Sa no en dan meitsje wij gebrûk fan Air B&B.
Koartlyn noch, doe't wij yn Brabân fytse woene.
It is mar om te sliepen sizze wij altiten
Wij sjogge net sa krekt, at it mar skjin is.
Wij troffen in aardige gastfrou
dy't ús de boekte lokaasje sjen liet.
It sjocht der oars út as op de foto's,
is myn earste gedachte,
Wij binne dêr 4 nachten.
It foldocht net hielendal oan ús ferwachtingen
mar hawar, oare kear better.
Ik skriuw gjin beoardieling op Air B&B
Dêr bin ik mei opholden.
Ik krij minstens fjouwer kear in mail fan de orgainsaasje
Skiuw in review! Dan help je oaren!
Ik doch it net
Ik krij nei 4 wike in berjocht dat de gastfrou in review skreaun hat
oer ús
"Leuke sportieve mensen, hebben alles erg schoon achtergelaten.
Alles keurig opgeruimd"
Ik sjoch hjoed in artikel yn it AD oer reviews bij Air B&B
en hoe dat wurket.
Stel wij hiene krityk hân op it ferbliuw en dat wij seurd hiene oer
al dy freeslike trepkes oeral,
oer dy tafel dy't 33 bij 50 sentimeter is,
de twa stullen dy't der krekt ynpasse,
oer it húske wêr't wij fia bûten nei ta rinne moatte.
Dan hie it kâns hân dat de gastfrou oars oer skreaun hie
"hebben er een grote bende van gemaakt,
de afwas stond er nog en de prullebakken waren overvol"
Sa wurket it bij Air B&B, neffens it AD
Each om each, tosk om tosk
Ik hie mij al foarnommen om nea mear wat te skriuwen
en adfisear dat no elkenien.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten