zaterdag 31 december 2011

vrijdag 30 december 2011

Oaljekoek


Wij wolle net samar in oaljekoeke, nee, wij steane graach yn de rige foar de "lekkerste"oaljekoeke fan it lân (neffens it AD preauteam)


Yn Afrikaanske lânnen soene se genoegen nimme mei in hapke fan ien fan dy troch it AD ôfkarde oaljekoeken

Dit is net earlik!

De dea


Ulrich Hefner hat in boek skreaun wat mij aardich bij de kiel pakt hat: De dood sluipt rond in zwart en paars. In plysjetriller fan heech nivo. Net allinne omdat it goed skreaun is, mar omdat it tema mij rekket. Ik sil net yngean op de ynhâld fan it boek mar ik haw der in kranteknipsel bijsocht fan 2 maaie 1961. Doe wie ik 6 en myn efternamme is ek Hofstra en der wie mar ien famylje Hofstra yn Wommels.
Dy ferrekte trekfeart dy't it doarp syn eigen sjarme jout, dy't it doarp yn twa splitst en dy't slachtoffers makke hat. Dat ferrekte wetter.
2 maaie 1961



july 1976

maaie 1988

woensdag 28 december 2011

God only knows

It is de tiid fan de top safolle listjes. Wij as gewoane harkers en/of muzykleafhawwers stimme ús in breuk at it oan de radio praters leit.
Dus geane wij mei goeie moed de hiele list wer troch en meastal stimme wij ek noch gelyk. It is krekt polityk. Ienkear FNP, bliuwt FNP.
Ienkear Queen of Hotel California en wij hâlde dat sa. Frjemd? Ja.
De echte kenners (minsken dy't yn de muzyk sitte of der wat mei dogge) hawwe ek stimd wat sij de beste groep, de beste sjonger, de beste sjongeres en it beste nûmer fine.
De útkomst oer dat lêste is ferrassend, wat mij oangiet.
The Beach Boys, mei "God only knows".
Doe't ik de titel lêsde koe ik it nûmer sa net foar de geast ha. Mar doe't ik op YouTube seach en de earste toanen hearde, wist ik genôch. Bij sokke nûmers giet de knop bij mij iets werom. Dit fyn ik pine 'e holle muzyk.

dinsdag 27 december 2011

Der sit mij iets dwers

De Fryske top 100! Hoe langer dat ding der is wat mear argewaasje. It is in griis om te sjen wat foar iensidige list der no wer klear leit foar âldjiersdei.
Earne yn oktober begjint it feessie fan Geert.
Fanôf dat momint hearre je Dy Twa, de Hûnekop, Anneke Douma  en Vangrail op sneontemiddei. Altyd yn kombinaasje mei oare fersykjes. Mar dy wurde net draaid. It komt  altyd wer op dizze út.
Noch slimmer is it dat artysten  bij de tillefoan sitte om de stimmen te notearen.

"Mei Anneke Douma, "jo heare it goed mei Anneke sels. Je witte wol dy fan it Fryske Hynder, fan it Swalkersliet en fan de Woanark. Jo witte it noch net sa goed. No miskien is Dy Twa wat, witte je wol dy twa jonges út Berltsum , dy sitte hjir fierderop sil efkes nei harren wuive of stimme op Emiel dy sit hjir ek, ja dy is fan de Hûnekop. Ja leuk  no dy ferskes. Goeie teksten en sa. En hiele gewoane jonges ek. Gewoan wâldpykjes. Jo komme ek út de wâlden no dan binne wij der samar út. En oars kinne je altiten noch op mij stimme...ha...ha...ha...
Nee, je meie net 2 kear de Hûnekop dwaan. Je witte oars neat?
"Klap" nee dat nûmer kin ik net. Eijer"? hat dy wat wûn. No dat wie seker yn it bûtenlân.

Ik haw it noteard: Dy twa op 1, Hunekop op 2, Ik sij de gek op 3, Gurbe op 4 en 5 Skyt yn it ryt.
Dankje wol en wol harkje hear op 31-12 , de tillefysje oan en miskien sjogge je mij ek noch wol. Ja ik bin ek wer útnoege op Geert syn feessie. Geert dy sjogge je dan seker. 10 oeren lang. Ja at er net oan it wurd is dan rint wol foar de kamera lâns of giet er sa stean dat in oare kamera him wol opfangt."


Ik haw de al list efkes besjoen. 10 kear de Hûnekop, fertel mij wat.
Alle plaatsjes dy makke binne troch of mei of oer omrop Fryslân kollega's hawwe wer in plakje fûn.
Mei as absolute djiptepunt "Us Derek" fan Dy Twa. Ik haw it nûmer noch nea heard, mar it sil fêst gean oer dat skitterjende hynder dat sokke spannende tillefysje oplevert yn in sportprogramma.
Yn Dronryp hawwe se harren bêst ek goed dien. Alle leden binne fêst opropt om te stimmen en sa kin it barre dat ït Klupliet fan VvV Sjirk de Wal op nû 85 binnenkomt.
In soad harkerswille mar ik bin bliid dat de Top 2000 nei syn hichtepunt rint.


maandag 26 december 2011

Kaarten


It reint wer kaarten dizze dagen foar Kryst. Goed bedoeld en foaral mei trochgean soe ik sizze. Is goed foar de postsegel- en de kaartenyndustry. It giet yn safolle sektoaren al sa min, lit ús dizze Krystkaartengekte yn stân hâlde.
Dy postboades sille der oars oertinke. Sij sjouwe en rinne harren in breuk om karren en tassen fol kaarten rûn te bringen. En dat allegear krekt foar de Krystdagen.
Utteld lizze se de twa dagen op de bank en kinne gjin kaart mear sjen. Bij de krystbeam dogge se enerzgje op foar de lêste dagen fan it jier, want ek dan binne der wer in protte kaarten dy't it net oer de krystdagen hawwe mar oer it nije jier. Lokkich nijjier en de beste winsken.
Tusken al dy krystkaarten dy't wij krigen dit jier, wúrfoar tige tank, siet ien bijsûndere Krystkaart.
Fan Berber út Vietnam. Mei soarch útsocht. Fytsers. Mei in toeristyske lading foarop.
En nettsjinsteande it feit dat de kaart út it no fredige Vietnam komme moast, hij wie wol op tiid. Foar de Krystdagen.

Bij Vietnam tink ik as earste oan de Vietnam oarloch. Net frjemd want dat behearske yn myn jeugd de bûtenlânske polityk en troch de muzyk, want de anti oarloach muzyk út dy tiid stie mij net tsjin.


zaterdag 24 december 2011

Ik krij wat

"Zo gaan die dingen", seit van Persie yn in interfjoe yn it AD fan hjoed.
Hij doelt dêrbij op in ôfspraak tusken him en syn soan Shaqueel (kinne jo dat ek efkes spelle, De Es, Ha, A, Ku, U E, E, El) fan 5.
Foar de wedstriid tsjin Chelsea seit dy snotneus fan 5: "Ik denk dat je 3 keer gaat skoren pa, en dan krijg ik iets van jou."
Van Persie stribbele noch efkes tsjin en besocht it noch efkes mei "maar Cheslea is een hele goede ploeg" en mei "krijg jij dan iets of krijg ik iets"
Dy mei dy drege namme mei in hege letterwearde:"Ik krijg dan een cadeau".
Van Persie skoarde trije kear en moast mei de soan fan 5 nei de boartersguodwinkel om wat "kleins uit te zoeken", sa't er sels seit. Krekt al soe dat jonkje tefreden wêze mei in doaske lego.
Ik wit it net. Ik haw hjir net in goed gefoel bij. 5 jier en opgroeiend yn in omgekearde wrâld.
Ik frees dat it net meifalt dat sa'n jonkje letter yn de echte wrâld libje moat, wêr't net alles kin en wêr't hij net de rigels bepaalt. Ik wit it, hij is noch mar 5, mar it toantsje befalt mij net.
Dan hear ik dochs leaver dat âlders de bern beleanne foar in doelpunt dat sij bij de F-kes en E-tsjes meitsje. In gûne fan pake of it leavelingsiten jûns op tafel. Pizza!!!! hear is sneons wol ris at der in jonkje skoart.

woensdag 21 december 2011

Winterstop

Hjoed en moarn wurde de lêste fuotbal wedstriden spile foar de winterstop. Winterstop? Is dat altyd sa west? Ik frege it mij ôf en dûkte yn myn earste plakboek.
Wij skriuwe ein 1971 en begjin 1972 en sa te sjen wiene dat drokke wiken foar ús. Mei Pier Alta fleagen wij (Ate, Riemer en ik) it hiele lân ôf om nijsgjirrige wedstriden te sjen.
12 desimber, 19 desimber 1971 , 2 jannewaris , 9 jannewaris en 16 jannewaris 1972: dat hat dus wol in hiele koarte winterstop west.
En sa te sjen wie it hichtepunt noch in wike letter: DWS - Feyenoord.
Mei ôfgrizen tink ik no werom oan dat freeslike Olympyske stadion, wêr't je fierstentefier fan it fuotbal ôfsieten. Mar ik tink dat it optreden fan Feyenoord doe, der foar soarge hawwe dat ik dêr doe gjin each foar en argewaasje oan hie.


zondag 18 december 2011

Pitbullblues

Fan hûnen moat ik nea ha, fan in pitbull wol. At der dan mar blues efter stiet. De pitbullblues fan Roadhouse wie juster yn Easterein. De fêste lêste snein fan de moanne. Mei as útsûndering dizze moanne. De ien nei lêste snein dus. Troch de krystdagen.
Roadhouse, in populaire band yn Snits en omjouwing. Roadhouse in tige populaire band yn Easterein. Alle jierren komme se in kear op BluesCruise yn Easter(sn)ein. It wie wer swart fan de minsken en it like wol of wiene it allegear útlitten Feyenoord fans dy't wat te fieren hiene nei de oerwinning op Twente en dat dwaan woene mei de stoere muzyk fan Roadhouse. De sfear wie as @superGuidetti. Roadhouse wist mar net fan ophâlden. It like der op dat se salang trochgean woene dat elkenien op de dûnsflier meidie mei de ûnferfalste rockblues. En dat slagge. Ja, sels ik.

Sneon 17 desimber

Dizze dei dy't om 8.00 begjint yn fûgelflecht.

It AD: begjint mij hieltyd minder te befallen. Tefolle sensaasjeferhalen en te folle siden sjonijs. Foar de sport, de kollums en de stripfiguren wol wat djoer. Binnenkoart mar wer ris opsizze, want wij krije úteinlik ek in resesje.

Pearl Jam: Tsjin tsienen ynlogge op Ticketservice mei de tillefoan yn de oanslach om kaarten foar it konsert fan Pearl Jam te besetten yn de Ziggo Dome yn Amsterdam yn juny 2012. Foar tsienen al yn in wachtrige en de tekst om 10.00 oere "wij hebben het maximum van de wachtrij bereikt, probeer het over een paar minuten nogmaals " jout net folle hoop. Mar dan ynienen om 8 minuten oer tsienen skrik ik op fan de fraach hokker kaarten ik ha wol: 4 steanplakken dus en ik wit noch net foar wa, útsein mij sels.
Yn it kertier binne de 15.000 kaarten fuort. Om 10.30 meldt de earste him al bij mij: at it stean plakken binnen dan.... Moai toch; bij Willem en Richt en Lolke komme se goed te plak.

SDS: Om it gemis fan bûtenfuotbal wat te kompensearjen nei de sporthal yn Easterein. De D's hawwe harren toernooi. Meardere jonges dy't ik earder traind ha yn de E's dogge mei. Moai om te sjen. En dat der neist al dy Fean, Ajax en Barcelona sjurtsjes ek al wer immen yn in Feyenoord sjurtsje omdraaft, makket myn sneontemoarn noch better at dy al wie.

Passend Underwiis: Nochris de stikken troch fan it ministearje oer it passend ûnderwiis en de gefolgen foar ús skoalle op termyn. It is dan wol wurk, mar it lêst thús no ien kear better. En seker mei de top 1000 alle tiden op de efter- en soms op de foargrûn.

In naam der wet: In tige nijsgjirrich boek fan Joop van Riessen oer syn 40 jierrige karriere bij de plysje yn Amsterdam. Wat in fasinearjend byld jout dat boek: Oer de heroine , de gaos op de Wallen, korrupsje bij de plysje (in bytsje ynteger bestiet net), de Italiaanske maffia, de Sjinezen, de Joegoslaven, het IRT drama, de provo's, de kraak beweging, de Bylmerramp , de taksioarloch, de Marokkaanse rellen en it bestriden fan it wyldpisjen.
En foar dat lêste krij ik suver wat sympaty nei it lêzen fan it ferhaal der efter.
Lange tiid waard der hast net hanthavene yn de stêd. Alles waard mar dien. Men is doe fanút in fysje begong mei wat lytsere "dingen" oan te pakken om sjen te litten dat der wol hanthavene wurdt. Iets wat in soad minsken yn it begjin rekket en sjogge. Fytse troch read ljocht en sûnder ljocht en it wyldpisjen wat yn de hiele binnenstêd normaal wie.

En tuskentroch haw ik de LC noch lêzen (gau út), de folder fan Poiesz trochsjoen(foar de krystdagen Hertog Jan yn de reklame), in attinsje fan SDS mei krystkaart wêr't ik sels ek noch opstean (hoe siet it ek al wer mei portretrjocht!), Computers Easy lêzen (nea te âld om te learen), post bij de soan brocht (al hast 5 jier de doar út), snert fan it korps iten, de fryske top 100 op tv sjoen mei ien each, sadat van Tuinen bûten byld bleau en as gefolch dêrfan ek noch stimd.
1. Janna Eijer, mei " 1 Klap" dat hie ik har ferline jier al tasein, doe't se dat prachtige liet noch net iens skreaun hie.
2. Tet Rozendal, hat in hearlike stim, moaie lieten en at it moat kin se dy ek noch fan de pine é holle ôfhelje.
3. Sielesiik fan Reboelje, dat bliuwt myn favoryt mar ik lit de froulju dizze kear foargean en boppedat is dat liet gjin bedriging foar de top
4. Doede Bleeker, Myn eiland, om dat sa'n hearlik nûmer mei gefoel is en it sjen lit dat Doede folle mear yn syn mars hat as switsokkelieten
5. Sytse van der Werf: Jan Schotanus, in moaie tekst en ien fan de earste fryske lieten dy't ik yn de buert fan 1975 hearde en leuk fûn.

En ta beslút in stikje skriuwe foardat ik Studio Sport sjen gean.



vrijdag 16 december 2011

Sigarebantsjes





Wij skriuwe 1958. Ik bin 4 en myn broer 5. Myn heit rookt sigaren. Myn pake ek. En noch wat omkes.
Wij sparje sigarebântsjes. Myn broer en ik. Wij ruilje. Myn broer mei mij en ik mei myn broer. Of mei in neef, of mei ien út de klasse.
Oansprekkende sigarebantsjes. Searjes. Bantsjes mei in ferhaal.
It skrift is der noch. Mei hûnderten bantsjes.
Soe it mear wurdich wêze as de wearde fan myn jeugdherinnering.
Tink it net. Se meie alles fan mij ha, útsein myn pinkoade en myn skrift mei sigarebantsjes.

donderdag 15 december 2011

Ik fyts net mear

Op de twitteraccount Moderne gezegden (in oanrieder foar minsken dy't wat mei taal hawwe) waard dizze wike frege om ûnnoazele buorden.
Der kamen tal fan reakasjes binnen, de leukste wie dizze en dy wol ik foaral de net twitteraars net ûnthâlde.
Ik kin jim sizze at jim nocht hawwe oan nocht oan ûnnocht dat kinne jim mei dit printsje it soad wille hawwe at je it taskriuwe oan in tankber slachtoffer.

dinsdag 13 december 2011

Stoom

Net drok meitsje om dingen wêr't je sels neat oan dwaan kinne. It hat gjin sin.
Ik kin der bijgelyks neat oan dwaan dat it mei dy stoomtrein yn de Súdwesthoeke net troch giet. Wij meie aansens bliid wêze dat de trein dy't der no riidt, der oer in pear jier noch is.
Der moat hieltyd mear besunige wurde en ik hear it de provinsje en de fierstentegrutte gemeente al sizzen: wij hawwe al genôch jild stutsen yn in trein.
At ik mij der wol drok om meitsje sil en ik gean myn lilkens ta fertrouwen oan dit papier dan jildt dy foaral foar de politisi.
Dy hawwe harren bij de poat nimme litten troch neat sizzende papieren en noch minder sizzende getallen. Politisi dy't harren meislepe litten hawwe troch praatsjes fan "treintsjegekken". Of moat ik sizze dat amtners te maklik in posityf adfys jûn hawwe oan de politisi?
It soe en it moast der komme ûnder it mom fan "in ympuls foar it toerisme fan de Súdwesthoeke".
En dat lêste hat de toversin west wêr't de politisi troch op it ferkearde spoar setten binne. Op in dearinnend spoar.
Dat hoop ik alteast. Dat it hjir en hjoed mar echt einigje mei. Fuort is it jild mar dat is better as der noch in protte jild efteroansmite en aansens konstateare dat der alle jierren in tekoart is en dat der gjin frijwilligers mear te finen binne.
En at ik sa de berjochten yn de krante lês, dan is de bearput noch net leech. Der binne ek no wer hiel wat slachtoffers makke, dy't al lange tiid op jild wachtsje moasten omdat in bestjoer syn saken net op oarder hat. Dy't harren wierskynlik al lang oan in (spoar)lyntsje holden ha. Wylst se al wisten dat it net goed siet. Dat it luchtfytserij wie.
It is in tryst ferhaal, wêr't ik mei myn boereferstân nea yn leaud ha.
Ik haw gelyk krigen en dat is freeslik foar al dy ûndernimmers.
Ik haw mij der suver wer drok om makke. Net ferstannich.
Ik lit it bij trije wurdsjes fan de Hollies.

zondag 11 december 2011

Op nei 12289


Yn 2000 fytste ik yn it hiele jier 12002 kilometer. Dat oantal bin ik hjoed foarbij gien. Earne oan de Boalserterfeart flakbij de Nije Kromme.
Yn 2003 kaam ik ta 12289. De lêste dagen fan dit jier noch sa'n 280 kilometer fytse dan kin ik dy 12289 ek foarbij. Mei 8 wurkdagen kear 30 kilometer bin ik al in moai ein.
In kear as wat nei Easterein en fansels Kûbaard of Iens om. Want dat ferfeeld nea.
In ferbettering mei totaal 11 kilometer is dan ek genôch. Dan bliuwt der foar in folgjend jier ek wer in útdaging stean.

donderdag 8 december 2011

Fier fuort en sa ticht bij

Woansdeitejûn twittere ik in filmke fan Bob Dylan nei myn folgers. Troch de fytstocht yn de stoarm mocht ik úthymje bij "Shelter from the storm" fan it album "Hard Rain".
Soms binne der reaksjes fan folgers omdat dy wat herkenne yn de muzyk of omdat se it der net mei iens binne.
In oere nei pleatsing fan dizze tweet krige ik in reaksje.
Fan Jimmy Linders. Dy stie op de grins tusken Pakistan en India. Underweis nei Australie sûnder gebrûk te meitsjen fan in fleantúch. 6 augustus fuortgien fanút Blerick oan de Maas bij Venlo.
In echte wrâldreizger dy't wij hjir yn Wommels kennen leard hawwe as de fleurige Limburger dy't trije kear mei dien hat oan it liften. Dy't nea seurde oer it Frysk mar dy't alles ferstean woe.
Machtich fansels dat hij op dy grins fan Pakistan en India reageart omdat dit nûmer fan Bob Dylan neffens him net op Hard Rain stiet.



En toch twivele hij, sa die bliken, want sûnder dat ik reageare koe, twittere hij binnen it oere al wer:



Sa fier fuort en sa ticht bij.
No't hij dêr dochs mar wat stiet te lummeljen hawwe wij him gelyk frege om in stik fan it liftboek yn te sprekken. Yn it Limburchs.
1 jannewaris 2012 komt it út: It boek oer de liftaventoeren, skreaun yn it Frysk, mei in Limburchs haadstik, mei in lústerskiif ynsprutsen yn it Frysk mar mei in Limburger dy't ek ynsprekt op de grins nei India. (Dat docht mij tinken oan it liet fan Doede Veeman: Hendrik Hasjies út de Houtigehage woe liftsjend nei India en nei in in dei as trije stie der al bij de Harkema.)

It is tige nijsgjirrich om Jimmy te folgen fia syn weblog. Sjoch hjir

En spesjaal foar Jimmy fansels "Tangled up in blue" omdat hij dizze wol moai fynt.

In dei letter: Jimmy twittert neidat er dit stikje lêzen hat.




dinsdag 6 december 2011

8-1

It binne swiere tiden foar SDS supporters. It wol net allinne dit jier net, de twa jierren hjirfoar wie ek hingjen en wjirgjen om der ien te bliuwen.
"Der yn bliuwe" dat is al in oantal jierren it biedwurd. It iene jier rêdt de klup it op in punt, it oare jier slagget it troch it doelpunt. "Yn de twadde klasse bliuwe" hoe wichtich is dat.
Twa wiken lyn miende ik it djiptepunt mei makke te hawwen troch de thúsnederlaach fan 1-5 tsjin leechfleaner Berltsum.
Nei útwedstriden gean ik net, mar om op sneontemiddei thús efter de kompjoeter yn oardel oere 9 tweets foarbij sjen te kommen mei it skoareferrin yn Balk is ek net alles.
8-1 ferlern fan in klup dy't ferline jier noch tredde klasser wie.
Gelokkich bin ik as Feyenoord fan wol wat wend.
Wij binne mei ús Feyenoord hert yn augustus altiten wer optimistysk mar ek realistysk.
Miskien moatte se dat bij SDS ek wurde. Gewoan lekker fuotbalje en net fuotbalje tsjin degradaasje. En dan sjogge wij it yn maaie wol.

Ik wol se net nei degradaasje prate mar in útwedstriid tsjin Mulier, Nijlân, Bolswardia en WPB sprekt mij wol oan.

maandag 5 december 2011

Fleurich

Mei miskien wol wat hege ferwachtingen setten wij (Jellie, Lolke, Ate en ik)sneontejûn nei it Bolwerk yn Snits. In optreden fan de CCC Incorperated, de âldste hippie band fan Nederlân. De groep luts yn de jierren foaral yn de Súdwesthoeke folle sealen. Haw meardere optredens meimakke yn Sint Nyk, Bakhuzen en Koudum. Fleurich wie dat, sfearfol.
Foardat it fleurige optreden yn it Bolwerk begong, moasten wij it tryste optreden fan Jan Seuninga (earder Pigmeat) ûndergean. Hij strielt út dat hij it mei him sels tige troffen hat en syn humor wie ús humor net. Nei trije ferskes songen wij al stikem: U wordt bedankt u kunt wel gaan.
Gelokkich makken de âldsjes fan CCC Inc. it mear as goed. It optreden lit him it best omskriuwe as: folk, fleurich, blues, knoffelich, oandwaanlik,fariaasje, stimmich, muzikaal en foar mij in weromtinken oan dy eardere optredens.
En Huub Schreurs waard de held fan de jûn. Syn klungele útstrieling (Ate neamde him Hannema), syn enersjieke dûnskes en syn prachtige Midnight Blues op de mûlharp mei Ernst Jansz op it waskboerd, soargen der foar dat it publyk hieltyd entûsjaster waard. En de meast wat jongere froulju lieten ek fan harren hearre mei gillen doe't Ernst Jansz wat Doe Maar lieten song. Oefenen al fêst foar de oankommende Doe Maar Optredens.

zaterdag 3 december 2011

Roekrock

Op 4 febrewaris wurdt Roekrock wer holden. Yn Weidum. De earste band is bekend makke troch de organisaasje. Fia Twitter kaam bij mij binnen dat Exile Parade komt. Neffens de berjochtjouwing slute se harren toernee yn Nederlân ôf.



en dat klopt sa te sjen. Amsterdam, Rotterdam, Haarlem en .......Weidum

Wa't tinkt dat dit in twadde rangsbandsje is hat it hielendal mis. Hear mar ris nei harren Longest Day. Dêr wol ik moarns wol mei wekker wurde.

vrijdag 2 december 2011

Kussiebannen



Wa hat as bern net leard om te sparjen? Dûbeltsjes, kwartsjes en somtiden in groue gûne kamen yn de baarch telâne.
Doe wiene der fêste tiden yn it jier dat dy baarch nei de bank brocht waard, wêr't it ienige kaaike lei wat der oppaste, tochten wij. Mei in lege baarch en in kleurboekje mei 5 kleurkes kamen je wer thús. En fol fertrouen dat je de dûbeltsjes, kwartsjes en gûnen ea werom sjen soene. De bank, dat wie net samar wat.
Sparje, dat moasten je jierren letter as jonge âlders dwaan at je de bern yn de takomst studeare litte woene. Alteast dat holden dy banken ús doe foar. Foar it gemak waard mar efkes oanjûn dat neffens wittenskippers (ûndersyk Stapel) in bern de earste 20 jier sa'n 100.000 euro kostje koene.
Sparje dat doch ik allang net mear. Ik hâld no gewoan jild oer. En dat bewarje ik net yn de sok, mar op de bank. Omdat dy der goed oppasse kin. Net om de rinte. Dat levert neat op.
Mar no sil ik wer sparje moatte foar myn âlde dei.
Want it wurdt in djoere grap dêr aansens yn de âldereinhûs.
Foar alles sil ik dan betelje moatte.
Sjoch ik it bijgelyks net mear sa sitten, omdat myn brilleglêzen wat smoarch binne, dan sil ik dokke moatte foar de brilleglêsskjinmakster wêr't ik op ôfspraak komme kin.
Haw ik muoite mei it oersetten fan de tv fan Ned 1 op Ned 2 dan is men dêr tige reewillich om te helpen at ik mar betelje.
Wol ik ballen yn de sop ynstee fan smaakfersterkers dan is dat per baltsje al gau in euro of sa.
Gebrûk meitsje fan de gong sil resultearre yn de yn 2022 yn te fieren gongbelesting.
At ik de gong op wol mei myn rollator, dan sil ik in taslach betelje moatte: de rollatorgongtaslach.
Der is ien ding wêr't ik net foar betelje sil. En dat is lucht. Lucht foar de bannen fan myn rollator. Wat no al tapast wurdt yn tehûzen. Anno 2011.
Dêrom gean ik no sparjen.
Foar in rollator mei kussiebannen. En in bril sûnder glêzen.

woensdag 30 november 2011

ABN

We hebben onlangs uw account, en vermoedt dat uw ABN AMRO Bank account zouden zijn benaderd door een onbevoegde derde partij. De beveiliging van uw account is onze primaire zorg. Daarom, als een preventieve maatregel, hebben we tijdelijk beperkte toegang tot gevoelige account functies. Te herstellen toegang tot uw account, we hebben u nodig om uw identiteit te bevestigen.

Om dit te doen moeten we u naar de onderstaande link te volgen en overgaan tot de bevestiging van uw gegevens:

de link

Dank u voor uw geduld terwijl wij werken samen aan het beschermen van uw account. Dank u.

U kunt ons helpen u te voorzien van de meest relevante informatie door het nemen van een moment dat u ons uw e-mail voorkeuren. En natuurlijk kunt u op elk moment uitschrijven. Vergeet niet, is ABN AMRO Bank zich in voor uw veiligheid en bescherming. Voor meer informatie, neem een kijkje op onze Informatie sectie Beveiliging het kader van privacy en veiligheid op de website

Hoogachtend,
Klantenservice,
2011 ABN.AMRO Bank N.V. Nederland.


Is it net geweldich dat se sa goed op myn bankrekken passe wolle. Dy Roemeen, dy Slowaak of Sloween, dy Let of dy oare krimineel dy't yn gebrekkich Nederlâns mij hast alle dagen in mail stjoert.
Super, foaral omdat ik gjin bankrekken bij de ABN bank ha.

maandag 28 november 2011

De wike fan it waskboerd



Sneintejûn in hiele leuke Bluesband yn Easterein sjoen en heard. De Bluesbaster hiene in lekker fol lûd mei meast 6 muzikanten. Op it poadium ien fan myn "favorite" ynstrumenten (foto hjir boppe). Om te sjen dan. In machtich gesicht dat slaan op sa'n âlderwetsk waskboerd. It ritme oan jaan. Foarhinne wie sa waskboerd in nuttich apparaat om de wask skjin te bjinnen wylst it no foaral noch brûkt wurdt as muzykinstrument.
Snein wie dat te hearen yn Easterein, mar dat makket it noch net ta in wike fan it waskboerd.



Nee dat komt trochdat ek sneon it waskboerd bij mij sintraal stean sil at Ernst Jansz mei syn CCC Inc. yn it Bolwerk yn Snits komt.
Yn 1967 begong mei muzyk meitsjen en no nei hjir en dêr wat wikselingen, noch altyd aktyf. Geweldich dat se nei it optreden yn Peace yn Riis yn de simmer fan 2010 werom komme yn Fryslân.


En om it fotoplaatsje kompleet te meitsjen haw ik ús eigen waskboerd ek noch mar efkes opsocht. Ik haw der ek noch efkes op om slein. It klinkt goed, mar gjin ritme.

zaterdag 26 november 2011

Drave



Tradisjoneel wie ek dizze lêste sneon fan novimber de Slachterin yn Wommels. Dat betsjut fanôf 9.30 oere in ynfaasje fan auto's yn it doarp, mei mânlju en ek wat froulju, dy't gelyk nei de kroech gean. Om yn te skriuwen. Se ferstrûpe harren bij de auto of yn de mafû en sa tsjin 11 oere is it in kleurryk oansjen yn it doarp want al dy dravers geane op harren eigen wize nei de start. Dy start is op de Freuleleane en dan hawwe se fanôf de mafû de earste kilometer der al opsitten. Bij de start steane meast wat famyljeleden mei fototastellen, mûtsen, grouwe jassen en ferklomme gesichten.
Mei ferbazing sjogge se de dravers yn koarte broeken en sjurts mei koarte mouwen wachtsje op it skot. En dan giet it los. 5, 10 of 21 kilometer. De 10 km fia Kûbaard nei de Slachtedyk en fia de Súdhoeke werom nei Wommels.



Op de Nije Kromme hawwe se in stevige klim en ik sjoch dat it sommigen akelich út it ritme hellet.
Mar se bite troch, want och it is mar 10 kilometer. De "echten" folchje de Slachtedyk noch wat fierder en komme fia Reahûs en Easterein werom yn Wommels. Sij hawwe der 21 kilometer opsitten.
En allegear drave se in geweldige tiid. Dat fyn ik.

vrijdag 25 november 2011

Verbeek en ter Napel

Juster in moaie jûn hân op de SDS sponserjûn. In topper wie der, want de trainer fan de koprinner op in tongersdeitejûn yn Easterein is fansels prachtich.
In ûntspannen Gert Jan Verbeek, nettsjinsteande it feit dat hij befrege waard troch Evert ter Napel ek net de earste de beste sportferslachjouwer.
Verbeek hat syn eigen fyzje, syn eigen humor, mar foaral in miening. En dy miening stekt hij net ûnder stuollen en banken.
Hij hat gjin lêst fan opkroppe frustraasje oer it misgean bij Feyenoord. Wat him wol oan it hert giet is sc Hearrenfean. De klup wêr't hij ea in kear werom komme sil. En de pleachfragen fan ter Napel oer syn frijgesellebestean irritearden him net.
Hij hie in dúdlike miening oer Assaidi: dy komt net bij AZ, dy kinne wij net brûke.
En op de fraach hokker trije spilers hij fan sc Hearrenfean nei AZ helje wol, kaam hij net fierder as ien: Gouweleeuw.
Wat syn muzyksmaak is wit ik net mar Black Sabbath liket mij wol wat foar him. Dy komme takem jier nei Rotterdam.

dinsdag 22 november 2011

Fan herte lokwinske

It die mij goed dat der immen op it wurk hjoed oanjoech dat hij it liet "Klap" fan Janna Eijer moai fûn. Sa wie sa is it al bysûnder dat myn kollega's in Frysk liet of in Fryske artyst kinne. Utsûnderingen út Nijlân der bûten litten.
"In moaie tekst en moai songen" wiene twa komplimenten dy't hij samar oer de tafel smiet.
Ik bin it hielendal mei him iens. Doe't ik okkerlêsten alle Fryske Liet teksten yn de Ljouwerter Krante trochseach, noch foardat it liet songen waard troch Janna, foel it mij fuort op. Spanning yn de tekst en in moai ferhaal om ien wurdsje hinne: klap.
En mei it sjongen en pianospyljen fan Janna komme de teksten ta libben. Echt in moai liet wêr't je de grins mei oerkinne. En dat is no bard mei grut sukses.
De earste lokwinsken geane út nei Janna, mar myn oprjochte lokwinsken jilde ek foar de rest fan de famylje Eijer. Fia de twitter fan âld klasgenoat Ate Eijer wit ik wat sij der allegear foar dogge.
"Us bern geane foar de de muzyk, de beweging en de kultuer "sa sei hij in oantal jierren lyn op in reuny en it resultaat mei der wêze.
Sjoch en harkje nei dit prachtige winnende liet. Jitris: fan herte lokwisnke dêr yn Jobbegea.

zondag 20 november 2011

Foarútrekkenje

Taal wie op de legere skoalle al myn ding. Foar it "ontleden" koene se mij gewoan wekker meitsje. Lekker grieme mei de no- en de doe tiid, mei de bijsinnen en de bijwurden en mei de folsleine en de ûnfolsleine tiden.
Myn mislearre ien jierrich optreden op it Lyceum yn Snits kaam net troch de taal, nettsjinsteande de taallessen fan 'Dulk Lammeltsma dy't it altiten hie oer it "welkwooldelijke deel van het welkwooldelijk gezegde" ek at de "r" wol yn de moanne siet.
Mei rekkenjen koe ik ek aardich meikomme en it is aardich te konstatearen dat taal myn hobby wurden is en rekkenjen no foar in diel myn fak is.
Mar ik wol it net oer rekkenje ha mar oer foarútrekkenje. Dogge wij dat net allegear? Tweintich jier lyn seach ik der yn it ûnderwiis groepen minsken mei 55 jier útgean en wie it net raar om der sels fanút te gean dat it wurksume libben mei 59 jier dien wêze soe. En dan begjint ûngemurken dochs dat foarútrekkenjen. Yn 2013 sil ik 59 wurde en dan.....
It is allegear rekkenjen om é nocht west. De tiid hat safolle feroarings mei brocht dat it logysk is dat dingen 20 jier letter wolris hiel oars wêze kinne.
Makket neat út, moarn, oaremoarn en de kommende jierren sil ik mei alle nocht en wille noch wurkje. Hoopje ik, want sommige dingen hawwe je net sels yn de hân.
Foarútrekkenje hoe kaam ik dêr hjoed op.
Troch it fuotbal.
Nim no de SDS supporters. Sij seagen harren pleoch Veenwouden oan de kant setten en rekkenen efkes foarút want wiene de twa leechfleaners Minnertsgea en Berltsum net de tsjinstanners. Dat is dus 2 kear 3 punten der bij. Nee dus. Foarútrekkenje hat gjin sin want mei 0 punten derbij is der in grutte teloarstelling.
Nim no Frank de Boer: hij woe foar dit wykein 5 * 3 punten skoare út de kommende fiif wedstriden. Allegear tsjin leechfleaners. Nei ien sneontejûn tsjin Nac komt dat ek al net mear út.
En at sc Hearrenfean no ris wûn hie fan al dy leechfleaners dat hiene se no twadde stien. Mar dat is efterútrekkenje mei weromkearjende krêft.

vrijdag 18 november 2011

Boekje fan 1937



Opromje. Dat giet altiten troch. Sa kom je fan alles tsjin. Dingen wêr't je net mear fan witte dat je se hawwe. Sa fyn ik no noch in tekstboekje fen it iepenloftspil IT ANDERT fen S. van Romsicht op to fieren op é lândei fen é bisûndere frijwillige lânstoarm to hâlden tongersdei 19 aug '37 op 'Jouwer.
Wol aardich om te sjen dat yn it stik de reedriders, de skippers, de ûngetiders, de bouboeren , de melkers , de keatsers, de lândeibesikers en de communist oan it wurd komme.
En spesjaal foar Theo Kuipers fan Mantgum de tekst dy't de keatsers hiene yn dit stik; oan de lêste rigels te sjen is it in liet.

Sjoch jinsen dy flaggen en hear de muzyk
't Is der al swart fen minsken, fen earm en ryk
Der geane wij hinne, der is keatsparty,
Hwa det mei forsitte, gjin minsken as wy.
Wij slaene de ballen mei krêftige hân
Hja sûzje der oer, en wij drave oer 't lân.
It keatsen yn Fryslân docht elts graech oan mei
for jongen en âlden is 't in feestlike dei.
Krêft grutte krigers binne de keatsers
Krigel mei Keatsersaerd, krekt bij de bal,

Linich as lekken, reddich as wetter
Al hinne en wer, hjir, dêr, oeral; (2x)
Krêftige kampers binne de keatsers
Krigel nei keatsersaerd, krekt by de bal
krekt bij de bal, de bal, krekt bij de bal

donderdag 17 november 2011

Statistiken




It is goed sa no en dan je twittergedrach efkes te besjen. Twa simpele konklúzjes: Te twitterjen nimt noch net ôf en de wykeinen twitterje ik it meast.
Gjin ferrassing mar wol in befestiging.

woensdag 16 november 2011

Het patent

"Het patent is een prachtig boek, een schitterend geschreven liefdesverklaring van een zoon aan zijn vader" dat stiet der efter op it boek van Tony van der Meulen.
It is it twadde boek wat ik fan van der Meulen lêzen ha en ek dizze hat krekt as de earste goed foldien.
Van der Meulen hat in noflike wize fan fertellen. Rêstich en mei each foar de lytse dingen wit hij in moai ferhaal del te setten oer syn eigen jeugd en foaral oer it gesin van der Meulen dat oan de Midstrjitte op é Jouwer wenne.


maandag 14 november 2011

Jan Dijkstra

Doe't ik ferline wike de rou adfertinsjes trochseach kaam ik de namme "Jan Dijkstra" tsjin. "Jan Dijkstra" sjit der troch bij hinne : dat soe dy Jan wêze kinne dy't ik kin. Ut de adfertinsje kin ik opmeitsje dat hij it yndie is.
Net grappich dat hij dea is, mar wol grappich dat ik in oantal kearen in stikje yn myn knipselboek plakt ha, mei syn namme der op en dat ik him sa no en dan troch de jierren tafallich wer tsjinkaam.
It begie yn 1978 doe't ik wruke bij Nijenhove yn Boalsert. De Lhno. Skoalle stie flakbij de Mafû en dêr wurke Jan as leraar. Ien kear yn de wike batmintonden wij mei in ploechje fan de Mafû en fan de LHNO. Jan en ik troffen elkoar dêr faak as tsjinstanner of ploechgenoat yn it dûbelspul.
Neffens myn plakboek fan 1978 mei de titel "Myn bêste freon is in Fries" wiene der doe gemeenteriedferkiezingen en ek dan kom ik Jan syn namme wer tsjin op de kanidatenlist fan de FNP yn Wûnseradiel. Strategysk sjoen siet dat doe goed yn elkoar want út hast alle doarpen fan de gemeente stie immen op de list of waard immen neamd yn in begeliedend skriuwen. Evert de Jong fan Penjum as listlûker, Maaike fan Dijk fan Koarnwert op 2 en op nûmer 12 Jan Dijkstra fan Tsjerkwert. Myn namme stie net op de list mar waard neamd as fertsjintwurdiger fan Hichtum.
Op it jierlikse keatstoernooi fan skoallen yn Boalsert treffe wij as Nijenhove de trije Dijkstra's (Cees, Haaye en Jan) fan de Mafû ek faak.
Yn de jierren dêrnei kom ik Jan sa no en dan tsjin bij it keatsen of it fuotbaljen.
Hij komt wer tichter bij as hij tydlik lokaasjelieder wurdt fan de Mafû yn Wommels, wêr't dan de jongste dochter op sit.
De lêste kear dat ik Jan trof stiet mij it measte bij.
Yn de studio fan Omrop Fryslân bij de Fryske kenniskwis. Dêr diene wij beide oan mei.
Der wiene meardere opnames op in jûn en je wisten net altyd krekt wannear je oan bar wiene. Dat hie te meitsjen mei wol/net trochgean fan de kanidaten.
It hie dus kâns dat je op ien jûn oan trije ferskillende opnames meidiene foar úteinlike trije ferskillende útstjoeringen.
Dêrom stie der ek yn it skriuwen dat "it riedsum wie om trije boesgroentsjes mei te nimmen".
Der wiene net folle dy't dat diene, mar Jan wol. Ut syn tas helle hij de trije boesgroentsjes en se koene bij de Omrop mar útsykje hokker him it bêste stie. Yn de earste ôflevering wol te ferstean.
Want ik leau dat it bij ien bleaun boesgroentsje bleaun is. (Lykas bij mij)
In aardige man dy Jan en tige belutsen bij Fryslân en de Fryske taal. En dat binne meast myn freonen.

zondag 13 november 2011

Morrison

It wie krekt al hie de noch altyd 27 jierrige Jim Morrison betocht om 40 jier nei syn dea in optreden te jaan. Gjin festifal, gjin mega seal mar gewoan op in boppesealtsje earne yn 'e wrâld.
Noch ien kear soe hij alles út de geast helje wolle om syn spesifike klanken as sjonger del te sjongen. Noch ien soe hij tusken dat rockoargel, de drums en de gitaar stean wolle om mei te gean yn it goeie ritme. Noch ien kear soe hij weidreame wolle yn syn teksten, soe hij op gean wolle yn syn lieten, soe hij foar op it poadium fuortkrûke wolle en soe hij dichtsje wolle.
En noch ien kear wat LSD ha wolle om it ien jûn fol te hâlden. Sij soe noch graach in kear "the End" útrekke wolle ta 13 of 14 minuten miskien wol 19 minuten.
Noch ien kear......
En dêr stie der dan juster op de boppeseal fan Kiehool yn Burgum. Twa kear in oere alles út de kast. Alles wat the Doors sa spesifyk hawwe oan lûd kaam der út. De boppeseal fan Kiehool hie alles wat dit konsert sa bysûnder makke. Geweldige muzyk, entûsjaste jonge en âlde Doors fans, in feest fan herkenning, in peukje hjir en in peukje dêr (op it poadium) en in goed bierke foar mar 1,25.
Jim Morrison is werom nei syn grêf yn Paris en sil net wer komme mar d'n Doars dy hoopje wij wer te sjen en te hearen.
Machtich.
En de jonges en it famke fan Skraal brochten ús fan te foaren en yn it skoft yn in lekker bluesstimming. Ek neat mis mei.

vrijdag 11 november 2011

Blommenfytsen of fytsen mei blommen




Fan minsken op de fyts wurd ik bliid. Hartstikke bliid. Dêrom kom ik moarns tsjin achten bliid op it wurk oan nei 15 kilometer fytsen. En middeis kom ik wer bliid thús nei wer 15 deselde of oare kilometers.
Want ik haw romme kar om fan Wommels nei Snits op de fyts.
Op myn paad moarns fyts ik meast oer de binnenpaden en helje ik nei 2 kilometer fleurich in doarpsgenoate yn (moarn....moarn), kom nei 4 kilometer in man tsjin dy’t it ek altyd hiel lang úthâldt yn de koarte broek (moarn....moarn) , tref ik meast in donkere jongfeint mei in sjekkie yn de mûle en in radio oan (moarn...morgen), sjocht in man mei in hûn my op tiid oankommen en klinkt ús “moarn” alle dagen tige fertroud at de hûn neist him stiet. De hûn seit noch krekt gjin Woef.
Yn Reahûs set men de klok fan de toer meast gelyk op myn foarbijgean, want dêr sizze se net dat ik wat letter of earder bin mar dat de klok foar of efter rint.
Hjir en dêr sjoch ik noch wat ûnregelmjittige “morgen” sizzende tsjinlizzers en bij it stasjon fan Snits is it in kommen en gean fan fytsers.
Ik kom dêr, sis goeie moarn, krij in Spits oerlange, sis dankjewol en jou mij noch in goeie kilometer op myn lisfyts del om op it Kaatsland út te kommen.
It fytshok is noch leech en dat is in oere letter wol oars. Dizze wike waard ik bliid ferrast troch in kollega dy’t fanwege parkearproblemen op woansdei in oprop docht dat elkenien woansdeis op de fyts komme moat. In moai begjin fan de 2 út 5 tocht ik gelyk.
Moai ek dat in oar dat seit, want út myn mûle klinkt it altiten sa fertocht. “Ja, do, do kinst net autoride, do moatst wol, do hast gjin kar”.
Se hawwe gelyk, ik haw bewust keazen om net foar it riidbewiis te gean en mij op dy wize wat te fersetten tsjin it gemak wêrmei in auto pakt wurdt foar lytse eintsjes. Yn in auto haw ik meast in min sin, mar op de fyts bin ik blier.
En at ik al dy prachtige blommenfytsen tsjintwurdich sjoch dat bin ik der wis fan dat ek dat fleurige minsken binne. De flower power liket hast werom en dat docht mij goed want dat wiene moaie tiden, wêr’t de basis lein is foar myn autoleaze karriere.
(ek pleatst op http://blijdatikfiets.blogspot.com/

woensdag 9 november 2011

Winterskoft

Juster efkes yn de âlde Treffers, it klupblêd fan fuotbalferiening SDS, omsnuipt. Desimber 1979 komt ik in gedichtje tsjin skreaun troch in sekere Aant.

Winterskoft
Winterskoft mei in grauwe loft
foarferlet en redens út it fet
de kondysje nei de barrebysje
fuotbalnocht oan riden ferkocht

nei winterskoft elts wer bliid
boppeoan?
dat liket skoan
middenmoat?
it skeelt net in soad
posysje yn noed?
begjinne mei nije moed

Efkes waarm wurde mei Beth Hart en John Bonamassa.

zondag 6 november 2011

Top 40

"Week 44, jaargang 47" stie der op it Top 40 briefke wat ik freed bij Mediamarkt lizzen seach. Ik wist net dat de Top 40 noch op papier bestie. Wie wol bliid ferrast. It seach der noch krekt sa út as doe. Ferskil wie allinne dat it foarhinne de Veronica Top 40 wie en no de Mediamarkt Top 40. Foarhinne in foto fan Lex Harding en no fan Jeroen Nieuwenhuize.
Mar it grutte ferskil wie dat ik mar in pear artysten kin:
Coldplay op 5, Bruno Mars op 17, Nickelback op 21, Adele op 24, Rene Froger op 31, Waylon op 32, Racoon op 36, Blof op 38 en Jan Smit op 40. Wat se krekt sjonge wit ik net.
Der binne wol oare tiden west. 40 fan de 40 en ik koe se allegear mei "sjonge".
Nûmer 1 dy kin ik ek. Dat is in moai nûmer mei in nijsgjirrige klip.

vrijdag 4 november 2011

Fruchtenhagel



Wie it net Wim Sonneveld dy't yn in konferênse de legendaryske wurden spruts "dat se allemaal moesten meeëeten". Hij hie it dêr oer syn eks oansteande skoansoannen.
Ik tink alle kearen oan dy wurden at ik thús it keukekastke iependoch.
Dêr stiet "iets oer datum te wurden" at ik nei it pak fruchtenhagel sjoch.
Mei leafde in perfekt pak fruchtehagel helle foar de leafde fan de dochter. In grut pak ek noch wol,sadat hij efkes foarút koe.
De leafde is út, mar de hageltsjes binne noch net op. Healfol stiet it pak op termyn ferkeard te wurden.
Of soe der foar de datum t.h.t 03-2012 in nije leafde komme.
Ik haw de dochter yn alle gefallen frege dat se der in bytsje rekken mei hâlde wol bij it kiezen fan in nije leafde. Se hat tasein dat yn in hiel betiid stadium it ûnderwerp fruchtenhagel oan de oarder komme sil.
Is it foar maart 2012 dan ferwachtsje wij wer in fruchtenhagelleafhawwer. Is it letter dan sille wij ús ferlies nimme moatte en belânnet it yn de kontêner, want fruchtehagel gewoan is al net lekker dan sil it oer datum wol hielendal net te iten wêze.

donderdag 3 november 2011

Flower power



En dêr wie it Flower power pakket al fan Omrop Fryslân. Snein fertsjinne mei muzyk in herinnering oan de jierren 66 en 67 yn it programma Datwiedoe.
Wat Woodstock attributen lykas earbellen, de hierbân en it fredesketting. En alles mei de geur fan wyreek. Want ek dy stokjes sieten der yn.
Koartlyn noch mei it burd yn sturtsjes en no yn de flower power útrêsting. It moat net mâlder wurde.
Oh ja en noch in CD mei de titel Best of Music 70's. No ja it beste is it net, mar dat makket neat want dat haw ik wol. Mar mei Dr Hook. Ike en Tina Turner, Roxy Music en Lou Reed haw ik in goeie oanfulling.

dinsdag 1 november 2011

Tefreden

It wie hjoed in heuglike dei foar mij. Ferline jier yn 12 moannen 11.196 kilometers fyts. En no op 1 novimber sit ik dêr krekt boppe. Ik lis moai op skema dus. Want hoe ûnbelangryk it ek is foar in oar myn doel wie dit jier 12.006 kilometrers te fytsen. It rekord leit op 12005. Ik bin fan betinken dat je it net mei te grutte sprongen ferbetterje moatte want it moat ek foar in folgjend jier helber wêze.
Dy lêste 820 kilometer yn twa moanne moat slagje. Want in soad fakânsjewiken falle der net yn.

En omdat it sa lekker klinkt (ek op de fyts) en omdat se op 12 novimber yn Burgum komme D'n Doars:

Pleats



Sa te sjen binne se dizze pleats oan it ferbouwen. En sa te sjen binne se foaroan begong. Foto makke tusken Burchwert en Hartwert.

zondag 30 oktober 2011

Flower-power pakket

Sneintemiddeis fan 2 oant 4 is op Omrop Fryslân in goed muzykprogramma. "datwiedoe" bringt muzyk út de âlde tiid. Mei leuke nijtsjes der bij dy't bij mij herinneringen oproppe.
Sa as snein 30 oktober doe't it jier 1966 sintraal stie. It jier dat Boudewijn de Groot al aktyf wie.
Yn 1967 wie der in optreden fan dizze protestsjonger fan doe yn Wommels.
Dit haw ik in kear op Wommels.nl setten.
Op de fraach fan de presentator Harm Weistra om herinnerigen te mailen haw ik dit oanjûn.
En dêrtroch krij ik fan dizze wike it FlowerPower pakket tastjoerd.
Harm draaide draaide wol in hiel tapaslik liet. In liet fan doe mar ek fan no. Fansels fan Boudewijn de Groot.

Ofskie

Yn it AD fan freed 28 oktober stie wer in tige lêsbere kollum fan Renate Verhoofstad. Sij skriuwt hast altiten oer de sportbelibbing yn Italie.
Oer fuotballers, oer hurdfytsers en oare helden yn de sport. Sij kin prachtich beskriuwe hoe't Italianen reageare. Mei passy, mei mear emoasje.
De kollum fan freed gie oer de dea en de begraffenis fan Marco Simoncellie, de moterrider dy't ferline wike ferûngelokke.
Sitaat út it stikje:
Ik zag SuperSic's helm met nummer 58 tussen de witte rozen boven op de kist liggen. En twee race motoren, een Gilera 250 en een Honda, naar de baar. En toen knalde plots "Siamo solo noi van Vasco Rossi uit de speakers binnen en buiten de kerk. Een rockten en zongen tienduizenden tifosi uit volle borst mee, terwijl de kist op de schouders van jeugdvrienden weg weggedragen. Applaus!

Sa hat dat dus klonken.

vrijdag 28 oktober 2011

Liftboek

De liftersploech fan Wommels dy't yn 10 jier Europa liftsjend ferkend hat, is no drok dwaande in boek te meitsjen.
En ik kin jim no al sizze dat it prachtige ferhalen binne. De anekdoates binne oanlevere troch de lifters sels en Wybren en Namkje hawwe dêr hiele moaie koarte en wat langere ferhalen fan makke.
Op dit momint bin ik tegearre mei Gerrit Koudenburg dwaande it wat op de Fryske taal nei te sjen en it is in lust om dy fermaaklike stikjes te lêzen.
Sa as it ferhaal fan Namkje en Gertjan mei as titel Joni Mitchell. Ik krij no noch mei weromkearjende krêft begrutsjen mei Gertjan. Wêrom? Dat kinne jim op 1 jannewaris 2012 sjen. Want dan is it boek klear.

maandag 24 oktober 2011

Eigenikkich



Eigenikkich gedrach, dat is hast de noarm tsjintwurdich. Ferline wike op de Roompot sieten wij yn in sjalet. Op it autofrije part fan it park. Dat betsjut dat je wol mei de auto komme meie, mar dat je net mei de auto bij it húske komme kinne. Dat betsjut dat foar sa'n 40 húskes der in stik as 8 karkes klear steane dy't je brûke kinne om (tefolle bagaazje) nei it ferbliuw te riden. En dan it karke gelyk wer te plak bringe.
Wij sieten yn húske twa en hoechden net sa fier te rinnen en dat wie mar goed ek. It betsjutte dat wij sicht hiene op it gedrach fan minsken en dus sels sjouwe moasten.
Moarn foar achten hellen se in karke, parkearden dat ding bij it húske, gyngen maorniten, ynpakken, skjinmeitsje en dan tsjin tsjienen de brot op it karke lizzen en nei de auto rinne.
Alle 8 karkes wiene moarns betiid al fuort en kamen tsjin tsienen wer boppe wetter.
32 oare húskebewenners sleepten mei koffers, doazen, bêdeguod en kratten bier.
En dat allegear troch dat eigenikkich gedrach fan dy 8 gesinnen.
Foar harren dit prachtige nûmer fan de Stones.

zondag 23 oktober 2011

Keith Richards




Ferline wike wie ik in midwike yn Egmond en neist it fytsen, it fuotbal sjen haw ik mij poerbêst fermakke mei Life de biografy fan Keith Richards, ien fan de gitaristen fan it earste oere fan de Rolling Stones.
Wat in drugs, wat in frouen, wat in muzyk, wat in rock en roll, wat in ferhaal. Keith docht syn ferhaal hoe't it allegear begong, wat harren ynspiraasje bron wie (de blues) en hoe't it libben fan in rocker wêze kin.
It is hast net te leauwen dat sa'n man noch libbet. No al hiel lang skjin mar dat in minsk safolle ferskillende soarten drugs oerlibje kin, is hast net te leauwen.
It boek jout wat mij oangiet in prachtich byld fan de Stones mar ek fan tal fan oare bands fan ein jierren 60 en begjin jierren 70. Dat se yn safolle lannen sa omstriden wiene troch harren gedrach en útstrieling hie ik net meikrigen yn dy tiid.
Machtich om te lêzen hoe't it ta in liet komt,syn relaasje mei Mick Jagger en tryst om te lêzen dat krekt harren grutste hit "Satisfaction" harren hieloendal neat oplevert omdat oaren der mei dubieuze kontrakten allinne mar better fan wurde.
Sa'n 550 siden, mei in bulte ynformaasje oer dy tiid en dat is foar in Stones fen gjin straf om te lêzen.
Konkluuzje is wol dat de bêste nûmers skreaun binne ûnder ynfloed fan in hiele soad .....ja nim mar op: drank en hasj.



vrijdag 21 oktober 2011

Schoorl

It fielde noch net at ik oan fakânsje ta wie, mar wurkjend bij it ûnderwiis lifte je mei op de fakânsjes. Ik haw neat tsjin op fakânsjes. Ik bin der sljocht op. Krekt as de wykeinen. Dy binne ek hiel wat wurdich. Hjerstfakânsje dus. Ik haw neat mei de see dêrom in midwike nei Egmond west. Gelokkich is dêr likefolle lân. En dêr kinne je hiel aardich fytse. En dat ferfeelt ús net gau. Sa haw wij yn dy 4 dagen dochs noch sa'n 200 km fytst (soms tusken de buien troch)en sa besochten wij Schoorl, Bergen, Alkmaar, Castricum, Krommenie, Limmen, Heiloo, Uitgeest, Ankeveen en Bakkum. En de trije Egmonden fansels: Binnen, oan de Hoef en oan See. Sis mar in begjin fan de ANHDFT, de AlleNoardHollânskeDoarpeFytstocht.
At it fan de temperatuur komt wit ik net, mar myn oanstriid om foto's te meitsjen wie net grut. Twa foto's haw ik makke. Oer de twadde letter mear.
De earste foto wie yn Schoorl.
Schoorl dat kinne wij allegear fan de hege sândún. It plak wêr't (foarhinne) bussen fol bern útladen waarden om de sânberch te beklimmen. Wêr't wij as bern nei dat klim- en rolwurk ûnder it sân werom kamen yn de bus en suver wurch wiene.
Sa'n 20 jier ferlyn stie ik dêr ek. En doe tocht ik noch: dy hichte falt ek wol mei.
En no tocht ik ien sekonde, doe't ik dêr stie, hoe soe dat wêze om dat ding no nochris te beklimmen. It bleau bij tinken. Want echt wier, it is in hiele hege berch.

dinsdag 18 oktober 2011

maandag 17 oktober 2011

Smoke

 
Posted by Picasa


It net smookbelied yn Nederlân is alhiel mislearre. De betizing fan lyts kafée net, lyts kafé wol is omslein yn it totaal negearen fan it ferbod.
Alteast sa merk ik dat no al in oantal kearen at ik der op útgean nei in rock of bluesjûn.
It smoken skynt der bij te hearen en it wurdt op dit stuit wer mei "in eachje ticht" tastien.
Spitich want binnen smoke is foar net smokers ferplicht meismoke.
It alternatyf? Net smokers thúsbliuwe. Gjin alternatyf dus. In oar alternatyf? De smokers bûten smoke.

zondag 16 oktober 2011

Nicsz wint Trainie Rockbattle

It foel foar de trijekoppige sjuery fan de finale fan Troanies Rockbattle sneontejûn, hiel let, fêst net mei om in kar te meitsjen wa’t de 500 euro meinimme mocht. De 4 bands, dy’t fia twa foarrondes yn de finale kommen wiene, spilen it platte plafond der hast ôf. Fjouwer bands mei in ferskaat oan lûd. De letkommers hiene wierskynlik de earste band , de formaasje Nicsz (út te sprekken as Niks) mist, mar dat waard troch de sjuery rjochtsetten want dizze jeugdige muzikale talinten út Boalsert, Lollum en Allingawier waarden de winners en mochten as ôfsluter noch in lyts setsje spylje

Nicsz spile as de tribute band fan Red Hot Chili Peppers en moast it opnimme tsjin de punkrock fan 10toGo, de punkmetal fan de Horrible Twunts en de koverband Mary and The.

Nicsz sette muzikaal sjoen in goeie set del mar eage oan it begjin fan de jûn net sa enersjyk. Dy enerzjy kaam wol mei de Wommelser band Ten2Go en seker mei de Horrible Twunts. De sjonger raasde him de longen út it liif en sels metalhaters ferbaasden harren oer de power fan de band.

At it tafal wie of net, mar it feit dat Mary and The, út de omkriten fan Boazum, as lêste oantrede mocht, wie in goeie kar of in goed lot. Herkenbare kovers diene it goed en mei Grietsje de Groot as sjongeres (de ienige frou op it poadium dizze jûn) kaam de stimming der flink yn en waard der folop dûnse.

De folle seal mocht dêrnei ek noch in stim út bringe en nei it wachtsjen wie it wurd oan sjueryfoarsitter Willem Wijnia. Hij mocht de sjek oan de “jonkjes” fan Nicsz oerlangje en dy wiene sa bllid as protters en spilen op dat lette tiidstip noch in hearlik setsje.

It mearendiel fan it publyk koe libje mei de kar fan de sjuery, want it bliuwt in dreech ferhaal om te kiezen út appels, parren, prommen en bananen at je se allegear lekker fine. Kieze is yn sa’n gefal net niks mar yn dit gefal wol Nicsz.


Dizze bijdrage levere oan Stjoerder.nl wêr't ek foto's te sjen binne.
Op Joe tjoep noch in opname fan de foarronde.


zondag 9 oktober 2011

Spesjale wike

In oantal wiken lyn fregen se op de skoalle wêr't ik wurkje at ik ek mei woe op skoalkamp. Trije dagen mei 3 oare begelieders en 32 bern nei Tessel.
Der wiene te min begelieders en sa gyngen se yn skoalle op syk nei mooglik geskikte net learkrêften.
Sa kamen se bij mij.
De trije dagen dagen sitte der op en it wiene trije fantastyske dagen. Net omdat it waar prima wie, net omdat Tessel sa moai is, net omdat wij in lekker soad fytsten, net omdat de ferbliuwsromte goed foldie en ek net omdat wij it goed meielkoar fine koene as lieding.
It wiene de bern dy't der soargen dat ik mei grutte wille en foldwaaning werom sjoch op dit feest.
Wij roppe faak genôch: net in minsk is gelyk, en it is moai om te sjen dat elkenien de romte krige om him of har sels te wêzen.
32 bern, allegear mei harren eigen spesjale kwaliteiten en nuveraardichheden. En nuveraardich is in prachtich wurd yn dit ferbân.
Wat mij it measte opfoel wie it sosjale gedrach nei elkoar ta. De bern hawwe hiel goed yn de smiezen dat net elkenien gelyk is en gelyk behannele wurde kin. En dat aksepteare se fanelkoar.
Jonges en famkes fan de Buizerds en de Zeebra's ik haw ferskuorrend fan jim genoaten. Super.



It garnalenfiskjen wie wol ien fan de hichtepunten fan de wike. Doe't de netten binnenhelle waarden, wie der ien en al oandacht foar it fiskguod wat út de Waddensee kaam. En dat je in healoerke letter farske garnalen stean te pellen wie bijsûnder foar de bern.



En foar inkele famkes wie dit it hichtepunt. Trije sturtsjes meitsje yn it burd fan master Aant.



En spesjaal foar de fytsers dy't wolris fan keunstkes úthellen, in filmke om sjen te litten wat der allegear mis gean kin.

vrijdag 7 oktober 2011

Tom Russell

Hugo Borst wie altiten in goeie stikjeskriuwer. Syn kollums yn VI en it AD wiene nijsgjirrich, boeiend en ferrassend. It gie oer fuotbal en de râneferskynselen.
Hugo Borst prate ek altyd mei yn de Sjek van gelder sjo op sneintejûn en dat foel tsjin. Dêr hong er letterlik en figuerlik de negative seurdoaze út.
Hugo Borst hat ek in oantal leuke boeken skreaun.
Ferline jier rekke hij yn it dipke en stoppe mei it stikjeskriuwen en syn tillefysjeoptredens.
Hij hie lêst fan "útbaarnerij".
Sûnt dizze simmer skriuwt hij wer stikjes foar it AD. Alle dagen. Oer gewoane dingen, sa seit er sels. Mei muoite lês ik in inkele kear ien út. It giet oer neat. Echt oer neat. Hugo Borst is der noch net. Hij hat gjin fonk mear.
Oant hjoed. It gie wer oer fuotbal. Of leaver sein oer Johan Derksen en muzyk. Oer Dylan en oer Tom Russell. En dy lêste haw ik hjoed mar efkes beheard.
Op dizze reinige dei hearde ik dizze skitterjende útfiering fan de Hurde rein. Tom Russell tegearre mei Lucinda Williams. 9 minuten geniete.

woensdag 5 oktober 2011

Geast

 
Posted by Picasa


Earne yn Nederlân, wachtsjend op de guodtrein. Geest stiet op de measten.
Sa'n foto jout oanlieidng foar dit klipke En dêr gie it om.


En dit lûd is folle better. Set him mar goed lûd.

maandag 3 oktober 2011

Taal

DE Nederlandse Aardolie Maatschappij is oprjochte yn 1947 is oan de namme te sjen in Nederlânsk bedriuw. It is neffens harren eigen sizzen in "Bron van Energie" en harren haadkantoar stiet yn Assen.
Sij geane foaral oer ús gas bij Slochteren.
Op 24 septimber stie der in grutte adfertinsje yn de LC. Se hiene 9 funksjes yn de oanbieding.
Ik haw it efkes yn oerwaging nommen mar koe helaas net ûntdekke at der ek mar iets bij siet wat yn myn rjochting giet:
* Junior Pipeline Engineer
* Junior Mechanical Engineer
* Instrumint Work Preparator
* Process Control Engineer
* Principal Process Engineer
* Engeineer Matrials & Corrosin
* Allocation Engineer
* Principal Mechanical Static Engineer
* Senior Mechanical Static Engineer

Oke, miskien dy lêste funskje. Miskien is dat wat foar mij. Want in senior bin ik al.

vrijdag 30 september 2011

Blues

Harry Muskee is dizze wike ferstoarn. 70 jier. Hat Drinte op de kaart setten as blues provinsje. Miskien Nederlân ek wol. Mar Drinte yn alle gefallan. D♪6r ademje bepaalde kroegen in bluessfear.
Wat âlder ik wurdt, wat mear my de blues oansprekt. Lit ik sizze dat ik troch de jierren my ûntwikkele ha. Like folle rock mar mear blues.
Sneon 1 oktober is der in moai blues programma yn Easterein.
John Primer, Little Boogie Boy and the Bluesbusters.
En Laas Sijbesma op de mûlharp.
En nei dizze sneon de lêste snein fan de moanne ûnder de namme Blues Cruise yn Eastersnein moaie bluesmiddeis.
30 oktober, 27 novimber, 18 desimber, 29 jannewaris, 25 maart en 29 april.

Twa kikkerts



Hjoed woe ik de 1000 fytskilometers fan septimber fol meitsje. Ik hie genôch oan sa'n 30 kilometer. De Boalserter Trekfeart is mei dit moaie waar in lust om lâns te fytsen. En de feart tusken Iens en Boalsert wurdt opsierd mei it Fryske fersepaad.
Wybren Altena skreau in fers oer twa kikkerts. It stiet bij de Warntille en dat is de brêge tusken Wommels en Iens.

woensdag 28 september 2011

Dommel

 

Op in snein begjin augustus fytsend tusken Son en Breugel en Lottum oer de Dommel.
De Dommel? So what? Gewoan as leafhawwer fan Dommelsch bier wie dit dochs in momint om efkes bij stil te stean. Bij de Dommel. Om in foto te meitsjen. Yn de ferûnderstelling dat it mei Dommelsch bier te meitsjen hat. En dat klopt. Dommelsch bier komt út Dommelen en dat leit oan de Dommel.
Mear is it net. Gjin nijs mar sa hat de foto noch sin.

maandag 26 september 2011

Raar praat

De ôfrûne wike waard dúdlik dat de politike partijen elkoar net mear mei arguminten bestride mar mei skelwurden en beledigingen. In sjenânte fertoaning op it Binnenhôf. Fertjintwurdigers dy't it oer fatsoensnoarmen hawwe, geane raar oer de skreef.
It it dan ek net raar dat minsken elkoar foar fan alles útmeitsje tsjintwurdich!. Min foarbyld docht wol folgjen.
Dizze en ferline wike dogge se bij ús op skoalle in projekt om it gebrûk fan skelwurden te ferminderjen. It sil net tafalle om struktureel it gebrûk fan skelwurden te ferminderjen bij bern at se yn harren neiste omjouwing en op tv oerstjalpt wurde mei skellerij en flokkerij.
Sneon stie ik te flagjen bij Zeerobben Da1 tsjin SDS Da2. Der is hast gjin wanklank fallen. Ien kear wie de lieder fan Zeerobben it net mei myn flagjen iens en hij liet dat efkes heare. Net op in ferkearde toan mar gewoan fanút syn emoasje in opmerking. Yn it skoft kaam er al bij mij. Hij hie it net sa bedoeld. Eksuses sa sei hij. Sa kinne je it ek oplosse meielkoar.
Op it fjild dêrneist wie Zeerobben 3 oan it fuotbaljen tsjin Leeuwarder Zwaluwen 3 of 4. In wedstriid mei in enerfearend skoareferrin wêryn de skiedsrjochter troch beide partijen betiden ferrot skolden waard. Freeslike skelwurden fleagen oer dat en oer ús fjild. Grutte mannen dy't totaal gjin rem yn de mûle hawwe.
Nei ôfrin siet de skeids yn it sikretariaat oan in bierke.
"Drege partij", sei ik tsjin him.
"Ja", sei der," ik wit net wat mij mankeard. Myn hobby is fluitsjen, mar ik lit mij 90 minuten ferrot skelle. It is echt skandalich. Kin better ophâlde"
Ik seach him oan en fielde mei him mei. Ik bin benijd at er der sneon wer stiet. Ik wist it wol. Mij seagen se net wer mei de fluit.
Se kinne om mij de rambam krije meielkoar. En dan haw ik it hiel fatsoenlik sein fyn ik sels.


zondag 25 september 2011

Greidhoekfestival

Al wer in wike lyn wie it tige slagge Greidhoekfestival yn Wommels. Foar Stjoerder haw ik in stikje skreaun wat jim hjir lêze kinne.

En moai is it fansels at je in dei letter sommige optredens noch werom sjen kinne op You Tube. Sa as de echte jongefeinten út Boalsert, Allingawier en Lollum. En mei in nûmer fan de Foo Fighters ferfele se mij net.

vrijdag 23 september 2011

Rûntsje Wolvegea



It like wol âld en nij hjoed op de AlleFryskeDoarpeFytstocht. In prachtich rûntsje om Wolvegea hinne mei allegear twillingdoarpen. Of binne dit doarpen dy't foaral tsjinelkoar oan it konkurearjen binne. Ik bin wol benijd at yn Nijeholtpea in moai multifunksjoniel sintrum delsetten wurdt, at Oldeholtpea dat dan ek wer ha wol.
En hoe sit it mei "iisstriid" fan Aldlemmer en Nijlemmer.
Prachtige fytspaden lizze der neist en tusken de Tsjonger en de Linde. In hearlike route en ik kin wer 9 doarpen ôfstrepe.
En wat wie it rêstich op de 60 plus dei. Mar dat sil wol komme omdat Henk en Sietske Bloemhof sjonge: Stellingwervers kunnen niet fytsen, stellingwervers kunnen dat niet.

dinsdag 20 september 2011

Seis en ien is sân

Helaas binne der bij alle sporten strafkommisjes nedich. Dat kinne maklike kluskes wêze mar it kinne ek drege oerwagingen wurde.
Foar in strafkommisje fan de KNVB, dy't him dwaande hâld mei it betelle fuotballe is it yn prinsipe maklik. Fan alle saken dy't foarkomme binne bylden foar hannen. Der kin fanút alle hoeken en hennen sjoen wurde mei beweegjende en stilsteande bylden wat der no krekt oan de hân wie. Boppedat binne der tal fan sjoernalisten en analisten op tv west dy't harren ljocht der ek oer skine litten hawwe.
Dêrneist is it mooglik om de totale sfear fan de wedstriid te fielen en de bewuste oertreding ôf te setten tsjin oare oertredings en waarnimmingen fan it fjouwertal skiedsrjochters.
Bij it amateurfuotbal leit soks oars.

Ik stel mij efkes foar dat ik kommisjelid bin fan sa'n strafkommisje bij de KNVB ôfdieling Noard. It is moandeitemiddei en oer in oerke moat ik op it buro fan de bûn wêze. Kin noch moai de LC efkes trochlêze, want dêr kom ik meast al wat nammen tsjin fan dieders en misdiedigers dy't jûn in dossier ha.
Ah, dat is moai, de Lc helpt ús al aardich. Moai stik fan dy ferslachjouwer oer Heerenveense Boys 1 - SDS 1. Giet net oer de wedstriid oer it spul mar oer ûntefreden supporters en te hege ferwachtingen bij de Boys. En it giet in bytsje oer SDS. Reade kaart foar spiler Sjaarda.
Set dy ferslachjouwer der efkes kreas op papier in "dom, dom, dom" feroardieling bij. Dat wurdt seker in koade boppe de 21. Koades boppe de 21 dat binne de echte saken :"gewelddadige handelingen en ernstig gemeen spel".

Noch gau efkes sjen at der noch oare saken west ha yn dy wedstriid en at de ferslachjouwer ek in oardiel hat oer de skiedsrjochter yn it algemien. Want sa'n man kin fansels ek in strieminne dei hân hawwe en at soks der bij stiet dan wolle wij it noch wolris relativeare.

At wij de jûns as strafkommisje bijelkoar sitte, dan fleane wij troch de dossiers hinne. Hiel efkes hawwe wij it oer dossier 1429532: de hear D.Y. Sjaarda - oertreding: koade VE-25 A.
Gjin fersêftende omstannichheden.
Nee, wij witte neat fan it feit dat dizze selde skiedsrjochter in slaande of neiskoppende Boys spiler sparre foar in reade kaart (fan hearren en sizzen wiene syn wurden : net wer dwaan jonge). Wij witte net dat it mar in licht tikje wie en dat sels immen fan de Boys nei de kantine yn Easterein de tuskenstân trochjoech en gelyk sei dat it wol wat swier straft wie mei read. Nee, wij hawwe net heard dat sels de âdste supporter bij SDS him net in wedstriid yn it sin krije koe dat se ea sa'n minne, partijdige skeids hân hawwe.
Dus wat sille wij dwaan mei sa'n domme, domme domme oertreding neffens de LC?
De dobbelstien efkes smite: sjit, in ien!
Dan noch mar in kear: seis, dat is better!
Seis en ien is noch altiten sân. Want wij moatte wol earlik bliuwe.
7 wedstriden dus.

Tefreden gean ik nei hûs.

zaterdag 17 september 2011

Prûmkje

De miljoenen nota haw ik net lêzen. Dat dogge oaren minsken wol. En dy oare minsken litte ús wol witte wat foar lijen ús te wachtsjen stiet yn 2012. Efterút dat is it biedwurd. Wij gean der allegear op efterút. Alle moaie dingen wurde ús ôfpakt. En alle fergoedingen dy't loftse hobbyisten ea betochten besteane aansens net mear.
Mar dit kabinet wit ek wol dat je net allinne folsteane kinne mei saken dy't negatyf binne. Der moat ek wat posityfs bean wurde.
Mei muoite hawwe de oandachtige lêzers wat fûn. En sij litte ús witte dat der in ljochtpuntsje is.
"De belesting op prûmtabak wurdt ôfskaft". Jim lêze it goed "prûmtabak".
Dat is in flinke meifaller foar dy wierskynlik 821 prûmtabakkers dy't der noch oerbinne en wêrfan de helte efter de geraniums sit en dêrfan de helte wer demint is.
Dy tinke ûnderwilens dat se in kaugombol grigen ha en dêr op omkôgje.
Wauw, sa'n maatrgel hoe sil dit útpakke. Kin dit ús ekonomy rêde. Stappe rokers (en miskien ek wol drinkers) massal oer op prûmtabak?
Krije wij dan flybbakjes op tafel ynstee fan jiskepantsjes?

woensdag 14 september 2011

Rotterdam

It AD is in noflike krante om te lêzen. De sportbijlage, de goeie kollums, de humorfolle stripbledside en it nijs wat net al te sensjoneel brocht wurdt. Minder goed fan it AD is dat se miene dat se fan alles ûndersykje moatte en in top 100 gearstalle.
De oaljekoeken yn desimber, de nije hearingen yn july en no de sikenhûzen yn septimber.
It liket mij in ûnmooglike saak om mei in pear minsken sa folle ferskillen te priuwen sadat it mooglik is sifers te jaan op de skaal fan 1 oant 10.
At ik mij no rjochtsje op de oaljekoek dan priuw ik dy dingen in pear kear yn it jier en meast bij deselde kream. En wat mij opfalt dat se net altiten like lekker binne. Dêr jou ik dy oaljekoekbakker net altyd de skuld fan (se binne wol ris wat te fet of te droech), want ik bin der wis fan it it foar in grut part ek oan mij sels leit. In oaljekoek ite nei in sleat bier, op in nuchtere mage of nei it iten fan in hearing makket flink ferskil hoe't it ding falt. Je kinne der yn in kweade sitewaasje oeren lêst fan ha en de termen seker.
Wat mij no yn it lêste sikenhúsûndersyk opfalt is dat in Rotterdams sikenhûs wint. Mei de oalekoeken is dat al jierren in Rotterdamse kream en yn de top 5 fan de hearingen stean de Rotterdammers op plak 5.
Te opfallend neffens mij.
Ik wit wol seker dat se in ûndersyk dogge nei de beste betelle fuotbalklup dat Feyenoord der út komt as de ûnbetwiste nûmer ien. Nettsjinsteande de tsjinfallende prestaasjes. Mar yn dat gefal bin ik it der plan út mei iens.
Nee, sa min binne dy ûndersiken net. Der binne wol profesoren dy't der noch minder fjildwurk foar dogge.

maandag 12 september 2011

Bohemia

Al moai wat jierren lyn wie ik ôfheakke om nei it iepenloftspul fan Jorwert te gean. Te folle sjongerij. Musikals binne net myn ding. Ferskes fersteure yn myn belibbing de tekst en dêrtoch it ferhaal.
De lêste twa jier haw ik it paad nei Jorwert wol wer fûn, omdat it wer stikken wiene mei in ferhaal sûnder dat lieten dat ferhaal yn de war skoppe.
Dit jier Bohemia. In protte ferskes hearde ik fan Jorwertgeanders. Miskien bedoelden is wol te folle.
Mei de oankundiging fan dat de lieten fan ACDC en Bram Vermeulen de reade trie binne yn dit stik, binne myn ferwachtingen heech. En dat is altiten gefaarlik. Dan kin it dochs allinne mar ôffalle?
Ik haw letterlik en figuerlik op it puntsje fan de stoel sitten. It wie in prachtige muzykfoarstelling en sokke muzyk meie se mij wekker foar meitsje.
Ik haw ek mei nocht harke nei de subtile teksten yn it moaie Frysk. Neat mis mei.
"It ferhaal hat net folle om de hakken" lêsde ik as oardiel foarôf.
Soe best kinne dat hat mij net steurd.
Wat mij tsjinstiet is it feit dat der neist in oantal krêftige rollen, dy't prachtich bespile wurde, wat te folle " deade " rollen binne. De bijrolspilers sieten der mar wat, rûnen sa no en dan wat om en seinen sa no en dan wat.
Bij wat fan dy saaie sêenes, seach ik út nei noch mear ACDC en Bram. Machtich. Dy tsjinstellingen fan ACDC en Bram Vermeulen.