donderdag 29 juni 2023

60 %

 


Ik doch sûnt april 2020 fia Strava mei oan de útdaging

om troch alle gemeenten yn Nederlân te fytsen.

Foar de reis nei de berch bij Maastricht 

siet ik op 
175 gemeenten.

Der binne 32 bijkommen

en it gebiet lâns de grins is foar in grut part ynfuld.

It is dúdlik wêr't wij noch hinne moatte.

In lang wykein nei Brabân 

in slach troch Sieuwsk Flaanderen

in rûte troch East Grins en Drinte

en hjir en dêr noch wat "hoekjes"

Ik sit no op 207 gemeenten 

en dat is 60 %






woensdag 28 juni 2023

Sint Pietersberch


 It wie wer wat rêstich op dizze bloch.

Wij hiene noch in doel.

Fytse nei it Sint Pietersplein is ien

en fytse nei de Sint Pietersberch is twa.

Op moandei nei Hornhuizen yn Noard Grins

dêrnei de route nei Maastricht .

8 kear in oernachting

bij "Vrienden de op de Fiets"

dêrnei werom mei de trein nei Alkmaar

op de fyts nei Den Oever

mei de bus nei Fryslân

en de lêste 25 kilometer op de fyts

Wij fytsten 755 kilometer .

Letter wat mear dinkjes oer dizze moaie reis

dinsdag 13 juni 2023

Sa bliuwt it net

 

 

Sa sjocht it der no út bij de Terp

nei in idee fan ús fierstentegrutte gemeente

sûnder oerlis mei de bewenners fan de Terp yn Wommels.

Der hat no wol oerlis west

en der wurdt sein dat

it allegear wer oars wurdt.

Dus skrik net at jim se wer oan de gong sjogge

en de beammen der úthelle wurde

it paad op it plak fan de beammen komt

en der nije beammen komme op it eardere paad



maandag 12 juni 2023

Bier út automaat

Yn myn geheugen begong it mei roltsjes drop en pipermunt

út in automaat bij van der Velde yn it Noard

of bij de Vivo fan Dijkstra op de Keatsebaan.

Letter komt de smokerij út automaten

en hjoeddedei fan alles bij boeren wei

Griente, aaien, tsiis, molke, fruit,

je hawwe romme kar at je ûnderwei binne

en iets gelyk fan de boer ha wolle.

Op into the Grave stiet in bierautomaat

en in entûsjaste promoter

Wij besykje it.

Twa bierkes yndrukke

de pas der foar om te beteljen

en dan wachtsje want

"de machine is operating"

en dan it grutte momint

ien bierke.......

goed heal fol....

De entûsjaste promotor ferblikt net

want hij wurdt no tige behelpsum

"aanloopproblemen"

Letter besykje wij it noch in kear,

der komme wol twa út

mar tefolle skom en te min bier bliuwt it euvel.

De echte bar is net fier fuort

in fol glês foar de selde priis.

Wij sjogge letter ek net folle drokte

bij dizze automaat fan Grolsch

mar wa wit hoe't it yn de takomst giet


 

zondag 11 juni 2023

Boatsje farre

Efkes in goeie rie

oan elkenien dy't fytst mei bern

Gean in kear mei de pont oer 

tusken Keimptille en Kingmatille

Fanôf Wjelsryp no in prachtige feilige route

oer Tsjeppenbûr

en dat farren fûn Samme prachtich.







Waarme muzyk

 Into the Grave stiet op it program sneon.

At Tsjeard en ik gjin kaart foarôf kocht hiene

dan wiene wij net gien.

De waarmte slacht ús yn Wommels al om de bealch

hoe sil it dan wol net yn Ljouwert wêze?

De foartekens binne min

de kâldelucht yn de bus stiet net oan

dus komme wij al beswit yn Ljouwert

Twa podia en wij skogge bij alle 8 bands 

dy't binnen ús tiid falle.

It lytse poadium, 

mei wat mear skaad hat ús foarkar.

Ek om de muzyk

Psychonaut en Vintage Caravan springe der út.

Foaral dy lêste band is top

en bringt it publyk yn "ferfiering"

Op it grutte poadium lit Testament sjen 

wêrom sij as lêste optrede,

jat Cradle of Filth foar hearlik gotyske nûmers

en geniet ik foaral fan de gitarist fan Scar Symmetry

Bloodbath koe kekt net in oere boeie

en dat jildt ek foar Halifhron en Omnim Gatherum

It lêste bierke helje wij yn de Skamele Ruter

wylst wij op wei binne nei de bus

al in moaie lange tradysje...mei Tsjeard nei Into the Grave


fanôf Obe in moai oersicht

in grutte poadium

it lytse poadium



donderdag 8 juni 2023

1,2 hektare

 


Foar alle minsken yn Paris

moat der 10 fjouwerkante meter wêze

yn 2040.

Dat is no 5,8....

At ik dit lês dan tink ik oan de tiid foar 1984

doe't wij noch gewoan lekker Hinnaarderadiel wiene.

Wij krigen doe in skriuwpinne fan de gemeente

In lytsen ien

mei in moaie tekst

"Alle ynwenners fan Hinnarderadiel

hawwe 1,2 hektare".



maandag 5 juni 2023

Blauhús

Foar it famyljewykein sykje

wij in kemping foar ús sels.

It leafst op fytsôfstân.

Dat slagge ek dit jier wer

Mei Roan, Samme en Nyck (5jier!)

fytse wij de 16 kilometer nei Blauhús

Lekker foar de wyn, wol wat kreas dien.

Sneons sjogge wij wat fan it doarp en Greonterp

en sneins fyts ik werom mei Samme

yn de wyn en wer 16 kilometer