zaterdag 31 december 2022
Trend
It is sneontemiddei en âldjiersdei
Ik sjoch efkes wat it nijs is en skrol op twitter troch nei de kollum trends
Ik klik it net oan, wêrom it nijs is
mar doch in gokje wêr't it oer giet.
1. Oudejaarsdag
Der binne minsken dy dogge hjoed iets wat dêr mei te meitsjen hat.
Se bakke oaljekoeken, stekke fjoerwurk ôf, sitte al oan de buorrel
en dat meie wij fia twitter best witte
2. Oliebollen
Sa dúdlik as wat, at je dy dingen bakke, keapje of opite dan meldt je dat op twitter.
3, Oud en Nieuw
Dat kin hast net oars gean as oer dit prachtige plaatsje
4. Nieuwjaar
Dit binne lju dy't net genietsje fan dit momint (aldjiersdei) mar al mei moarn dwaande binne
5. Ingelijks
In ynkopper. Je skriuwe op twitter "de bêste winsken" en it makliks is om werom te twitterjen "insgelijks"
6. Benedictus XVI
It kin hast net misse, hij hat de Kryst wol helle mar it nije jier net.
7. Wilders
Hat wer wat sein oer Marokanen of oare bûtenlanders. De helt fan de twitteraars sil it der meiiens wêze. De oare helt net. Hjir wurdt stienhurd oer twittere
8. Vuurwerkverbod
Der binne no al lju dy't har nocht hat fan it fjoerwurk dat no ôfstutsen wurdt of der binne minsken dy't roppe om in ferbot fanwege de hurde wyn
9. Jaarwisseling
It selde as bij 8
10 Rammstein
Dizze minsken hawwe de Top 2000 der foar en heare Du Hast foarbijkommen.
Krekt as mij. Geweldich nûmer en de muoite wurdich om dêr oer te twitterjen
11. Claudia de Breij
De foaroardielen oer de konferênse jûn fleane al troch de loft.
Miskien freegje twitteraars harren wol ôf at se har TV freontsje M van N ek oanpakt.
Ik sjoch net, mar lês it letter moarn wol op.....twitter
12. Wens
Ik "wens" jullie enz.....
13. Geert
sjoch 7
14. Vuurwerkoverlast
Sjoch 8
Froeger wie net alles better
yn regionale kranten
kom ik dit tsjin.
Mar goed dat it net in H.P. te O of te W wie
want dan moast ik fansels op syk
nei de namme fan dizze drinkebroer
vrijdag 30 december 2022
Technyk
De technyk liet it sitte.
Ynlogge wie/is net mooglik
Fandêr de blochrêst.
It is noch net oplost,
mar kin mij no op in oare wize rêde.
Sil sjen at ik foar de kommende dagen noch wat ha.
Sit folop yn de âlde kranten
en de âlde papieren fan myn âlders.
Dat wurde foar ús nijsgjirrige oersichten.
Letter mear dêr oer.
Earst op oppasfakânsje.
Hullie op de lange latten
en ik mei Syb yn ús ferbliuw yn Switserlân.
Der leit noch snie,
mar wij hawwe noch twa waarme nachten yn Nederlân.
At wij de waarmte net tefolle meinimme
dan komt it goed, foar dy oaren.
vrijdag 23 december 2022
Wolkom nei it doarp
Bij Ljouwert yn it Griene Stjêr gebiet
hawwe se in oantal jierren in meardaags festival hân.
Omdat we dochs alles feringelse,
neamden se it Welcome to the Village
Ik haw der in oantal kear west op sneon
en prima muzyk heard.
Der is dêr in ferfelende buorman
dy't er foar soarge hat dat it der net mear komt.
It festival waard flink subsidiearre troch gemeente en provinsje,
omdat se fernijend binne of sa.
Fernijend betsjut, gjin bakje patat foar de flaubyt,
mar vegahapkes yn houten bakjes
It festival koe in oantal jierren ek al net troch gean troch koroana
ferline keazen se foar wat lokaasjes yn de binnenstêd
mar dat wie gjin WTTV.
Der wiene amper kaarten ferkocht.
No hawwe se foar 2023 noch gjin plak
en giet it oer.
Se hawwe de organisaasje sa delsetten
dat wij hast tinke moatte dat se harren as ûnmisber beskôgje.
Se hawwe in eigen hingplak, dêr't se oer fan alles neitinke
wat se organiseare wolle
at it ea wer trochgiet.
Ik sis, stoppe mei dy boel
en de subsydzje kin wol nei oare kulturele dingen
dy't wol wat sjen litte kinne
Betelje of sitte
It is wat in sneuptiid
en de Boalserter Kranten en Snitser Krante fan earder befalle mij wol.
It kantongerjocht yn Snits behannele tal fan strafsaken
It is no in fermaak om te sjen wêr't men in boete foar krige
At ik it goed begryp dan wie it in jildboete of safolle dagen yn it gefang.
Sjoch mar bijgelyks : niet rechtshouden in een bocht"
F20,- of 4 d.h. (dagen hechtenis)
It wie in dúdlike formule.
Foar elke fiif gûne boete, koene je ek in dei sitte
Dit binne wat úspraken fan 1958
Ik hoop foar jim dat er net te folle famylje bijsit.....
donderdag 22 december 2022
Noch seis
Harren adfertinsje falt wer op
ik kin it hast net misse.
En dan binne der noch 6 yn libben
De bruorren en susters mei oanhong
fan in broer fan myn pake Hessel
dinsdag 20 december 2022
Ungemak
Ik wit net at ik sprek út namme fan myn generaasje
mar feit is wol dat ik de Boalserter Krante,
sa't dy ea wie, wol wat mis.
Dy krante fan no, krije wij al moannen net mear yn de bus
en ik kin mij dêr ek net drok om meitsje.
Sa folle stiet der al net mear yn
en op it ynternet is de digitale ferzje ek te finen.
Nim no dy krante fan earne yn 1957.
Ik bin op syk nei stikjes oer SDS
(dêroer letter mear)
en stuit dan op dit prachtige nijsberjocht.
yn it Frysk ek noch wol
At ik mij net fersin
hat Pyt de Jong letter de Freulepartij en PC wûn
en is Durk Lemstra
(dy't se letter fêst Dirk neamden)
in goeie ruter wurden (sa no en dan wat dwers)
Logysk dat Pyt der ôffoel en Durk net
donderdag 15 december 2022
Toerisme komt op
Help, "Vreemdelingenverkeer".
ja sels "buitenlanders" yn Gaasterlân
Wat in prachtich stikje út in Boalserter Krante
fan 1955
De skriuwer fan doe,
moast no ris sjen kinne
hoe't it der no útsjocht
maandag 12 december 2022
God
ien fan de leukste akkounts om te folgen is DeSpeldSport en DeSpeld
Hearlike humor
Alles omdraaie en relativearje.
Foar in wedstriid, om God bidde
It is te tryst foar wurden.
Of soe der in fuotbalgod wêze yn de himel
neist de door Ajax supporters beneamde Johan de Messias
Wij meie dochs oannimme dat God him net drok makket
om wa't it fuotbal wint.
At er der wêze soe,
dan soe drok meitsje om oarloch en geweld better wêze.
Mar ja, wa bin ik om dat te sizzen
Ik leau der allegear neat fan
vrijdag 9 december 2022
Oppasse
Gebak en in pantsje.
Dat byld die mij oan iets tinken.
It sil de jierren 80 west ha.
Wij drok dwaande yn it Dielshûs mei popjûnen
en beppe en frou de Boer pasten op,
op twa bern.
Sels wat bij de kofje te pakken dat diene se meast net.
Dus setten wij it klear,
sadat se der net ûnderút koene.
Ferline wike mocht ek efkes oppasse.
Op jûn, dat dogge wij net folle,
wij hawwe leaver dat er wat mear libben yn sit.
It gebak en it pantsje stiet klear.
Ik haw fansels in stikje naam
donderdag 8 december 2022
In nuver fersin
It sil septimber west hawwe
dat Tsjeard en ik entûsjast waarden fan it berjocht
dat Paceshifters yn Paradiso komt.
16 desimber dat haw ik yn holle
op in freedtehûn dat hat Tsjeard yn de holle
It Sinteklaa wykein stekke wij de koppen efkes bijelkoar
Hoe sille wij it dwaan?
"It is de dei fan de finale WK, dat is dy sneon"
"Nee, it is op in freed"
"Nee, it is op sneon, it stiet er dúdlik, sneon 16 desimber"
"16 desimber is net op in sneon, dat is op in freed"
Ferrek,
it is pas yn 2023
Wij ha al kaarten foar takem jier......
Bêst genôch
dinsdag 6 december 2022
Skuldich?
En dan stiet dit ek noch yn deselde krante
Sjuery
Dat hat mij altyd moai talike,
in kear in sit hawwe yn in sjuery bij in rjochtsaak.
Soks is kommen troch de boeken fan John Grisham.
Dy kin perfekt beskriuwe wat sa'n sjuery meimakket
en wat der yn in sjuerylid omgiet.
Yn België hawwe se bij bepaalde rjochtsaken ek noch in sjuery.
Sa as bij dizze saak
In sjuerylid wêze is net frijbliuwend.
Der wurde lykwols hiel wat smoezen oandroegen
om der mar fan ôf te wêzen.
Yn dit gefal begryp ik wol wêrom.
Moannenlang , sille je alles oanheare moatte.....
Sterkte "útferkoarne Belgen"