dinsdag 31 oktober 2023

Sybren

 Sa no en dan kom ik him tsjin

Sybren Wassenaar

At ik yn de buert fan Winsum fyts,

fytst hij dêr ek.

Altyd in groet, hast altyd in praatsje

"Wat hiene wij se moai te pakken"

Ja, Sybren dat wie machtich

"Ik haw jim moai holpen"

Ja, seker Sybren

"Fryslân Cup en sij net"

Skitterjend wie dat Sybren

"ik sei al tsjin harren, ik kom jim noch wol tsjin"

Do hast wurd holden Sybren,

dêrom stiest ek op de foto


It sit sa.

Sybren hie mei de 35+ fan Oosterlittens

nei Harkema west.

Striid om de Fryslân Cup 35 +

It seizoen 1994-1995

It gie der nochal hurd en gemien oan ta

en Oosterlittens ferlear.

Wij fan SDS 35+ helje de finale

en moatte tsjin dat selde Harkema Opeinde.

Op in bijfjild fan Cambuur

winne wij mei 5-2

Sybren is der bij.

Hij is noch blider as ús

krige fansels ek in bosk blommen

en dêr herinnert er mij alle kearen oan.




vrijdag 27 oktober 2023

De ein

 


Ik kom dizze foto tsjin yn it srgyf

Us âlde poes 

dy't yn maaie der ynienen net mear is,

sjocht fuotbal

Nei Ajax, dat ek mei de lêste jier dwaande is

as topploeg

dinsdag 24 oktober 2023

Scumbash

 Noch mar 50 jier âld

en der net mear bij wêze.

Ik skrik op sneontemoarn

at ik syn namme stean sjoch

op de ferkearde side fan de Ljouwerter Krante

Jan Rinse Blanksma, man, heit en soan fan.

Hij wenne yn Easterein en ik wenje yn Wommels.

Ik seach him net folle, feitlik nea.

Dochs haw ik ien geweldige herinnering oan him.

15 febrewaris 2014

reizgen wij tegearre nei Rotterdam

nei it earste Scumbashfestival.

Dat wie in machtige en lange dei.

At ik myn ferslachje fan doe no wer lês

dan fiel ik de muzyk fan dy dei wer.

Jan Rinse dy't mij kennis meitsjen liet 

mei de Toy Dols en UK Subs

Dankjewol Jan Rinse

Sjoch hjir



Taalfersmoarging

De 4 is in ûnskuldich getal.

Net hillich, gjin ûngelok of sa

Mar

sûnt begjin dizze iuw is dat feroare

De 4 is de grutste taalfersmoarger.

Ik hoech it net út te lizzen

at ik dizze trije foarbuylden jou

Healthcare4Oekraine

Radio4all

Brouwer4U

Letters en sifers en Ingelsk

wa betinkt soks 

vrijdag 20 oktober 2023

De Ywert

 


Yn Wikel stiet in gebou mei de namme 

De Ywert

Ik bin der noch net efter wat dat is.

Reuny

Fan 1999 oan 2008 wurke ik bij de gemeente Snist

Dat wie doe noch in oersichtlik gehiel

Fiif jier lyn hiene wij in reuny yn de Bakkersdochter

Ofrûne tongersdei op 'e nij.

Gjin taspraken, gjin spultsjes, gjin nammebuttons op, 

neat fan dat alles

Gewoan efkes prate mei wa't je wolle.

Yn dy jierren dat ik op it stedhûs wurke

fytste ik op in lisfyts.

Dy njoggen jier haw ik altyd trou myn wenwurk ferkear 

op dy lisfyts dien.

Hús - stedhús 13 kilometer,

werom it selde of iets mear

want wat fariaasje yn de rûte is better

Fan de âld kollega's dy't mij tongersdei  oansprutsen

frege elkenien: hast de lisfyts noch? 

Dat ik it burd ek noch haw, koene se sjen

oars hiene se dat ek frege, tink ik.

De lisfyts haw ik dizze simmer ferkocht

mar ik wie wol de fyts,

al holp Bosch mij wol tsjin de hurde wyn


Hans yn Wommels

Hans de Booy stiet de ôfrûne tiid wat yn de belangstelling. 

In sjonger dy't de measten kinne fan Annabel. 

Hij is wat oan legerwâl rekke en dat stiet sûnt koart yn in "biografysk portret", 

dat him stypje moat wat ynkomsten te krijen. I

k haw it portret lêzen dan wol skand. 

Wij hiene yn 1983 yn it Dielshûs in primeur.

It earste optreden yn Noard Nederlân. 

Om wat ynkomsten binne te krijen organisearden wij konserten   

De waan fan de dei regearde soms 

en neffens it boekingskantoar soe  in "topper" as Hans de Booy

 foar in grutte tarin soargje kinne, 

want elkenien song Annabel, het wordt niets zonder jou. 

Dat wie ek sa. 

Mar leafst 600 man neffens de Ljouwerter Krante.  

Finansjeel in goeie jûn mar muzikaal net. 

De resinsje moandeis wie striemin.  

It optreden yn it Dielshûs krige dan ek gjin ferfolch.  

Why Not stie yn it foarprogramma. 

Dat moat hast in hichtepunt west ha foar dy band yn dy tiid foar 600 man publyk




woensdag 18 oktober 2023

Hjerst fytse

Moandei
Der moat in auto nei de Lemmer brocht wurde
Krekt wat foar ús.
De fytsen efterop nei de Lemmer ta
en op de fyts nei hûs.
Net streekrjocht
mar oer stikjes dyk wêr't ik dit jier noch net west ha.

In ritsje fan 57 kilometer
wêrfan 22 nije kilometers

De tocht giet ek oer Sleat
Normaal moat je dêr útsjen foar samar oerstekkende rinners
no hawwe wij frij paad.
en kinne om ús hinne sjen wat dêr te keap is
en te sjen is







Wij sjogge dat yn Snits de hjerst begjint


vrijdag 13 oktober 2023

Twa lêzingen

 It liketwol de wike fan de lêzingen

Twa kear nei de Tiid yn Boalsert

In lêzing oer Ynje. 

It ferhaal fan in soan fan in Ynjegonger 

en in soan fan in Molukker.

It idee is prima, liket mij sa ta,

de útfiering liket nearne nei.

Gjin ferhaal, mar wat lossen stikjes

op basis fan emoasjes.

Ik bin yn it skoft fuortgien

mei it idee dat ik as soan fan in Ynjegonger

dit better dwaan soe.

Twadde lêzing giet oer de skiednis fan it fuotbal

yn de Súdwesthoeke

Jack de Vries, argifaris bij de Tiid

nimt ús mei oan de hân fan foto's en filmkes

oer de oprjochting fan de klups yn ús gemeente

nei legendaryske wedstriden

en bekende fuotballers

Ynteraktyf, want de tahearders wurde útnoege

om yn te heakjen en oan te fullen

Mar leafst twa en healoere boeit it

fan begjin oan ein.


Kryst

 



Yn Rothenburg oan de Tauber,

dat is oan de Romantyske strasse, 

is it djiptepunt fan de reis

It is 28 septimber en de winkels foar kryst

binne der al klear foar.

Wat in rotsoai.


woensdag 11 oktober 2023

Rûn

It Schnitzerzentrum yn it Lechdal

is de muoite wurdich

In soad bisten mar ek minskenkoppen

wurde fan hout makke










 



De holle is rûn
wêrtroch it tinken
de rjochting feroarje kin

dinsdag 10 oktober 2023

Syb en Maarten


Sneintejûn sitte wij yn Balk, yn Poadium Gorter.

Wij sille ús ferrasse litte troch Syb en Maarten,

Sij dogge de muzyk fan Simon & Garfunkel.

It is útferkocht, krekt as it middeikonsert.

Bij de earste klanken fan Sound of Silence

bin ik ferrast, mjiskien wol ferbjustere.

It klinkt as in klok

Alles dêrnei ek.

It ferhaal fan  Paul en Art 

wurdt om en om ferteld troch Syb en Maarten.

It is foaral Maarten dy't in prachtige wize fan fertellen hat.

It ferhaal, de muzyk en de stimmen

it is in topjûn.

De sfear sit der ek aardich yn bij it publyk,

dat thús skynber allegear de CD thús hat.

De twa artysten belûke it folk der ek aardich bij

en oars docht it folk it sels wol.

Sa'n jûn is it safolste bewiis 

dat der neat boppe live muzyk giet

ek al binne de bylden op You Tube sa echt

en it lûd fan Spotify geweldich is






Stanzach

 



Mochten jim in hotel sykje

oan de Lech

en jim binne yn de buert fan Stanzach

dan kin ik jim ferwize nei dit hotel.

Romtlik, gastfrij, freonlike minsken, 

grutte keamers, moai útsicht fanôf balkon

en prima moarnsiten en jûnsiten.


zondag 8 oktober 2023

Hingjeugd

De koning lijkt op een zwerver 

en de Vorst is mij een worst, 

it binne twa nûmers fan Hang Youth, 

in oansteklik Nederlânsktalich punkbandtsje. 

Yn de 65 minuten dat se op it poadium stiene yn it Bolwerk yn Snits 

komme der sa'n 45 nûmers foarbij. 

De iene noch koarter as de oare. 

It djipterekor lei op 15 sekonden ôf sa. 

Sfearfol is it seker. 

Allegear meisjongers foar de diehard fans. 

Dat bin ik net wurden. 

It wie hearlik foar ien kear. 

Nei Maria Iskarot, in Belgyske punkband mei trije froulju op gitaar

 soe ik sa wer hinne gean. 

Sij stiene yn it foarprogramma.




Pisje

 


Ek tidens it pisjen kin ik gewoan 

mei de frije hân

wat opsykje op ynternet.

Sjoen yn Dútslân


zaterdag 7 oktober 2023

Bylden

Prachtige keunstwurken sjogge wij ûnderweis

op ús reis bij de Main en de Lech.

Der is in soad houtsnijwurk



dit is yn de foarm fan in skip in hertinking oan deaden op it wetter

yn Rothenburg oan de Tauber

houtsnijwurk






vrijdag 6 oktober 2023

de Lech

Lech is bekend fanwege it keninkluk hûs.

Sij ferbliuwe dêr yn de winter.

Wij hawe net yn Lech west 

Wij fytsten lâns de Lech.

In grut stik yn Eastenryk

en in diel yn Dútslân

De Lech is 250 kilometer lang

en komt út yn de Donau 

It wetter wie leech

en dat jout in prachtich byld.

It fytspaad lâns de Lech is prima

foto fan Wikipedia








Op reis

Wij hawwe wer in reiske makke.

Fytse lâns de Lech yn Eastenryk 

en de Main yn Dútslân

Prachtige routes

hearlik waar

prima hotels

mei in freeslik selskip.

Dat lêste moat net de oerhân krije

as herinnering oan dizze reis

of sil dat net tafalle.

Wat hawwe minsken it drok mei harsels.

Lústerje is der net bij.

Wiidweidige ferhalen oer neat.

Gjin belangstelling foar oaren.

It wie wer in selsskip fan "ünder de grutte riveren"

en dan is er der neidiel dat ek in foardiel is.

It neidiel is dat je der betiden gjin wurd fan ferstean

at se dat Sieuwske of Brabânske dialekt prate

omdat se net oars kinne

It foardiel is dat je gelokkich hast neat fersteane 

fan dy persoanlike ferhalen 

en je folstean kinne mei knikjes 

en sa no en dan in zozo

Posityf yn dit selskip is it feit

dat se altiten op tiid bij it iten binne

en bij de bus.