vrijdag 22 augustus 2014

UTMB




UTMB mei noch in pear letters der efteroan.
Wat it betsjut wit ik net.
Mar it hat te meitsjen mei:

  • in berch
  • in hiel soad kilometers
  • drave
  • ferhurde paden
  • Mont Blanc
  • ûnferhurde paden
  • Chamonix
  • ultra trail
  • trochsette
  • de grinzen opsykje
  • in útdaging
  • .........mei Berber en Tsjeard
Nije wike sille sy op de Mont Blanc meidwaan oan in ultratrail. 
Op Wommels.nl stiet in aardich artikel.
Hast in jier lang dwaande mei tariedings. 
Traine...opbouwe...traine...rêste..traine...traine
In soad der foar dwaan....
in soad der om litte....
Prachtich dat se dit beide dogge en elkoar stimuleare.
At Berber froeger ek al gek wie op útdagingen wit ik net, mar fan Tsjeard wit ik it wol.
Ut ús fotoboek



Op fytsfakânsje troch ûnder oaren Drinte  wiene de paden op de kaart soms better as yn wurklikheid. Foar Tsjeard wie no krekt gjin probleem. Hij seach de útdaging der wol fan yn om mei karre efter de fyts troch de drek te fytsen, en syn heit op grutte ôfstan te setten...



Op wintersport  yn Tsjechie wie de snie no net altiten like wyt. Gjin probleem.
Dêr lei foar Tsjeard wer in útdaging om net te seuren mar it te oerwinnen.

Taheakke

Op de regelmjittich weromkearjende fraach oan ús  fûnen jim bern it leuk op fytsfakânsje it antwurd.
In laitsjende Tsjeard en Hildau doe't se 7 en 9 wiene.

donderdag 14 augustus 2014

Fiskje

"Meneer, meneer, wij hebben een grote vis gevangen, wilt u ons helpen"
Suver een needgjalp fan twa jonkjes.
Sij steane te fiskjen op it bregje oer de fiver
"Wat is der oan de hân", wylst ik it taferiel oansjoch.
Der swimme allegear fan dy lytse kikkerfiskjes yn de amer
Ien fisk leit er in twa meter bij wei.
In hiele grutte sizze de mantsjes.
Hij hat amper it formaat fan in hiel lyts lekkerbekje.
"Asjeblyf menear, wolle jo ús helpe".
Se gean al oer yn it Frysk
It wurdt serieus.

Ik moat er net oan tinke
om dy fisk beet te pakken.
Ik haw net foar neat myn fiskkarriere hiel gau ôfbrutsen
Wat bij it wetter sitte en nei de kurk sjen dat gie noch wol.
In fiskje fange dat slagge ek noch wol.
Mar dan....
De fisk der ôfhelje.
dat wie net myn hobby

"Ja, jonges, at jim fiskje moatte jim it sels dwaan"
"Nee, nee, dat doare wij net"
"Hoe sa net doarre, hij docht neat,
en boppedat jim fiskje en ik net."

"Set dy amer, mar flakbij de fisk, en dan ien kear beet pakke,
net benaud wêze en gau yn de amer smite"
is myn goeie rie.

Nee, nee, ropt de iene en hij draaft nei hûs om helptroepen te heljen.

It oare knaapke sjocht mij oan.
Ik moedigje him oan.
En dan aait er de fisk efkes
merkt dat er net folle libben ynsit en
hupsakee, hij pakt him beet en doicht him yn de amer.

Grutsk sjjocht er mij oan.
"Sjochst wol, it falt best mei.
Goed dien "

It fiskje besikje noch wat asem nei binnen te krijen,
foardat it libben der hielendal út is.

Hij hat te lang op it droege lein.




dinsdag 12 augustus 2014

Dêr stean je dan



It feitlike begjin fan ús fytsfakânsje dit jier.
Cycletours dropte ús op sneontemoarn 5 july moarns om 6.45 oere bij dizze Marché yn Sauveterre de Bearn, flakbij de Spaanske grins.
Fan dêrút begongen wij ús 2000 kilometer lange fytstocht nei Fryslân.
Oare busferlitters keazen foar de selde route mar hawwe wij net wer sjoen, en wer oaren of gyngen de Pyryneen yn.

zondag 10 augustus 2014

Beantsjes


Bij it klearmeitsjen fan de beantsjes dizze wike komme der herinneringen bij mij op.
Herinneringen oan it âlderlik hûs.
Myn heit wie in echte folktúnker.
In stikje bou yn eigen tún op de Hofkamp en letter oan de Molewâl
en meardere ekers op de folkstún yn it Bosk.
It wie syn nocht en syn libben om dêr syn tiid yn te stekken.
De sneinen yn huize Hofstra koene je dêrtroch úttekenje.
Sneintemoarn in stik keek en in fulde koeke.
Altyds wer...
Sneins ieten wij ek altyd beantsjes.
Altyd wer...
Yn july en augustus farske
De rest fan it jier de "ferpakte"
Beantsjes dy't wij earst meielkoar socht hiene op de bou
Beantsjes dy't wij dêrneist "kopten"
Bakken fol....
Wat in teamwork wie dat.
De beantsjes yn de wekflessen.
Tsjientallen wekflessen mei sparbeantsjes.
Sticker der op mei in datum
En sneins kaam der ien fan souder
Hast altyd
Want sa no en dan waarden wij ferrast mei wat oars.
Snijbeantsjes.
Dy hiene wij ek al earder klearmakke
Triedden der ôf en troch it molentsje
draaie en de snijbeannen der ynstekke
de finger net

Beantsjes...beantsjes en noch ris beantsjes

No iete wij se foaral farsk.
Yn july en augustus.
Hollânske beantsjes
Kocht bij Jumbo of ûnderweis
sa as dizze wike yn Lollum
Wij ite se troch de wike
want sneins ite wij graach wat oars.

Ik haw genôch beantsjes op snein hân
En de wekkflessen?



vrijdag 8 augustus 2014

Reaksje

Koartlyn skreaun ik wat oer de fierstente djoere kamping yn Frankryk. Sjoch hjir .
It ynfulde enkêteformulier is goed lêzen, want ik krige in hoopfolle reaksje werom. Hoopfol foar de fytsers yn 2015. De frânske tekst hawwe se sels efkes foar mij troch de fertaler helle. Sjoch ûnderoan.


Cher Monsieur/Madame HOFSTRA,

Nous ne parlons malheureusement pas le néerlandais, c’est pourquoi je vous réponds en français, avec une traduction automatique. Je vous remercie de votre compréhension.
Nous avons pris connaissance de votre questionnaire de satisfaction et nous regrettons sincèrement que vous n’ayez pas été satisfait de votre séjour chez nous. Au vu de vos remarques et des renseignements pris auprès du Comité départemental du tourisme de la Gironde, précurseur du projet « Vélodyssée » lequel nous a confirmé qu’il n’y avait aucune obligation en tant que labellisé « Accueil vélo » à pratiquer des tarifs préférentiels à l’encontre de la clientèle pratiquant le cyclotourisme ; nous envisageons de mettre en place pour 2015 un tarif spécifique pour la clientèle optant pour un séjour cyclotouristique.
Quant au service WIFI, Nous allons prendre des dispositions pour que l’année prochaine ce service soit en adéquation avec vos attentes, mais il restera payant.
Nous vous prions de bien vouloir nous excuser pour les désagréments rencontrés, et espérons que malgré cela vous garderez un bon souvenir de votre parcours dans notre belle région,

Cordialeement,


Geachte Hr./Mw. HOFSTRA,
Wij hebben helaas geen Nederlands, vandaar dat ik je een antwoord in het Frans, met een machinevertaling. Dank u voor uw begrip.
Wij kennen uw vragenlijst van tevredenheid en wij betreuren oprecht dat u niet tevreden bent over uw verblijf bij ons thuis(met ons). Met het oog op uw opmerkingen en gegevens met de departementale Comité van het toerisme van de Gironde, de voorloper van het project " Vélodyssée " die bevestigden ons dat er geen verplichting was(bond) als gecertificeerd " Welkom(Opvang) fiets " praktijk preferentiële tarieven tegen de clientèle te beoefenen de cyclus touring; wij zijn van plan om voor 2015 een specifieke prijslijst(tarief) voor de klanten die kiezen voor een cyclotouristique verblijven.
Als voor de WI-FI service(dienst), We gaan ondernemen capaciteiten(maatregelen) zodat volgend jaar deze service(dienst) is in overeenstemming met uw verwachtingen(wacht), maar hij(zij) blijven betalen.
Wij hebben helaas geen Nederlands, vandaar dat ik je een antwoord in het Frans, met een machinevertaling. Dank u voor uw begrip.
Wij verzoeken u vriendelijk om ons excuus voor het ongemak ontmoet, en ik hoop dat het u een goed geheugen van uw route(loop) in onze prachtige streek.


Met vriendelijke groeten,

Karine FENIE, Campsite Manager
Yelloh ! Village Les Grands Pins
SAS SILLO
33680 Lacanau-Océan

donderdag 7 augustus 2014

Balk-Wommels


Komt dat wer moai út. Jellie 7 dagen oan it wurk yn Balk. 
Dus snein de fyts efterop de auto en de fytstocht begong dus yn Balk.
It gie rjochting Wikel, Sleat, Tsjerkgaast, Spannenburg en

it nije fytspaad lâns it kanaal fan Spannenburg nei Idskenhúzen, dan oer Legemar en Boarnsweach

Mei it potsje oer rjochting de Jouwer


mar net nei de Jouwer en Snits, mar bij it potsje oer nei Broek

It ferfolch wie Terherne, Tersoaltster slúske, Snitsermar, Snits, Reahús , Easterein en Wommels.

Totaal 67 kilometer en dat op in gewoane bukfyts..

dinsdag 5 augustus 2014

Iens

Sa op it earste gesicht stelt it net folle foar.
Iens, in doarpke fan minder as 100 ynwenners skat ik sa yn.
Foar auto's in dearinnend doarp.
Selskip Tetman de Vries song earder al.: Alleen naar Edens stiet dêr op de dyk.

Foar fytsers rint Iens net dea.
Sij kinne fia it fytspaad lâns de Boalsertertrekfeart  yn en út fytse.

Iens, in dea doarp?
Oan de buordsjes te sjen bij lange nei net.
Suver mear piktogrammen as bij gruttere doarpen yn de omjouwing

Yn Iens kinne je sliepe, je kinne je geastlik ferrykje yn tsjerke, rinne is in attraksje, lykas farre, fytse, fiskje en .............lêze?
Dus soe ik gjin reden witte om net in kear yn Iens te sjen.



zondag 3 augustus 2014

Peace yn Riis





Peace yn Riis.
Dat leuke twajierlikse muzyk festival yn de teatertún yn Riis
Ik koe der dit jier net hinne.
Op fakânsje.
Oan de bylden te sjen en oan de lûden te hearen wie it gesellich.
It swingde......
Pakesizze Jelske wie foar dizze gelegenheid in weardige ferfangster.
Har bewegingen lykje sels wat soepeler as dy fan mij.....
Lykje...sei ik

vrijdag 1 augustus 2014

Rekôr

Rekôrs binne der om brutsen te wurde.
Dat jildt foar in soad dingen.
Nim no myn fytsen.
It is noch krekt gjin obsesje, mar ik moat der foar oppasse.
Kilometers bijhâlde.
Per wike, per moanne, per jier.
De moanne july 2014 levert in rekôr op.
It wie gjin doel mar it oerkomt je wol.

July hat krekt as oare jierren 31 dagen.
Ik fytste yn dy 31 dagen 2205 kilometer.
Dat is per dei 71 kilometer
Dat is per oere hast 3 kilometer.
Nea earder fytste ik yn ien moanne safolle.
De reis fan Súd Frankryk nei Fryslân soarge foar in stevige basis (2000 km)

It âlde rekôr wie fan july 1999.
2005 kilometer.
Ek net ferkeard oars.

Totaal sit ik dit jier no op 7300 kilometer.
Om de 10000 te heljen de lêste 5 moanne in makkie.

De muzikale noat komt fan Diff. Op 13 septimber yn Wommels op it Greidhoekfestival.





Taeke op de PC

Woansdei wie de PC.
It waard de dei fan Taeke Triemstra.
Ik haw djip respekt foar de keatser dy't blessearre is.
de keatser dy't sa graach keatse wol
de keatser dy't der safolle foar dwaan en safolle foar litte wol.

Taeke moast tidens de dei belies jaan.
Foar de heale finale stie hij syn plakje ôf oan Jacob.
Syn eigen beslissing dy't hij naam yn de twadde omrin tidens de partij.
Hij seach syn maten Daniel en Gert-Ane.
Syn maten dy't der ek safolle foar dogge.
Hij skeakele syn eigen belang út.
Trochgean levere miskien wol gjin goud op.

Taeke fertelde it tongersdeitejûn yn PC kafee,
op de wize sa't Taeke is.
sympatyk
earlik
ynteger
en mei ynholden emoasjes

Syn trije keatsmaten hearden it oan
en lieten ek sa dúdlik merkbite dat se grut respekt hawwe foar wat Taeke dien hat.
him sels opofferje foar harren.

Wat in grut sportman
wat fertsjinnet dit hanneljen in respekt
myn  Fryske sportman fan 2014
Taeke Triemstra
ek al is it noch mar augustus.

Wembley sjongt mei mij:


.