woensdag 15 mei 2024

De list fan it NK

Pinkstermoandei is it de Bûnspartij.

Dat neame se tsjinwurdich it NK foar senioren

Ik sjoch de list troch.

Der falle mij twa dingen op,

yn it earste plak

Wommels docht net mei.

At dat faker sa west hat, 

sûnt ik der hinne gean

wit ik sa net.

It is wol djiptryst foar in keatsdoarp

It twadde dat mij opfalt is de omskriuwing 

fan in oantal plaknammen




Yndie it wurdt tiid foar in nije wepstek 

foar 130.000 euro at ik it goed begryp


Bûterblommen

 


Ik mocht woansdei wer oppasse.

Pechfûgel Syb mei syn fuotsje yn it gips

liet him noflik rûnride yn Skearnegoutum.

Pake plukte wat bûterblommen

en hij mocht se oerbringe nei hûs.

Twa jier en noch gjin memmeblommedei gefoel.

10 meter fierder as dizze foto

smiet hij se oerboard.

De bôle dy't hij yn de oare hân hie trouwens ek.


Frysk bernediktee

Ik mocht hjoed op stap mei Jelske

ús âldste pake/beppesizzer.

Tolve jier (foar de bus hjoed noch 11)

en sij mei meidwaan oan de finale yn Ljouwert.

Jelske praat mij de earen net fan de holle,

dat dochst se nea,

sij praat net om it praten

sij lêst leaver.

Dus sitte wij  hinne yn de bus, 

bij it wachtsjen foarôf 

yn it skoft

 

en yn de bus werom te lêzen.

In moaie erfaring foar har

yn de grutte Steatenseal mei sa'n 30 oaren.

Alle winners en trije dy't er boppe-ut stutsen.

Jelske komt thús mei in moai boek

yn it Frysk en Ingelsk

want dy lêste taal "kin ik noch better" seit Jelske



wij koene it fanút in sealtsje heare en net echt sjen

de trep derbij foar de groepsfoto




dinsdag 14 mei 2024

Snits yn Wandrer

 


Dit is Snits

Totaal 226 kilometer oan diken, fytspaden en stegen.

Myn doel wie om 75 % te fytsen

Dat is slagge, 

Alles wat blau is haw ik fytst yn Snits

Dat is 75,2 % is 170 kilometer

Alles wat noch read is

is de restearjende 25 %.

Dêr richtsje ik myn oandacht  earst  net op.

Frjentsjer is it folgende grutte doel

Ja, Wandrer it is in pracht programma

om te bewegen mei in doel

zondag 12 mei 2024

Bildtstar yn Lollum

 



Dat de seal no figuerlik yn fjoer en flam stie sneontejûn yn Lollum

dat is net wier.

Dêr wiene der te min minsken foar om wat entûsjasme te krijen.

Spitich, dus mar letterlik fjoer, flam en reek

Wij hiene in moaie jûn bij Bildtstar



Frjemde fûgels

Al wer op de gewoane fyts

In slach troch de wâlden fanút Garyp.

In goeie kar efterôf want

wij fytsten aardich yn de lijte 

yn dat sm^k, skaad en beamtegrien.

En wij komme lâns Middelbuorren

Bij Middelbuorren stiet dit prachtich gekleurde elektrisiteitsgebou. 

Alteast, ik nim oan dat dy steurende warskôgingsbuordtsjes 

der net  foar de lol opsitte. 

Wat in moaie kleuren en in goeie tekst. 

Wij fielden ús suver oansprutsen












dinsdag 7 mei 2024

Wielervrienden bijwurke

It oantal gemeenten yn Nederlân wikselt wol gauris.

De weryndielingen binne hjir foarbij,

mar fierderop yn it lân is it noch geande.

Der soene no sa'n 343 gemeenten wêze kinne.

Ik sjoch dat oan myn akkount op Wielervrienden

dy't bijhold yn hokker gemeenten ik fyts en hoefolle dat no totaal binne.

Ik bin sljocht op dit kaartsje

neidat wij 5 dagen fytsten yn in gebied

wêr't wij net safolle west hawwe

Mar leafst 25 gemeenten kin ik bijskriuwe nei dy 5 dagen

71 % fan alle gemeenten hân,
dat is 244 oan no ta

Hjir en dêr noch wat gatten

mar dat is goed, 

dan bliuwt der in útdaging, 

in reden om te fytsen



maandag 6 mei 2024

Rûntsje Limburg Brabân

 



Dit wie ús rûntsje yn de twa súdlike provinsjes

Fan sneintemiddei oan tongersdeitejûn fytse wij

mei prachtich waar in ferrassende rûte.

De rûte waard wat bepaald troch de frije gastadressen

bij Vrienden op de Fites.

Sliepe bij Fletscher yn Sittard

yn Budel- Schoot, yn Boxtel, yn Wijchen en yn Haelen


Totaal sa'n 400 kilometer

Fletscher hotel en Fortuna Sittard stadion

Stadion

In Limburge folkssjonger

Alles wyt yn Thorn, útsein de tsjerke

Weert



in stikje Belgie

it "Dodenpad" op de grins mei Belgie


Fytsretonde bij Eindhoven

In nacht sliept yn Lennisheuvel


Den Bosch




In moai p[lakje efter yn de tún






zondag 5 mei 2024

Bieëgdje

 


De twatalichheid is der gelokkich ek yn Limburch.

It doarp Beegden hjit Bieëgdje.

Dat is noch net sa'n maklik wurd om út te sprekken.

In pleatselike man dy't syn hûn útliet

hat it foar sein en fertelde dat ek hjir in flinke diskúsje west hat

at de Limburgse namme no bopp of ûn deroan stean moast

Safolle deaden

Wij fytsten troch Brabân en Limburch.

Dêr hat in hiele oare oarloch west as hjir.

Mear striid, mear deaden.

Wylst wij hjir yn  Fryslân tsjerkhoven hawwe

 mei in pear oarlochsslachtoffers 

fine je dêr massahôven

Nim no Uden, mar leafst 437 grêven

Ik wie ûnder de yndruk fan it ferhaal