizze kear seit it âld boerke oer syn soan dy't let troud is en ien dochter hat. "It hie oars moai west at it in soan west hie, dy koe dan ek nochris helpe en de boel opfolge".
Sa'n pake dêr ha je wat oan.
Thús sjoch ik noch efkes nei MeteoHúns hoe't it mei de wyn siet: Súd dus. It skeelt dus mar in bytsje mei de foarsizzing.




De route yn Google maps

vrijdag 22 april 2011

Warstiens

Op myn AlleFryskeDoarpenFytsTocht2011 (#afdft) hjoed in flinke haal dien. En fansels binne der hichtepunten.
It earste hichtepunt is dochs wol it feit dat ik no twa kear yn myn libben yn Warstiens west ha. Warstiens, sille jim sizze, dêr bin ik noch nea trochfytst of sels trochriden mei de auto!. Jim tinken komt oerien mei de wierheid, want Warstiens dêr fyts je net trochhinne, dêr geane je hinne en je geane werom.





In leaflik doarpke mei in bak, in boartersrek en in tsjerke.
Opmerkliker is lykwols de namme: dêryn binne 4 oare Fryske plaknammen te finen. Wit jim se? mail se nei aanthofstra@hotmail.nl.
Nei de Fonejachtbrêge, letterlik it hichtepunt mar figuerlik sjoen in djiptepunt, want klimme mei in lisfyts is as flokken yn de tsjerke.
Bij de oerstek nei Suwâld wurdt ús geduld op de proef steld. Hjoed faart de pont wer foar it earst en de sterke wyn en streaming dêr, soarget der foar dat it oanlizzen in oantal kearen prebearre wurdt sûnder sukses. Mei help fan minsken op de wâl slagge it.






Mar de wachttiid hellen wij likernôch wer gau yn omdat wij net lang hoechden te wachtsjen op it kreaze terras dêr oan it kanaal. En wêr krije je noch in bakje kofje foar ien euro?
Fia Burgum, Sumar, de Tike, Nijegea, de Pein en Aldegea (noch ien Aldegea te gean) op nei de Headammen.
Ek dêr faart de pont wer en foar in euro de man/frou koene wij wer efkes bekomme fan de waarmte. Want mei de wyn yn de rêch wie it hyt.



Gjin festival, gjin Normaal, dus rêstich yn de Feanhoop. Op nei Goaiengeahuzen (wat in rot wurd om te typen) komme wij út yn Nes. (no noch twa Nessen te gean)



De fisk yn Akkrum is seker net ferkeard mar it ferhaal fan de fiskfrou wol: "Ja, it bliuwt oant ein maaie, begjin juny droech en it wurdt boppe de 30 graden yn maaie en yn juny krije wij wiken needwaar. Ja, it bliuwt fansels in foarsizzing fan in waarman, mar........"
At sij dit ferhaal hjoed oan 100 klanten ferteld hat, is it moarn de wierheid.
Aldeskou, Abbenwier(jaja), Sijbrandabuorren, Skearnegoutum, Reahûs en Easterein wiene de doarpen wêr't ik dit jier al west hie.
105 kilometers hearlik lein, trape, sjoen, harke nei muzyk, kletst en switten.
En nei dizze 105 km kin ik wer 15 doarpen ôfstrepe. Noch sa'n 280 te gean.

Skries op' e hikke.

"Moarn", "moa", "hui" dat binne sa de kreten dy't ik moarns hear fan myn fêste tsjinlizzers. De iene leit plat op it stjoer, de oare fljocht as it dief mar sit rjocht op en de tredde rint mei de hûn. 4 dagen yn de wike sa'n bytsje de selde minsken. En meast op de selde plakken kom ik se tsjin. En alle dagen de selde bisten. "Myn haskes" efter Easterein, "myn swannen" bij Reahûs en dy ferrekte einen en jerken op it fytspaad tusken Wommels en Easterein. Altyd yn it paad en gjin each foar lisfytsers. Altyd twifelje wat sille wij dwaan lofts of rjocht om.
Mar yn dizze tiid fan it jier ferwûnderje ik mij it meast oer "myn skries op de hikke". Dizze wike foar de tredde kear op it selde plak en ûngefear de selde tiid. De muoite wurdich om efkes te stopjen.

 

 

 

 

 

 

 
Posted by Picasa

woensdag 20 april 2011

Wat is dat dochs?

De "4 mijl Groningen in uur vol", kopte de krante ferline wike.
13.500 dravers hiene harren ynskreaun en mear kinne der net meidwaan.
4 myl dan hawwe wij it oer 6.440 meter.
In parkoers dat er it hiele jier leit, mar op 9 oktober moat elkenien dat sanedich drave. Ferkearsopstoppingen foar de stêd en rinopstoppingen foar de start. Hoe is it mooglik dat de heale wrâld kiest foar eveneminten wêr't je oars neat dogge as wachtsje op in oar. Wêr't je dus lêst ha fan in oar. Want der rinne hiel wat yn it paad. De hiele dei op in paad foar 6.440 meter. Praat fan te foaren en praat nei de tiid. De 4 myl fan Grins.
En dat foar in ôfstân fan neat. Wat in drokte om neat.

dinsdag 19 april 2011

B.J. Hegen en Blues Busters

Blues Cruise yn Easter(sn)ein is sa stadichoan in begryp wurden. Snein 17 april wie al wer de lêste bluesmiddei fan dit winterseizoen. It wie prachtich waar en dat betsjutte dat de terrasdoarren wer iepen koene en it allegear in hearlik iepen karakter krige.
Seker in 150 man/frou (jong en griis) kamen lang of koart efkes lâns om te sjen en te hearen nei B.J. Hegen en de Blues Busters.
It wie wer tige sfearfol. Stoffel Bouma makke in pear foto's en hij hat de blues yn byld brocht sa't dy klonk. Prachtich!









maandag 18 april 2011

Donor



Yn it AD fan ferline freed stie in nijsgjirrich stik oer in donor yn hert en nieren. Of miskien kin ik better sizze yn bloed en sperma. Want dat die hij tusken 1982 en 1994. En dan haw ik it foaral oer de sperma. In 1994 stoppe hij want syn frou fûn it wat in riskante saak wurden want de kâns waard hieltyd grutter dat harren eigen bern op in bepaald momint bêst wolris mei in healbroer of healsus in relaasje begjinne koene. Hij hie ommers sa'n 120 potsjes mei sperma yn levere yn dy 12 jier en de praktyk is ek noch dat meardere frouen gebrûk meitsje fan ien potsje. De kâns is dus oanwêzich dat út syn sied hûnderten bern omrinne.
Babs, in strip yn it AD sjocht it al foar him.

vrijdag 15 april 2011

Lyts mar moai

It like mij freed 15 april in moaie dei om wat lytse doarpen te besykjen yn it ramt fan allefryskedoarpenfytstocht 2011 (afdft). It biedwurd wie hjoed lyts en (hast) dea(rinnend).
Al nei 6 kilometer berik ik it dea rinnende doarpke Hidaard. De útbuorrens Hidaardersyl en de Kliuw hawwe mear tarin fan besikers want dy lizze oan de trochgeande dyk. Hidaard rint dea. Sels foar fytsers.



Hidaard leit yn Littenseradiel en dat is te sjen. Ien namme boerd bij it binnenkommen (en dat liket mij genôch) en oan de lofterkant sjogge je yn in inkele eachopslach wat Hidaard te bieden hat: In tsjerke, in boarterstún, in bushalte, in sportfjild en trije bankjes op de terp. En blommen as groet.



Fia de earder neamde útbuorrens en Nijlân, de Wolsumer ketting en Blauhús kom ik yn Greonterp. Foar auto's rint dat dea foar fytsers net. In moai doarp dêrom. Bekend fan van it Reve. De brêge wurdt opkreaze en at der de oare dagen krekt sa folle aktiviteit is as dizze dei, dan kin it noch jierren en jierren duorje foar it klear is.
De gemeente Súdwest Fryslân wol foaral sjen litte dat se net allinne foar Snits binne mar ek foar de doarpen. Oerdriuwe kin ek want om bij al "dy gatten" twa buorden del te setten is wat te folle fan it goeie. Je soene it ris misse kinne at je nei lofts sjogge at it rjochts stiet.




It doel is hjoed net om troch Greonterp te gean mar efkes in eintsje werom en dan op nei it binnenpaad rjochting Hieslum.
In moaie route hoewol de opgonkjes bij de brêgjes net al te handich binne foar in lisfyts. Werom op de dyk gean ik op nei Hieslum. Ek dat rint dea, hoewol je troch Hieslum hinne noch in hiel ein troch it lân ride kinne nei in kamping.



En dêr bij Hieslum leit sa't it skynt in fleanfjild. Foar modelfleantúchjes. Meast aktyf op senon of sneintemiddei tink ik want der wie neat te sjen.
Sa gean ik rjochting Parregea, hoewol ik dat lit letterlik en figuerlik lofts lizze lit. Letter marris hinne at de brêge troch twa wippers betsjinne wurdt en ien fan de twa tiid foar in praatsje hat.




Dus nei Dedzjum. Koartlyn noch meielkoar foar de Rijdende Rechter nei wat skeel om in hage, in wetterpiip en wetter ûnder de fleir. De rêst liket werom keard. Ek hjir wer twa fan dy grutte boerden (foar beide eagen ien). En no't ik dochs yn Dedzjum bin liket it mij goed efkes op it tsjerkhôf te sjen. Want de man wêr't ik nij neamd bin leit dêr op it tsjerkhôf.




Myn oerpake Aant Boerstra leit hjir bij syn Hiltjse Bosma. Ferstoarn yn 1936. Wol de noardkant. Gjin foaroansteande famylje dus.
En fia de útbuorren Arkum rolje ik Tsjerkwert binnen wêr't se noch altiten dwaande binne mei de dyk en wierskynlik in wedstriid dogge mei Nijlân om te sjen wêr't it it langste duorret.





En fia Boalsert, Hichtum en Burchwert werom nei Wommels.
Ik kin Hidaard, Greonterp, Hieslum en Dedzjum bijskriuwe . De rest hie ik al west.


woensdag 13 april 2011

Duvelsrak

Alarmearjende berjochten fanút Snits. In skriuwer yn de Ljouwerter krante hie it oer in skibaan. Dus mar ris sjen bij de Houten brêge. Want it Duvelrak is iepen foar fytsers. De neist lizzende tunnel moat opkreaze wurde en no meie de fytsers oer de brêge. Of leaver sein se moatte oer de brêge at se net in hiel ein omfytse wolle.
Al fêst wat foto's en yn it wykein mar ris wat skriuwe op Blijdatikfyts. Want Snits is al net echt in fytsfreonlike stêd en dit eaget ek net goed.




zaterdag 9 april 2011

Fjoertoer

Dit wykein is de fjoertoer rin tocht op Skylge. No haw ik echt hielendal neat mij rinnen. It is sa slim dat ik op de fyts nei de brievebus 100 meter fierderop gean en de byb wêr't ik op útsjoch haw ik noch nea geandewei besocht.
Nee, ik gean der foar de gesellichheid hinne. Alteast dat hoop ik dan mar. Dat it gesellich is
Yn alle gefallen kin ik myn it gesellige mei it ûnnuttige ferienigje: de allefryskedoarpentocht.
Sneintejûn kin ik dizze 12 plaknammen ôfstreepje:
Striep
West-Terschelling
Oosterend
Kaard
Kinnum
Landerum
Lies
Midsland
Formerum
Hee
Hoorn
Baaiduinen

donderdag 7 april 2011

Murphy

"At in man en frou net foar elkoar yn de widze lein binne, moatte sij soargje dat dy widze leech bliuwt" dat wie hjoed it sizzen op it deikalinder fan Murphy.

Alle dagen begjinne wy de dei troch nei it moarn sizzen de tekst fan de dei yn ús op te nimmen. Sa begjinne wy de dei mei in laits. Of wij glimkje allinne mar at de tekst te ticht bij komt.
Want de politikus hat it net sa stean op de de definysje fan Michael: Polityk is de keunst fan it op in oannimlike wize ferwikseljen fan de haad- en de bijsaken.

Ik soe sizze besykje sa'n ding noch te besetten ek al is it mar foar 9 moannen. It koartingsbriefke fan 50 % sil der wol bij lizze yn de boekhannel.

En omdat it bij mij de wike fan de ynstrumentale muzyk is noch mar ien.

dinsdag 5 april 2011

Ynstrumentaal

Der hat in tiid west dat muzyk mij sûnder sjongen tsjin stie. Der binne útsûnderingen mar in sjonger of sjongster bepaalt foar in grut part it lûd fan in groep. Fansels ik hâld fan dy jankende gitaar mar likernôch ek fan de stim.
Der binne útsûnderingen. En it kaam foarhinne dan ek in inkele kear foar dat in ynstrumentaal nûmer in grutte hit waard. Sûnder djip nei te tinken kin ik mij sa in oantal nûmers foar de geast krije.
Booker T & Mg's mei Time is tight. Dat fyn ik hjoeddeisk in prachtich nûmer mar yn dy jierren dat ik útgie ferflokte ik dizze klanken. Dit wie earne yn in diskoteek it lêste nûmer en dat betsjutte ein fan de jûn.
Ek Albatross fan Fleetwood Mac siit goed ynelkoar mar it ferprutste in jûn omdat it dûnsen dan oergie yn skowe en dat wie net myn ding: myn begjinnende ferkearing rekke dan meast út.
Dat ik The 5th fan Exception ek wol aardich fûn wiisde op klassike belangstelling mar ik kin jim sizze dêr is it bij bleaun.
Mar it nûmer wat mij it measte bybleaun is , komt fan de Swinging Soul Machine. Gjin muzyk dy't mij oanspruts mei dat getoeter mar de titel wie geowan leuk: Spooky's day off.
Sjonger Spooky mocht bij ien nûmer net mei dwaan en krekt dat waard harren grutste hit.

Spesjaal foar jim de top 150 mei ynstrumentale nûmers. In list fan alle tiden.
Ik bin benijd wat jim favoryt is.
Twa filmkes dizze kear.
Spesjaal foar de fans yn Parregea en omkriten fan Pink Floyd.




En spesjaal foar mijsels omdat dit nûmer fan de âlde BZN altyd in hichtepunt wie.

zondag 3 april 2011

Tafersjoch



Sneon wie it kreas waar, dus koe in fytstocht net út bliuwe. En om wat doelleas om te fytsen tsjinnet ta neat. Dêrom in ferfolch jûn oan myn doelleaze AlleFryskedoarpentocht en dizze kear yn kombinaasje mei wat tafersjoch.
Sa wol ik witte at it wat drok wie bij it Ges yn Snits en at de djoere boaten dêr goed besocht wurde troch minsken yn hast like djoere auto's,
ik wol witte at Top en Twel noch oanelkoar leit,
at it pontsje fan Langwar de selde route noch fart,
at der wat moaie terrassen en ytgelegenheden binne yn it sintrum fan Langwar
at it wat drok is mei slaande minsken op de golfbaan fan Legemar,
at de brêge fan Spannenburg normaal iepen wol,
at Koufurderrige echt sa'n lang doarp is sûnder folle bewenning
at it fytspaad troch de Hommerts sa moai wurden is at sein wurdt,
at de loslizzende tegels yn it fytspaad fan Osingahuzen my net mear om de earen fleane,
at it mei tegels beleine fytspaad tusken Heech en Aldegea wol in oplossing is,
at Aldegea W no gewoan Aldegea hjit
at ik sa as altiten wachtsje moat foar de brêge op de Abbegeaster Ketting
at Nijlân echt opkreazet nei dy lange wurksumheden
en at kafé de Kliuw noch altiten ticht is.

It antwurd op al dizze fragen is ja.
En dêr haw ik 73 kilometer foar fytse moatten. En ik mei de folgjende doarpen wer ôfstrepe: Top en Twel, Langwar, Boarnsweach, Legemar, Sint Nyk, Tsjerkgaast, Koufurderrige, de Hommerts, Osingahuzen, Heech, Aldegea, Abbegea, Nijlân.


zaterdag 2 april 2011

MacBeth

Ik hie gjin Ira Judkovskaja fan Tryater nedich op in Macmoeting om mij oertsjûgje te litten dat in besite oan MacBeth hielendal net sa ferkeard wêze soe.
Freedtejûn sette ik myn twa nei beste fytske foar en sette ôf nei Achlum.
De twa opfallende tinten hawwe op himsels al wat en de rêstige ûntspannen sfear foarôf diene de rest.
Neffens mij foar it earst dat ik gjin kaart yn de foarferkeap kocht hie en dat seit miskien wol wat. Twa kear 13 kilometer foar neat fytse hie oars net leuk west.
Moai dat der noch aardich wat folk op ôfkommen wie.
De stuollen op de tribune sieten goed, it dekôr seach der ferrassend út en it lûd wie prima. En dat lêste wie mar goed ek want ik skrilje gewoanwei net te bek at it geve en moaie Frysk myn earen binnendringt, mar foar in taalman klapperen myn earen betiden ek. "Wêr ha se it oer", flústere immen neist mij.
Hoates en toates oerfoel mij it selsferwyt dat ik net bij machte bin om der ek mar twa moaie sinnen fan te ûnthâlden. Noch sterker as oars hie ik grutte wurdearring foar de skriuwer fan sok toaniel (Shakespeare) en yn dit gefal foar de oersetster Nynke Laverman.
It is yn it earste part fan it stik efkes sykjen nei de rol dy't elkenien hat en it is ek wat wachtsje op aksjes. Want al hoe moai de tekst ek is, allinne nei moaie teksten heare hâldt gjin minske twa oeren fol.
Mar nei it skoft brânt it hielendal los. Alles falt op syn plak en de moaie teksten hiene al ynhâld mar krije no mear funksje.
MacBeth is mij goed befallen en tsjin twifelders soe ik sizze, nim de gok mar. Want al ha jim wat minder mei de taal it spyljen kin wis ek besjen lije.
Om goed kertier oer tsienen stean ik wer bûten. It is no tsjuster en ik sykje myn paad werom earst fia it stikje ûnferhurde Slachtedyk wat gelokkich aardich sljocht makke is.
En wylst harkje ik nei "de dei werom" en "mei it each op moarn" en wurde de teksten sa no en dan ûnderbrutsen mei muzyk sa as Status Qua. En nei de brûs en mei in bierke is it goed weromsjen op in moaie jûn.