De kommende trije wiken fytse wij fia Dútslân, Belgie
fan Maastricht nei Montpellier
At er wat leuks te melden is dan stiet dat hjirneist
op twitter
Of miskien wol op faceboek sa no en dan
De kommende trije wiken fytse wij fia Dútslân, Belgie
fan Maastricht nei Montpellier
At er wat leuks te melden is dan stiet dat hjirneist
op twitter
Of miskien wol op faceboek sa no en dan
Sa'n giel boerd mei in warskôging
dy kom ik noch wolris tsjin yn de bergen,
dat er stiennen op je kop falle kinne.
De mûzefalk dy soarget hjir foar gefaar,
tusken de Kliuw en Hartwert binne wij warskôge.
Se binne foaral agressyf salang de jongen yn it nêst binne.
Se binne sljocht op keale koppen.
Ik wie net benaud.
Ik haw in helm op
Je kinne sizze dat it allegear wol in hiel soad kost
mar je kinne ek tinke, wat bijsûnder, wat moai.
at je it sjogge.
Sa giet it mei mij
oer it ferfolch fan Ljouwert Kulturele Haadstêd
No rint er wer in heal (djoer) beammenbosk troch de stêd.
It is bijsûnder at je foar it stasjon stean
midden tusken de beammen
Ik fyn it prachtich
en bin benijd nei dy oare lokaasjes,
de kommende wiken.
Wij binne net foar de beammen yn Ljouwert.
Wij binne der foar de muzyk op it Befrijingsfestival.
Wat in drokte, wat in gesellichheid.
![]() |
Seewolf, hearlike muzyk foar de leafhawwer |
![]() |
Fortunate Sons , foar de massa herkenber |
![]() |
Rachel Croft & Kentucky Snake Oil, tefolle gepraat |
Op de fyts derhinne en op de fyts werom,
Hinnereis noch in aaklik ûngemak
mei 4 famkes dy't it akwadukt ynfytsten
Ien gie slach oer de kop,
fleach mei de holle tsjin de betonnen wand
en wie in skofke út de tiid
It wie krekt bard en wij koene noch wat help biede
foardat plysje en ambu kaam.
Ik bin bliid mei myn helm......
Yn de buert fan Sint Nyk is in golfbaan.
Dêr tuskenyn is in moaie griene flakte
mei in prachtich hôf.
In klokkestoel leit binne de grêft fan dit moaie plakje.
Op dit plak leit Sape Smeding.
Tegearre mei Rely hie hij de Sparwinkel yn Wommels
yn de jierren 70, begjin 80.
Bij Sape en Rely hie ik myn earste baan.
In prachtige tiid
en in soad leard sa tusken de 15 en 20 jier
Oan de râne fan it Prinses Margrietkanaal
dêr earnbe tusken Langwar en Jiskenhuzen leit Teroele
Ut de fierte sjogge wij de klokkestoel al.
Der is ek in sarkofaach seit it boerd.
It tsjerkhôf mei klokkestoel bij Diken.
Dat wie snein de earste dy't wij tsjinkamen
op ús 77 kilometer lange fytstocht nei it eardere Doniawerstal.
Oer it yngongstek wie al hiel wat te fertellen
Keningsdei yn Boalsert,
yn goeie tiden is dêr in tributefeest.
Dat wit ik noch....
It binne wer goeie tiden dus woansdei nei Boalsert
Sommige lju gean allinne nei in tribute band of de tribute artyst
at dy net mear bestiet of at dy dea is.
Bruce libbet noch
dy fan Fleetwood Mac hawwe spul en spylje net mear
de Stones binne noch mei harren trijen
Queen libbet as ea dêrfoar, sûnder de deade Freddy Mercury
en Brood, ja Brood, dy is echt dea.
De Brood tribute band is it hichtepunt dizze middei
( Bruce en Queen haw ik net sjoen)
In perfekt lûd, strakke drummer en bas
in hearlik ôfstelde gitaar
en in prima entûsjaste springlibjende deade Brood
It wie dêr tige gesellich bij it Veerhuijs.
Sichtber genietsjen troch jong mar foaral wat âlder
Ik wit it noch goed
foar de earste kear pake wurde.
2012, ik lis yn in hut op de boat fan New Castle nei Ymuiden
It slotstik fan in fuotbaltripke.
It waait hurd, it sliept lekker
en gjin tillefoan dy't mij nachts wekker krijt
Moarnsbetiid sjoch ik dat Hildau belle hat.
Dy rint noch net op alle dagen, mar......
Jelske isberne, ''ús earste pake-en beppesizzer"
In bysûnder momint. Prachtich.
Der komme mear bijsûndere mominten.
Roan, Samme, Nyck en Brecht.
In hânfol en dat is noch net iens alles
23 april berne SYB
soan fan Anne-Marije en Jelmer.
Wij binne al wer grutsk en bliid
De blommedagen yn Anna Paulowna.
Wij sjogge der meast efkes ein april.
Blommefjilden en wat útbyldingen
hjir en yn Breezand
Dizze stiet yn Anna Paulowna
"Paint it black"mei de fjouwer Stones yn byld
Roan en Jelske binne mij
sij hawwe frij fan skoalle en sa fulle wij ús oppasttid yn
Aaipop 2022
it sit er wer op.
Ik sil net, ik sil net, mar ik gean úteinlik wol.
Gjin spyt, it is gesellich en
hjir en dêr en sa no en dan
ek noch muzyk dy't ik wol lije mei.
Mar ik bin ek wat kritysk dizze kear.
2500 man en útferkocht
moai foar de organisaasje
en moai foar de sinten.
Minder moai foar myn mage.
Sa om in oere as wat is in fet hapke net ferkeard.
Ik sjoch lju stean, hûnderten om de grutte "bar" hinne
hongerich, wachtsjend en mei ûngeduldige eagen
yn fjouwer rigen dik.
Hjir skynt de ienige "fretterstinte" te stean.
Ik haw gjin idee hoelang de wachttiid is,
mar foar mij is 5 minuten lang genôch.
Dat wurdt net ite.
Pisje en dat oare kin wol.
Gjin iten, dus is dat oare net nedich
Gelokkich mar, ik fang in pear glimpen op fan sa'n diksie,
in bargestâl is der neat bij.
Mar hawar ik moat net seure,
bin ek jong west en seach doe miskien ek wol net sa krekt.
It folk komt foar de boererock
en dêr is fierders neat mis mei,
sa no en dan in lyts healoere meistampe
op de muzyk fan "Normaal yn it Frysk"
en sjen nei it útlitten folk om mij hinne is prima.
![]() |
Dit is TrijXniX en dat wie net 3 kear niks |
![]() |
fol gas mei Folgas |
TrijeXniX en Folgas boererockten der lekker op los.
Om in festival hielendal yn de stimming te bringen
is dêr altyd wer Jitizer.
Wat in feest en wat enerzjy. Hearlik.
Feest liket it ek bij Joop Obama & The Presidents.
It Frysk is ynienen bijsaak,
in medley mei de tintefeestmeisjonghits
yn oare talen, it makke it folk neat út.
Mij wol en hopenlik de organisaasje ek.
Sjoerd ensa en NNB hawwe foaral lêst
fan it minne lûd yn de Teneftertinte
In ideale romte om dêr efteryn wat steantafels en krukken del te setten
omdat dêr it meast serieuze en âldere publyk komt te sjen,
en omdat it fan 14 oant 22 oere in lange steansessy is op Aaipop.
Dy pear bankjes bûten yn de brânnende sinne is gjin sitplak.
Tip sjoch nei it Bolwerk yn Snits
Sij hawwe it dêr no ek en dat is in hiele ferbettering
Yn it Rockhok sjoch ik de Vocal Roses,
it is net myn sjênre,
mar it is wol lekker enersjyk mei in band derbij.
![]() |
It absolute hichtepunt fan dizze Aaipop is Farsk!.
Myn sjênre, myn favorite bands, myn nûmers
allegear oersetten yn it Frysk.
Foo Figters, Neil Young, Volbeat, Nothing but Thieves
it komt allegear foarbij yn in spetterjend optreden.
"Better wurdt it net hjoed", sis ik tsjin de soan
Tsjin tsienen sette wij wer ôf
op de fyts nei Wommels yn in flink tempo
want soan Tsjeard fytst altyd efkes flugger
as at ik gewoanwei dwaan soe
Om 2 oere wurd ik wekker.
Klearwekker,
fan de honger,
wat haw ik sin oan in broadsje kroket
ik set de frituur mar net oan........
Underweis nei hûs komme wij ek troch Follegea
Dy stiet op myn klokkestuollelist dus rinne wij oer in hiem
nei it iepen hôf mei klokkestoel