zondag 29 november 2015

40 jier Bolwerk



It Bolwerk yn Snits bestiet 40 jier.
Feest dus.
Mei wa kinne je better in feest fiere
as mei the Toy Dolls
punkers út Ingelân.

De stoarmwyn dy't bûten raasde,
wie ek nei binnen waait:
wat in hearlike energjy bringe dy mannen
op it poadium
de strakke slachreauman
de healwize gitaristen
dy't de iene nei de oare meisjonger
de seal yn punke...




hjir krige elkenien in goed sin fan,
wat in sfear.
selden sa sjoen yn it Bolwerk

hoe't it feest wie
justerjûn yn it Bolwerk
is fergelykber mei de ûndersteande klip.....





zaterdag 28 november 2015

Slachterin


Hjoed wie de Slachterin.
5, 10 of 21 kilometer,
drave,
foar de leafhawwers

ik hâld it meast bij 5 kilometer
op de fyts
nei Littenserbuorren

at it drok is
Theun en Tryntsje Boonstra efkes helpe
"lauw wetter"
:lauw wetter"



vrijdag 27 november 2015

Dag, mijn lieve moeder




Sa hjit it boek fan Peter Karstkarel,
it mânske boek
dat giet oer de grêfkultuer yn Fryslân

In boek fan 668 bledsiden
mei mear as 1000 foto's

Woansdei, yn it gebou fan de Friese Pers
hold hij in diapresintaasje
mei prachtich kommentaar en moaie ferhalen

De seal wie grôtfol en it wie al de twadde woansdei
dat dit holden waard.

Moai te konstatearjen dat it net bijsûnder is
dat ik graach  op in tsjerkhôf strúne mei,
der binne folle mear "leafhawwers"

dat Karstkarel mei syn frou alle tsjerkhôven en tsjerken
bij lâns west hat, is in bijsûndere prestaasje
9 jier hiene se dêr foar nedich,
ik kin mij der alles bij foarstelle
want it is tiidrôvjend

Ik sykje it meast op tsjerkhôven
mei in klokkespul
sa as yn ........


Murns


Murns

Rûgahuzen

Rûgahuzen

Skarl

Skarl



zondag 22 november 2015

Platenblad


Platenblad,
sa hjit in nijsgjirrich muzykblêdsje
wêr't ik noch nea fan heard hie.

En samar ynienen
haw ik thús
twa doazen fol stean

krigen
fia Lieuwe Greidanus,
in freon fan...
neilitten
troch Wytze Lanting
dy't ein septimber ferstoarn is

doe't Lieuwe mei belle
dat Nantje en hij fûnen
dat it bij mij in goed plak hawwe soe
wie ik ferrast
ferbaasd 
mar ek fereard.

No't ik de twa doazen boekjes hjir stean ha
en ik al begong bin mei lêzen
kin ik it al fiele
hokker wearde dit hie foar Wytze
nijsgjirrige ferhalen,
oer muzyk
oer bands

en al binne se 25 jier âld 
de ferhalen binne prachtich

ik sil der goed oppasse
en bij it lêzen my hieltyd ôffreegje:
wat soe Wytze hjir fan fine?

Kloaten,
dat ik it der mei him net mear oer ha kin,
oer dy ferhalen,
de muzyk
Feyenoord
it libben




vrijdag 20 november 2015

Left Lane Cruiser


Sa tusken de oare boeken troch,
lês ik dit boekje:
Duivelsmuziek, 
in nijsgjirrige syksocht nei de blues
fan in Nederlâns stel



justerjûn like it der op:
dat dy blues nei Ljouwert kommen wie
út Louisiana
Left Lane Cruiser

It djippe blueslûd 
kaam út gitaren en in skateboerd
it rekke it blueshert
yn beide keamers
en it wie in genot om te sjen
yn Podium Asteriks

Foarprogramma wie fan Sunday Kids


donderdag 19 november 2015

Fratsen


"Fratsen"
dat is in rubryk yn it ledenblêd fan de Fietsersbond.

it is in rubryk wêr't je as gemeente leaver net yn stean,
omdat it in brike en belachlike sitewaasje oanjout
foar fytsers......

mei ferbazing sjoch ik altyd nei
de fratsen yn oare gemeenten

it hie net folle skeelt
of Wommels hie der ek yn stien

In belachlike oanpassing
bij it fytspaad op de Hottingawei
nei de tunnel

normaal in gewoane platte oansluting
no in in ferheging
mei in aaklike hege râne
wê'r je net normaal oer hinne fytse kinne,
mei in grutte bôge
moatte je rjocht
mei net te folle gong
de hobbel nimme

in berjocht op ynternet
in twiit
in stikje op snútboek
en ynienen melde him de skriuwster
fan de rubryk Fratsen
har bij mij..

Belangstelling om wat te skriuwen.

Omdat de gemeente tasein hat
it op te lossen
haw ik de boat efkes ôfholden
mar wol mei de ferwachting
dat it ynkoarten oplost wurdt

want oars
krijt Wommels miskien ek wol in plakje
yn de Vrije Fietser
it blêd fan de Landelijke Fietserbond

woensdag 18 november 2015

Foarútsjen




Mei dit filmke, makke mei in drone, begong juster de meitinkjûn fan doarpsbelang Wommels.


Al wer moai wat jierren lyn
siet ik yn it bestjoer fan doarpsbelang Wommels.
in learsume perioade:

ik sjoch mei "ôfgrizen" werom op
dy jiergearkomsten
wêr't foaral werom sjoen waard.

weromsjen oan de hân fan
notulen fan de gearkomste fan in jier earder
en fan it jierferslach.

it wie in soarte fan ferantwurding,
fan wat wij dien hiene,
en dat wie hiel wat fansels:
hjir efteroan, dêr efteroan,
it jierlikse oerlis mei de gemeente
en....sa .....fuort .......hinne
















Justerjûn in meitinkjûn fan doarpsbelang,
hoe komt it  yn de takomst
mei doarpsbelang

hokker rol sjogge wij as leden?

It waard in goeie jûn
mei sa'n 45 meitinkers
fan jong oant griis
fan tûk oant wiis.


sa'n 45 minsken dy't yn in noflike sfear
iepen stiene foar alles wat mar op tafel smiten waard

"bûten de doaze" tinke
hieynlieder Meinte Wesselius ommers sein.

Wat er úteinlik útkomt
dat wachtsje wij ôf,
dat heare wij op de jierliks gearkomst

ynstee fan de notulen fan it lêste jier






dinsdag 17 november 2015

Muzyk



Moai sein
en ek noch wier.
Hjir haw ik neat oan ta te heakjen.

zondag 15 november 2015

Imagine





Image
fan John Lennon,
it meast draaide nûmer dizze sneon en snein
nei alle ellinde yn Paris 

Ferline wike wie ik yn Liverpool
fuotbal en foaral muzyk,
the Beatles,
John Lennon.

Ik wie yn it prachtige Beatles museum
en yn de earfolle John Lennon keamer
"This is not here"

Ik harke dêr nei de moaie klanken fan Imagine...
ien kear, twa kear, trije kear.....








zaterdag 14 november 2015

You are sixty?

Doe't ik lyts en jong wie,
sille myn âlden fêst it finansjele foardiel hân hawwe
bij de yngong fan de iene of oare boarterstún
(it wurd "pretpark"bestie doe noch net)

ik foel yn de leeftydskoarting



Doe't ik sa tusken de 15 en 25 jier wie
en mij kulturiel oan it orientearjen wie,
liet ik myn CJP pas sjen,
it Kulturiel Jongeren Paspoart
soarge foar koarting

20 july 1980 wie it dien:
26 jier
ik foel net mear yn in leeftydskoarting

Yn de jierren dêrnei
bin ik der net mear mei dwaande,
leeftydskoarting?
dat is in "fier fan myn bêd sjo"
dat is foar âlde minsken......

Op moandei 9 novimber 2015
wurd ik "pynlik" konfrontarre
mei in leeftydskoarting.

Ik stean mij myn sweager bij de intree
fan it Beatles museum
yn Liverpool

Ik betelje 14.95
yn pûnen,
want ja,
wij binne yn Ingelân.


Krekt at ik ôfrekkene ha
sjocht it famke mij noch in kear oan
sjocht nei myn sweager,
dy't wat jierren âlder is,
en freget dan oan mij: "you are sixty?"

"Sixty-one"sis ik suver grutsk,
"you paid too much,
for you it's eleven pound fifty"

De sjef moat er bij komme
want om 3.45 pûn werom te beteljen
fia de pin
is net iets wat it fromminske
 noch ûnder de knibbels hat.

Leeftydskoarting dus,
fanôf no
moat ik better oplette...



woensdag 11 november 2015

Fytse yn Liverpool



It sjocht er moai út 
dy lienfytsen yn Liverpool,
at je op it stasjon oankomme
fanôf it John Lennon fleanfjild
dan is de ferlieding grut
om in fyts te hieren om de mobiliteit wat te fergrutsjen
en dat frije gefoel te hawwen;

wij koene de ferlieding werstean,
wij hiene der net sa'n goed gefoel oer krigen,
oer dat fytsen yn Liverpool
want doe't wij boppe yn de bus
fanôf it fleanfjild nei de binnenstêd "fleagen"
doe seagen wij gjin fytspaden
en seagen wij gjin fytsen...

Dus ferpleatsen wij ús dy trije dagen mei de bus
neat mis mei:
de sjoffeur wit it paad
de sjoffeur hat gjin lêst fan foarrangsrigels
de sjoffeur is de baas op de dyk
en de sjoffeur is wend lofts te riden

fytsers sjogge je net folle yn Liverpool
seker net yn de binnenstêd,
in inkele weachhals besiket it
mar dan wol op de stoepe
in paad sykjend tusken de rinners troch.

wij koene der gelokkich yn berêste
dat fytsen der dizze kear net ynsiet

Liverpool dus:
in noflike fuotbalklup
in machtige muzykstêd
fatsoenlike en gastfrije minsken
mar gjin stêd foar fytsers


donderdag 5 november 2015

Fan alles wat

Omdat dy sa grappich is......

Op it wurk krige ik in brief
fan in bedriuw út it westen
at wij wol efkes tekenje wolle....
se hiene der in pinne bijdien

dan tink ik:
se koene dêr wol tinke dan wij hjir yn Fryslân gjin pinnen ha.

Fan de byb yn Wommels krige ik in pûdsje lêstee
omdat ik tenminste 25 jier lid bin

in moai gebaar nei fêste klanten


Grutte Pier!
Tresoar giet op syk nei famylje fan dizze Fryske strider

ik bin benijd
at ik famylje bin
haw de stambeam oanlevere,
no ôfwachtsje



woensdag 4 november 2015

Roan


Der binne miskien wol in protte dingen feroare
troch de jierren hinne.
wat net feroare is:

dat bern earst gjin tosken ha,
dat se wol hiel graach wat yn de mûle stekke wolle
en dat  de lange finger der noch altyd is

Roan,  goed 8 moanne

dinsdag 3 november 2015

Rieu

At ik it witten hie....
Mar ik wist it net.
omdat ik net earder sa'n reis makke
yn de bus nei it bûtenlân
Mei ekskursjegongers op leeftyd

Sa lang it ljocht is
en wij yn Nederlân binne
wurde myn earen teistere
troch it lûd fan 100%Nl

Nimmen kleit
en ik ûndergean it,
In poging ta oanpasse oan de groep
sis mar.

Gelokkich
Bij Luik is it dien
wurdt it oars
noch slimmer

De fideo giet oan
Gjin billenkletser
Gjin Die Hard
Gjin natoerfilm

Wol André Rieu
Live in konsert
yn Australie ek noch wol

It folume giet omheech.
En der wurdt meiklapt
yn de bus
en lake
en wer klapt
want lollich dat hij is....

Ik kin wol fuortdûke
mar ik hear it
ik kin de eagen wol ticht dwaan
mar ik hear it
flechtsje kin net
ik moat dit ûndergean
wat kin in fideo dan lang wêze

At ik wer gean
mei de bus
nim ik in fideo mei
fan the Foo Fighters
live

Dan mei der ek sa lûd stean
Of iets lûder

maandag 2 november 2015

Yn it hotel ite

"In Italiaan yt net yn it hotel,
dy yt yn in restaurant"
sei de gids yn Florence
en se luts har noas op bij it idee
dat wij wol yn it hotel ieten.

it past net om te kleien oer iten
at je sjogge hoe goed wij it ha
kleie,
dat sil ik dan ek net dwaan
ik stel allinne mar fêst


nim no de aaien
dy hiene trije kleuren
op ien kear nei
doe wiene se net wyt, net giel en net blau,
doe wiene se allinne mar trochskinend
doe wiene se fergetten
dy dingen te sieden
rûn de djêre je bij de fingers del


dit wie it haadmiel op de earste dei.
in hinnepoat mei trije ierpelkroketten
de griente moasten wij der bij betinke


de twadde dei wol griente
mei in ûneachlik stikje fleis
en sûnder iets fan ierpels, riis of soksawat

de tredde deis:
puree mei satéfleis
sûnder griente


gelokkich krige wij ek in toetje...

Gelokkich koene wij dei genietsje fan in lekker pizza,
want pizza's bakke kinne se as de besten yn Italie.