zondag 31 december 2023

zaterdag 30 december 2023

Molkbus

 Yn Noardeast Fryslân en yn de Wâlden

dogge se krekt of kinne wij net sûnder karbidsjitte.

Se litte de wrâld foarkomme 

of soe der in stikje siel út Fryslân helle wurde.

Hiele dikke flaue kul!

Molkbussen binne rôversguod haw ik wol begrepen

Dy fan ús is it hiele jier in papierbak

bij mij op kantoar.

Dy komt der net út,

ek net op âldjiersdei

It is in moaie herinnering 

oan de molkfabryk yn Wommels

wêr't myn heit op wurke

en wêr't ik yn myn jeugd flakbij wenne





vrijdag 29 december 2023

Burd

 Wêr is it mis gien?

"Wat bedoelst"

Mei dyn burd

"Hoe sa mis"

Hoe sjochst der dan út sûnder burd?

"sa dus"

Dat lange hier is dat fan dy sels?

"ja, lang en frij fet"


Dit is de lêste foto, sûnder lang burd

en de earste foto mei in begjinnend burdtsje.

Maart 1975 siet ik yn tsjinst

en hie in hekel oan skeare en skuonpoetse.

Dat lêste kaam ik net ûnderút

dat earste koe ik wat oan dwaan.

It burd steanlitte 

en dat befalt noch altiten goed.

Yn april 1975 wurd ik lid fan SDS,

bin dan 20 jier.

Ik haw nea yn in jeugdalvetal fuotballe.





woensdag 27 december 2023

De beam fan wiisheit

 



De ôfrûne 4 wiken haw ik harke nei in podcast

oer Hylke Speerstra mei Martine van der Steege fan LC.

Wat in wysheit kin der yn ien persoan sitte.

Wat in prachtige ferhalen oer wat him dreaun hat,

wat him dwaande hâldt en wêrom.

Oer de tiid dy't noch foar him leit

no't hij 87 is

Yn it lêste diel komt de fraach

hoe hij tinkt oan syn dea en wat er dêr nei noch is

Hylke Speerstra sjocht in beam foar him

dy't alle winters dea liket

mar elts foarjier wer begjint.

Dat it nea echt ophâldt, dat leaut hij 

mar hoe........?

Dit soe dy beam wêze kinne

In beam bij Bakkefean

In beam dy't syn woartels net ûnder de grûn hat 

mar dêr boppe, 

sadat ús dêr alle dagen oer ferwûnderje kinne



zondag 24 december 2023

Lemmy

 Hjoed is it 78 jier lyn 

dat Lemmy fan Motorhead berne is.

Op 28 desimber 2023 is hij 8 jier dea.

Ik betocht him fannemoarn bij syn lêste learzens 

en seach dat immen mij al foar west hat 

mei minstens in kilo sipels út it Bildt




Hast Kryst

 Je soene hast sizze, 

hij freget der om.

Wa giet no twa dagen foar Kryst op sjou yn de buert.

Brutaal jout er him del yn ús foartún.

Op de bank, yn de lijte

mei sa no en dan in tikje tsjin it rút

Pakesizer Syb fynt it wakker moai

en wij binne bliid dat er in rút tuskensit

Jûn let hat de eigner him wer helle

Hij hie al mist, mar koe him net fine

Koartsein, dizze hat de kryst oerlibbe

alteast dat tink ik..





vrijdag 22 december 2023

Gemeentefytse

Al wer in jieroersicht

Koppele oan Strava

dus binne de fytskilometers en de fytsdagen gjin ferrassing

Dit programma hâldt bij yn hokker gemeenten ik fytst haw

sûnt april 2020

Yn 2023 45 nije gemeenten der bij





Yn 2023 mar in lang wykein nei Brabân



woensdag 20 december 2023

Puzzelje

 


Topografy, dat is myn ding

Puzzelje is net echt myn ding

Mar topgrafypuzzels binne wol myn ding

It nije boek is wer út

lykas oare jierren krekt foar Kryst









dinsdag 19 december 2023

Sport 2023

 


Ek bij Strava binne se wer te betiid.

It sportjier 2023 fan mij rint mar oant heal desimber 2023.

Dus wat jim hjir sjogge

is in yndikaasje.

Der komt noch fan alles bij

maandag 18 december 2023

Top 2000

Och, dy top 2000 sa oan de ein fan it jier,

dat is suver wat efterhelle, 

fêstruske yn deselde nûmers.

De top 10 is wer it selde as ferline jier, 

bergyp ik út de krante

Wat is wol nijsgjirrich fyn is dit ferhaal.



In stik as 12 nûmers 

dy't mei strjitten te meitsjen hawwe.

Sjoch hjir


Hoekens

Ik fytste fannemoarn in slach om, 

sa as hast alle moanrtiden

Fia Easterein nei Reahûs 

en doe rjochting de Kliuw.

De Slachtedyk is reedlik rjocht

útsein dy iene kronkel yn de dyk


Dat is bij Hoekens, sa hjit it dêr.

Hoe sit it ek al wer mei dy kronkels yn de Slachte,

hjir en dêr

Ik pak de Eastereinder bibel der bij.


Sa neame de Easterenders dit boek.

Ik bin der wis fan dat it dêr yn stiet.

Ik fyn. yn it âlde testamint, bibelboek Reahûs






zaterdag 16 december 2023

Geoverlijd

 It giet net goed mei it lêzen

dan giet it ek net goed mei skriuwen

In foarbyldsje




vrijdag 15 december 2023

Ferkear(d)

John Vanderaart is redakteur bij Computer Idee

Hij skriuwt dêryn in kollum  

Hij wennet yn Haarlem.

It ferkearsplan hat er foar soarge 

dat diken ienrjochtingsferkear wurde

Hij wennet oan sa'n ienrjochtingsdyk

Hij sil de strjitte út

lâns de goeie rjochting 

mar dan......




Langste nacht

 



Alle jierren wer nijsgjirrich

it tiidskema fan de langste nacht.

Middeis bliuwt it al wer langer ljocht,

al is it mar in pear minuten per dei.


woensdag 13 december 2023

Foto

 


Lâns de Boalserter trekfeart

wylst de sinne nei in healoerke skinen 

yn de dize ferdwynt,

meitsje ik wat foto's

Dizze springt der út

Dat sjoch ik pas at ik thús bin

dinsdag 12 december 2023

In idoal?

 Sneon is der in BN-er yn Wommels.

Hij sil in ferhaal hâlde yn it Dielshûs.

Wim Kieft,

bekend as spits yn de jierren 80 

bij Ajax, Pisa en PSV.

Ek in Nederlânske alvetal hat wol wat oan him hân

Syn ferslaving is ek faak in ûnderwerp

at it oer him giet.

Hij is alle jûnen op tv

want hij mei neist Derksen en van der Gijp sitte

Syn bijdrage is meast minimaal

yn myn herinnering

want ik sjoch al hiel lang net mear 

nei dat beledigjen fan oare minsken

yn dat programma.

Der binne ek oaren

dy sjogge him as in "held" miskien wol as in "idoal"

Sij meie mei him op de foto

en miskien hawwe se ek wol in hânteken krigen.

Ik haw it oer folwûksen minsken

dy't ik fierder wol as normaal beskôgje.


maandag 11 december 2023

Dwinger

 


De jiske auto yn de jierren 60 mei syn fjouwer mannen

ik sjoch it sa noch foar mij.

Palsma, de sjoffeur, Eisma, ynfal sjoffeur, Bakker en Boersma,

alle fjouwer wennen se yn Wommels

en trije dêrfan sels op de dr Sipke Stapertstrjitte.

Sij leegje de swiere amers en wat der neist leit yn de wein

Wat se sels brûke kinne, lizze se fansiden.

Yn myn byld binne it earst net allinne de jiske-amers

mar ek de húsketûntsjes, dy't yn in karre lege wurde.

De rotsoai giet nei de dwinger, 

dy't krekt bûten Wommels leit

oan de Boalserterfeart.

Der is yn dy tiid minder kwetsbere rotsoai as hjoeddedei,

mar alles komt wol bijelkoar.

Sa no en dan wurdt it opbaarnd, dat mei dan noch.

De tiid feroaret.

Hinnaarderadiel giet op yn Littenseradiel (1984)

en konteners hawwe dan de jiske-amers al ferdreaun.

It smoargens giet nei Aldehaske of Harns om ferbaard te wurden.

Wat oerbliuwt is de dwinger, dêr oan de Boalserterfeart

Altyd maklik om wat oerstallige rommel del te smiten

sa riddenearret de gemeente Littenseradiel.

De fierstentegrutte gemeente Súdwest Fryslân fynt dat net 

Sij brûke leaver in oantal grutte terreinen

yn en bij harren stêden.

De dwinger yn Wommels wurdt ôfsletten 

mei in stek en dat is it.

De rommel bliuwt lizzen,

it strewelleguod groeit en groeit

en ûntnimt it sicht fan de Wommelsers 

dy't fanôf it trekpaad skodholjend fan in skande sprekke.

Sa'n moai plak oan it wetter en dan sa fersloere litte.

De jeugd ûntdekt de dwinger.

It stek is al net mear sa ticht as earst 

en boppedat wat soe dat no sa'n stek

Sij meitsje hutten want der is hout en oare rotsoai genôch.

Dan ynienen is der panyk.

Yn oktober 2023.

Soe it allegear wol sûn wêze dêr op de dwinger?

Leit er net skealike rommel foar bern.

Sels wij krije in brief op Swingoerd.

Fan de GGD

Der is neat oan de hân 

mar it terrein wurdt wol hermetysk ôfsletten.

Hutten sille fuorthelle wurde 

en fierders hat it de oandacht fan 

ien fan de fierstente grutte laden

fan ús fierstentegrutte gemeente


It is hjoed 12-12

De hutten steane der noch.......






zaterdag 9 december 2023

Hardcore Freed

 


Wat in hearlik feest yn Neushoorn freedtejûn.

Twa moanlikse Hardcore Friday jûn.

Mei Tsjeard der hinne.

Yn de bus.

Trije bands

Pressure Pact, Zubzero en Lies!

Unbekende bands, mar der wie neat mis mei.

Wij hawwe gjin ferwûningen oprûn,

want it liket wat rûch allegear



donderdag 7 december 2023

From Ingland

 


In kaart út Manchester

De safolste dit jier fan Gerrit Tjallema.

Sa moai, om sa no en dan in ferrassende kaart te krijen.

Neffens mij is dit tegeltablo te sjen op it stasjon yn Ljouwert

Ek de foarige dy't ik yn de hjerst krige

wol ik jim net ûnthâlde




maandag 4 december 2023

De froulju fan de fetweider



Op souder lei noch in boek fan Douwe H. Kiestra,

sa't ik earder al skreau.

It boek is fan 1939.

Kritisi binne earst net sa entûsjast.

Syn "erotysk realisme" jout lilkens

stiet er op it omslach.

Ik bin op syk gien nei dat "erotysk realisme"

troch it boek noch in kear te lêzen.

It is in ferhaal út de jierren tritich

at earmoede troef is ek bij de lytse boerkes.

Ien fan de lytsboerkes hat trije dochters.

Dêr wol hij goed op passe, mei oare wurden

hij wol bepale mei wa't se omgean 

Mar moaie dochters dy stjoere je net.


It boek is prachtich Frysk, dat yn it earste plak.

wurden/sinnen as

útkloarkje

wirktúchlik

in swym fan ûnoandwaanlikheid

nommel-moedich

foralterearre

alderbiminlikst

formoedsoenjen

yn 'e winkelheaksalve

hij rint wat tsjalskonkich

dat gobbet en mûskoppet

kwânskwize


binne in lust foar it each en sjogge je no hast net mear

Oer de erotyk fyn ik net folle.

Ik frees dat dizze sin foar opskuor soarge hat


it sterke kymkrêftige sied fan in laet út in âld en taei boerelaach dat yn sa'n jonge en ûntfanklike skerte frucht sette moat


Sa'n moaie sin, 

sa'n moaie tekst mei gefolgen,

want se rekket yndie swier.

At it boerke dat heart seit er:

dus dou hast ús fanke al to nei west,
foar dat sij dines is,
wylde bruijer dato biste






vrijdag 1 december 2023

Spotify 2023

Google wit alles, sizze wij wolris

mar Spotify ek.

Se hawwe it wer kreas op in rychje setten

Mear as 41.000 minuten nei Spotify harke.

Ik leau it gelyk.

Thús of op de fyts

in muzykje heart der bij.















 









 

Moai yn de moarn

 




It is gjin fytswaar

mar it is wol hiel moai yn de moarn

om der efkes op út

at de sinne opkomt 

en at der dan ek noch wat snie leit hjir en dêr,

dan kin ik it wol ferneare

dizze winterske perioade

donderdag 30 november 2023

Nútsjesmoar

Fannemoarn wurde der twa pakesizzers bij ús wekker.  

at betsjut meielkoar ite en de tromkes klearmeitsje.

Wat er op de bôile moat, jouwe se dudlik oan.  

Hagelslach, appelsjerp, sjokopasta en nútsjesmoar, 

wat sij dan wer pindakaas neame.

Ta myn grutte skrik sjoch ik dat de nútsjesmoar op is. 

Mei skrabjen soe der noch ien stikje tin belein wurde kinne.

"It is op, jonges". 

"Ho wacht pake," sei de âldste en hij rint nei de assistint dy't harket nei ..... 

"Hee Google 

"Speel Ome Henk, de pindakaas is op".

Sa sit de sfear der gelyk yn, en nimme se genoegen mei wat oars op bôle.

Wij hawwe no in grutte pot kocht.



Einum (30)

 It lêste boek yn de rige fan "myn boeken fan novimber"

is ôfwikend.

Ik haw it boek sels net,

mar it is it lêste boek dat ik lêzen haw.

In boek dat in soad yndruk makket op mij.

Prachtige ferhalen oer minsken

dy't yn in lyts doarp wenje (Einum)

Moai Frysk en mei humor skreaun

oer it lytse en grutte lijen yn inhúshâlding en relaasje

It boek krige de Gysbert Japikspriis 

en is skreaun troch Koos Tiemersma

Ik haw it moandei werombrocht nei de byb.




woensdag 29 november 2023

Going down, going down (29)

 Yn de tiid dat de parlementêre enkêtekommisje besocht

de wierheid boppe tafel te krijen oer de Bijlmerramp 

dy't op in sneintejûn Studio Sport earnstich fersteurde

lei ik thús mei in hernia.

Yn dy tiid pakte ik it lêzen op

en middeis siet ik fol oandacht te sjen

nei de fragenstellerij fan dy kommisje

Ik haw dêrnei noch in oantal boeken  lêzen/kocht

om alles nochris te lêzen.




dinsdag 28 november 2023

Tussenkind (28)

 "Tussenkind" is in boek fan Detsje Holtrop

in iets jongere sus fan Jellie, myn frou.

Moedich fyn it it

om te skriuwen oer de eigen jeugd.

Sa't sij dat belibbe hat

is hiel oars as har trije susters en twa broers

De titel Tussenkind seit genôch.

Der oeral wat tuskenyn sitte

op skoalle, mei freondinnen en yn de eigen húshâlding

Detsje hat hjir nei noch twa boeken skreaun,

mar dy fyn ik minder suksesfol



maandag 27 november 2023

Jo Nesbo (27)

Sân boeken haw ik no lêzen fan  Jo Nesbo

de suksesfolle trillerskriuwer út Noarwegen

Allegear fanút de byblioteek

It begong allegear mei dit boekje

fan amper 100 siden.

Gjin idee hoe't ik der oankommen bin

mar it sil wol in kadoboekje west ha




Boesgroentsje -yn-de-broek-hâlders

 


Ik draach net faak in boesgroentsje.

Dat docht mij tefolle oan wurk tinken.

Der hingje noch in pear fan myn wurksum libben

en sa no en dan tink ik dat ding moat ek tenein

dus oandwaan.

No hinget it boesgroen al frij faak út de broek bij mij

en it skynt dat der minsken binne dy't dat yrritearret

It skynt fodderich of flodderich of suterich te stean

Grut is  myn ferbazing dat ik dit tsjin kom op ynternet

In boesgroentsje delhâlder.

Krekt wat

foar lju dy't der net sloardich bijrinne wolle.

Ik haw net ien besteld.

zondag 26 november 2023

Froulju fan Kiestra (26)

It boek is fan 1939.

Kritisi binne earst net sa entûsjast.

Syn "erotysk realisme" jout lilkens

stiet er op it omslach.

Ik moat bekenne dat ik it net mear foar de geast krije kin

mar sokke omskriuwingen jouwe mij oanlieding

om it op de steapel "noch te lêzen" del te lizzen

Letter mear dêroer



Yn "Ons Gebouw"

Ons Gebouw, het klinkt wol wat  besitterich.

en dat is wierskynlik wol te ferklearjen.

It gebouw yn Boalsert sil 

fêst fan in tjerkemienskip west hawwe

en yn dy tiid wie besit wichtich.

Yn Ons Gebouw wie sneontejûn in optreden 

fan The Sound undercover.

The Sound wie in band dy't fan 1979 oant 1987

furore makke yn it sjenre new wave postpunk

Dat wie de perioade  dat wij yn de lytse bern sieten

en dan gean der dingen oan je foarbij.

De muzyk fan dy tiid is oan mij foarbij gien.

The Sound dus ek.

Mar, at er in live optreden is yn Ons Gebouw yn Boalsert

dan bin ik der wol bij.

In hearlike jûn mei in prima band

Om mij hinne in protte lju dy't opgroeid binne mei the Sound

en dêr noch mear as mij fan genoaten.

Mear muzyk yn Ons Gebouw?

ja graach, dan wurdt fansels myn Ons gebouw



zaterdag 25 november 2023

Alde maaie (25)

 


Noch net sa lang yn myn besit (dankjewol Janny)

mar mei nocht lêzen

Rink van der Velde, mei Hylke Speerstra in master

yn it fertellen fan in ferhaal.

Net dat it spannend is,

mar it hat in moaie opbou

en it Frysk is moai


vrijdag 24 november 2023

Pieter Bas (24)

 Pieter Bas is in alderaardichst boekje fan Godfried Bomans.

Bekender is syn Erik of het kleine insectenboek

mar dit mei der ek wêze.

Herinneringen fan minister Pieter Bas.

De earste printinge wie yn 1937

ik haw de fiifde printinge en dy is fan 1978.

jim kinne jim foarstelle dat de taal blomryk is




X

Twitter, dat no X hjit is kapût makke troch Musk.

Fan it moaie medium sa't dat der earst wie, is neat mear oer.

Allegear reklame,

gjin kontrole op berjochten

en hieltyd mear beheiningen.

Ferline wike liet Habtamu de Hoop fia X witte

dat hij "as stunt" mei syn ploech SDS 1

mei de kampanjebus fan PvdA/Groen Links

nei de wedstriid yn Sint Jansgea soe.

In aardichheidtsje.

Wij fan SDS tweeten dat berjocht troch.

Net te leauwen wat dat oan reaksjes oplevert.

Positive fan minsken dy't de "grap""wol ynsjogge

mar de negativen hawwe de oerhân.

Wat in domme, ferfelende reaksjes

krijt hij, mar ek wij as fuotbalklup SDS.

Heare minsken, wat jankerts,

lju dy't wierskynlik oeral op reageare

en dat no dwaan kinne omdat X mar wat oanmoddert.

Bij SDS sille wij noch wol efkes troch twitterje

mar sels bin ik al oer gien nei Bluesky





donderdag 23 november 2023

Op eigen kracht (23)

 


In prachtich reisboek fan dit jonge stel

40.000 kilometer op eigen krêft

de wrâld troch.

Net alles gie foar de wyn.

Prachtich bskreaun, mei in soad emoasje der bij

woensdag 22 november 2023

Op klompen troch de dessa (22)

 


It ferhaal fan ús heit, neam ik dit boek foar it gemak.

Sels nea wat sein oer dy inketswarte perioade

Sokke yndringjende ferhalen fan oaren

fan it hoe en wêrom

At er immen de keunst hat om dit mei gefoel te fertalen yn wurden

dan is dat Hylke Speerstra wol

Ek keunst

Yn de kategory keunstich betocht

sjoch ik efkes werom  op dizze trije keunstwurken

20.000 peuken nim ik oan,

want dit keunstwurk koe ik foar 20.000 euro meinimme




Dizze hjirûnder wie wat goedkeaper

mar dat binne dan ek mar pennen.....



De wearde fan dizze blikjes skat ik op 14 euro 80,

De wearde fan it keunstwurk skynt sa'n 10.000 euro te wêzen


 Sukses mei de ferkeap..... soe ik sizze wolle