Tusken 1970 en 1973 sit ik op de MDS yn Ljouwert
In moaie perioade, mei al dy klasgenoaten
dy't oearal weikomme en allegear mei harren eigen identiteit en hobbies
Der sit ek in jonge bij út de Harkema
In pikefanger, want dat is al gau bekend
Op de meast frjemde tiden moat hij pikefange
want der moat wer in lading fuort.
Moarns betiid, jûns en soms oerdei.
It fertsjinnet geweldich.
Us Harekiet is wol ris wat te let op skoalle
en mist ek wolris in moarn,
sibelt middeis ek wolris,
dan witte wij wol hoe let it is.
Hij hat te pikefangen west.
Hij hat in goeie pikefanger west
en ik wol graach leauwe dat hij mei de iene hân de piken fangt
en yn de oare hân de pakte piken fêsthâld oan ien post
mei alle folgen dêrbij.
Jierren lyn hat it 'machtige' Brussel al sein
dat dit net mear mei.
Piken mei twa hannen beethâlde
oars brekke se de bonden foardat se echt dea gean.
Sneon yn it AD in grutte adfertinsje
fan in bistewolwêzenorganisaasje.
It is harren 'mei in hiel soad aksjes en hantekeningen slagge
om it beslút fam Brussel ek yn Nederlân yn wurking te stellen.
Se hawwe berekenne dat de it pikefleis en de aaien
mooglik iets djoerder wurde
Prima toch
Geen opmerkingen:
Een reactie posten