zondag 27 februari 2011

Fakansjebeurs

De Fiets - en Wandelbeurs mei him jierliks ferheuge op de besite fan ús. Wij hope alle jierren wer nije ideeën op te dwaan en ús te ferwûnderjen. Dat earste is net slagge dat twadde wol. Wij steane alle jierren fol ferwûndering te sjen nei dy wrâldfytsers en wrâldrinners mei harren plakboeken, kranteknipsels , ferware kaartsjes en ferkroekele fotos op de tafel foar harren. En it leafst hawwe se de fertrape skuon en smoarge fyts ek noch bij harren stean wylst it soms liket of hawwe se sels trije wike foar dit wykein net ûnder de brûs west. Fytsers ynformeare fytsers hyt soks. "Nee, het was gigantisch zwaar", seit de iene at ik freegje at it wat te dwaan wie. "Het valt best mee", seit de oare at ik him freegje at it net dreech wie. En dus haw ik oan beide neat.
Ferwûndering oer de 14 persoans buskamper, wêr't je in lange buskamperreis meitsje en wêr je boppe yn allegear je eigen sliepkeammerke ha en ûnder in noflike stoel tawiisd krije en wêr't je jûns meielkoar de foartinte opsette moatte en fjochtsje om de 6 fytsen dy't maksimaal mei kinne.
Ferwûndering oer de optearbere skootmobyl, de djoere trekfytsen, it oantal goed bedoelde stiftingen dat wat mei fytsen hat ( bijg. Cycling out of poverty of Make a new outdoor friend) en de konstatearring dat wy al in hiel soad rivieren yn Dútslân befytst hawwe.
En al in oantal jierren meitsje wij op sa'n dei stikem wer plannen om the North Sea Cycle Route wer op te pakken. Fan Boulogne Sur Mere yn Frankrijk nei Gotenborg yn Sweden ha wy in oantal jierren lyn al dien. Mar wij sjogge as in berch oan tsjin de bergen fan Noorwegen. Mar miskien moatte wij de lisfyts foar ien jier oan de kant sette en op in deagewoane bukfyts mei genôch fersnellingen de reis yn Sweden en Noorwegen likernôch mar oppakke.
Dy plannen binne der dus al jierren mar it is noch lang gjin simmer.
Net omdat it sa moai is, mar wol omdat it jeugdsentimint is.

zaterdag 26 februari 2011

Gadaffie


Ik bin fan 1954. Dat wie in goed jier sizze oaren fan 1954. Wat se dêr mei bedoele kin ik wol riede: Yn in foarm fan irony jouwe se oan dat se it goed foarelkoar hawwe, dat se noch sûn binne en dat boujier 1953 en 1955 om mar wat te neamen gâns minder is.
Rekkene fanôf 1954 freegje ik mij ôf wannear de nammen fan politisy yn myn geheugen harren plakje fûn hawwe. Ik tocht dêroan doe't woansdeitemoarn nei Annabuorren ûnder Turns fytste wylst Dropkick Murphy song oer "the bloody revolution in the air".
Ik tocht oan Libie en oan Kaddafi. Want at ik it no wol of net, dy namme hat him al hiel betiid yn myn geheugen nestele. Ik stopje efkes, sjoch nei de twa swannen dy't gers frette of hinget harren libben der fan ôf (en miskien is dat ek wol sa) en helje allegear nammen boppe fan dy tiid. De nammen Luns, de Gaulle, Soeharto of Soekarno, Willy Brandt, Kennedy en Kaddaffi kin ik dêr betinke.
En de namme fan de Jong komt noch boppe, mar dat kin ik wêze dat de Jong en Luns bij mij de earste Mini en Maxi wiene.
Kaddafi, de ienige noch oan de macht en miskien at dit on-line set wurdt, wol net mear. Kinne je bepaalde nammen ek ferdwine litte of hat Alzheimer dêr it allinnerjocht op.

donderdag 24 februari 2011

Oan de wylgen

Oan de wylgen hingje skynt in útdrukking te wêzen dy't út de bibel komt. Myn bibelkennis is net sa grut dat ik sa wit wêr't it stiet mar fia google kom ik der efter dat it de psalmen binne. It betsjut sa iets as earne ôfskie fan nimme.
In toskedokter dy't ophâldt hinget syn boar yn de wylgen, de brêgewipper syn klompe, de dûmny syn toga, de timmerman syn hammer en de fuotballer syn skuon.
Wij hawwe yn de tún in wylgebeam stean. In hiele âlde. Goed 30 jier lyn troch ús plante. Hij eaget net goed mear. Hij hat hjir en dêr wat krupsjes, wat útfal. Ik slút net út dat hij sa misfoarme is fanwege ûndeskundich bijseagjen fan mij. Mar alle kearen begjint hij gewoan wer nei in snoei (lês knoei) partij fan mij. Hij sil gjin grutte hichte mear helle, it groeien giet net ek net mear sa hurd, mar hij docht noch wol mei bij ús yn de tún.




Yn dy beam haw ik juster myn fuotbaltas hongen. It is oer, it is dien, it is foarbij. Dy wylgebeam dy brûk ik om myn stopje oan te jaan. Net dat it foar immen oars wichtich is. Oan it begjin fan dit seizoen al twifel om troch te gean. Ik bin der no út. Holpen troch in blessure.
De tas haw ik der yn hongen, de skuon noch net. Want dy haw ik nedich om de jeugd noch te trainen. De tas haw ik net mear nedich. Ik haw op dizze dei yn febrewaris de boel ôfsluten. In knibbel dy't al sûnt DWP 4 - SDS 5 yn novimber net mear lekker giet, hat it beslút ynlieden. Ik haw gjin striid mear om it wer op te pakken. Ek al is de blessure oer. Ik haw gjin sin mear om sneons rekken te hâlden mei it fuotbaljen en te konstatearjen dat it wer ôflast is omdat fjilden net bespile wurde kinne/meie of omdat de tsjinstanner te min spilers hat. Boppedat is it trainen al lang net mear wat it west: hast altyd in wiete boel wêr't in bal net normaal rôlje wol en ik net normaal drave kin.
Myn tas yn de wylgen. Hoewol dy amper in pear jier tsjinne hat, is it in fodde wurden mei allegear skuorren.



Nee dan myn twa pear sokken. Dy kinne dus likernôch 35 jier lang mei. De kleur is der wat ôf mar der sit gjin gat yn. Dat wie wol in goeie kwaliteit.
Dy sokken wiene oars wol in stikel yn é foet fan sommige bestjoersleden. Dy argewaasje binne se no kwyt.

dinsdag 22 februari 2011

Fjouwer groepen



Wij hiene earder K3, de 3 J's, de 4 troubadours mar no hawwe wij de Fjouwer dy't in oantal kearen meielkoar optrede. En wêr kinne se dat better dwaan as yn "de lytse Fjouwere" yn Itens. Kommense sneon 26 febrewaris binne se yn Itens, wat him stadichoan begjint te ûntwikkeljen as in rockdoarp foar leafhawwers. Fjouwer groepen dy't in ferskaat oan muzyk bringe. Spesjaal foar rockers en rokjes. En wa't alle 4 nammen fan de groepen út de holle goed útsprekke kin, is gelyk slagge foar it diploma Frysk A en Tsjetsjeens B.

maandag 21 februari 2011

Kâld?

It noege hjoed net út om in flinke traap te dwaan op de fyts. In kâldkommer as mij moat him fersette tsjin syn eigen gefoel. "Skrale wyn", "temperatuur sa't dy fielt is 7 graden ûnder nul" binne teksten dy't ik leaver net hear. En dochs weagje ik mij de kjeld yn. Kom op. Efkes Skrok om, lis ik mij op. Op de bukfyts. Is minder kâld. Mar krekt foar Easterein, mei de sinne yn de kop beslút ik dat Meilahuzen om en fia Itens werom ek noch wol kin. Ik bin noch net ferklomme. Op it binnenpaad krekt foar Itens haw ik de smaak te pakken en beslút fia Rien nei Lytsewierrum te fytsen. Ek bij Rien pak ik it binnenpaad. Twa passanten op it smelle paad hoe is it mooglik. Lytsewierrum.



Se hawwe der lykas bij alle doarpen yn ús gemeente in piktogrammeboerd del setten en dêr wurd ik bij Lytsewierrum net waarm en bliid fan. In tsjerke en in tsjerkhôf. Fan beide gjin ferlet.



Der is mear romte op it boerd en dat hie kind want ik sjoch ek in oranje postbus en in bushalte. Dêr soe ik mear ha kinne.
Lytseweirrum bin ik gau troch, dus op nei it noch lytsere Greatewierrum:in streek sûnder fertier. Lâns de Slachte op nei Reahûs. Sinne en wyn yn de rêch. Hearlik. Fia it binnenpaad nei Easterein. De fearten binne skjin en de rotsoai dy't der útkommen is ferspraad oer it lân.



Utsein de fyts, dy't wierskynlik earne meinommen is om in lette feestgonger thús te bringen en helaas yn de feart smiten. Spitich, want hij is is der net better op wurden yn dy feart.

Yn Easterein soe it fytspaad nei Wommels in opsje wêze kinne, mar ik wol wurd hâlde. Dus Skrok om. It fjirde binnenpaad.



It skiere piktogrammeboerd yn Wommels jout oan dat dêr mear te dwaan is.
Thús haw ik ynienen nocht om allegear putsjes te dwaan bij hús om. Ik haw it net mear kâld.

zondag 20 februari 2011

It regear

De ôfrûne moannen hat dúdlik makke dat dit regear him neat, mar dan ek hielendal neat oanlûkt fan protestaksjes. Dit regear hat mei de sin "earst snoeie dan bloeie" dúdlik makke, wat de folchoarder is.
En wij sitte no noch mar yn de fase fan hjir en dêr wat snoeie, want it bettere hakwurk moat noch begjinne.
Keunstners, ûnderwiisminsken, amtners, natoerorganisaasjes en wat al net mear hawwe op ludike of hurde wize besocht it kabinet op oare tinzen te bringen. Dat is net slagge. Lit dat in les wêze foar oaren. It hat gjin sin om tiid en enerzjy te stekken yn tiidrôvjende aksjes. Al dy demonstranten hiene gewoan op in oare partij stimme moatten. Want dizze trije partijen hawwe mear as 50 % fan de stimmen helle en dus hawwe sa'n 50 prosint fan dy amtners, fan de ûnderwiisminsken, fan dy keunstners en fan dy fjildminsken harren wurk ferline jier net goed dien.
Dus hat demonstrearje gjin sin. Better is it om dy tiid te brûken om mei-elkoar te betinken hoe't je no wol dwaan sille mei dat minder beskikbere jild.
Ik soe ferwize wolle nei de wize wurden dy't omskreaun wurde as de wet fan de heit fan Desmond Tutu: Ferhef dyn stimme net, betink bettere arguminten.



zaterdag 19 februari 2011

Bijnammen

Yn it AD fan hjoed in aardich artikel oer Ryo Miyaichi, de nije Jappaner fan Feyenoord. Nei twa wedstriden al in bijnamme: Ryodinho. In namme dy't der is omdat de supporters dan net hieltyd dy lestige eigen namme útsprekke moatte. Mar in echte bijnamme kinne je net nei twa wedstriden krije dy't moat je nei in moaie karriêre bij in klup fertsjinje. En Feyenoord hat op dat punt in oantal moaie foarbylden: Ijzeren Rinus, Theo de Tank, Rambo, de Tovenaar van Tatabanya, Pi-air, K2, Koning van de Kluts en De Kromme.

vrijdag 18 februari 2011

Rûke

"Grutteljus sykten en earmeljus pankoeken rûke fier" is in siswize dy't mij bijbleaun is fan de tiid dat ik de ynboargeringskursus Frysk dien ha. De ynboargeringskursus Frysk hjitte doe Frysk A frysk B en de Akte Frysk.
Trije jier lang haw ik mei in soad nocht mij de taal better eigen makke. De leafde foar de taal wie der al, mar dat wie te min yn myn eagen. It is spitich dat net mear Friezen dy stap setten ha, dan hie it der no grif oars útsjoen mei de taal. Mar lit mij dizze kear mar net seure oer it Frysk mar lit mij it hawwe oer it rûken.
Yn de siswize wêr't ik mei úteinsette hat it rûken in aardige betsjutting. Want foar de dúdlikheid de siswize betsjut dat wat riken oerkomt mear oandacht krijt útsein wannear de earmen wat ekstra's krije. Moai ein soe ik sizze wolle.
Mar werom nei it rûken. Ik haw foarjiersfakânsje. Dat is moai. Dat soe noch moaier wêze kinne at ik it foarjier rûke koe, sa as men soms sa moai seit. En dat is no net it gefal. Fannemoarn op de fyts nei Boalsert rûkte ik fan alles mar gjin foarjier.
Krekt fan hûs ôf krige ik al wer sin oan bôle wat doe't ik bij de waarme bakker yn Wommels lâns fytste. Dat moat in genot wêze at je flak bij de bakker wenje en de wyn goed stiet en je moarns wekker en de noas dy geuren as earste opfangt. Ik soe nea wer Brinta ite, al hoe maklik it ek is.
Krekt bûten it doarp woe ik myn noas wol oplûke foar de stank fan de jarjende boer.
Ik haw neat tsjin boeren, ek net tsjin jarre mar de stank bliuwt mear yn myn burd hingjen as it geurke fan de bakker.
En dy jarre geur rekke ik net earder kwyt as ûnder de reek fan Boalsert: in kofje geur fan de Drie Mollen. Neidat ik yn de Welkoop de boeregeur wer hielendal te pakken krige, gie ik yn omkearde rjochting werom. Bij de kofje lâns, oan de kant fan it jarrelân en wer bij de bakker lâns. Thús earst in bakje hân mei in waarm broadsje. En dêrnei .....nei it húske fansels.

woensdag 16 februari 2011

Hurde blaasrock

"Wêr kin ik dij foar wekker meitsje" is ien fan de fragen yn in standert interfjoe yn regionale kranten. De measten sizze dan lit mij mar sliepe mar dat is gjin antwurd. It giet der krekt mei sa'n fraach om, oan der efter te kommen wat foar de persoan hiel wichtich is.
Se meije mij wekker meitsje foar in goed stikje muzyk, in lekker moarnsbrochje en leuke tweets.
Wêr't se mij net foar wekker meitsje hoege is blaasmuzyk. Dat kin mij net bekoare. It wurdt lykwols wer oars at ik Blaas of Glory hear. In rinnend blaasorkest dy't de minsken fernuverje mei hardrocknûmers.
Ut de klarinet, de banjo , de akkordeon, it waskboerd, de lyra en wat gitaren klinke de hurde rocknûmers fan ACDC, fan Metallica, fan Van Halen en fan Motorhead. Oansteklik brocht en kin om mij dizze kant wolris útkomme.


zondag 13 februari 2011

In soad punten

Der binne fan dy wykeinen dan falt alles te plak. Of leaver sein de bal falt yn it goeie doel. Sa as dit wykein. Myn klupke SDS wint mei 6-2 en dat wie ek nedich want yn dizze twadde klasse sneons stiet alles tochtbijelkoar.
It nijs fan sneontejûn is dat Feyenoord wint. Ja seker, yn de Kuip Heracles ferslaan.
Op sneintemiddei fyts ik nei Snits om SneekWZ te sjen tsjin RKHVV. Haadklasse. Moai grien keunstgers, moaie wite linen en in oerwinning fan de Snitsers. En mei 4-2 sjoch ik wer 6 doelpunten. Op wei nei hûs ek it goeie berjocht dat sc Hearrenfean wint fan NAC. Want dy Friezen meie fan elkenien winne útsein fan Feyenoord.
Dat Ajakkes net wint, makket it wykein hielendal top.
Tefreden op de bank mei Pink Floyd.


Yn memoriam

Omrop Fryslân hat op sneintemoarn yn it programma Buro de Vries in rubryk "Yn memoriam". Dat stiet mij tige oan. Ik mei graach in memoriam lêze of heare. Foar de dúdlikheid ik haw leaver net dat minsken dea gean, mar it heart no ien kear bij it libben. In goeie yn memoriam beskriuwt de hichte en djiptepunten want al hoe min in libben ek like, hichtepunten wiene der fêst en al hoe moai it libben ek like, der sille altiten djiptepunten west ha. It moat de bylden fan in minske oproppe dy't je net kind ha mar wol foar je sjogge.
Sneintemoarn waard de yn memoriam fan Wibe Bergsma folge troch in moaie útfiering fan Ideoteque fan Radiohead. Dit is de libjende útfiering en dan klinkt it oars mar net minder.


vrijdag 11 februari 2011

Humor

Foar ôfgeand oan de liftwedstriid fan 1 jannewaris binne de eardere, de takomstige en de hjoeddeiske lifters al drok oan it melen mei-elkoar. Fia de meel wurdt it oernachtsjen en de weromreis regele. En it is ek in hiel goed middel om de tsjinstanners "tips" te jaan of benaud te praten of in kombinaasje fan beide.
Teade de Boer regele dit jier de weromreis en hij frege yn folle earnst de maten fan de koffers op sadat Ryanair de goeie romte reserveare koe yn it fleantúch.
En sa meelden de lifters harren maten nei Teade. 20 bij 40 bij 55 wie it favorite maatsje.
Je frege je ôf wêr't dy Teade sokke humor weihellet. Ik bin der efter. 6 wiken haw ik dien oer in boek wat ik fan him te lien ha. 6 wiken mar leafst! En at ik sa lang oer in boek doch dan is der wat oan de hân. Dan is it in super moai boek. Ik wol der dan sa lang mooglik oer dwaan. Alle dagen maksimaal 10 siden de bûsen útskuorre. (nee, net de bledsiden Teade).
"Door Ierland met een koelkast" fan Tony Hawks is ien grutte lange grap. En it brocht mij hielendal wer yn de sfear fan Ierlân wêr't no trije kear west ha. De minsken, de kroechjes, de rein, de freeslike diken en de muzyk.
Wat in sels spot yn dit boek. In absolute oanrieder ek foar wa't net fan lêzen hâldt mar wol fan humor. At se mij freegje fan hokker humor ik hâld, dan sil myn andert wêze: dy fan Tony Hawks.
It boek is ek ferfilme en ik leau dat ik tsjin myn gewoante yn foar ien kear in film sjen gean.


donderdag 10 februari 2011

Guozzeflecht

It jier 2011 is noch mar krekt oan de gong en ik haw al in frysk boek lêzen. En....dat hat mij goed foldien. "Guozzeflecht" fan Ferdinand de Jong wurdt oankundige as in spannend boek en dêrom stapte ik in kear oer fan Ingelske, Skandinavyske en Amerikaanske skriuwers nei immen yn Boarnburgum.
It kin wêze dat myn spanningsbôge net goed ôfsteld stiet, mar fan echte spanning haw ik neat fernommen. Nee, ik haw genoaten fan it moaie Frysk. It boek liet my wer ris sjen hoe moai ús taal is en hoe 't je mei gewoane wurden dêr in kreas ferhaal oerskriuwe kinne. Mar hjir in dêr in grapke. Oer it ferhaal sels gean ik neat sizzen. Ik fyn it sels nammentlik ferfelend at ik de strekking fan in ferhaal lês wylst ik der noch oan begjinne moat. En at ik wat sis oer de strekking dan giet it ek oer it ferhaal.
En dat ik it net echt spannend fûn, seit mear oer mij as oer it boek.
Ynkoarten mar wer ris in Frysk boek útsykje. It is ek wis en wrychtich goed foar myn eigen taalbehearsking.

dinsdag 8 februari 2011

Stimwizer

Jan Waterlander wennet yn de gemeente Littenseradiel. Dêr is neat mis mei. Mei dat wenjen yn ús gemeente. At der neat mis is mei Jan Waterlander dat betwifelje ik. Hij docht yn alle gefallen syn bêst om yn it nijs te kommen. Earst gie hij as PVDA-er de striid oan mei boargemaster Liemburg. Dat ferlear hij gelokkich. Net iens op punten mar mei in echte knock-out. Mar hij kaam wer oerein, skamme him net, mar rjochte wol in partij op mei dy namme: Djipread.
Gelokkich foar him wiene der gau ferkiezing en mocht hij mei in stille ôftocht (ôfgong) dwaan.
Mar at der dan wer earne ferkiezings foar binne dan dûkt syn namme ynienen op. Op de 50plus partij stiet syn namme op nû ien.
En dy Jan Waterlander socht dizze wike gelyk de publisiteit wer op troch te stellen dat de stimwizer net doocht.
It kost mij wat muoite mar ik moat him gelyk jaan.
Dy stimwizer klopt net want ik kom op de 50Plus partij út. Dan moat der goed wat mis wêze mei de stimwizer.
Dêrom slút ik mij oan bij de wurden fan Waterlander dat de stimwizer net doocht en lûk ik mij der neat fan oan.
Ik stim dus FNP, dy't yn tsjinstelling ta mij tsjin de ôffaloven is, dy't net wolle dat der yn alle doarpen boud wurdt, wylst ik dat wol in goed plan fyn en dy't foar sâltwinnen binne ûnder de waadsee wylst ik dêr tsjin bin.



Oh ja: de Fnp siet wol ticht bij de útkomst sa't ik dy foar eagen hie.

zondag 6 februari 2011

Leech en heech

It waaide juster dat it rikke. Lekker fytse is dan net mooglik. Moai fuotbal ek net. Dochs like it mij goed om it fytsen en it fuotbaljen te kombinearjen troch op de fyts nei Snits te gean om de wedstriid WPB - Nijland te sjen.
Ik kin kieze út in oantal fytsen. It sil jim gjin nij dwaan dat ik de platste fyts útkeas foar dizze stoarmwyn. En dan soe it in kataai wêze moatte neffens in grut ferskaat fan "deskundigen" want "op in lisfyts ha je dochs gjin lêst fan de wyn". Ik freegje mij ôf at it sokke minsken nea bij de bokse ynwaaid at der hurde wyn is.

In streekderby fan twa ploegen dy't no ek noch yn de selde gemeente lizze. Wylst ik der hinne lisfytste naam ik mij foar de beoardielingslatte net te heech te lizzen foar it fuotbal wat ik ferwachtsje koe.
No haw ik wol in soad mar net hiel heech fuotballe, mar wat ik wol opstutsen ha fan treeners en lieders dat bij hurde wyn de bal leech bliuwe moat. Dat falt net altyd ta en it sil ek net altiten opgean mar at der doelberet lange hege ballen jûn wurde dan wit je wol dat it net heechsteand wie.
In inkele oanfal oer de grûn en krekt dêrút skoarde WPB. Nijland makke ek noch gelyk krekt foar tiid.
En dochs siet ik te wachtsjen op dy iene hege bal. Fan in kollega dy't bij Nijland fuotballet. Hij hie tasein om te besykjen de bal op de sporthal te sjitten. En dat is in flinke hichte.
It is him net slagge. In soad hege ballen sjoen juster mar de ultime bal wie der net bij.
90 minuten mei de kop yn de wyn stien. Yn de lijte wie better west mar fan dêrút wie it in stille pantomime. Ek al is it spul net heechsteand nettsjinsteande al dy hege ballen, de emoasjes laaie betiden wol heech op en dy wol ik graach heare.
Ferklomme lei ik mij nei 90 minuten wer del op de fyts en gelokkich hie de wyn dat ek wat dien.

vrijdag 4 februari 2011

Waarme truiendei

Ik kin der net sa goed oer dat minsken mij foarskriuwe hokker klean ik oan dwaan moat. Ik haw it ûnderwerp al in kear útdjippe mei in kollega dy't foar psycholooch leard hat en wy binne ienriedich ta de konklúzje kommen dat ek dit út it ferline komt. En omdat je soks dochs net werom draaie kinne lis ik mij der bij del. Of leaver, ik gean gewoan fierder mei myn "seur net oer myn klean" gedrach. In behanneling wie net nedich.
Sa kaam der ynienen de "Casual Friday". Oan it wurd te sjen is it hjir net betocht, mar oerwaaid út Amearika. Mei Casual Friday meie je gewoane, lekker sittende klean oan dwaan, yn stee fan strakke of stoere pakken. De strik mocht thúsbliuwe en it boesgroentsje mocht sels in bytsje út de broek hingje.
Ik haw gelyk wurktiidfermindering oanfrege op freed, want it gie freeds op it wurk allinne noch oer klean. De moandei-tiisdei-woansdei-tongersdei-pakdragers hiene freeds it grutste wurd oer lekker sittende spikerbroeken, slobber boesgroentsjes en sportive skuon.
Hjoed 4 febrewaris is it waarme truien dei. Jeetje mina. Bin ik freeds gewoan lekker thús sil mij in organisaasje wer foarskriuwe wat ik no wer oan dwaan moat.
De kachel in graad leger en in trui oan, wie it advys foar hjoed.
It doel sil wol goed wêze mar at it wurket? Of dochs wol.
Nettsjinsteande de de stoarmeftige wyn bin ik dochs mar efkes op de fyts lizzen gien en haw mij sa'n oardeloere yn it swit jage om tsjin de stoarmwyn yn te kommen. Fia de Bieren, Hichtum, Boalsert, Hartwert de Kliuw, Easterein en Skrok werom nei Wommels.
Myn net lytse bydrage oan de waarme truiendei. De kachel bleaun thús út .
Omdat ik nei de tiid wol efkes ûnder de waarme brûs moast, is it noch in hiele berekkening at myn bydrage oan de waarmetruien-hurdewyn dei noch wat oplevere hat foar it miljeu. Wis is dat ik leaver fyts mei de kachel út dan thús sit mei de trui oan. Ek mei wynkrêft 8.

donderdag 3 februari 2011

Bat out of hell

"De frjemde skiednis fan Meat Loafs "Bat out of hell" wie sneontejûn de titel fan in reportaazje yn Classic Albums bij de VPRO. Meatloaf dus. Ferneamd om "Paradise bij the dashboard light", mar je dogge harren te koart at je it album "Bat out of hell" net kinne.
In reportaazje wêryn de âlde stjerren oan it wurd kamen. In moaie reportaazje en doe't it dien wie, moast ik nei boppen. Nei myn LP samling. Net hiel grut, mar wol mei in oantal geweldige albums. Sa as dizze: Bat out of hell.
De nûmers binne super mar de hoes is in plaatsje. Wat in keunstwurk.






dinsdag 1 februari 2011

Sjongtalint

Op de legere skoalle stie ik net bekend om myn sjongtalint. Bij it wyklikse oerke sjongen hie master leaver dat ik myn mûle ticht hâlde, sadat master dochs noch sprekke koe fan “genôch” sjongkwaliteit yn syn klasse. Ik fûn it net slim en haw der neffens mij sels ek neat fan oer holden.
In goed wike lyn makke in kollega risselwaasje om nei hûs te gean. “Bist mei de auto” wie in fraach wêr’t ik it antwurd wol op wist. “Hast ek in CD spiler yn de auto”?
It antwurd wie ” ja, hoe sa”
“Dan haw ik in leuke CD foar dij. Net te hurd ride mar de spiler goed hurd oansette”
It wie in blanko CD en sûnder ek mar ien oanwizing wat it wie, gie sij op nei de Jouwer.
De oare deis komt de kollega optein lâns. Se sjocht mij mei grutte wurdearjende eagen oan en seit “Goh, wat kinsto moai sjonge, wat klinkt dat goed,”
Ferbaasd sjoch ik har oan; myn tinzen fleane hin en wer; wat stiet er op dy CD, haw ik in ferkearde CD jûn, is dit wat oars? Binne dit lûden fan optredens fan mij ûnder de dûs, of is dit myn fertolking fan “Rode Rozen” yn de tredde helte fan SDS 5. Wat is hjir oan de hân?
“Hoe, bedoelst, ik……….,” freegje ik hoeden.
“Of, of bisto dit net....... is dit dyn broer soms..... dan hat dy deselde stim...... ik fûn it moai, it klinkt goed”.
Hiel efkes wol ik har yn de waan litte, mar it slagget mij dochs net: “Mar beste kollega dit is in wrâldferneamde Ingelske groep, dy’t in moaie CD makke hat”.
Sij sjocht mij suver wat teloarsteld oan; miende kollega te wêzen fan de nije Rebroff, Bono, Jagger of Pavarotti.
En ik? Ik sil mij beriede moatte op myn takomst. Wat ik dwaan wol mei dizze fermiende kwaliteiten. Oan hokker talintejachtprogramma ik mei dwaan sil of bin ik dêr al te goed foar. En moat ik myn âlde skoalle ek noch oanklage fanwege it net herkennen fan myn talinten?
En beste kollega, wat der ek fierders bart mei myn sjong karriêre, ik sil altyd sizze dat ik ûntdekt bin troch dij. Yn de auto tusken Snits en de Jouwer.