Wat in moai muzykfeest yn Riis sneintemiddei.
Utferkocht mei 1200 man/frou/bern yn dy prachtige teatertún
Jong mar foaral ek âld jout him del op de simmerstuollen
op de rânen fan it terras yn it gers
of steande tichtbij de bar en de tostimakker
Moai om te sjen en te hearen
dat myn generaasje al dy lieten noch kin
the Who, the Hollies, Humble Pie, Deep Purple,
Crosby Stills Nash en Jong en fan de Small Faces
It meisjonggehalte is heech en dat der tal fan lju
net sitten bliuwe kinne en dûnsje wolle
is prachtich om te sjen en ferheecht de sfear.
Der binne meardere hichtepunten,
mar at ik der ien momint úthelje mei dan is dat dit nûmer
Spile troch de Outlaws en it is bisar om te sjen
dat dit ferjitten hitsje fan the Small Faces út 1966 sa meisongen wurdt


Geen opmerkingen:
Een reactie posten