vrijdag 28 april 2023

Op reis

 


De kommende wiken hast gjin blochs, ferwachtsje ik

Wij binne in wike as fjouwer op de fyts ûnderweis 

fan Bazel nei Rome.

Oernachtsje dogge wij op dizze plakken

Op twitter (sjoch hjir neist)

alle dagen wol in  foto's

en ek op faceboek sa no en dan in ferhaaltsje


maandag 24 april 2023

Stoepe

 



Heare, heare minsken

wat in ferstân

Stoepe derút, 

minsken kin wol op de dyk

Beammen op it earste plak

de feilichheid fan minsken op it twadde plak


Allegear tanksij amtners yn ús fierstentegrutte gemeente

dy't net oerlizze, 

mar dogge

sûnder al te folle ferstân


Beam om

It is net ûnferwacht.

De beam bij de fiver efter de skoalle leit om

Fannemoarn betiid, sûnder klap.

In gelok dat er nimmen op it brêchje rûn.

Al langere tiid wie der noed oer de beam.

Gemeente hat al in pear west te sjen

Sij sjogge noch gjin direkt gefaar

en sij tochten

lit mar falle 

dan rommet de brânwacht it earste wol op

De brânwacht kaam fannemoarn mei "gepaste spoed"




Benijd hoe lang it duorret dat er der hielendal weihelle wurdt

zondag 23 april 2023

1 jier

Wat hawwe wij al in moaie mominten hân

mei ús jongste pake-en beppesizzer.

At er mij sjocht laket der meast

en at ik ticht bij him kom

dan moat myn bril ôf.

Altyd wer....

Syb wurdt hjoed 1 jier





Reintechnysk

 


Sneontemiddei reinwetter, minder is der net.

It reingebiet wie goed yn byld op Buienrader

en dan hoopje dat it ek in kear sa útkomt

Nei Deinum foar sf Deinum 1 - SDS 1 0m 14.30 oere

of nei de topper scBolsward 1- Heerenveense Boys 1 om 15.00 oere.

Reintechnysk wie Boalsert better, like mij sa ta.

Droech nei Boalsert

2 oeren yn de rein, ûnder de reinkearder

droech wer nei hûs.

In hearlike wedstriid mei alles der op en oan

en in terjochte winner.



woensdag 19 april 2023

Dea

 "Ho, ho, vergeet de randjes niet, 

daar zit ook leven in."


It wurdt as irony oanjûn

mar it fansels ferskriklik

al dat deade lân.......


Oldekleaster

Je fytse der wat maklik oan foarbij. 

Dat haw ik ek myn hiele libben dien. 

Mar hjoed giet it oan.

Fanôf de Kliuw nei Hartwert en dan rjochtsôf nei Oldekloaster. 

In betonpaad bringt ús nei de pleatsen Monnikehuis en Bloemkamp. 

Dat krekt dêr foar in tagongsmuorre opboud wurdt, 

jout al oan dat de skiednis hjir yn libben holden wurdt.  

Op dit plak stie de eardere abdy Bloemkamp of te wol Oldeclooster.

In moai ein fierder op dizze dearinnende dyk foar fytsers en auto's 

(rinners kinne troch it lân in rûntsje meitsje) 

komme wij bij de pleats fan Bouwstra. 

Dy hat foaral wat mei it ferline 

want dêr stiet oan de oare kant fan de feart yn syn tún in blokhut 

ynrjochte as ynformaasjesintrum. 

Helaas, it buordsje seit 'open', de doar is eilaas op slot.

Troch it rút sjogge wij foto's, plattegrûnen fan earder en oare dingen 

dy't it besjen wurdich binne.  

Wij sille der nochris hinne moatte.

At er yn Hartwert ea noch in dyk bijkomt en dy moat in namme ha, 

dan hoop ik dat iets is fanút it ferline 

want mei de Middelseedyk, de Ridderdyk, Kleasterwei en Oldekleaster 

hat it allinne mar nammen út eardere tiden. 

In Auke Bloemhofleane  of it Teake Kooistrapaad klinkt ek prima, 

mar is tefolle fan de nije tiid. 

It boek fan Erik Betten slaan ik thús noch efkes iepen foar mear ynfo













maandag 17 april 2023

Tips

 Ta opfallende berjochten:


„Eén peuk kan wel 1000 liter water vervuilen, bestaat voor 95 procent uit plastic en zit vol giftige stoffen. Enorm schadelijk voor het milieu en gevaarlijk voor dieren”, zei Marijke Boonstra van stichting De Noordzee daarover.


Een derde van je 173 kledingstukken draag je niet


Wolle jim gjin peuken mear fuortsmite

en de kommende tiid gjin klean te keapjen

mar it 1/3 part der bijpakke

zondag 16 april 2023

Maggi

 


It is wat.

De maggi is op.

Net dat wij in in protte brûke, 

mar it is op en moat der wol wer komme

Foar de Maggi moatte wij dus nei Winsum (COOP) of  nei Boalsert

en beste Jumbo

dan nim ik ek oare dingen mei

want foar allinne in fleske Maggie 

fyts ik der net hinne.

Oh ja, nim ik gelyk Fishermans friend mei

want dy ferkeapet Jumbo ek net mear.

en dêr kin Jellie net sûnder


vrijdag 14 april 2023

Befeiligers

Alle eveneminten hawwe befeiligers nedich.

No kom ik net sa faak op eveneminten 

wêr't safolle jongerein is as op Aaipop.

It is it earste tintefeest 

en foar sommigen jeugdigen miskien wol it earst útgeansfeest ea.

Hawar, op Aaipop yn Nijlân stappe ek flink wat befeilgers om.

It is dan goed om te sjen

dat se minsken der op wize dat smoke yn de tinte net tastien is.

(it wie betiden ien grutte rikkerige romte)

Dat it in hiel soad soaden oan de dyk set, dat wit ik net.

Se smite mei de lofterhân de peuk fuort

en mei de rjochter binne se al wer op syk nei de sjek

en sa stappe se bij de befeiliger wei.

Ek it bier drinken fan jonges ûnder de 18 

wurdt sa'n dei net tastien.

Ek famkes net, mardat haw ik net sjoen.

It is in goeie saak.

dat de jeugdige drinker sûnder bandtsje oansprutsen wurdt

en it bier ôfpakt wurdt

ek de maten wurde tasprutsen fanwege harren "weijougedrach".

Ja jonges (en famkes) it is net oars.

Mei 18 jier meie jim begjinne

en it is mooglik om it ta jim 68 ste fol te hâlden

dus jim ha noch genôch mooglikheden


Sjoch mij......

Kij binne ek wer bûten

 "Koeien in de wei"

it liket wol wrâldnijs.

Ik kom it oeral tsjin yn nijsberjochten en filmkes

Wat is dêr no sa bijsûnder oan?

Of moatte wij kontroleare 

at se wol 140 dagen bûten rinne

sadat de molke, de fla en sûpe

in karmerk krije op it pak?




donderdag 13 april 2023

Traaljewurk

 Ik bin frijwilliger bij Tresoar.

wurkje mei oan digitaliseringstrajekten.

Dat doch ik thús efter de kompjoeter

Tongersdei is it nijste projekt lansearre.

Traaljewurk

Eeuwenlang bevolkten veel kostgangers de diverse Friese gevangenissen. Je vindt de namen en bijbehorende informatie van verdachten en veroordeelden terug in de inschrijfregisters van de betreffende gevangenis. Deze registers uit het zogeheten Gevangeniswezen zijn vanaf 1797 bewaard gebleven in ons archief. Help jij mee om deze gegevens hier uit te halen en zo voor iedereen toegankelijk te maken? Wellicht kom je nog een voorouder tegen…

Dat lêste bin ik net nei op syk, mar wat wit.

Wij  as frijwilligers ferwurkje de gegevens 

dy't op de skans steane yn in database

At alles klear is (40.000 skans) 

- dat kin wol in jier duorje -

dan wurdt it online setten op Alle Friezen .nl

en kinne jim op namme fine wa't sitten hat

en wêr, en hoe lang en miskien ek wol wêrom

Foar it begjin fan dit projekt binne wij útnoege bij Tresoar.

In prachtige lêzing fan Wim en Hans Anker

brocht ús yn de stimming fan "geboefte".

Prachtige droege humor oer betiden earnstige saken.

It is topfermaak.

Fan de firma Picturae dy't al dy skannerij docht

is ek in fertsjintwurdiger oanwêzich.

Ek hij hat in moai ferhaal 

oer in ienmansbedriuw dat no 120 man yn tsjinst hat

en oer de hiele wrâld dwaande is.

Se digitaliseare sels in miljoen insekten 

Ta beslút de útlis oer hoe't wij as frijwilligers Traaljewurk oanpakke moatte.

Fan it twitteraakkount fan Tresoar haw ik dizze foto plukt

dy't fannemiddei makke hat

en wêr't ik wat ferskûle efter oare grize koppen sit

Wim Anker fol fjoer oer syn eardere wurk as abbekaat

dinsdag 11 april 2023

Aaipop 2023

Aaipop 2023 is der ien fan de hurde wyn  hinnereis 

en lekker foar de wyn werom. 

Dêr tusken yn sjoch ik noch krekt pakesizzer Brecht,

dy't fol fleur bij Sipke de Boer wei komt 

Brecht

Brecht en Ella

dyt noch efkes in slach troch de Tongertinte docht. 

Sij en nicht Ella hawwe de pop mar mei hjoed.

Ik haw it programma wol aardich yn de holle 

en sil myn hurde kant en sêfte kant hjoed benutte.

Ik begjin mei Stoflik Omskot. 

Dat is hurd. 

Fryske metal en dat klinkt prima 

en jout sfear mei al dat folk yn swarte klean om mij hinne. 

Mei Tiidmasjine yn de oare tinte 

krij ik in lekker stikje rock te hearen. 

Nije Fryske teksten en in moaie set.  

It nûmer "de Tocht" is mij foaral bijbleaun

Bij de band Sletten kin ik lekker meistampe 

sa't ik dat ek dwaan soe bij Status Quo. 

It hichtepunt wurdt dochs wol it optreden fan Tigers fan Greonterp. 

Lekker opswypkjende en spannende rock.  

Bij Jarretank haw ik noch krekt in healoerke nocht 

om stampende minsken om mij hinne te sjen. 

Sels bin ik útstampt 

en oan de hân fan myn sêfte kant 

sjoch ik in oerke bij Adri de Boer en freonen.  

Moaie stim, moaie lieten, moai Frysk. 

Ik haat akkordeons mar bliuw wol sitten.

Folk/Metalband Baldrs Draumar besykje ik healwei de tinte te folgen. 

Ik mis jankende gitaren 

en om it moai te finen moat ik echt foaroan stean 

tusken al dy meisjongende fans.

It slotakkoard is foar Grytz en Grize as band. 

Hearlike set yn de Harksangseal 

mei dy prachtige oersette lieten fan Boudewijn de Groot. 

Myn sêfte kant fynt it prachtich

De rappers (je kinne net alles moai fine), 

de Masters (it slotfeest is foar de feestfierders),

de Doelleazen ( fêste gasten op Aaipop, kin ik best in kear oeslaan)

en de troebadours ( dy sêfte kant leit thús)

haw ik dit jier mar oerslein.

In moaie Aaipop dit jier








Hallo Elkien

At ik de kranten en tillefysje leauwe moate

en wêrom sil ik dat net dwaan,

is der in grut ferlet oan huzen foar wenningsikers.

De krantekoppen dêroer raze ús betiden ta.

Bij ús op de buert stean wat hierwenningen.

Je soene hast sizze at er ien leech komt

dat de nije bewenners bij wze fan sprekken 

al klear stean op de dei fan ferhuzing.

Meast moat er lykwols noch wat opkreaze wurde

en kin it wolris in moanne letter wurde.

Per septimber 2022 komt der in wenning frij op Swingoerd.

It is no april 2023,

noch altiten wennet der nimmen.

Sa no en dan sjoch ik in buske fan in bedriuw.

De iene dei bringe se der guod

de folgende wike sjogge se at it der noch stiet

en wer in moanne letter dogge se in hantaast.

Mar opsjitte, nee dat net.

Unbegryplik dat dit soarte wurk gjin foarrang krijt.





zondag 9 april 2023

Hallo broekophâlder

 In slach troch de wâlden mei as hichtepunt Eastermar. 

Dêr stiet in moaie doarpstafel yn de foarm fan in swurd fan in skip. 

Dam Jaarsma, in Fryske dichter/skriuwer( is hjir berne) wurdt dêr betocht 

mar ek in stik as wat stuollen om de tafel hinne, 

hawwe opmerklik "reservearre" plakjes foar bekende Eastermarders 

dy't oars neamd wurde dan se as namme hiene.





De skelnamme foar in Eastermarder is in broekophâlder.



Harekieten binne bang foar noch God noch gebot. In keunstwurk mei 4 stuollen jouwe dit oan. 



Wol opmerklik dat in soad lju dêr mei in herdershûnen rinne hjoed. Miskien hawwe se temûk ek wol in herder yn de bûse omdat se dochs in bytsje bang binne.

Krekt foar Stiensgea in waarm wolkom troch Augustinus.



Gerkeskleaster-Striebos wie it fierste punt hjoed.

Nei 67 kilometer werom yn Garyp





Hallo Venray

Hallo Venray, 

it klinkt net as in band, 

mar dat is it wol.

Haagse jonges mei in hearlike sound

Sneon wiene se yn Neushoorn

en de leafhawwers, wêrûnder twa Hofstra's út Wommels,

hawwe wer in prachtige jûn hân.


Se hiene juster de maskers net op

vrijdag 7 april 2023

In tik

It is noch altyd net echt lange fytstochtenwaar.

Dus sykje ik de útdaging mar wat tichter bij

oan de hân fan Wandrer.

Safolle mooglik diken en fytspaden yn Fryslân fytse.

Ik sit no op 21,51 % fan alle diken.

Hjoed fytse ik de diken fan Waaksens nei 90%.

Dêrfoar moast ik in dearinnende betonpaad op nei ien pleats,

dus net hielendal dearinnend

Krekt foar de pleats kom ik in auto tsjin.

De frou stoppet.

"Wêr sille jo jinne, dit rint dea".

"ik wit it" en lis yn grutte linen út wêrom ik hjir fyts

Sij fynt it nijsgjirrich en seit:

"sa hat elkenine syn tik"

"Ik gean net hielendal oan de pleats ta"sis ik.

"it risiko op in hûn is mij te grut"

"Der is in hûn, in sleauwe lobbis, dy docht neat"

sei se útnoegjend.

Dat haw ik faker heard

en sa kear ik moai op tiid om



In slach troch Boalsert omdat ik dêr dochs hinne moat.

Boalsert hat 86,7 kilometer

en 57 kilometer haw ik no hân

en dat is 65,8 %.

Mei 75% bin ik tefreden




Wommels hat 35,9 kilometers

Ik sit no op 90,7 %,

folle mear sil it wol net wurde

want dy rede stikjes dy't ik noch moat

binne meast gjin dyk neffens mij





dinsdag 4 april 2023

Nele


 

Ik bin bij de âldste pakesizzer.

Dy is 11 jier.

Dat is in lêzer.

Dat fyn ik moai want dat bin ik ek.

Sjoch dizze boeken haw ik helle, seit se.

"Nele Neuhaus" seit se en sjoch ik.

It giet oer hynders en amazones.

Ik bin thús en dêr leit op myn lêstafel it boek

wêr't ik mei dwaande bin.

"Nele Neuhaus"

Dy skriuwt dus ek trillers.......