Op woansdei 29 april sjogge wij dit boerd
In warskôging dus,
sa'n 400 meter foar it plak fan ûnheil
Want dat is it, docht bliken
Foar de wissichheid stiet der ek noch in boerd
at wij dy 400 meter ôflein hawwe
"Fietsers afstappen"
Dat liket mij in oerstallich boerd
Want wat wij sjogge is in steile treppen mei in goatsje
wêr't wij tegearre mei alle krêften dy't wij hawwe
de E-bike fan 28 kilo nei ûnderen en nei boppen triuwe
Nei ûinderen hingje wij der beide oan
Nei boppe triuwe wij út alle macht
Oan de oare kant fan it spoar
pûste wij út en kleie wij oer Pro Rail, de Gemeente, de Fytserbûn
en wa't dêr allegear wat oer te sizzen hân hawwe.
Tusken Blessum en Deinum
leit in nij paad mei in ûntagonklike tunnel
foar swiere fytsen
Wij komme der net wer




