dinsdag 21 september 2021

Fytsreis

 


Sa sjocht ús route der út de kommende dagen.

Wij fytse fan Súd Tirol nei Venetie

Sa no en dan set ik wat op twitter

en dat kinne jim hjirneist lêze.

Fanôf hjoed binne wij ûnderweis



zondag 19 september 2021

Us 5

 


Wij hawwe 5 pake- en beppesizzers.

It is in keunst om dy meielkoar op de foto te krijen

mar it is ús bern slagge.

Jellie wie jierdei en sij is wakker wiis mei dizze foto,

ik trouwens ek

Us fleurbringers:

Nyck, Brecht, Roan, Samme en Jelske


Kleasters

 


Ik hie noch wat ynformative boeken lizzen.
om sa tuskentroch efkes te lêzen

Ien dêrfan is dizze.
In nijsgjirrich boek om te lêzen 
en te sjen
wêr't allegear wol net kleasters stiene yn Fryslân.


Mar leafst op 59 plakken yn Fryslân wennen de
premonstratenzers
broeders van het gemene leven
Franciscanen
Cistercienzers
Karmelieten
Domicanen
Benedictijnen
Premonstratenzers
Kruisheren
Auguster eremieten
Johannieters
en noch tal fan oare streamingen

No begryp ik 
wêrom Achlum in Monnikenweg hat
en Winsum in Michaelsberch

Wa't it boek ek trochsjen wol
meldt it mar.
Ik lien it graach út

vrijdag 17 september 2021

Dieders fan it wurd

In bysûndere tekst op in eardere tsjerke yn Ouwesyl

 

gjin tsjerke mear, mar museaum en kulturiel gebou
HJir en dêr portretten fan bewenners



Wij fytsten in rûntsje troch de Bildthoeke tusken jirpels en sûkerbiten





donderdag 16 september 2021

Oanplakke

 



Nachts bushokjes ferniele 

dat skynt moai wurk te wêzen.

Foar de safolste kear is dit hokje de sigaar.

It stiet op de romte bij de Ienserhoeke

De gemeente gietde rúten der net ynsetten

it hat gjin sin

dat is dúdlik wurden.

Iets oanplakke

dat hoege se aansens net mear te ferbieden,

dat kin net iens mear


woensdag 15 september 2021

Burchwert

 Burchwert, 

it moaiste doarp fan Fryslân  in pear jier lyn.

neffens in sjury, wêr't ik seker net yn sit.

In slach oer it tsjerkhôf 

dat stiet al lang op myn list "noch te dwaan"

Wij wennen trije jier yn Hichtum 

en op ferieningingsnico hawwe de doarpen wol wat meielkoar.

Bekende nammen op stiennen komme je dan tsjin.

mar wat mij foaral opfalt is

dat er safolle stiennen binne 

wêr't je de teksten net mear lêze kinne

of je moatte der op knibbels foar 

mei in fergrutglês en wat fantasij



Hé, dêr leit ús eardere buorfrou

Net te lêzen....





Keunst op in tsjerkhôf, dat fyn ik moai


mei 20 jier ferûngelokke, dat stiet mij noch bij

namme kaam ik tsjin yn myn stambeam..... útsykje dus

Sa spitich , dat je dit mei grutte muoite lêze kinne

Himert, boer, FNP-er en dan is dêr dy bolle


maandag 13 september 2021

Triatlon foar de bern

Sneon wie de triatlon yn Wommels.

Der wie net tefolle reklame makke, 

want publyk mocht net op it terrein.

Wol bij de feart en wol oan de dyk.

Sa koene je de 134 atleten sjen.

Der is wer hiel wat ôfswitten....

Freedtejûn wie de triatlon foar bern.

De basisskoallen de Opslach en it Fûnemint

hiene de foarset dien 
mei wat trainingen

en no moast it wêze.

34 bern oan de start.

Swimme en dan nei de fyts,

oanklaaie en mei gong fuort

Dat wie ek de bedoeling fan ien fan de famkes.

Mar.......de fyts stie op slot.

Yn sân hasten wa't socht om heit of mem.

It kaam klear.

It kaaike lei yn it kuorke foar op de fyts.

Mei efterstân  begong dy pechfûgel mei it fytsen

Omklaaie en fuortwêze 


vrijdag 10 september 2021

Frysk


 At er dan wat misgiet op ynternet

dat stel ik it tige op priis 

dat der in melding dien wurdt yn it Frysk....

Faceboek begrypt dat.

Bewûndering

 


Koroana hat in oantal saken feroare.

Lykas de routsjinst, dy't no faak yn besletten rûnte plakfynt.

Dat begryp ik wol.

Kondoleare en wer nei hûs,

sa giet dat hjoeddedei.

Yn dit gefal nei de tún mei de tablet.

Kerkdienstgemist der op 

en sa koe ik de tsjinst fan frou Lanting folge.

De yndrukwekkende wurden fan Sake,

de ienige fan de 4 jonges fan frou Lanting dy't noch libbet.

"Do list mij hjir net allinne"hie se alris tsjin Sake sein

Frou Lanting ferstoar doe't Sake bij har wie,

moaier kin it net wêze.

Frou Lanting, dy't hiel wat ferlern hat yn har libben,

mar meast fleurich wie en foarút seach.

Grutte bewûndering foar dizze frou

en it die mij goed om de wurden fan Sake te hearen.

De preek gie oer Job en dat kin ik mij foarstelle.

Dy preek haw ik net útharke

dat duorre mij krekt efkes te lang 

en gie mij tefolle oer Job.

Neist de bibelmuzyk wiene dêr the Bee Gees

en Robin Gibb

Wierskynlik har favorite muzyk...




Jorwert


Wij moasten in jier sûnder.
It iepenloftspul fan Jorwert.
It jûntsje ûnder de parrebeam.

Begjin augustus stie it der wer
it oankundigingsboerd fan 2021
oan de Walperterwei yn Wommels

Wij wolle it fansels net misse.
Sûnder resinsjes foarôf,
doarre wij it wol oan.

It is yn ien wurd fantastysk.
Wat haw ik lake om dit stik
De iene grap nei de oare
it giet mar troch 
en dat yn in boeiend ferhaal.

Sokke moaie teksten,
sokke goeie spilers 
(Sjoerd do bist in echte topper)
sa'n moaie omjouwing

it is in topjûn wurden


 


zaterdag 4 september 2021

Blankenham

 


Earne tusken de Kúnre en Bloksyl leit Blankenham.

In doarpke op in dyk sa't er wol mear binne

Wij fytsten dêr ferline wike lâns

en seagen in kanon stean


In kanon om gefaar oan te jaan. 



twa kear in knal wie heech wetter,
trije kear in knal betsjutte fuortwêze






donderdag 2 september 2021

Haerster pont

 Wij wiene in wykje te fytsen.

Sliepsek en wat klean mei.

Sliepe yn trekkershutten

5 kear mei de pont oer.

Bij Jonen

bij Millingen oan de Rijn

noch ien bij Millingen oan de Rijn

bij Genemuiden

en de meast bijsûndere bij Haerst


Haerst leit krekt boppe Swolle

en de pont giet oer de Vecht;

it Haerster pontsje

in krakkemikkich ding, 

at je it fergelykje mei oare oerstekboatsjes

De boat wurdt letterlik mei de hân yn beweging setten,

mei twa klossen oan in tou 

De oerstek kost 60 eurosinten 

en goedkeaper hawwe wij it net meimakke










De pont leit op in drokke fytsroute

De NAP dy't fan Grins nei Breda rint




De fokus

 Ik wie op de PC yn Weidum.

De PC foar froulju.

De beste keatsters steane dêr op it fjild.

It is net allegear like spannend.

It ferskil tusken de smelle top en de brede rest is grut.

Te grut, fierstente grut.

Partoeren wurde fernedere troch it toppartoer dat wint

Letterlik en foaral figuerlik.

Wat in mislik gedrach fan dy twa yn dat toppartoer.

Manon S en Nynke S. 

Sij gongen lykas de sympatike Marrit Zeinstra mei de krâns nei hûs

Der gongen 5 oaren mei blommen nei hûs.

Sij waarden tank sein foar harren bijdrage oan de PC oer safolle jierren.

Sij stopje mei keatsen.

Ik frees foar noch mear stoppers.

De twa eSSen drage dêr oan bij.

Sij fiere alle twa punten as stiet it 5-5 6-6.

Sij fleane alle kearen it heale fjild oer,

raze en roppe as healwizen

at se twa punten helje.

Mislik gedrach.

De lichting dy't er oankomt,

stiet der bij en sjocht der nei.

Ik sjoch it fjoerke wat er fêst is bij dy jonge famkes

gelyk al dôven.

Je soene gelyk ek blommen freegje en stopje.

Nee, sa komt it net goed

troch de mislik meitsjende fokus fan de twa eSSen.

No mar hoopje dat se foar it lêst wûn ha

mar ik frees it slimste.

Ik hoopje ek dat Marrit Zeinstra net meigiet yn dit gedrach.

Hup, alle oaren