woensdag 30 september 2020

Thúsbliuwe

 At wij der noch op út wolle

dan is de tsjerke in opsje.

Mei noch 99 oaren kin ik dan binnensitte

en harkje nei it evangeelje.

Ik mei sneon net allinne bûtenstean

op de hichte fan de 16 meterline

bij SDS - Oudehaske.

Ik mei moarns ek net allinne efkes it fjild om kuierje

en bij it jeugdfuotbal sjen.

Nee, ik mei sneins nei tsjerke,

binnen, 

mei 99 oaren en in dûmny.

Hoe losse wij dit op?

Silvia Hania hat wol in idee:

Ik tink dat SDS dan as 'godsdienst' of 'levensovertuiging' sjoen wurde moat. ;-) Artikel 6 fan ús grûnwet giet oer it rjocht op frijheid fan godstjinst en libbensoerstjûging.


Sij sjocht it as dûmny's dochter net sitten om dan foar te gean, want 

Der binne grif bettere foargongers foar dizze tsjerke. 

En noch wat: op plaatsjes hat de messias meastal in burd.


Dat is dan dúdlik, 

ik bin der klear foar,

It evangeelje fan de tredde klasse A

haadstik 3; 

fers:  SDS oant Aldehaske



maandag 28 september 2020

De kening

 De Kening is delstrutsen yn Húns

en dat meie alle Hûnsers wol witte.

Dêrom brochten wij de Húnsers op de hichte

mei in struibriefke.

Net Alexander is no de kening fan Húns

want de Kening is in organisaasje dy't wurket oan bioferskaat.

Sij wurkje fanút de âlde skoalle

en dêr is no ek in útstalling fan Koos Breukel








zaterdag 26 september 2020

It tou

Geniaal idee fan Tryater:


In tou op de stoepe lizze,

troch it hiele doarp hinne,

mei hjir en dêr in útstapke troch in tún.


It levert fragen op.

In soad fragen.

Sa giet dat yn Wommels

Fragen op facebook, bij de slachter, de bakker, de Jumbo

en at wij in twadde keamer hân hiene

dan wie der miskien wol in avenseardebat oanfrege.


Wat moat dat tou hjir, fregen de nijsgjirrigen

en sij gongen nei Murk

wat moat dat tou hjir, fregen de ferûntrêsten

sij sochten op Google

wat moat dat tou hjir, fregen de komplottinkers

en sij tochten oan it 5G netwurk

en gyngen al op syk nei lekkens en in pakkende tekst

wat moat dat tou hjir, frege de jongerein

en sij stroffelen der nachts oer nei twa Radlers

wat moat dat tou hjir, frege de skeelerjende Marco Kamstra him ôf

en hij hipte der 36 kear oerhinne op it fytspaad nei Easterein


wêrom ha wij gjin tou hjir fregen se harren ôf

op de Hofkamp en oan de oare kant fan de brêge.


In better stikje reklame kinne je net meitsje

foar de útfiering dy't hjoed en moarn plakfynt.

In foarstelling fan Tryter





vrijdag 25 september 2020

Figurant

Wer ris wat oars as oars.

Figurant bij de foarstelling fan Tryater.

It lok fan Fryslân.




woensdag 23 september 2020

Us fiif

Beppe jierdei dus

pankoekite

gekke bekken lûke

en lol meitsje





dinsdag 22 september 2020

Obe

 Obe 

is de frijtagonkelike eksposyjeromte op it Oldehoofstertsjerkhôf yn Ljouwert.


Dizze twa moanne stiet it Frysk Libben Erfguod sintraal.

Moai waar, dus wij ha in fytsritsje nei Obe dien.






In lytse ympresje wat wij sjogge.


Wij sitte gau wer op de fyts


lâns Bears 


en yn Fûns stekke wij oan.


de stoofparren keapje wij op Spyk


52 kilometer,
yn haadsaak lâns it wetter
of fia oare binnenpaden



maandag 21 september 2020

Skylge

 In midwike Skylge

mei geweldich waar.


Wierskynlik wol slibtong mar seker gjin rock and Roll

Keapje lokaal en lokale produkten is dit jier de kreet

It waad dêr haw ik mear mij as it strân.....dus gjin strânfoto's

 in soad drokte bij de Boschplaat

Mar se bleaunen op ôfstân fansels, want der is romte genôch

Gjin Easterein mar Oosterend

Cranberries, je kinne der net omhinne yn dizze tiid

Lytse terraskes, wol sa leuk

Hjir en dêr in jeugdige foarsjenning

it boat oankommen sjen 
Herinneringen út de jierren 70 oan OK18?


aktuele tekst fan de Police

en jûns in boek, in bierke en muzyk

Moai dy elektryske bus oplaad ynstallaazjes

Willem Barentsz op Formerum




Strava jout oan dat wij oeral wol wat west ha op de fyts en soms wat faker as ien kear
...donkerblau en read binne de favorite stikje




zaterdag 19 september 2020

Min sin

Ik kin wol aardich tsjin ferlies fyn ik.

Dêrom haw  ik de top ek nea helle;

net bij it keatsen, 

net bij it fuotbaljen, 

net bij it klaverjassen, 

net bij it hurdfytsen 

en seker net bij it folleybaljen.

Ik ferwachtsje dat ik de top bij it jeu de boulen of bij it sjoelen ek net helje,

at ik dêr ea oan ta kom.

Ik bin te earlik, te goed om te top te heljen.

Ik fyn it spitich at ik ferlies

en fyn it ek spitich at myn favorite klup ferliest.

At it no SDS, Cambuur of Feyenoord is,

ferlieze heart der bij.

Nei in ferlieswedstriid fan SDS

bin ik teloarsteld,

meast oer it spul en soms oer de útslach.

Sa as hjoed.

Net teloarsteld oer it spul, dat wie seker net min,

mar teloarsteld oer de útslach dy't mei ta stân kommen is 

troch in aaklik gemiene grinsrjochter.

Ik stie frijwol op ien line, efter him,

doe't Hendrik de Jong ynskeat.

Hij kaam efter de ferdigening wei 

nei in prachtige foarset.

Wol in meter net bûtenspul!

En dan is dêr dizze man

dy't elkenien ferbaasd, 

troch de flagge omheech te stekken.

De skiedsrjochter nimt it oer en kart it doelpunt ôf.


Menear de flagger kin tefreden wêze

wer trije punten stellen foar de eigen klup.

Sa'n momint dus

dat bepaalt dat ik mei in min sin nei hûs gean.

Net om it ferlies, miskien hiene se oars ek wol ferlern,

mar dat der sokke lju binne

dy't wykliks in poadium krije

om út te blinken yn harren keunstke

op in hiel heech nivo...... 

puntenstelle



Dat soe mij siere dat.......
It soe de fuotbalklup Warkum siere at se harren eksúses oanbiede
foar dit ûnrjocht dat SDS oandien is troch harren flagger

zondag 13 september 2020

Triatlon

 Der binne mar in pear eveneminten dy't trochgean dit jier.

De triatleten hiene gelok.

Warkum ferline wike

en Wommels dizze wike.

Sij doarden it wol oan

en de gemeente ek.

Yn Wommels stie ek in 1/4 triatlon op de list

dus kamen de dielnimmers fan hein en fier.

In prachtich evenemint wer

wêr't elkenien op syn eigen wize 

besocht in moaie tiid del te setten.

Eintiden binne hjir te finen.

Frijwilliger west, krekt as oare jierren

bij it fytsenpark 

en letter op de middei

as foarfytser bij de hurdrinners



Publyk wie helaas net wolkom, mar Samme mocht mem Berber wol efkes binnen klappe......


Kaleidoskoop

 Kûbaard hat op dit stuit

in útstalling fan paperklips.

Bysûndere en gewoane eksimplaren 

sammele troch in bewûnderaar fan dizze handige dinkjes.

Jelske en ik seagen der efkes.

Moai, prachtich,

mar bijsûnder is de kaleidoskoop

dy't dêr altiten stiet.

Jelske koe der mar net genôch fan krije

om de moaiste foarmen yn it ljocht te krijen.

Draaie, sykje en kombineare.

Moaie oare keunstwurken fan glês binne dêr te sjen

fan Monique Verbruggen 












donderdag 10 september 2020

Meine

 


Wij kinne ôfskie nimme fan Meine Bosma, 
lês ik yn de krante.
Hij is stoarn. 74 jier âld.
Ik hie him al jierren net mear sjoen,
dat hat al oars west

Meine Bosma is in âld-Wommelser.
wenne earst op de Walperterwei
en letter yn It Bosk (mei in fraachteken) 
want dêr bin ik net wis fan.

Bij Meine tink ik oan bewegende hannen en fuotten
en in fleurich en bêst sin.
Altyd yn foar in praatsje,
In koart praatsje, fan hoe is it ensafuoithinne,
want Meine hipte graach fan de iene
nei de oare foar it folgjende koarte praatsje

Meine, nei't hij Wommels ferliet
seach ik him oeral en nearne op de dyk
bij in evenemint
mei syn EHBO attributen..

Dêr siet hij fol fan,
lês ik nochris yn de krante fan juny 1994.

Meine Bosma, 

ik begryp dat hij it keatsbestjoer fan Wommels
in oantal jierren ballen beskikber stelde foar de Freulepartij.
Hij wie ek sjoffeur fan it jongespartoer fan 1975,
dat hear ik fan broer Lolke, dy't dêr yn siet.

Meine Bosma,
Monkie, dat wie syn bijnamme,

ik mocht him wol lije......


woensdag 9 september 2020

Les

 


2020, at de hjerst der oan komt.

De jongste, Brecht, krijt les fan Roan op de tablet

Jelske hat har eigen spultsje...

De "Paceshifter" hoecht neat te sizzen


dinsdag 8 september 2020

Help

 




In boek oer bemoediging
"de jongen, de mol, de vos en het paard"
Prachtige tekeningen
en sublime teksten