donderdag 30 november 2023

Nútsjesmoar

Fannemoarn wurde der twa pakesizzers bij ús wekker.  

at betsjut meielkoar ite en de tromkes klearmeitsje.

Wat er op de bôile moat, jouwe se dudlik oan.  

Hagelslach, appelsjerp, sjokopasta en nútsjesmoar, 

wat sij dan wer pindakaas neame.

Ta myn grutte skrik sjoch ik dat de nútsjesmoar op is. 

Mei skrabjen soe der noch ien stikje tin belein wurde kinne.

"It is op, jonges". 

"Ho wacht pake," sei de âldste en hij rint nei de assistint dy't harket nei ..... 

"Hee Google 

"Speel Ome Henk, de pindakaas is op".

Sa sit de sfear der gelyk yn, en nimme se genoegen mei wat oars op bôle.

Wij hawwe no in grutte pot kocht.



Einum (30)

 It lêste boek yn de rige fan "myn boeken fan novimber"

is ôfwikend.

Ik haw it boek sels net,

mar it is it lêste boek dat ik lêzen haw.

In boek dat in soad yndruk makket op mij.

Prachtige ferhalen oer minsken

dy't yn in lyts doarp wenje (Einum)

Moai Frysk en mei humor skreaun

oer it lytse en grutte lijen yn inhúshâlding en relaasje

It boek krige de Gysbert Japikspriis 

en is skreaun troch Koos Tiemersma

Ik haw it moandei werombrocht nei de byb.




woensdag 29 november 2023

Going down, going down (29)

 Yn de tiid dat de parlementêre enkêtekommisje besocht

de wierheid boppe tafel te krijen oer de Bijlmerramp 

dy't op in sneintejûn Studio Sport earnstich fersteurde

lei ik thús mei in hernia.

Yn dy tiid pakte ik it lêzen op

en middeis siet ik fol oandacht te sjen

nei de fragenstellerij fan dy kommisje

Ik haw dêrnei noch in oantal boeken  lêzen/kocht

om alles nochris te lêzen.




dinsdag 28 november 2023

Tussenkind (28)

 "Tussenkind" is in boek fan Detsje Holtrop

in iets jongere sus fan Jellie, myn frou.

Moedich fyn it it

om te skriuwen oer de eigen jeugd.

Sa't sij dat belibbe hat

is hiel oars as har trije susters en twa broers

De titel Tussenkind seit genôch.

Der oeral wat tuskenyn sitte

op skoalle, mei freondinnen en yn de eigen húshâlding

Detsje hat hjir nei noch twa boeken skreaun,

mar dy fyn ik minder suksesfol



maandag 27 november 2023

Jo Nesbo (27)

Sân boeken haw ik no lêzen fan  Jo Nesbo

de suksesfolle trillerskriuwer út Noarwegen

Allegear fanút de byblioteek

It begong allegear mei dit boekje

fan amper 100 siden.

Gjin idee hoe't ik der oankommen bin

mar it sil wol in kadoboekje west ha




Boesgroentsje -yn-de-broek-hâlders

 


Ik draach net faak in boesgroentsje.

Dat docht mij tefolle oan wurk tinken.

Der hingje noch in pear fan myn wurksum libben

en sa no en dan tink ik dat ding moat ek tenein

dus oandwaan.

No hinget it boesgroen al frij faak út de broek bij mij

en it skynt dat der minsken binne dy't dat yrritearret

It skynt fodderich of flodderich of suterich te stean

Grut is  myn ferbazing dat ik dit tsjin kom op ynternet

In boesgroentsje delhâlder.

Krekt wat

foar lju dy't der net sloardich bijrinne wolle.

Ik haw net ien besteld.

zondag 26 november 2023

Froulju fan Kiestra (26)

It boek is fan 1939.

Kritisi binne earst net sa entûsjast.

Syn "erotysk realisme" jout lilkens

stiet er op it omslach.

Ik moat bekenne dat ik it net mear foar de geast krije kin

mar sokke omskriuwingen jouwe mij oanlieding

om it op de steapel "noch te lêzen" del te lizzen

Letter mear dêroer



Yn "Ons Gebouw"

Ons Gebouw, het klinkt wol wat  besitterich.

en dat is wierskynlik wol te ferklearjen.

It gebouw yn Boalsert sil 

fêst fan in tjerkemienskip west hawwe

en yn dy tiid wie besit wichtich.

Yn Ons Gebouw wie sneontejûn in optreden 

fan The Sound undercover.

The Sound wie in band dy't fan 1979 oant 1987

furore makke yn it sjenre new wave postpunk

Dat wie de perioade  dat wij yn de lytse bern sieten

en dan gean der dingen oan je foarbij.

De muzyk fan dy tiid is oan mij foarbij gien.

The Sound dus ek.

Mar, at er in live optreden is yn Ons Gebouw yn Boalsert

dan bin ik der wol bij.

In hearlike jûn mei in prima band

Om mij hinne in protte lju dy't opgroeid binne mei the Sound

en dêr noch mear as mij fan genoaten.

Mear muzyk yn Ons Gebouw?

ja graach, dan wurdt fansels myn Ons gebouw



zaterdag 25 november 2023

Alde maaie (25)

 


Noch net sa lang yn myn besit (dankjewol Janny)

mar mei nocht lêzen

Rink van der Velde, mei Hylke Speerstra in master

yn it fertellen fan in ferhaal.

Net dat it spannend is,

mar it hat in moaie opbou

en it Frysk is moai


vrijdag 24 november 2023

Pieter Bas (24)

 Pieter Bas is in alderaardichst boekje fan Godfried Bomans.

Bekender is syn Erik of het kleine insectenboek

mar dit mei der ek wêze.

Herinneringen fan minister Pieter Bas.

De earste printinge wie yn 1937

ik haw de fiifde printinge en dy is fan 1978.

jim kinne jim foarstelle dat de taal blomryk is




X

Twitter, dat no X hjit is kapût makke troch Musk.

Fan it moaie medium sa't dat der earst wie, is neat mear oer.

Allegear reklame,

gjin kontrole op berjochten

en hieltyd mear beheiningen.

Ferline wike liet Habtamu de Hoop fia X witte

dat hij "as stunt" mei syn ploech SDS 1

mei de kampanjebus fan PvdA/Groen Links

nei de wedstriid yn Sint Jansgea soe.

In aardichheidtsje.

Wij fan SDS tweeten dat berjocht troch.

Net te leauwen wat dat oan reaksjes oplevert.

Positive fan minsken dy't de "grap""wol ynsjogge

mar de negativen hawwe de oerhân.

Wat in domme, ferfelende reaksjes

krijt hij, mar ek wij as fuotbalklup SDS.

Heare minsken, wat jankerts,

lju dy't wierskynlik oeral op reageare

en dat no dwaan kinne omdat X mar wat oanmoddert.

Bij SDS sille wij noch wol efkes troch twitterje

mar sels bin ik al oer gien nei Bluesky





donderdag 23 november 2023

Op eigen kracht (23)

 


In prachtich reisboek fan dit jonge stel

40.000 kilometer op eigen krêft

de wrâld troch.

Net alles gie foar de wyn.

Prachtich bskreaun, mei in soad emoasje der bij

woensdag 22 november 2023

Op klompen troch de dessa (22)

 


It ferhaal fan ús heit, neam ik dit boek foar it gemak.

Sels nea wat sein oer dy inketswarte perioade

Sokke yndringjende ferhalen fan oaren

fan it hoe en wêrom

At er immen de keunst hat om dit mei gefoel te fertalen yn wurden

dan is dat Hylke Speerstra wol

Ek keunst

Yn de kategory keunstich betocht

sjoch ik efkes werom  op dizze trije keunstwurken

20.000 peuken nim ik oan,

want dit keunstwurk koe ik foar 20.000 euro meinimme




Dizze hjirûnder wie wat goedkeaper

mar dat binne dan ek mar pennen.....



De wearde fan dizze blikjes skat ik op 14 euro 80,

De wearde fan it keunstwurk skynt sa'n 10.000 euro te wêzen


 Sukses mei de ferkeap..... soe ik sizze wolle

dinsdag 21 november 2023

Dag lieve moeder (21)

"Dag mijn lieve moeder"

is de titel fan in boek fan Peter en Klaske Karstkarel.

In neislachwurk mei safolle foto's oer de grêfkultuer yn Fryslân.

In oanrieder foar immen dy't graach op in tsjerkhôf

tusken de grêfstiennen omdangelt

lykas mij



Keunst

 Wij kinne in brede maatskippelike diskusje fiere

oer wat keunst no feitlik is.

It hat neffens mij gjin sin.

Alles is keunst

mar ik fyn alle keunst net moai

Ik fyn it wol keunstich 

hoe't se sommige dingen betocht en makke ha/

Op Amelân wie it wer allegear keunst

en reinwetter en hurde wyn.

Miskien dat it dom dat lêste is dat ik net in supergefoel 

fan de keunst oerholden haw.

Om wat droech te bliuwen 

moasten wij betiden de gong der ynhâlde

en komt it keunstsjen net ten goed.

Mar hawar

Ik haw wat mei koppen en minsken

fantasijrike figuren en mei humor

















maandag 20 november 2023

Zusje (20)


"Zusje" fan Rosamund Lupton

haw ik bewarre omdat it boekje 

mar in hiel lyts bytsje romte ynnimt

It is in saneamde 'Dwerslizzer'    

In dwerslizzer is in kompleet boek

fan 12 bij 8 sentimeter

op hiel tin papier

Ik hie se wolris lizzen sjoen

mar it foaroardiel wjerhâldt  mij der fan

om ien te lêzen.

Oant ik ien krij op in jierdei

It falt mij mei om sa'n boekje te lêzen

Noflik om mei te nimmen

en goed te lêzen.

Ik haw der ûnderwilens in stik as 4



zondag 19 november 2023

Heb jij even geluk (19)

Ik haw in jier as fjouwer wurke op skoalle Lyndensteyn yn Beetstersweach.

Mei Minze Havinga út Snits

reizge ik dêr ien dei yn de wike hinne.

Dy ritsjes yn de auto wiene moai

dan hiene wij it oer fan alles.

Direksje  ûndersteuner, wie ik dêr

In bijsûndere skoalle, mei bijsûndere bern.

Foar de nije direksjeen foar mij in útdaagjende klus

dy't mij alle moandeis enerzjy joech.

Wat in moaie klus diene wij dêr.

Minze en ik namen sawat tagelyk ôfskie

en ek Bauke, de direkteur, stoppe doe.

Wij hiene alle trije de leeftyd om te stopjen.

Bij it ôfskie krige ik fan Bauke dit boekje.

Ik haw it net yn ien ruk útlêzen

dat doch ik allinne at ik der neat oan fyn.

Ik haw dit yn stikjes lêzen

omdat it safolle hie om oer nei te tinken

At ik it no stean sjoch 

dan tink ik oan dy moaie perioade dêr.



zaterdag 18 november 2023

Weg van de wereld (18)

 


Wij hawwe al moai wat fytsreizen makke

allegear yn it feilige West-Europa.

In echte fytsavonturier bin ik net.

Marica van der Meer út Warkum wol.

Sij fytste nei Australie

en ik haw mei bijsûndere belangstelling 

har avontoer dat se beskreaun hat yn dit boek, folge

"Ik soe it net kinne, ik soe it net wolle"

dêrom miskien fûn ik dit in boeiend boek.

Mei Google maps bij de hân

haw ik hast alle plakken opsocht 

wêr't se lâns gie.

Prachtich om te lêzen

en myn fytspet nim ik ôf foar har

Se hat mear reizen makke,

ek dy boeken haw mei nocht lêzen

en dy lizze no op souder 



vrijdag 17 november 2023

In het geding (17)

 Yn 1998 pakte ik it lêzen echt op.

Yn dy tiid moasten je bij in hernia earst mar ris 4 wiken plat.

Dat holp ik gjin sprút, it waard sels minder.

Mar yn dy 4 wiken en dêrnei 

komt  de famylje oan mei boeken út de bieb

Ik rekke al gau yn de besnijing fan John Grisham, 

mei syn  rjochtbanktrillers.

"In het geding" is ien fan de earsten west

en dy haw ik mar bewarre.


Sûnt 1998 sit ik no op 1238 boeken

wêrfan in stik as 50 E-books



donderdag 16 november 2023

Stimme

 


Wat fragen ynfuld

en dan hjir op útkomme.

Net bêst

NSC wurdt it net, Ontzigt is krekt sa twiveleftich as de measte stimmers

SGP wurdt it net, gjin oaljekoeken yn Dantumadiel op snein komt troch sa'n partij

D66 wurdt it net, fan de nije polityk dy't se 4 jier lyn oankundigen is hielendal neat fan te sjen

VVD wurdt it net. Ik wol wolris wat oars

CDA soe it wurde kinne. Net om de C mar om de H. De H fan Henri Bontebal, hij stiet mij wol oan

Christen Unie  sjoch SGP

Tutte mei de linten (16)

Wit hoe faak haw ik it boekje

'Tutte mei de linten' noch yn de hannen.

It stiet yn de bernboekekast,

de ienige boeken, 

dy't wij yn de keamer stean ha.

It boekje wie in grut hit bij ús bern

Wit hoe faak haw ik dy gedichten foarlêzen 

en foardroegen foar de bern:

  • Abe Sjipkop
  • de biezum en de bjinder
  • it karke
  • de ûle
  • Klaes Krintsje
  • Sytse Slokker
It kin mij sels wiismeitsje kinne

dat ik net sa moai mear foarlêze kin

want de pakesizzers hawwe hjir folle minder mei.

Ien gedichtje foarlêze is meast al genôch.

Ik fyn it spitich

Der is net in boekje bij ús 

wêr't mear plakbân yn  ferwurke is as dit boekje 







woensdag 15 november 2023

Leons

Sûnder Húns gjin Leons tink ik wol ris.

Yn de taal heart it bijelkoar

Fierders net.

In provinsjale dyk en  in Boalserterfeart

jouwe in dúdlike skieding oan.

Húns is noch echt, 

Leons net mear.

De pleatsen en de tsjerke striele it âlde Leons út








Der is ek in Nij Leons

In rekreaasjekompleks, dat net misstean soe 

yn it toeristyck Gaasterlân

Rekreassje- apparteminten, mei ferdivedaasje foar de bern

in tramoline en jaseker, sels in pannakoai




Wat er jierren lyn noch wol stie

is it bushokje

Dêr hie ik mij wat op fergappe, 

doe't in bui mij oer it mot kaam

it hokje stie der jierren lyn noch wol, in bus hat er nea west



De fizioenen fan Mary (15)

 Ik wit net at it it earste boek is

dat oerset is fan it Ingelsk yn it Frysk.

Ik wit noch wol dat ik dat opmerklik fûn,

en dat dat de reden west hat om dit boek te keapjen.

Ik haw it ek mei nocht lêzen

stiet mij noch bij,

mar wêr't it oergiet,

ik haw gjin idee



dinsdag 14 november 2023

419 x Friesland (14)

Myn Fryslân bibel, sa mei ik it boek fan Karstkarel wol omskriuwe

mei fansels net ûntbrekke yn dit moanne oersicht

It wie foar mij ek in moaie oanlieding

om nei alle 419 doarpen yn Fryslân ta te fytsen yn ien jier.

Wat wie dat in feest yn 2011,

Wat wie dat ek in planning 

en lestich om in kar te meitsjen

hokker doarpen op in rûte wol

dan wol letter fytst wurde moatte

Dit boek haw ik sels wûn

op in lêzing fan Karstkarel 

doe't hij ús oan de hân fan dia's wat fragen stelde.



maandag 13 november 2023

Minskrotten en Rotminsken (13)

 De titel makke nijsgjirrich.

Wat binne minskrotten en

wa binne dan dy rot minsken

It nachtboek fan Trinus Riemsersma haw ik in pear lêzen.

In moai Riemersma boek

mei allegear tema's, lykas

it wurkjen op in kristlike skoalle

at it leauwen (al) net mear yn je sit



Plattelân

Op it plattelân wenje hat in soad foardielen

Ik soe net oars wolle.

Mar sûnder auto of sûnder in elektryske fyts

is it soms behelpen

Nim no de koroanaprik.

Dy moast ik helje yn Ljouwert

Noch slimmer, oan de oare kant fan Ljouwert

26 kilometer op de teller

Dat is simmers prima, 

mar yn de hjerst mei alle dagen reinwetter

dan moatte je wat gelok ha.

Nim no de kadobon fan de Postkoadelotterij

Foar 12,50 euro kinne je vega produkten helje.

Bij AH.

Dy hawwe wij hjir net yn Wommels 

Wij moatte foar myn minst favorite supermerk

13 kilometer fytse om der te kommen

en 14 kilometer werom at je in oar paad nimme.

Moai hear dy Vegaprodukten, 

goed foar it miljieu

dus is mei de auto gean gjin opsje.

Sa komme wij dus thús

nei in hiel gesyk yn dy freeslike AH yn Snits