zondag 31 maart 2024

Hiphop-metal-hardcore

 Je sille der mar bij stean freed yn Neushoorn 



It wie fantastysk, wat in sfear!

Douwe tsjin Jumbo

 


De grutte supermerkeketens binne de baas.

Dat is al in oantal kear dúdlik wurden

Earder misten de Nestlé produkten, noch letter de snoep fan Redband

No hawwes sa't it skynt spul mei Douwe fan de Jouwer.

Yn Wommels wiene sneon alle soarten DE op.....

In rûntsje Surch

Sneintemoarn

in graad as 8, 

eastenwyn en hast droech

Mei oare wurden, it is hast perfekt waar foar

in rûntsje Surch

Wij rinne boppe op de dyk,

sij lizze ûnderoan de dyk

Oplettende fiskers. 

Twa man, trije angels

It eaget driigjend

dat is it ek: motrein



Surch, mei toer en winkel (foar fiskers)

Oer de N31 is in brêge.

De meast ûnnutige rinbrêge

Ek de meast knoffelige brêge

Neat kloppet dêr




In brêge sa steil 

de leuning te fier fan de treden



In goate foar fytsen

mar der mist in takel

Hjir treau je in gewoane fyts mei muoite omheech

en een E-fyts soarget foar in gebealch fan komsa.

Nei ûnderen ta , dêr wol ik net oan tinke



Zürich en Zurch, dy nammen hawwe wol wat fan elkoar

It iene leit lykwols yn Switserlân , it oare yn Fryslân.

Dêrom nimme wij ús Zurich ek Surch.

It giet wolris mis mei de post.......


Sa mis kin it gean



Sa feilich as de bank fan Surch

8,3 kilometer

vrijdag 29 maart 2024

Spotte

 


Hearlike humor


donderdag 28 maart 2024

Fierljeppe op de Skâns

 Wa't Winsum seit, tinkt oan fierljeppe.

Alteast dat hoop ik.

Bij de Skâns is ynformaasje te finen

oer it fierljeppen en de tiid 

dat se midden yn it doarp sprongen

Dat haw ik earder ek noch wol meimakke.

Moai dy ynformaasje oer Roel Bokke Span

en junior Tamme Velstra ( de letters topkeatser),

dy't  mar 1 sentimeter minder fier sprong 

as de beste senior.
















Sybren

 Dêr tref ik him wer.

Moarns 8 oere yn Winsum.


Hoe giet it?

Net bêst

Wat no?

Kanker efter it each. Oer in pear jier bin ik blyn.

Dat hast al jierren toch?

Ja, se kinne it net ferhelpe.

Och, wat sneu. Sjochst no noch wol goed?

Jaaaaa.


En dan komme de ferhalen wer oer syn karmaster wêzen

bij it keatsen

Oeral op de foarline.

Hij seach it altiten goed.

Dêr yn Itens, dêr yn Harns, enssfuorthinne

"Ik kin no wol noch wol op de foarline,

ik sjoch it noch prima".


Moai Sybren, mar dat hoecht net mear.

Nee, Aant, ik doch it ek net mear.


Wij rinne de Coop yn

en hij stelt mij foar oan de eraste de beste.

"Elkenien yn Wommerls kin him, sa jout hij oan

Elkenien yn Winsum en fiere omkriten kin him, jou ik oan


At ik de winkel út kom,

leit er in banaan op  myn fyts.

Fan Sybren tink ik......

as tank foar it praatsje



 

dinsdag 26 maart 2024

Wommels Noard


 Fia X wurde wij op de hichte holden fan de foarderingen bij Wommels Noard.

Tafallich wie ik ferline wike efkes te sjen,

efter it stek  yn de middensône.

Fanút de loft sjogge  je it fansels noch better

Dizze stie op Twitter, sorry op X

(Foto fan Jetze van der Veen)


Plassen

 


In eintsje rinne is foar de pakesizzers soms wat saai,

mar net at er oeral plassen lizze

Wat in feest om der trochhinne te fytsen

en der wat yn om te stampen

maandag 25 maart 2024

Grappich

 



Dat is it moaie fan de sosjale media

ik kom betiden prachtige spotprintsjes tsjin

wêr't ik om gnize moat 

en ik mij altyd ôffreegje

"Hoe betinke je it?"

zondag 24 maart 2024

Armada

 


Gjin Ziggodome, gjin Afas Live

gjin Neushoorn en gjin Bolwerk.

Foar myn wykliks jûntsje muzyk

stean ik op dizze sneontejûn 

yn in oanklaaide loads op 800 meter fan myn hûs

Wat in lekker barren mei leafhawwers fan stevige muzyk.

Allegear oanwêzich op útnoeging

Armada is de band dy't de stevige toan set,

de metalleafhawwers soargje foar in fet feest.




zaterdag 23 maart 2024

Bus


 

Dit fyn ik geweldich goed nijs,

De lêste bus út Ljouwert giet jûns in oere letter.

Yn de regel binne konserten yn Neushoorn dien tusen 23.30 en 24.00 oere.

De lêste bus giet no 23.30 sa ûngefear

en dat is meast te betiid.

In konsert net útsjen 

en yn sân hasten nei de bus drave

it is oer, it is foarbij......




donderdag 21 maart 2024

Plasdras

 


Dit boerd kom ik tsjin bij it bosk fan Lollum.

Myn doel is net om it "Rondje oan de Draai" te rinnen

mar om myn lêste 300 meter "Lollumdyk" te sykjen

om sa de 75 % Wandrer kilometers fol te meitsjen



Ik bedarje yn it bosk (wer 100 meter troch de houtsnippers!)

en fyts nei Barsum en Akkerhorst (iets mear as 300 meter!)

Lollum klear, ik bin tefreden

Hjoed 15 kilometer fytst foar dy lêste 300 meter.

It is wat mei dizze healwize útdaging

Werom nei it boerd om de Draai

At ik fan doel west hie om dat loopke efkes te dwaan

dan hie dat dus net kinnen.

Fanóf 1 april net mear, dat begryp dizze fûgeltsjeman hiel goed,

dan gean de fûgels foar myn rinwille

Regelgeving plasdras?

ik wit net wat dat is 

en kin it ek net sa gau fine op ynternet






woensdag 20 maart 2024

Gieter

 Ik fyts nei Lollum

en krekt bûten Waaksens is in brêge.

Oan in stekje derbij hinget in wetterjitter.


Sa'n ding is meast om blommen wetter te jaan.


Oan beide leuningen fan de brêge hingje twa blombakken.

Dat sil it wêze.

Immen, fêst net ien fan de gemeente, 

jout de blommen yn de bakken sa no en dan wetter

út de Lollumer opfeart.

It lêste healjier wie dat in makkie




dinsdag 19 maart 2024

5de klasse

 



Sa sjocht it begjin fan in streekderby yn de 5de klasse derút.

Ik bin sneon yn Arum, at de vv Arum de Wytmarsumer klup Mulier ûntfangt.

De 5de klasse.

Middenmoat

Ik tink, dan wen ik dêr alfêst mar wat oan.

De 5de klasse

gjin gelûdsynstallaasje,

gjin opstellingen, gjin doelpuntemakkers.

It skoareboerd docht it net, 

mar dat is yn de tredde klasse bij sommigen klups ek mar ôfwachtsje.

De sfear is fantastysk

je steane dêr prachtich yn de lijte fan de kantine 

en de kofje is mar 1 euro

5 doelpunten en spannend

ik sjoch suver al út nei de 5de klasse



......azelen

 


It skeelt mar ien letter

Net wier

Der stiet op ynternet in soad ynformaasje

dat net wier is.

"feeknijs" nimme se dat mei in moai Frysk wurd.

Je witte betiden net wat je leauwe moatte

Meastal komme dy feekberjochten fan fier

mar soms binne se hiel tichtbij.

Nim no it fuotbal

De KNVB hat in app,

wêryn't alles bij holden wurdt per alvetal.

De takomstige wedstriden, de seleksjes, de útslaggen en de stân.

As aardichheidtsje kinne je nei in wedstryd stimme

op de man fan de wedstriid.

Dikke flaue kul fansels.

Dikke sjit wurdt it at dit bart.


Syb Overal wurdt de man fan de wedstriid

fan in wedstryyd dy't net spile is

omdat SDS te min spilers hat.

Dat Syb de man fan de wedstriid wurden is

begryp ik ek wol wer.

Hij is wedstriidsikretaris 

en hij moat hast alle wiken wol in wedstriid ôfsizze

omdat spilers hiel frijbliuwend oan in teamsport meidogge.

Moai dat de ploegen oerien kommen binne

dat de einstân 2-0 wurden is,

hoege se in folgjende kear net wer te plannen 

en ôf te sizzen





maandag 18 maart 2024

Boek makket yndruk


Ik sit freed efkes noflik yn de stoel bij in net-lêzer.

Wij hawwe it oer it libben en oer de metal.

"Kinst dit boek wol", freget hij

wylst er syn piratenkist iepen docht

en mij  dit boek sjen lit.

"Nee, dat kin ik net, 

mar ik haw der wolris oer heard".

"Spilet foar in part yn de buert fan Spannum'

en ik haw it hielendal lêzen

en fyn it yndrukwekkend

sa't dat yn de omskriuwing ek al oanjûn wurdt."

seit hij.

"Nim mar mei"

Ik nim it boek mei

en selden haw ik sa fluch in boek lêzen.

Moai skreaun dat is it seker, 

mar oh wat in tryst ferhaal,

mar wat hat dy frou wat oerwinnen moatten.

Respekt foar dizze krêftige frou.


donderdag 14 maart 2024

In ritsje Duinterpen

 


Jellie moast  tiisdei yn Snits wêze

dus fyts ik efkes mei

om in stikje fan myn "fytsdoel" út te fieren:

Fytse troch 75% fan alle strjitten yn Fryslân.

It oantal diken/fytspaden yn Snits is 226 kilometer

Ik sit no op 68 % dat is 155 kilometer

Sa sjocht in ritsje Duinterpen der út

Allegear rjochte diken nei it wetter

soms yn ferbining troch in brêchje mei in oare dyk

mar meast dearinnend dêr.

Al dat geslinger levere 5,9 nije kilometers op.

Boppedat, in hiel soad yndrukken

fan fierstetegrutte huzen

mei fierstentegrutte boaten


Respekt


In bytsje respekt foar ús Freule is wer fier te sykjen


In bandsje mear makket him net út

 

út AD 14-3-2024

Dat sizze se tsjin mij 

dat ik faak bij muzyk bin.

Ik haw de 100 wolris helje yn in jier,

mar 716 dat is oare koeke.

Hij fynt allinne gean net slim

hij kiest ek foaral foar de lytse podia.

Dêr kin ik mij hielendal yn fine.


woensdag 13 maart 2024

Wiet

 It is al wer wiet, 

at ik fannemoarn de fyts bûten set foar in lyts rûntsje.

Net wiet genôch om thús te bliuwen

en net wiet genôch om de reinbroek oan te dwaan.

Mei genoegen sjoch ik tal fan skoallebern 

foar mij út fytsen.

In inkele elektryske hellet mij yn.

Ik fiel de boksen al aardich wiet wurden

en tink werom oan de tiid 

dat ik nei Snits fytste.

In reinbroek hat nea stoer west,

sa sitte je dan healwei de moarn mei in wiete broek yn it lokaal

want in broek droeget it bêst op it lichem.

De bern sette bij Burchwert lofts ôf nei it trekpaad

ik gean rjochts nei de Burchwerterhoeke

En sjoch ris oan

ik kin der ûndertroch fytse

en dêr is it droech




woensdag 6 maart 2024

In bakje bij

 


Hjoed wer paad west foar Diggelfjoer

In moai petear mei in Wommelse op leeftyd,

alteast dat fûn ik.....

Dit buordtsje hinget bij de doar

Benijd at de freugde it grutst wie 

bij myn kommen of bij myn gean

( de tekst is leuk,

mar de ôfbylding seker ek)


Bogerman

 


De doar stiet al iepen

de keten binne opromme

de brievenbussen hingje bij de doar

en in âlde tekst komt werom op de gevel

De tekst dy't herinnert oan de tiid dat de 

Christelijke Nationale School 

 Lager en Uitgebreid Lager Onderwijs

dêr ynsieten.

Mei oare wurden

de grifformearde legere skoalle en de Ulo.

dat letter Mulo wurdt

dan Mafú

dêrnei Bogerman Wommels

en dêrnei Bogerman

en no Bogerman 2.0